image Gysbert Japicx krekt gjin superspreading event

Opiny

Brulloft, s. de [útfeart] oerlis oer in Gysbert-reglemint

of, hoe’t ús provinsje de pandemymaatregels fan it ryk in eigen definysje jout

Friduwih Riemersma - Fers2 7.3, 9 juny 2021

Lang ferhaal koart: deputearre Sietske Poepjes annulearre úteinlik de fysike gearkomste, no freed 11/6, fan bestjoer mei boarger, oer it reglemint fan de Gysbert Japicxpriis. Dat is útstel, gjin ôfstel. Dy gearkomste giet troch as elkenien, net allinne folslein faksinearre minsken, it provinsjehûs wer yn mei. Mei it reses fan de polityk en de simmerfakânsjes fan de boargers sil dat krekt septimber wêze. Dat útstel is net spitich.

Ferfolch

Agindapunten!

foar it oerlis it Gysbert-reglemint

Wêr’t de gearkomste oer gie waard hieltyd minder dúdlik. Noege de provinsje my op moandei noch útnoege om te oerlizzen oer ‘de Gysbert’, op freed noege dy foar datselde oerlis in kollega út om te praten oer de takomst fan de Fryske skriuwerij. Wiere takomst­fisys soene wy orakelje meie. In gearkomstaginda wie net makke. Op in effektive gearkomst, ien mei beliedsgefolch, wie net mikt.

Dat wie ús net ferteld. De measten fan ús binne freelancers en ha gjin tiid foar in net-oardere petear yn in opset dêr’t it knyppunt net op in betsjuttingsfolle manier formulearre is, en wol it issue dat der gjin reglemint is foar de Gysbert Japicxpriis.

Alle nigethawwers kinne der no op tasjen dat de punten op de diskusjeaginda fan knyppunt fia doel nei proses rinne. Set op papier wat de agindapunten wêze moatte oangeande de kwestje: Wat moat der fêstlein wurde yn in reglemint om de kwaliteit fan en it draachflak foar de Gysbert Japicxpriis fuort te sterkjen?

Tresoar, de útfierder fan de Gysbert, is frege om alle bydragen te sammeljen en publisearjen. Wy hâlde jo op de hichte.

Mar it ferhaal is noch net út. Want de provinsje wist mar gjin antwurd op de fraach hoe’t it barre koe dat om ende by 30 boargers útnoege binne op in plak dat my 6 oeren reizgjen mei it iepenbier ferfier en 4 oant 8 kear oerstappen nimt, wylst wy midden yn in pandemy sitte en de maatregels op it ynternet stean: gjin gear­komsten. Hoe koe in legere oerheid tsjin in hegere yn gean?

Op moandei 31 maaie ier yn ’e middei skille in amtner, oft ik tiid hie om nei in oerlis fan alle stakeholders oer de Gysbert Japicxpris ta te kommen. Wiken earder, yn april, hie ik de deputearre fan Kultuer útsteld om net mei alle Minsken mei in Miening apart te praten, lykas mei my, mar mei allegearre tagelyk. Want apart, dan sille wy ús samar tsjininoar útspile fiele. Mar boppedat is it yn in ploechpetear dat jo fan in stânpunt dat jo ôfkarden no goeie aspekten sjogge en sizze fan litte wy der dochs oer fierder tinke, sadat der ideeën generearre wurde en it oerlis mearwearde krijt. Dat ploechpetear kaam no.

Dêr wie ik wiis mei en myn aginda wie betreklik leech dy dei. Mar ik wie noch mar ien kear faksinearre, Amsterdam siet op risikonivo earnstich en ik soe in spoar fan deaden efter my litte kinne. Dus koe it net digitaal, of útsteld nei op syn minst oardel moanne letter? De amtner soe it freegje oan de deputearre en my dan weromskilje. “Bysûnder dat jo der sa oer tinke,” sei se. Al wurke se sels thús, it like as hie se der hielendal net by stilstien dat der in pandemy oan ’e gong wie. “Het blijft dan ook belangrijk om je aan de basismaatregels te houden om verspreiding van de ziekte te voorkomen,” seit it RIVM hjoed, 9 juny.

De provinsje skille net werom. Op freed skille in kollega, dat er krekt útnoege wie foar in fysike gearkomst: de provinsje wie, ek al wiene se no op de hichte fan de pandemy, gewoan trochgien mei it útnoegjen fan boargers foar in fysike gearkomste. Om útstel of digitaal freegje koe net mear. It wie him brocht as in take it or leave it, sei de kollega. Op freedtemiddei haw ik de provinsje emaild om opheldering. Wêrom wie ik net weromskille? Wat is de reden dat de provinsje mei it útnoegjen fan in ploech boargers byinoar tsjin it belied—en de wet—fan de ryksoerheid yn giet? Koe de parsefoar­ljochter my dat útlizze? Begrypt de provinsje dat dy yn in gesachs­ferhâlding ta de boarger stiet, sadat de boarger net maklik nee sizze kin?

