image De priis op ’e nij besjoen

Opiny

De priis op ’e nij besjoen

Takenning en útrikking fan de Gysbert Japicxpriis 2021

Friduwih Riemersma - Fers2 7.6, 23 desimber 2021

In priis, in award, oftewol in wedstriid dêr’t in sjuery de út­spraak yn docht, kin net sûnder regels: earlikheid moat garan­dearre wurde. Is de priis syn earlike takenning net garandearre troch regels, dan giet dat ta skea fan it prestiizje fan de priis. Dat spilet no yn Fryslân. De provinsje Fryslân is eigner fan in stikmannich kul­tuerprizen. Ien fan de provinsjeprizen is de heechste ûnderskieding foar de Fryske literatuer, de twajierlikse Gysbert Japicxpriis. Regels foar it útrikken fan de Gysbert bestean al hiel lang net; de priis wurdt útrikt sûnder reglemint.

De Gysbert Japicxpriis 2021 is wol útrikt op grûn fan de provin­sjale ‘wet’, sa docht bliken út dokuminten dy’t literêr tydskrift Fers2 opfrege hat by de provinsje Fryslân, nammentlik de ‘Oardering kultuerprizen en wittenskipspriis’ út 2003 (tenei ‘Oardering’). Dy Oardering is sa âld dat it prizebedrach fan de Gysbert Japicxpriis noch 5000 euro is. Acht jier lyn, yn 2013 is it prizejild ferhege nei 10.000 euro. De Oardering stipulearret, yn kêst 3.3, in evaluaasje fan de priisútrikking yn 2006. Mar dy is net útfierd. En dat wylst der op de Oardering wol wat oan te merken is.

Sa makket de Oardering net dúdlik oft de Gysbert Japicxpriis in sjurearre priisfraach is, of in prizetakkening is dêr’t it wurk passyf troch oaren yn wurdearre wurdt, sûnder ynspanning of sels meiwitten fan de skepper fan it wurk. De Oardering befettet gjin klausule dy’t ferplichtet ta it beoardieljen – dus it hifkjen troch in panel fan beoardielers neffens in rige bekende kritearia, en ta it ferlykjen, koarts ta it sjurearjen – fan al it kandidearre wurk. Sjurearjen fan it wurk is faaks net de bedoeling. Mar dat sjurearjen net it doel is, wurdt net regele yn de Oardering; it wurdt inkeld suggerearre. Sa regelet Kêst 4.1 dat de priis takend wurdt oan wurk dat “neffens de oanbelangjende advyskommisje de bekroaning fer­tsjinnet.” In skriftlike ûnderbouwing fan de kar fan de advys­kommisje wurdt troch de Oardering net fereaske. De Oardering befettet gjin kêst dat de sjuery ferplichtet om in sjuery­rapport te skriuwen en iepenbier te meitsjen.

De priis wurdt yn kêst 4.1 takend oan in wurk en yn kêst 4.4 oan in persoan, ploech of organisaasje. Sadwaande is wat krekt beoardiele wurde moat, om de priis takend te krijen, dûbelsinnich: dat kin in wurk wêze, likegoed as de skepper fan ien of mear wurken. In prizereglemint foar de Gysbert Japicxpriis, dat de prosedueres fan de prizetakenning detailearre fêstleit, is der oant op ’t heden net.

It beneamingsadvys ‘Beneamen leden fan de advyskommisje foar de Gysbert Japicx-priis 2021’ fan 9 febrewaris 2021 is in juridysk dokumint. De ‘advyskommisje’ hannelet, yn it gefal dat de Gysbert in sjurearre keunstpriisfraach is, as de ekspertsjuery foar de Gysbert japicxpriis. It beneamingsadvys lit sjen dat de leden fan de sjuery beneamd binne troch de priiseigner provinsje Fryslân, mei de reden om dy beneaming út te fieren. Ek neamt it beneamingsadvys de ynstelling dy’t de leden fan de advyskommisje selektearret, nammentlik de provinsjale bestjoerlike organisaasje Tresoar. It rekrutearjen fan de leden fan de Gysbert Japicxpriissjuery wurdt dus net útfierd troch in ûnôfhinklike (ekspert)organisaasje, mar troch Fryske provinsjale semyoerheid.

It beneamingsadvys lit net – likemin as de oare dokuminten – sjen op hokker manier oft de kandidaten foar de ‘advyskommisje’ foar de Gysbert japicxpriis 2021 selektearre binne. Neffens de belutsen juristen fan provinsje Fryslân binne de kandidaten “betûfte minsken (...), dy’t op grûn fan harren saakundigens (sic!) foar­droegen binne troch Tresoar.” It dokumint neamt lykwols net de brûkte kritearia foar betûftens of de bewizen fan de saakkundigens.

