image De priis, fan Trinus Riemersma

Opiny

Dit artikel is werprinte mei tastimming fan de erven; it ferskynde yn de Kul, jg. 1, û. 4, novimber 1983, s. 77-90.

De priis

Oer de utrikking fan ’e Gysbert Japicxpriis 1983

Trinus Riemersma - Fers2 7.6, 23 desimber 2021

Wie schetst mijn verbazing dot Sjoerd van der Schaaf de G.J.-priis fwar proaza taviisd vaar. ‘De bijekening’? Nea fon heard. Soe ut vól bestean? Os dur un belangryk bûk yn ut friesk ferskynt, don heart mun dêr oas vól fon, dêr vurt oer praat, mar fon dut bûk hji ik nea vot heard. Ynformaasje bij kunde en bij gwón MO-kursisten smiet safólle óp, dot inkelen fon ut bestean fon ut bûk ôvisten. Mar nimmen hji ut lêzen. Ut is fonsels núver - of yn olle gefollen nijskjirreg --, dot un blykber tige goed bûk ónbekend is bij un pat fon ut públyk dot ut ferskynen fon oanvinsten fon de vot bettere frieske lyteratuer oas vól yn de gaten hôrt. Un misser fon dot públyk? Of hat de advyskemisje de planke misrooid?

De kronten binne dur ek vot mai oan, lyket mij ta. Ut hat dur olles fon dot ‘De bijekening’, dot twa ier lyn bij ferskyning net os un besónder goed of belangryk bûk synjaljerre is tróch de besprekkers (Freark Dam yn de L.C. fon 26.09.81, Tiny Mulder yn ut F.D. fon 28.11.81) no – ómdot de G.J.-priis dur óp fôlen is – achterô noch ópvedjerre vurre mat. Tiny Mulder makket yn har artykel “De priis en syn winners” (F.D., 17.09. 83) de redaksjes fon Trotwaer en Hjir dur fervyten fon dot dy ut bûk net besprutsen ha: “Miskien achtsje beide tydskriftredaksjes dat no wol in beskamsum fersom. Dat is it wól, én in bewiis fan myn miening, dat beide tydskriften ien fan har taken: it kritysk begelieden fan de Fryske literatuer sloere litte. De bijekening is gjin literêr masterwurk, mar yn it ramt [78] fan it generaal nivo fan it Fryske Proaza op dit stuit wie it boek de muoite fan besprekken yn de literêre tydskriften wurdich.” Beskamsem fersóm, hji ik tocht. No, dot is ut fonsels apslút net. Yn de fwót­leasten fan De (lettere) Tsjerne besprekke Trotwaer en Hjir inkeld dy vurken dy’t bóppe ut generale nyvo útstekke. En mij tinkt, dot is fiervai ut bêste; ut hat in bytsje sin óm nochris oer te dwan vot Anne Wadman yn ut begjin fon de Tsjerne dien hat, ut ôfkrêkjen fon de midsmjittege lyteratuer. Utjauers as de Friese Pers en de KFFB stjoere nammes ek gin resinsje-eksemplaren nai de lyterêre tydskriften; dy útjauers en/of de skrjowers yn har fûûns ha grif net it ferlet óm binnen un ‘heegliterêr sirkuit’mai te draaien. Ut fait dot ‘De bijekening’ net besprutsen is, hat dêrmai te krijen dot dit vurk, neffens de ynskatting fon de útjauer en de tydskriftredaksjes, temin nyvo hat óm yn un lyterér tydskrift besprutsen te vurren.

De L.C. trúnnet de Trotwaerredaksje oan óm ut ‘beskamseme fersóm’ noch mar even goed te maitsjen: “Men kin jin wol ôffreegje wêrom’t ien fan de juryleden dy’t foar Trotwaer geregeld boeken besprekt – â1d-Trotwaerredakteur Geart van der Meer – noch net takommen is oan wat er it “pryslikste” fan de ôfrûne fjouwer jier fûn. Hy sil dy skea foar Trotwaer grif noch ynhelje wolle” (L.C., 14.10. 83). Ja, en os de redaksje dur don un noat bij sette vól dot troch beskate ómstondegheden dut besprek vot lang óp him vachtsje litten hat, don is olles ver ynwadder yn us frieske vrôdsje. 1984 is net fier mear ô…