Op moandei, in wike nei de útnoeging, fertelde de amtner fan de provinsjebaalje dat der gjin fersyk om my werom te skiljen lei. Dy hat se oanmakke. Se sei dat der oars útsûnderingen binne foar boargergearkomsten. Dat is sa: foar brulloften en útfearten. Doe skille in amtner, in hiele goeie, dy’t begrypt dat de ferantwurdlikheid foar de boarger by it provinsjebestjoer leit en net oarsom. Se sei, de provinsje Fryslân hat in eigen ynterpretaasje fan de maatregels dy’t it ryk treft om de pandemy werom te kringen. Sa ‘mei’ de provinsje in fysyk ploechoerlis hawwe mei bedriuwen, as se mar oardel­meterje. En eigen ynterpretaasje wie net it goede wurd want de Steateleden hawwe har gearkomsten wol yn it provinsjehûs, mar de amtners wurkje thús en dat is lykas yn it ryk.

Dat is in fersin. Us folksfertsjinstwurdiging yn De Haach moast goed byinoar komme kinne, om syn kontrolearjende funksje útfiere te kinnen, alderearst it tafersjoch op de koronafirus-needwet. Yn de Twadde Keamer en de Kommisjes sitte folle minder minsken as oars, der binne strange húsregels, der is oanhâldend krityk op it skeinen fan de maatregels op it Binnenhof, en dêr dogge se wat mei (op Thierry nei). Dus, hoe kin it sa fier komme dat de provinsje de maatregellist op rijksoverheid.nl sels ynterpretearret: de ferkearde kant út, sadat boargers yn gefaar komme?

Ferfolch

Los fan good governance & ethical governance

Keunstbestjoer kin net sûnder Ried foar de Keunst

Bestjoer by de oerheid is stjoering: hanneljen yn ’e publike sfear oantrune of ôfrimje plus rjochte beynfloeding, troch in beslút. Belied is lytser, it is de ynhâld fan ’e stjoering: wat de oerheid wol, de doelen dêr’t er op mikt mei beskate middels. Belied betsjut in omskreaune ‘Problemverarbeitung’. De oerheid syn oanpak as regeljouwer en mesenas yn de keunst moat hecht wêze. Neat dwaan achtet de bestjoerskunde ek belied: it beslút om de boel de boel te litten.

De wichtichste priis foar de Fryske literatuer hat gjin regle­mint, op syn minst sûnt 2003—hoe lang witte wy net want de Kultuerdeputearre hat myn fersyk om it provinsjeargyf yn net ta­kend. Kapitalisme en de oanstriid om swierrichheden net te sjen rinne as in reade trie troch it kultuerbelied. Keunstbelied is eat foar ryk en gemeente; provinsjes dogge gewoanlik gjin keunst.

Dêrom, al hawwe Provinsjale Steaten fraachrjocht oer it útbliuwen fan in reglemint en rjocht om in inisjatyf-Feroardering Keunstprizen yn te tsjinjen as it provinsjebestjoer dat sloere lit, se misse ekspertize oer keunst. De provinsje kin net sûnder in formeel advysorgaan foar bestjoer en Steateleden, dat sels­stannich, saakkundich en ûnôfhinklik is: in Ried foar de Keunst. Wêr bliuwt er?

Dêrnei, ein moandeitemiddei, kaam der in email fan it sekreta­riaat fan de deputearre. De gearkomste ‘oer de takomst’ gie net troch, want: “Net eltsenien is yn de gelegenheid om op dizze koarte termyn oan te skowen of is ûnwis fanwege faksinaasje foar Koroana.” Der stiet net wêrom’t it dan net digitaal is. Is de depu­tearre benaud dat minsken it Skypeskiljen opnimme?

Folle slimmer is: no kaam der ek diskriminaasje by. De ryksmaatregels, oardelmeterje, op syn heechst 4 minsken op besite, gesichtsmasker yn iepenbiere binnenromten, winkels ensafuort­hinne, meitsje gjin ûnderskied tusken al of net faksinearre. In beskaat persintaazje fan de Friezen sil him net prikke litte. In gearkomste ôfhingje litte fan de garânsje dat elkenien prikt is, is diskriminaasje—tsjin de ryksoerheid en tsjin de wet yn. Hoe sit dat?