Yn april 2020 stelt Tresoar oan Deputearre Steaten út, sa litte by Tresoar opfrege dokuminten sjen, om yn in nije prizeferoardering fêst te lizzen dat Tresoar de organisaasje is dy’t foar de Gysbert-útrikkingen trije sjueryleden útsiket en foarleit oan Deputearre Steaten. “Allyksa sil Tresoar foar de boeken soargje”, dy’t de sjueryleden lêze moatte. De lange earm fan de provinsje, de amtners op Tresoar eigenje har op dy manier, troch de sjuery en de te sjurearjen wurken te kiezen, de macht ta om de literatuer te stjoeren. Boppedat advisearret Tresoar om prizenominearringen ôf te skaffen. Tresoar wol alle publisiteit op ien skriuwer rjochtsje. Want “[d]e Gysbert is de erkenning fan it literêre wurk fan ien skriuwer.”

Lykwols leit de Oardering 2003 gjin klam op dy ‘iene’. Kêst 2.4 seit allinne, de Gysbert is “sawol foar ien wurk as foar it hiele oeuvre fan in auteur.” Ek makket de provinsje hiel dúdlik dat de priis net foar in skriuwer is mar foar in wurk. Optinken fan regels fan de Gysbert is neat nijs ûnder de sinne. Mar faaks stelt Tresoar allinne út dat de Gysbert tenei in priis foar in ‘boek’ fan ‘ien skriuwer’ wêze sil – it ‘boek’-útstel hat it dúdlik net helle want dit jier ha 27 net-bondele gedichten de priis wûn.

Tresoar begruttet fierder it honorarium fan de sjueryleden op 2500 euro meiinoar, dus 833 euro de man. De provinsje wol de sjuerlyleden (op grûn fan it Rjochtsposysjebeslút desintrale politike amtsdragers 2021) in taslach jaan as lid fan in bysûnder kommisje, “van maximaal € 128,23 per maand voor de duur van de activiteiten van de commissie per maand.” Dat komt it sjuerlylean, foar njoggen of tsien moannen wurk, fan de ynstallearring fan de sjuery yn febrewaris oant de priisútrikking ein oktober of begjin novimber, hast fyftich persint heger te lizzen, op 1280 euro. Dat is in ridlik bedrach, às der yndie tweintich of mear wurken deugdlik sjurearre wurde.

Dit jier wie dat net it gefal. Hoewol’t de advyskommisje de provinsje in (300 wurden tellend) advys jout oer it wurk dat útferkard wurde moat foar de Gysbert Japicxpriis 2021, is der gjin dokumint taheakke dêr’t út blykt dat der sjurearre is. De advys­kommisje hat neilitten om, sa’t gebrûklik en yn ’e ynternasjonale keunstprizepraktyk ‘best practice’ is by it beoardieljen foar keunstprizen, alle kandidearre wurken te hifkjen neffens in analytysk beoardielingsynstrumint, besteande út in iepenbiere rige fan (subjektive) kritearia, om de artistike kwaliteit fan de wurken fêst te stellen.

Ut neat docht bliken dat de advyskommisje 2021 al it kandidearre wurk lêzen hat. Want it advys befettet gjin detailleare beskriuwingen fan en opmerkingen oer de aparte kandidearre wurken. Ek wurdt it útferkarde wurk net ferlike mei de oare kandidearre wurken. Dêrneist is it advys fan de advyskommisje net ûndertekene en net datearre. Dat ropt fragen op oer de betrouberens fan dizze boarne.

Ien fan de by Provinsje Fryslân mei in berop op de Wet iepenbierens fan bestjoer (Wob) opfrege dokuminten is it Word-dokumint fan de ‘Taspraak Gysbert Japicxpriis foar poëzij 2021’ dat op 15 novimber yn ús besit kaam. Dat dokumint komt fan Gysbert Japicxpriis-sjuerylid Jannes van der Velde, sa stiet yn ’e ‘eigenskippen’ fan it dokumint, en it is op 24 novimber bewurke, troch provinsjeamtner Tjitske Posthumus-Kingma. Yn it dokumint blykt de titel feroare, en wol fan ‘Taspraak Gysbert Japicxpriis foar poëzij 2021’ yn ‘Rapport en taspraak Gysbert Japicxpriis foar poëzij 2021’.

Mar oars as dat de nije titel ha wol, is yn dit dokumint gjin rapport opnommen, yn de sin fan in sjueryrapport fan in keunstpriis. In skriftlik, ûnderboud ferslach fan it hiele beoardielingsproses, dat wol sizze fan de diskusje en de besluten fan de sjuery oer alle kandidearre wurken, ûntbrekt.