Dût ik fon de priis hearde, haf ik mij fwarnómmen óm ‘De bijekening’ rus te lêzen en om rus nai te gean hokker proazavurken dur vinlek ferskynd vjinnen yn de ôrûnne fjauer ier, óm óp dy menier de kar fon de advyskemisje te hifkjen. Ut dógt blyken dot Tiny Mulder, yn ut neamde artykel “De priis en syn vinners”, ol dien hat vot ik dwan voe. Teminsten... no ja. Dur binne neffens har achtjen skrjowers fon vaat ut vurk óp de groslist fwar de G.J.-priis set vurre ken. Hokker achtjen? Dot is gehaim. En ut is ûnfetsoenlek óm dêrnai te freegjen. Os Tiny sait dot dur achtjen binne, don binne dur dus achtjen, en sij vit vól hókker achtjen, en os sij dot vit don is dot genôch. “By dy achttjin binne sân dy’t al in kear de priis krige hawwe en waans nije produkten net utstekke boppe it wurk dêr’t se destiids de priis mei wûnen. It liket my ridlik ta, dat de jury harren net foar de twadde kear foardroegen hat.” Ja, ja, ja. Nomen est omen, sainen de Gryken, mar ik sees: Mulders binne lulders. Sille vij ut ‘beslút G.J.-priis’ dur mar even bij nimme? Dêr stjit yn (kêst 4 fon de útfieringsbepalingen), dot un jeddere priisvinder net binnen tsien ier ver yn oanmerking kómme ken fwar un priis. Dot betsjut dot de vurken fon Rink van der Velde, Jan Wybenga, Ypk fan der Fear en Rein van der Leest dut ier net bekroand vurre koenen, fon olle oare libbene en deade – vont posthúm takenne is mooglek – jeddere priisvinders vol. Oan dy bepaling hôre Deputjerre Steaten fêst (sjug bijlage 2).

De regeling dot un jeddere priisvinder olinneg don fwar un priis yn de beneaming kómt os syn te bekroanen vurk better is os ut jedder bekroande, is net yn [79] de kêsten veróm te fynen – dy tinkt Tiny Mulder sels óp. Ut soe ek nochol un healvize ‘regeling’ vêze, vont: a) dur soenen oan ut vurk fon jeddere priisvinders oare (hegere) easken steld vurre os oan ut vurk fon net jeddere priis­vinders (fergelykje: A vint yn 1982 ut fierljeppen mai un sprong fon 15,73 meter; hij ken yn 1983 inkeld ópnij de easte priis vinne os ur 15.74 of mear hellet, sanèt, don vurt ur diskwalyfysjerre en kryt de naistoanlezende de easte priis); b) de ‘regeling’ ûnderstelt dot un skrjower harmoanysk fjidderbaut oan syn oeuvre, syn jeften staregoan mear óntplooit, dot syn talenten ol njónkenlytsen blyken dógge, krekt os soe ur óp un ailontsje sitte fier fon de vrôd. No, sókke skrjowers binne dur, de estetisten, de yvoaren-toerders – mar de viere skrjower, dy hellet syn ympulsen hyltyt ver ut de vrôd vai vêrynt ur libbet. Syn vurk is ut produkt fon un vikselvurking tusken him en de vrôd. Bijgelyks: dur rint gin tried fon ‘Fioele en faem’ fya ‘De smearlappen’ nai ‘Yn Adams harnas’; de trije vurken leze tsjûgenis ô fon de pesysje dyt de auteor kiest tsjinoer de maatskipij. Se binne net strikt-lyterêr fergelykber, se binne fergelykber os ontvudden óp ferskillende sytevaasjes – en san fergelyking is nwodlek; c) maidot mun de G.J.-priis fwar ferskillende genres vinne ken, vurt un fergelyking, ôsjoen fon vot ûnder (b) neamd is, yn gwón gefollen faitlek ónmooglek: Wadman syn romon ‘Yn Adams harnas’ soe better vêze matte os syn esseesamling ‘Kritysk konfoai’; Abma syn romons soenen better vêze matte os syn gedichten.

Mar dusse regeling bestjit net, en hij mat ek net útfûn vurre, ek net eventsjes ad hoc óm dur un óngelókkeg fôlen G.J.-priis mai rjócht te praten. Mar goed, óm de redenjerring te ferfólgjen: Tiny krost fon de moogleke gadingmakkers OLLE jeddere G.J.-priis­vinders fwót. Don hôrt se noch olve oer. “Fan de alve oerbleaune auteurs – dy’t dus noch net de G.J.-eare barre mocht – skras ik sân omt in jury foar de heechste priis foar Fryske letterkunde net al te lankmoedich wêze mei en mislearre of foar in part mislearre eksperimenten oan ’e kant heart te lizzen, mooglik yn ôfwachting fan riper wurk fan dy auteurs.” Sân (misljerre) ekspery­mentele proazavurken yn ut tiidrek 1979-1982? Ik ha se ferdómd net fyne kennen! Of is ‘eksperimenten’ jir gekoanstekkend brûkt? Dot ken hast net, vont don hjinnen se nóit ta de easte seleksje tróchkringe kennen. Ik voe vól un kwatsje jan os ik fon Tiny de tytels fon dy sôn (misljerre) eksperymenten heare mócht. Mar ik bin bang, dut sil ek vol gehaim vêze.