Juster belle de deputearre om te sizzen dat it har spiet. Se siet yn de auto. Se hie myn fragelistke net by har. Se woe sa graach fierder mei it belied dat se efkes ferbline west hie. Ik leau graach dat immen eat hiel graach wol en dêrby de werklikheid út it each ferliest. Mar dat ropt dizze fraach op, net in psychologyskenien mar in wêzentlik politikenien: hoe kin it dat gjinien betocht hat om, ferantwurdlik, de protokollen foar gearkomsten fan bestjoer mei boargers te folgjen?

Want it giet om ferantwurdlikheid, hie ik de provinsje al earder sein. In provinsjebestjoer dat by fersin efkes de ferantwurdlikheid by de boarger delleit, no ja, mar de wol de provinsje sels it stjoer wer yn hannen nimme, dan begjint dat by it beänderjen fan myn fragen—en no graach skriftlik. De email mei antwurden kaam niis binnen. Dat de provinsje Fryslân de pandemy groulik ûnderskat kaam net ûnferwacht mear, mar wylst wy ús grappen oer it magysk tinken fan de deputearre oer ôfstân en reizgjen sels net leauwe woene, blykt hja echt te tinken dat ik mei in drone oppakt kin út de Jordaan en delploft op Terherne. Ek docht bliken dat de provinsje gearkomsten fan bestjoer mei boargers echt behannelet as in brulloft of útfeart :)

F Hokker redenen hat de provinsje om te hanneljen yn striid mei de maatregels fan de ryksoerheid?

A Yn dizze bysûndere perioade brûke wy foar ynterne en eksterne gearkomsten: doch it sa folle mooglik digitaal. Mar it kin wêze dat in lytse, fysike gearkomste needsaaklik achte wurdt foar it goed trochgean litten fan ús demokratyske taak en de transparânsje yn ’e rjochting fan de mienskip. Dat wurdt altyd fan te foaren bepraat mei de oanbelangjende bestjoerder en sa nedich foarlein oan it “coronateam” fan de provinsje. Betingst dêrby is it tal minsken beheind te hâlden oant 4-6 persoanen en it plak fine kin op in bûtenlokaasje of in romte dêr ’t de goeie ôfstân bewarre wurde kin. Wy hannelje altyd neffens it belied fan de ryksoerheid, dêr ’t ek útsûnderingen, as sizze ûnder falle. Wy sjogge dit soarte fan gearkomsten dan ek echt as útsûnderingen, sa lang it lanlike coronabeleid duorret. Foar dizze gearkomste wiene 6 minsken útnoege. [Dat is in fersin, ik haw it neifrege: sa’n 30 man, fr]

F Wat is de reden dat de provinsje diskriminearret, tsjin it belied fan de ryksoerheid yn (en de wet), troch it trochgean fan de gearkomste, sa’t de deputearre seit, ôfhingje te litten fan it tal partisipanten dat faksinearre is?

A “Foar freed 11 juny wiene jimme útnoege yn Terherne om fierder te praten oer de takomst fan de literatuer yn Fryslân. Net eltsenien is yn de gelegenheid om op dizze koarte termyn oan te skowen of is ûnwis fanwege faksinaasje foar Koroana. Lykwols wol ik wol graach eltsenien yn de gelegenheid stelle om der by wêze te kinnen en mei te praten. [dat dus it wegerjen fan net-faksinearre boargers ymplisearret, om de oaren wissens te bieden, fr]

F Hoe giet de provinsje om mei syn modelrol en it feit dat der by it útnoegjen fan boargers, oars as by it útnoegjen fan kollega’s en partners, sprake is fan in ûngelikense gesachs­ferhâlding (i.e. boargers doare folle minder Nee te sizzen)?

A Us foarbyldfunksje hâldt yn dat wy iepen en transparant kommunisearje mei de ynwenners fan Fryslân. Dat hâldt ek yn dat wy ôfstrielje wolle dat belangstellenden in eigen kar hawwe [sic!] en dy iepen op ’e tafel lizze kinne. Wy sille dêr mei begryp en soarchfâldigens mei om geane en litte dêrmei elk yn syn / har wearde. Soe dat net dúdlik oerkommen wêze yn ús kommunikaasje, dan rekkenje dat wy dat ús oan en nimme wy dat mei om dat yn it ferfolch te foarkommen.