De taspraak, net it rapport, fan de advyskommisje wurdt iepenbier makke, en wol op de webside ‘Sirkwy’ fan de provinsjale bestjoerlike organisaasje Tresoar. Dat bart krekt nei’t literêr tydskrift Fers2 bekend makket dat der gjin sjueryrapport bestiet by de Gysbert Japicxpriisútrikking 2021. Ynearsten erkent Tresoar liket ymplisyt it ûntbrekken fan it sjueryrapport, want Tresoar jout in tige koart antwurd, sûnder ferskiningsdatum en ferklearring foar it fertraagde iepenbierjen: “It rapport is noch net beskikber op dit stuit. It is meikoarten te lêzen by Sirkwy.” Fjouwer dagen letter ûntkent Tresoar it missen fan it sjueryrapport wer en ferwiist nei de taspraak. De tiidline is:

30 septimber 2021 - bekendmeitsjen fan it priiswinnend wurk

6 novimber - útrikking fan de Gysbert Japicxpriis

9 novimber - Fers2 freget Tresoar om it sjueryrapport te iepenbierjen

11 novimber - Tresoar jout ymplisyt ta dat der gjin rapport is

12 novimber - Fers2 makket bekend dat der gjinrapport bestiet

16 novimber - Tresoar pleatst de taspraak op syn webside, Sirkwy, en ûntkent wat it fiif dagen earder ymplisyt tajoech, dat der gjin rapport bestie. “Ien fan dy taspraken is it ferslach fan de advyskommisje. Der is dus wol sa’n dokumint, foar de dúdlikheid.” Tresoar komt no wol mei in ferklearring foar it let iepenbierjen fan it sjueryrapport: de provinsje en “de minsken dy’t de taspraak holden hawwe [moat] ek frege wurde om de tekst en tastimming [ta publikaasje]. Dêr geane samar in pear dagen oer hinne.” It kin sa wêze dat tusken provinsje, Tresoar en sjuery de taken, rollen en permisjes net dúdlik binne, of net protokolearre, mar dat is amper in ekskús. Oer de publikaasje fan in yn prinsipe iepenbier dokumint, it sjueryrapport, binne op 16 novimber 47 dagen ‘hinne gien’.

16 novimber - nei oanlieding fan it ûntwikende, net foldwaande ynformative berjocht fan Tresoar docht Fers2 in Wob-fersyk oan Provinsje Fryslân en oan it provinsjaal ynstitút Tresoar, oangeande ynformaasje oer de Gysbert Japicxpriis 2021.

24 novimber - de provinsje feroaret de titel fan ‘taspraak’ yn ‘rapport en taspraak’

De ‘wobte’ dokuminten fan Tresoar litte sjen dat in sjuery­rapport wol it doel west hat fan Tresoar. Ein juny 2021 berjochtet Meindert Reitsma, adviseur Fryske literatuer by Tresoar, oan sjuery­foarsitter Jannes van der Velde dat de sjuery yn ’e wike fan 30 augustus oant 3 septimber it sjueryrapport klear hawwe moat. Dan kin it rapport “yn de wike fan 20 oant 24 septimber goedkard wêze troch de provinsje. “Dêrnei wurdt de winner troch de deputearre belle.” “Dúdlik. Tankewol,” anderet Van der Velde. Mar op 31 augustus 2021, fjouwer wiken foar it bekend meitsjen fan de Gysbert-winner, freget Reitsma oan Van der Velde oft dy “wat konkreter” sizze kin wannear’t er it sjueryrapport oanleverje sil.

Krekt op 22 septimber komt it antwurd fan Van der Velde: “Dit moat it wêze. Ik soe it wakker op priis stelle asto op’e nij flaters der út helje wolst.” Taheakke is, sa’t it e-mail-ûnderwerp seit, de tredde ferzje fan ‘Rapport en taspraak Gysbert Japicxpriis’. “Wy prate moarnier mei Sietske [Poepjes, deputearre fan Kultuer en ferant­wurdlik foar de provinsjale prizen]. In fraach dy’t ik dan yn alle gefallen stelle sil, is oft der ek in oare fersy fan dit ferslach komme moat, in mear formele ynstee fan in sprektekst.” Dy formele ‘fersy’ is der net kommen. In rapport fan it wurk en de besluten fan de sjuery is nea opmakke.

Mear fan Friduwih Riemersma

‘Al te persoanlik’ feit de Gysbert-manko’s moai yn ’e dôfpot
Gjin sjueryrapport foar de Gysbert Japicxpriis 2021
Kultuerkontrole De nije macht fan ús kultuer­ynstitúsjes berikt mêden dy’t earder bûten it bestjoersfoech leine
Stimleas yn it auditoarium Palimpsest, in sterk dichtdebút fan Erik Betten
Kalamiteit by de leveransier Noas tsjin ’t glês fan Edwin de Groot
By besunigingsweach: gean fan ’e terp ôf En panykje net, of, Hoe’t De Rouwe syn analogy kopke-ûnder giet
In Ried foar de Keunst (podcast) Gerrit Breteler: de wearde fan keunst is net ‘men betellet der fet foar’
Wol keunst wier ferskaat? (podcast) Systematysk harkje (@Amanda Gorman @Zaïre Krieger) nei de útranzjearre minderheden sit net yn ús ynstituten
Dit bart der as jo McGonagall oersette of, de mof fan Thiadmer Riemersma
Dus do tinkst datst skriuwe kinst It Skriuwersboun mient dat se de P.C. Hooftprijs net earlik ferdiele
1 2 3 4 5 6 7 8 9 10 11 12 13 14 15