Don bljowe dur noch fjauer oer. Hókker fjauer? Net seore! Tiny vit vol hókker fjauer. Fon dy fjauer fôle trije ô: “Ik soe as jury nammers fan de oare trije oerwege, dat se statistysk sjoen noch tiid fan libjen en fan aktyf skriuwerskip tegoede hawwe, en yn steat binne om wurk te leverjen, dêr’t de G.J.-priis mei mear oertsjûging by past. Oft dat der fan komt, is de fraach, mar in jury moat in gok weagje doare, alteast in gok mei kans op winst.” En ver gjit Tiny folslain de mist yn. De ôdens fon de auteor spylet bij de takenning fon de G.J.-priis gin rol, ut gjit óm ut vurk. Deputjerre Steaten havve dot yn har brief [80] fon 22 sept. 1977 nochrus dúdlik ûnderstreke: “It giet by de takenning dan de priis ommers net om de persoan, dy’t eare wurde moat, mar om it wurk, dat in priis fertsjinnet.” En vot dur óp fôlget oer ut vêgjen fon un gok, dot is folslain healviis. Ut lyket vól as mient Tiny dot de advyskemisje un permanent selskip fon managers is dot de frieske lyteratuer laat en stjoert. Havar, sa kómt Tiny bij ainslútten út bij ‘De bijekening’, te sezen: tróch regelingen ta te possen dy’t net bestonne.

Dur vurt ol jirren tróch ferskillende minsken óp oanstien óm fon de G.J.-priis un oeuvre-priis te maitsjen, vêrbijt don eventúeel de tsjintvurge priis, mar don ûnder un oare namme, bestean bljowe kenne soe. Sa soe ut bêst kenne, ja, mar sa is ut óp it stuit net… en oan Jappy Mulder te begrypen (L.C., 21.10.83), sa vurt it ynjesten ek net. Vot my argewaasje jaut, en ol jirren, is ut drjowen fon gwón minsken óm de hôn te lichten mai ut reglement en oare krytearya oan te lezen os yn dot regelment oanjûn vurre. Yn gwón gefollen vurt dur suggerjerre dot fonsels de advyskemisje ek oare ómston­degheden jilde litten hat bij ut advysjerjen oer de priis, bijgelyks de ôdens fan de auteor, of ut belang fon syn jedder oeuvre, of de macht fon syn públikaasjes, of syn taalbefwadderende veade, Tiny Mulder dógt ek sóks. Mar ut is, lyket mij ta, frijvot ónkristlik óm fon Brouwer, Van der meer en Van der Ploeg te ûnderstellen dot se de boel bedóndere ha. Salang’t vij fon dotlêste gin bevizen ha, matte vij oannimme dot se har oan de ynstruksjes hauden ha. Mun vurt net os advyskemisjelid skepen of berne, of derta feroardeeld, myn vurt yn frijhyd oansocht en mun rint neat gin ryzykoos os mun de ópdracht vegert, ómdot dy jun net oanstjit. Os de leden fon de advyskemisje de beneaming akspeteare, don betsjut dot dot se ree binne óm de ópdracht út te fieren oan de hôn fon de kêsten fon ut reglement. Ut is apsurd óm te ûnderstellen dot de advyskemisjeleden de benea­ming oanfuddegje mai yn de achterhólle ut ydee: mar vij hôre ús lekker doch net oan ut reglement. Os mun net twivelje vól oan de yntegryteit fon de leden fon de advyskemisje, don ken mun inkeld ta de kónkúzje kómme dot neffens har ‘De bijekening’ ut bêste proazavurk is út de jirren 1979-1982, fon de proazavurken dyt strikt formeel fwar bekroaning yn de beneaming kamen.

(Tusken hekjes: strikt formeel kómt dur heel vot proaza yn de beneaming, en de kemisjeleden kinne dur don ek bêst trije mwanne frije tiid tsjinoan smyte óm olles te lêzen en te boardieljen. Ver­printingen vurre yn de kêsten net útsóndere, lykemin tydskrift- of krontebijdragen, lykemin berne- en jóngerainbûkken. Oer de ómfang fon ut te bekroanen vurk vurt ek neat sain, dus, gón dur mar oan stean!)