Spitigernôch blykt út de kommunikaasje it omkearde: de oerheid is lang net responsyf. Myn fraach oft de gearkomste digitaal koe is yn ’e wyn slein: de provinsje is trochgien mei it fysyk útnoegjen fan boargers, ik bin net weromskille. Acht e-mails en in stikmannich tillefoantsjes koene de provinsje der krekt fan oertsjûgje dat dy net tsjin belied fan de ryksoerheid yn gean moat. En myn fraach wie net útsinnich. Want de boarger hat rjocht op feilichheid en de oerheid hat as taak dy te beskermjen.

Begrutlik is de reden dy’t de provinsje jout om tsjin de maat­regels fan de hegere oerheid yn: dat it demokratysk proses troch­gean moat. Demokratysk proses is dat de wil fan it folk de boarne is fan bestjoer. Om te kearen dat bestjoerders har eigen wetten betinke moat yn de yndirekte demokrasy dy’t wy hawwe de folksfertsjint­wurdiging de betsjoerder op de fingers sjen kinne. Mar der wie earst gjin Steatelid útnoege en twad hielendal gjin wetstarieding yn Terherne; der wie agindaleas foarút eagjen mei kwetsbere boargers.

Ferfolch

Meipraatprotokol

Dit skampskot is nei de Steateleden brocht. Frege is om alle bestjoer-boargerkontakten te hifkjen neffens it partisipaasje­protokol: op feilichheid en tagonklikheid, de sinfolheid fan it kontakt en transparantens. De boarger moat witte wat de reden foar en it doel en de beëage útkomst fan it kontakt is. Fansels moat er witte wêr’t de gearkomste oer giet, dêr’t er foar útnoege is. Hy moat in wike yn ’t foar in oerlisaginda hawwe. De partisipaasjelist fan boargers, likegoed as de agindapunten en de oantekens moatte iepenbier.

It giet net om in los foarfal. It giet om partisipaasje yn it iepenbier bestjoer. De oerheid wol boargers by it bestjoer belûke. Buro Foarljochting fiert de ynspraak út en ynformearret de boar­ger aktyf. Allinnich bestiet dat buro, stipulearre yn ’e ynspraak­feroardering út 1989 net—likemin as it Gysbertreglemint yn ’e prize­feroarderingen ’03 en ’15. Ek wit de oerheid net hoe’t dy de boarger sjen kin: as in kleier en kwerulant dy’t jo tok hâlde of as in klant dy’t kening is, en op ’t lêst in kiezer, dy’t jo leaver skewiele.

Boppedat wit net ien wêr’t boargers oer meiprate meie. Inkeld oer wat dizichs as in ‘takomst’ of oer alle ûnderwerpen, lykas ek de provinsjebegrutting foar Kultuer? Hawwe boargers wol tiid, kennis en kapasiteit om echt te partisipearjen, of jildt alle ûnûnderboude mieningropperij as partisipaasje? Miskien noch it wichtichst, foar hoefier ha boargers wat yn te bringen: meie se de beslútromte fan de folksfertsjintwurdiging beheine?

Autoritêr ûntkent de provinsje syn ferantwurdlikheid njonken de boarger: dy moat sels mar nee sizze tsjin in útnoeging fan hegerhân om mei te dwaan oan eat dat net doocht. De keunstner petearje litte oer de wichtichste keunstpriis fan Fryslân, mei Wein, Weib und Gesang op kosten fan ’e mienskip, wylst op dit stuit 834 minsken yn it sikehûs lizze mei Covid en dêrfan 303 op de IC en der nettsjin­steande it flotte faksinearjen 1.791 nije melde besmettingen binne: dêrmei skeint de provinsje de yntegriteit fan de keunst. Dat is it safolste besykjen om de fokus fan de maatskippij te ferskowen fan keunst nei promoasje fan ien of twa spraakmeitsjende ‘dichters’. Mar dizze slach ha wy wûn!

Mear fan Friduwih Riemersma

In tradysje fan ‘It kin sa wol’ De ynfloed fan digitaliteit fan literêre tydskriften op de Fryske literatuer
Utopyske Leafde Hoewol’t de kwestje fan de ideale leafde foar it grutste part it domein is fan de dichters beslacht it ek it wurkgebiet fan filosofen.
Wat is der mis mei it logo fan Valletta? It liket net op in pompeblêd.
Diaspora fan minsklik kapitaal It oeuvre fan Sjieuwe Borger spilet hieltyd yn it heechoplate miljeu. It aktive engaazjemint mei oplieding is dêr leech.
‘Charlie Hebdo’: Kronyk fan in diskusje
Belofteparadoks: Fers2 yn 2016
“Wy binne it hert” Ynienen like it wer in issue: de ynstitúsjonalisearring fan Fryslân.
1 2 3 4 5 6 7 8 9 10 11 12 13 14 15