image

I.M.

Adieu oan in humanistyske dichter

In Memoriam Jaap Veenstra, 17 maart 1959 - 31 oktober 2020

Friduwih Riemersma en Abe de Vries - Fers2, 1 novimber 2020

It earste dat jo fan de man seagen wie in gigantyske swarte hûn dy’t mataklap gie sadree’t immen ek mar betocht om Jaap syn hiem op. It praat gie dat it bist de pizzajonges by de boksen pakte. Dan kaam ûnder it tongerjende byljen in minsklike bariton wei. “Stil Disel, goed folk.” Want it folk wie altyd goed. De man wie in folksdichter.

Jaap Veenstra waard berne yn 1959 yn Drachten. Syn heit wie boer, mar Veenstra soe de pleats net oernimme. Hy gie nei de kweekskoalle, mei—efterôf sjoen—in sosjale opdracht. Ienris learaar maatskippijlear op NHL Stenden moedige er de studinten oan om it goeie te dwaan yn in wrâld dy’t gâns te ferbetterjen falt. Sels dichte er, dat wol sizze, hy sette ûnûntkenbere werklikheden del, as luts er ús oan ’e mou werom as wy drigen te doarmjen troch ús metafysyske betinksels. Amper fyftich, makke in erflike niersykte dat Veenstra syn sûnens weitane. Nei in niertransplantaasje buorke er ynearsten foarút. De twadde dichtbondel ferskynde, mei de iroanyske titel Gatten yn it tek en trije pakesizzers, de moaiste, sei er, op dizze ierde, trúnden oan om de striidberens net oer te jaan. Mar in nije orgaantransplantaasje is net op ’e tiid kommen. Veenstra stoar op allerheljenjûn 2020.

Op 10 maaie publisearre Veenstra syn lêste fers, in haiku:

skypiste baas tocht

massa is kassa is feest

ik bin gjin dokter

It tekenet it oeuvre fan de dichter. It lijen oan ‘English disease’, dus spaasjes dúste tusken kombinaasjewurden lykas skypkistebaas, liket metafoarysk foar de besmetting mei it ultrakapitalisme. Tinken, de minsklike rede, is redusearre ta berekkenjen. It kaaiwurd is ferantwurdlikens. De ik yn Veenstra syn fersen sit ivich yn ’t jern mei bazen dy’t oanspraaklikens wegerje, oft dat no is op it mêd fan de Fryske taal of it klimaat dat fan ús allegearre is.

In stikmannich Anton Heyboers hongen oan it lewant boppe de houtkachel yn de Rottefalle. Yn brede streken sketse se it wêzen fan de minske: dat is it iennichste fan wearde en it hiele staketsel derboppeop dêr’t jo mei leard hawwe om josels tusken de oaren te hanthavenjen is inkeld mar skealik. Dy sterk etyske ynslach is by Veenstra misfette as religieus of polityk of ‘maatskippijkrityk’. Resinsjes litte algemienheden sjen en benammen hoe’t wy yn it ûnbegrepen wurk ús eigen fisy lizze wolle, en as dat net slagget leit it oan it wurk. Mar ûnder de weromkommende lyryske oanklacht tsjin de lefferts dy’t stean te razen yn it bosk lizze humanistyske prinsipes dy’t sawat woartelje yn Horasius.

Fabels fan goaden, helden en managers litte it folk har—en ús—idelheid sjen: “oan de loft boppe de stêd slûpten karkes fan de achtbaan”. Literatuer is in iepenbier amt. Muoiteleas sitearre Veenstra fersrigels út alle hoeken, mei foarkar foar de wylde en groteske—en dy oer de leafde: ferjit net dat de folkssjonger in Casanova is. Dan, mei tanimmende klam op it eigen oerlibjen, wegeret Veenstra navenant stiifkoppiger om wierheden út te suteljen. Hy hâldt it by kwasy-reisobservaasjes. Nei hieltyd minder stappen stiet er dêr’t wy net gean kinne en neat oer sizze kinne. Der kaam sondefieding. Mar hy sette Leonard Cohen oer, belove er noch, oer in fûgel op in tried en longerjen nei frijheid.

Mear fan Friduwih Riemersma

De priis op ’e nij besjoen Takenning en útrikking fan de Gysbert Japicxpriis 2021
‘Al te persoanlik’ feit de Gysbert-manko’s moai yn ’e dôfpot
Gjin sjueryrapport foar de Gysbert Japicxpriis 2021
Kultuerkontrole De nije macht fan ús kultuer­ynstitúsjes berikt mêden dy’t earder bûten it bestjoersfoech leine
Stimleas yn it auditoarium Palimpsest, in sterk dichtdebút fan Erik Betten
Kalamiteit by de leveransier Noas tsjin ’t glês fan Edwin de Groot
By besunigingsweach: gean fan ’e terp ôf En panykje net, of, Hoe’t De Rouwe syn analogy kopke-ûnder giet
In Ried foar de Keunst (podcast) Gerrit Breteler: de wearde fan keunst is net ‘men betellet der fet foar’
Wol keunst wier ferskaat? (podcast) Systematysk harkje (@Amanda Gorman @Zaïre Krieger) nei de útranzjearre minderheden sit net yn ús ynstituten
Dit bart der as jo McGonagall oersette of, de mof fan Thiadmer Riemersma
1 2 3 4 5 6 7 8 9 10 11 12 13 14 15