Binnen ut ramt fon de ynstruksje hat de advyskemisje fonsels nochol vot frijhyd. Dot ken net oas; provinsjale steaten kenne de kemisje net fwarskrjowe hókker lyterêre krytearya os ur oanleze mat. Mun ken óngelykenze ydeeën oer lyteratuer ha en óngelykens vedjerje: de iene jaut de fwarkar oan ut ôdstylege ferhaal, [81] de oare hôrt fon nijmwadreghyd, de iene hat ljest un ferhaal vêrynt ut ôde en ollang ferdwûnne Fryslon nochrus utbeelde vurt, de oare vól un romon dyt oerol spylje kenne soe, gwódden vólle rjócht en sljócht, oaren eksperymenten, dusse vól de húmoristyske beskrjowing fon ut réalistyske détail, jinge vól dot de maatskipij tróchljochte vurt – mun ken frieske lyteratuer vedjerje os lyteratuer, os frieske lyteratuer en inkeld os taalbefwaddering.

Mai dy lêste ópmerking besykje ik de lyterére fwarkarren yn beskate grûppen te vwadderjen. Dot mai en dot ken, vont ek vot de lyteratuer oanbelanget, binne dur net lykefólle sinnen os hóllen. Rûgvai ken mun de fwarkarren fon de lêzers yn grûpkes ferdele. Op deselde vize, en oerienkómmend mai de fwarkarren fon de lêzers, ken ek ut lyterêre oanbod yn inkele rjóchtingen en streamen spjolte vurre. Nai de lêste oarlog lyke ut ynjesten mooglek óm twa frieske lyteratuerstreamingen te ûnderskieden, un kónservatyven: de KFFB, en un progresyven: olles vot net bij de KFFB jerde. Dy fwarstelling vji te skematysk, vont dur vji ek vurk dot noch ta de KFFB jerde, noch progresyf vji, mar de óppesysje vji doch brûkber. Tsjintvurch, en ik soe seze fon sónt lykernôch 1970, matte vij dy tredde stream un fólveadeg plak jan en trije rjóchtingen yn de frieske lyteratuer ûnderskiede: un progresyve rjóchting vêrt un tsientol skrjowers en un pear-hûndet-tol lêzers ta jert, en un konservatyve rjóchting dyt yn twaën te ferpatsjen is, de kristleke KFFB en de ónkristleke KFFB.

Ut hat nóit ta de bon ton (ik ha de streekjes net fergetten, mar dut is frônsk) jerd óm mai vedjerring oer de KFFB-lyteratuer te praten. Dur is nóit un bûk út dy rûnte mai de G.J.-priis bekroand en D.S. beneame ek nóit un advyskemisje vêrfont de leden ut de rûnte fon de KFFB ôkómsteg binne. D.S. dógge dus mai oan de vênstege diskrymynjerring fon de KFFB. Koe ut oan ± 1970 lykje os vji de KFFB-lyteratuer de minne, kónservatyve lyteratuer, en os vji de nét-KFFB- lyteratuer de goede en progresyve, dy fwarstelling fon saken is no yn olle gefollen net mear te ferdigenjen. De KFFB-lyteratuer is noch oltyten kónservatyf, mar un mooi pat fon de net-KFFB-lytera­tuer is dot lykegoed. Dot dur is no gin reden mear óm (inkeld) de KFFB te diskrymynjerjen. Os Paulus Akkerman en Sjoerd van der Schaaf un G.J.-priis krije kenne, don Thys Kuiper en Pyt Damsma lykegoed.

De advyskemisje mat ut bêste proazavurk oanvize, en hij kryt ot ur vól of net mai ut probleem fon de rjóchtingen te maitsjen. (Ik sjug no even ô fon ut fait dot ek de krytyske proazalyteratuer hifke vurre mat). De kemisje ken vól miene dot ur him ópjektyf ópstelt tsjinoer olle rjóchtingen, mar dot is un gefólg fon kwatsichteghyd: un advys­kemisje mat him yn olle gefollen bevust vêze dot de fwar­dracht fon un beskaat vurk lyteratuerpoletyke aspekten hat. Voneart un vot skrjotront oanbelanget ôdfrinzeg, jir en dêr 19e ywsk oandwand vurk fwar bekroaning fwardrûgen vurt, don is ut ynsletten bwadskip dêrfon: goede frieske lyteratuer is ôdervetske, ferôdere en ontyke lyteratuer. Jónge skrjowers, vólle jimme [82] ek un priis winne, skrjo don lykas Brolsma, of Baersma, of Asman.

