name

folgje ús

Facebook Twitter Instagram

Ut de bondel ‘Hiemsiik’

Elmar Kuiper - Fers2 16 oktober 2015

 

Presintaasje 17 oktober 2015

Foto Kuiper & Dillerop

 

De gedichtebondel ‘Hiemsiik’ sil presintearre wurde

op sneon 17 oktober, 20:00-23:00 yn Teater De Bres, Ljouwert

 

 

De Natuer

 

 

ik leau dat it net mear stikken kin

dat sis ik hearst my wol ik ha it ek
net altyd by it rjochte ein en miich
de eigen sik der ûnder ik rûk dy en
krij de ridel yn ’e kont ik bin pystich
en mêkje ik stjonk in oere yn ’e wyn
ja dat is de natuer leave hearst my wol

 

 

 

ekstreem

 

 

koe ik spyt mar as in sânkastiel fuortspiele litte de kiel

fan ’e kobbe tichtknipe iis ite mei in likje slachrjemme
koe ik mar hosse yn ’e moshpit de albinoknyn in klap
yn ’e nekke jaan koe ik in bui mar mei de joystick stjoere
dy útnoadigje net bûge as in knyft mar rjocht as in domp
yn ’e giele kraach wachtsje op ’e weach út dyn mûle koe ik
mar in pompeblêd yn dyn bil kerve in boerka oer dy hinne
smite dy iepenhelje as in maartske boarre koe ik mar
ekstreem genietsje efter it leffe gerdyntsje boete dwaan

 

Ut de bondel Hiemsiik, dy’t sneon 17 oktober 2015 presintearre wurdt.

 

 

 

Twa nije gedichten!

Elmar Kuiper - Fers2 7 juny 2015

 

 

paradys

 

 

it reint der samar hinne en ik sis net

dat it kloatewaar is as ik de tosken
poets de doar op it nachtslot draai
ik wit dat der neat feroarje sil as ik
mei de earms om my hinne skaai
de eagen net wenne oan it tsjuster
de klean op in bultsje lis de lekkens
oer my hinne lûk de eagen ta doch
it ôflizze moat wer dream oer dy

 

 

 

hoants

 

 

ik bin de hoants

op de lêste ûnkante meter
as it blakstil is
lis ik in wynaai en bliuw
de skepping in stapke yn ’t foar

as ik de skynoanfal
net ôfwarre kin
derút snij
set ik in wite kraach op
en trêdzje de deaden

sûnder kâlde drokte
romje ik it fjild
as in satellytmantsje
dat lodderich en grien
himsels hegere doelen stelt

 

 

 

 

Fjouwer gedichten

Elmar Kuiper - Fers2 febrewaris 2015

 

ring

 

 

wolsto ek in feltsje oer de molke

in flueske oer it each sok praat
do kinst om my smoare bisto dêr
leave ik wachtsje efter it kowe
rútsje kin ik dy begnuve sa graach
wol ik balte en bûten weidzje de
grutte blaaie om dy hinne lizze en
lûke oan it geile grien wêrom
hâldt dyn each my fêst jagesto
my in ring troch de noas

 

 

 

image

Andy Warhol, 1964, still.

 

hiemsiik

 

 

komst wer thús as in hûn dy’t de tonge rôlje

lit oer in rau steed wolst der oer sjonge as in
crooner in barge trientsje litte mar de dei
 
sutelt katers út de moanne jout in labbe
kakkich tútsje en do longerest om yn har
hutte dêr’t de lêste ingel ôfljochtet oere syn
 
djoere gleone kloeren tipsy yn ’e weakens
poert in stim i’ll be leaving soon flústeret
net in stjerling aan hat fan it sweltsje dat
 
roppich it bekje iepenskuort yn har tebarste
kûmke en do tsjin hope op hope leaust
langst dy kleaut swarte lysters dy ferkeard
 
oer de lippe hippe de hûn dy om ’e skonken
streaket by dy opride wol gjin wâld ûnder de
kont fertsjinnet omdatsto dysels net ferjoust

 

 

 

artikulearje

 

 

de pannen rattelje de bynten krimmenearje drippen

rein giselje de ruten as ik ier yn ’e maitiid myn
jagers jas oanlûk de doar op slot draai de auto start en
fuortkachelje freon tomtom my stjoert nei in siichgat dêr’t ik
yn in aula fol grize koppen in nustje byinoar swile
leafdesfersen fertolkje like goed foar de meubels myn
sechje sizze kin in âld lyk my oanstompt en seit dat ik
tenei better artikulearje moat dat er kiestra goed
kennen hat dy’t dêr ivich en altyd op hammere en
ik him ferdúts dat ik wier-wier myn stjonkende bêst doch mar

staf en dôf wol dy koekebakker wêze hoe bring ik him
by dat de prûketiid fan hoflike ridders en skiere
wyfkes wit hoe fier efter ús leit wêrom gappet er my
oan as in tûke greidboer is syn ko koart yn speet driuwe
syn einen sleau yn ’e sleat om saait syn seefûgel kriezend
del ferstrûpt er him net ûnder it âld habyt fan taal dêr’t
as poppestront sa geil it gers is it hea rûkt nei it wein
fol simmer doe’t er mei in strieke tusken de tosken en
it swit yn ’e naad út it boarst spruts moai sûnder wjergea song
wurd foar wurd oploege de risping him reade koantsjes joech

hy my no driuwerich tabyt dat ik better artikulearje
moat mar it ferrek him nei de bek te praten de mûle
skoattelje my ôfjou de wetterhûn aai myn lêste bytsje
idelens weislepe lit de feint yn ’e finne ôfseamje
dy’t net om sizzen jout ik yn nuversma syn brune
kikers fiele en taaste kin in frjemd ferlet him faaks nei
de aula brocht en ik de holle fan siden draai it each
glydzje lit oer in muorre mei mozaykjes myn loop
plantsje tusken boarnamers stjelpkes en kanadeeske wyn
mûnen myn loop rjochtsje it ljurkje nei jimmer heger

kimen stiicht de swel foarby piramide en nyl fleach en
ik yn in wyld fjild fol surch en bûnte bisten in droech skot
los in pleister op it sear plak gjin fout meitsje dy âld strûk
my troch alles hinne trochboarret fan syn gelyk my net
ûnder de reek fan babiloanje mar yn ’e smelle five
deabliede lit it my net rekket as er súntsjes
ôfset of dat ik him opkrosse lit en ik wer yn ’e
auto deunby de lêste ôfslach in hij foar ’t fizier krij
dy’t de roek neisjocht mar drok en net stikem genôch
dûnsjend op krêftige wjokken fuort strûst yn sichsachbanen

 

 

 

gewisse

 

 

it feecht as mike tyson om him hinne it komt

yn it stal fan in fûgel mei in krop fol sied it krûpt
as in hillich slachskaad mar sieddet út as kanker
it sûpt slim en slûpt op strieën skonken efter dy
oan it seit boe en stekt de hân op it bestelt ús
heit it himet yn ’e nekke it sûcht oan in reidsje
it wynt de wolken om ’e finger it ropt do stiest
op ’e dea mar do hast dat rot baltsje noait rekke
it knypt yn ’e titten fan it spûk efter de bar it
wol de bear útdage mar kneppelet fan de kruk
it huft it glês oan barrels it seit do hast in frij
berop mar ik fertsjinje myn brea mei dyn leagen
ik bin de knokker fan it libben en do bist in
suertsje by de boadskippen út dyn koker
rûgelje allinne mar nuete wurdsjes

 

Ut de bondel Hiemsiik, dy’t dit jier by Bornmeer ferskine sil.