Ik bin begón mai “Wie schetst mijn verbazing”, mar ik hji ut vitte kennen en ik vist ut vól: ut lyterêre klimaat is óp ut heden ferrekte óngunsteg fwar un vot mear progresyve lyteratuer. Ik hoopje dot de beginnende skrjowers har net óntmoedegje litte tróch de stómp fwar de hassens dyt har oanrikt vurt tróch:

H.J. BROUWER
G. VAN DER MEER
D. VAN DER PLOEG

mar even yn kapytalen, ta ivege skonde.

bijlage 1

A. BESLUIT der Staten tot het instellen van de “Gysbert Japicx-priis” voor Friesche literatuur;

B. BESLUIT van de Gedeputeerde Staten tot vastelling van regelen ter uitvoering van de bepalingen betreffende deze prijs (Provinciale bladen nos. 8 van 1947 en 44 van 1952). (Statenbesluit d.d. 26 juni 1973).

A. De Staten der provincie Friesland,

Besluiten:

  1. In te stellen een tweejaarlijkse prijs, groot f 2.000, – voor Friese literatuur, welke de naam zal dragen van “Gysbert Japicx-priis”.

  2. Vast te stellen de volgende bepalingen betreffende de “Gysbert Japicx-priis”;

Artikel 1

De “Gysbert Japicxpriis” wordt éénmaal in de twee jaar toegekend, met dien verstande, dat de toekenning afwisselend voor poëzie en voor proza plaats vindt.

Gedeputeerde Staten kunnen van de in het vorige lid aangegeven afwisseling afwijken, indien het peil van het voor een bepaald jaar ter beoordeling in aanmerking komende werk niet zodanig is, dat de prijs kan worden toegekend.

Artikel 2

De toekenning van de “Gysbert Japicx-priis" geschiedt aan de auteur, die gedurende het aan de toekenning van de prijs voorafgaande tijdvak van vier jaar het beste poëzie-, respectievelijk prozawerk in de Friese taal heeft gepubliceerd.

In bijzondere gevallen kunnen Gedeputeerde Staten van het in het voorafgaande lid bepaalde afwijken, voor zover het daarin genoemde tijdvak betreft.

De toekenning geschiedt door Gedeputeerde Staten volgens nader door hen vast [83] te stellen regelen. Daarbij wordt het aantal jaren aangegeven, gedurende hetwelk een auteur, aan wie de “Gysbert Japicx-priis” is toegekend, met afwijking van het in het eerste lid bepaalde, voor een tweede of volgende toekenning niet in aanmerking kan komen.

Artikel 3

Wanneer naar het oordeel van Gedeputeerde Staten geen auteur voor toekenning van de prijs in aanmerking komt, blijft de toekenning achterwege.

Artikel 4

Gedeputeerde Staten stellen regelen ter uitvoering van deze bepalingen vast.

B. De Gedeputeerde Staten van Friesland,

Besluiten:

Vast te stellen de volgende regelen ter uitvoering van de bepalingen betreffende de “Gysbert Japicx-priis”;

Artikel 1

Het tijdvak van vier jaren, bedoeld in het eerste lid van artikel 2 der bepalingen betreffende de “Gysbert Japicx-priis”, wordt gevormd door de vier kalenderjaren, onmiddelijk voorafgaande aan het jaar, waarin de prijs wordt toegekend.

Artikel 2

Alvorens over te gaan tot de toekenning van de “Gysbert Japicx-priis” winnen Gedeputeerde Staten het advies in van een commissie van drie personen, daartoe vóór 1 Februari van het jaar, waarin de prijs wordt toegekend, door hen te benoemen, na ontvangst van een aanbeveling van het bestuur der “Fryske Akademy”. De leden dezer commissie genieten vergoeding van reis- en verblijfkosten uit de provinciale kas.

De commissie, bedoeld in het vorige lid, brengt haar gemotiveerd advies vóór 1 Augustus aan Gedeputeerde Staten uit.

Gedeputeerde Staten maken hun beslissing omtrent het toekennen van de prijs vóór 1 October bekend.

De prijs kan niet worden toegekend aan een der leden van de commissie, bedoeld in het eerste lid van dit artikel, noch aan een der leden van het college van Gedeputeerde Staten.

Artikel 3

Indien de commissie, genoemd in artikel 2, van oordeel is, dat reden bestaat voor toepassing van het bepaalde in het tweede lid van artikel 1 der bepalingen, betreffende de “Gysbert Japicx-priis”, doet zij daarvan vóór 1 Mei van het in dat lid bedoelde jaar mededeling aan Gedeputeerde Staten. Deze delen hun be- [84] beslissing hieromtrent binnen een maand na ontvangst van de mededeling aan de commissie mede.

Het bepaalde in het vorige lid vindt overeenkomstig toepassing met betrekking tot het bepaalde in het tweede lid van artikel 2 der bepalingen betreffende de “Gysbert Japicx-priis”.

Artikel 4

Het tijdvak, bedoeld in het derde lid van artikel 2 der bepalingen betreffende de “Gysbert Japicx-priis”, gedurende hetwelk een auteur, aan wie de “Gysbert Japicx-priis” is toegekend, niet voor een tweede of volgende toekenning in aanmerking kan komen, wordt gesteld op tien jaren, het jaar, waarin de toekenning van de prijs plaats vond, inbegrepen.

Artikel 5

De “Gysbert Japicx-priis” wordt voor het eerst toegekend in het jaar 1947. De commissie, genoemd in artikel 2, bepaalt, of in dat jaar de toekenning voor proza, dan wel voor poëzie, zal plaats hebben.

De benoeming, bedoeld in het eerste lid van artikel 2, vindt in 1947 vóór 15 April plaats.

bijlage 2

Yn 1977 lykje gwón leden fon de advyskemisje dur vot swirregheden mai hôn te havven dot de poëzybondel dyt se ut bêste fûnnen, “Lyts Frysk Deadeboek” fon un auteor vji dyt olrus jedder de G.J.-priis krygen hji. Deputjerre Steaten ha dû óp 22 sept. 1977 un brief oan de advyskemisje skreon, vêrynt se har beslút maideelden. Ut dot brief dógt blyken dot D.S. har eksakt oan de kêsten fon ut ‘beslut G.J.-priis’ hôre – en sa jert ut fonsels ek. Ut brief fon D.S. is grif yn vider rûnte ferspraat, vont hij is bijgelyks ek ôprinte yn ut Friesch Dagblad fon 08.10.1977. Ik nim ut brief út dy kronte oer:

“Wy hawwe de kwestje fan de takenning fan de Gysbert Japicxpriis 1977 tige yn ús omgean litten. Dêr is in bislút út fuortkommen, dat wy hjirûnder neijer taljochtsje. It is ús taek it bislút fan provinsiale steaten ta it ynstellen fan de Gysbert Japicxpriis sa goed mooglik neffens de bidoeling fan de Steaten ta to passen.
    Yn de bipalingen, dy ’t by bidoeld bislút hearre, wurdt twingend foarskreaun (sjoch art. 1), dat der om de twa jier in priis takend wurde moat. Allinne as neffens it oardiel fan ús kolleezje gjin auteur foar takenning fan de priis yn ’e bineaming komt, wurdt de priis net takend (art. 3).
    Ut jimme brief fan 21 july, dêr’t jimme de opdracht ús advys út to bringen yn weromjowe en út it dêrnei op ús forsyk makke forslach fan jimme warksumheden is ús dúdlik wurden, dat jimme wol fan bitinken binne, dat der auteurs binne, dy ’t foar de priis yn ’e bineaming komme. De priis moat dan ek takend wurde.
    Dêr komt noch hwat by. Yn jimme stânpuntbipaling, hat neffens it al neamde forslach tige fan bitsjutting west it feit, dat in bipaelde auteur de priis al ris earder hawn hat. Wy binne fan bitinken, dat soks formeel net yn de oerwegings fan in advyskommisje bilutsen wurde moat. Provinsiale [85] steaten hawwe by de ynstelling fan de priis yn 1947 fuortendaliks rekken hâlden mei de mooglikheit, dat in selde auteur nochris in kear (of sels mear kearen) de priis krije tinne soe (art. 2, lêste alinea).
    Deputearre Steaten hawwe de termyn, hwerbinnen dat net kinne moatte soe, op tsien jier steld (art. 4 útfierings­bipalingen). Dat in auteur de priis mear as tsien jier forlyn al in kear hawn hat, kin dus gjin reden wêze de priis op dy groun net ta to kennen. Dan soene wy biwust yn striid mei de bidoelingen fan de steaten hannelje. It giet by de takenning fan de priis ommers net om de persoan, dy ’t eare wurde moat, mar om it wurk, dat in priis fortsjinnet.
    Ut jimme forslach fan wurksumheden miene wy ôfliede to kinnen, dat twa fan jimme leden de dichtbondel fan Jan Wybenga “Lyts Frysk Deadeboek” it meast de Gysbert Japixpriis wurdich achten. Ien lid joech de foarkar oan de bondel “Op slach fan tolven” fan Tiny Mulder. Lykas wenst slute wy ús dizkear oan by it stânpunt fan de mearheit. Wy hawwe dêrom de priis takend oan Jan Wybenga foar syn yn 1974 ferskynde dichtbondel “Lyts Frysk Deadeboek”. Wy hawwe it net mear as ús plicht achte jimme fan ús bislút mei de taljochting dêrop yn kennis to stellen”.

Un flesfól sóndefiedsel

Sjoerd van der Schaaf, ‘De bijekening’, Leeuwarden/Ljouwert: Friese Pers Boekerij B.V., 1981 (19832)

Ik besprek dut bûk ómdot ut de G.J.-priis fwar proaza 1983 krygen hat. Oas hjji ik dot net dien. Oas hji ik ut net iens lêzen: ik fûn ut un haikervai óm dur trochhinne te kómmen. Ik vol besykje óm myn krytyk op dut bûk un faitleke bazes te jan. Op grûn fon deselde faiten ken mun ta óngelykenze oardelen kómme, fonsels, mar os vij ut oer de faiten iens vjinnen, don hjinnen vij dochs vot vón. Ik behondelje de fjauer elementen fon de fabel: de histoaryske tiid, de lokalysaasje, de honling en de personaazjes, en de trije bevurkingen dyt de fabel ûndergjit: de vwaddering fon de ferhaalsegmenten, de faryearing fon de fertelfaasje en de fertelsytevaasje.

h i s t o a r y s k e     t i i d

Ut ferhaal spylet yn de peryoade tusken de baide vrôdoarloggen, yn de tiid fon kryzes en oarlogsdriging. Mun ken net seze dot de problemen fon dy tiid un vichtege rol spylje yn ut ferhaal; ut tiidrek bljoot un vot dizeneg dekôr.

Mun ken jun ôfreegje: vêróm skrjoot immen oer un beskaat tiidrek os dot tiidrek him grif net bot yntresjerret. Dy fraag hûgt mun fonsels net te stellen; mun ken jun os lêzer ek tefreden stelle mai de konstatjerring: ut hat grif sa vêze matten. Mar – hûvólt dot un bytsje óngevoan is yn ut kader fon de frieske lyteratuer – ik gón no even út fon de krytyske lêzer dyt fon lyteratuer fervachtet dot dy him ópskerpet en bevust makket. Os mun ut hat oer emonsypa­toaryske [86] lyteratuer, don tinkt mun hast os fonsels oan vurken dyt yn juns aigen tiid spylje en ynhekje óp de problemen fan no. Needsaaklek is dotlêste lykvóls net: un skrjower ken, óm un beskaat probleem te beljochtsjen, ljevver un jedder tiidrek kieze, ómdot de maatskipleke ómstondegheden fon dû un better kader jaue fwar ut ferhaal dot ur fertelle vól as dy fon no. Dot ken. Mar ut lyket mij ta dot de skrjower fon dut vurk net óp dy menier ta de kar fon syn tiidrek kómmen is. Ik fertink him durfon dot ur un jedder tiidrek koazen hat, ómdot ur perfwast net stelling nimme voe yn de aktualytijt, net agjerje voe yn de vrôd fon no. Akoat, dot is ollegjerre stelling en ûnderstelling. Lit mij besykje óm by de faitlekhyd te bljowen: dut vurk djippet gin problemen fon de maatskipij fon dûdestiids út, en levert sadwande ek gin bijdrage ta de diskusje oer de problemen fon no. Dot fait – os vij ut dur teminsten oer iens binne dot dot un fait is – ken mun pozytyf en negatyf vedjerje.

l o k a l y s a a s j e

Ut ferhaal spylet him yn de Wâlden ô, yn un dwarp dot oantsjut vurt os Trimbeets. Ut dwarp hat un ryk ferskaat oan klossen en lagen, fon earme heukerders oant notabelen. De lokalysaasje fungjerret os behaining: de grutte vrôd is fierô. Dur vurre vol oare plakken neamd, mar ut barren spylet him doch ô yn de beslettenhyd fon ut dwarp en ut gea dêrómhinne. Ut dwarp is vot un ónverkleke enklave yn de roerege tiid fon dû. Ol jert mun yn de marzje fon ut ópkómmen fon de NSB, ut steort amper de dwarpsromontyk.

h o n l i n g

Ut ferhaal hat net ien sentraal barren, mar ut bestjit út ferskillende patsjes honling dyt los oanenwar hekke binne. De tytel fon ut bûk suggerjerret, dot de rêgegraat fon ut ferhaal fwarme vurt tróch de skiednis fon un mon dyt de bijen har gehaim óntfytmonje vól, mar fon de mon syn speortocht fernimt mun mar te hea en te gês vot, en don noch lang net ut naiste. Mun ken fonsels ek seze dot ut net sasear de skiednis fon un speortocht is, mar de skiednis fan un sykteproses: un ferknipte mon ferliest staregoan ut kóntakt mai de verklekhyd en vurt óp ut lêst gek. Mar lykegoed, dot is mar un heel swak trjidsje yn ut ferhaal. Dur vurt ek ferteld oer ut óptreden fon de plysje, de ferkearingen fon de vyksuster, oer ut ynpólderjen fon ien of oare kryte, oer brôn en moad, oer reedriden, toneelspyljen, kwórboljen, ensfh. Olles vot yn san dwarp fwarfôle ken, vurt beskreon.

p e r s o n a a z j e s

Dur is net ien sentrale fyguer yn dut ferhaal, dur binne ferskillende personaazjes dyt un belangryke rol spylje. Ik ha net naiteld hûfaak elkenien neamd vurt of hûfólle rigels dur oan elkenien vijd vurre; myn yndruk is dot Hommema, dut is de mon dyt mai bijen pielt, syn soan Peter en plysje Kromsigt ut faakst fwarkómme. Mar bótte vichteg is dot net. De personaazjes stonne yn un frij tafollege relaasje ta enwar. Ek yn ut gefol Hommema-Peter: Peter sit [87] dur mer mai dot ur san núvere hait hat, de mon hji fwar utselde un núvere kostgónger véze kennen, dyt mun ferneare mat. De minsken moete enwar en hawwe út saakleke of amtleke reden sóms kontakt maienwar. Mar ut binne vinlek ollegjer losse yndyvyduen. Os se besykje un fertrauleke of freonskipleke relaasje oan te gean, dógt blyken dot se enwar net ferstonne en bijenwar lôns prate. Elk minske is un ailontsje. Un pear fon dy fygueren vól ik vot naier besjen:

Hommema is de ydéalist dyt de vrôd ferbetterje sil – dot is teminsten ut beeld dot ur fon himsels hat. Mar vinlek is ut un egoist, un hústyron en un manyak. Ik fyn ut un kwealeke saak dot yn dusse romon ut maatskipijkrytyske, ut sykjen óm bettere mienskips­fwarrems, lykslain vurt mai vrôdfrjemdhyd en dwylsin. Oaren sille dot meskjin krekt un pree fyne, fonsels.

Kromsigt is de ydéale plysje, dyt mai un ferstondeg vud jir en dêr de skelen óplost. Hij is soasjalistysk, bestúdjerre en viis. Syn tsjinspylder is de bwargemaster, un dómme ólfert dyt neat fon ut soasjalisme ha mat, en dyt fon de plysje olinneg fervachtet dot dy mai de vapenstôk ómgean ken. Kromsigt makket un bêste, en vól vot ónvjirskynleke, promoasje, en naityd tinkt de bwargemaster noch vólrus mai spyt oan him veróm. Kwatsain: prymytyvistyske relaasjes en óppesysjes dyt grif oerskreon binne fon Dik Trom, De kameleon en Swiebertje.

Suster Feddes is un oerjirrege faam dyt besyket oan de mon te kómmen, en don ljest ien mai un goed ynkómmen. Se kringt har oan ferskillende óngetraude dûmnys op en ut slagget har bij ainslutten óm ien durfon oan de hêk te slaan. Ut sil ollegjer vól vakker grappeg vêze jer, ut begekjen fon óngetraude frôlje, mar ut is sa klysjee en sa muf en sa ôdvrôdsk en sa fwar de hôn lezend en sa gwódkeap, dot ik dur vól ôdervetsk fon kwarje ken.

Simonides is un útvrydske boer dyt fon de frau ô is, un jóngfaam út ut dwarp swier makket en NSB-simpatyen hat. Un kúmúlaasje fon minne aigenskippen sat mun dy yn de tryvyale lyteratuer oantreft, vêrbijt de minnens fon ien aigenskip him útvraidet oer de oare aigenskippen. Yn dut gefol: ut is tige min fon Simonides óm os traud mon mai un faam om te slaan – de mon is ek bij de NSB, no don ken dy NSB ek net fólle besónders véze. Koppelferkeap, neam ik sóks, en ik mien dot un goed skrjower him durfwar hoedzje mat.

Un soat fertelde fwarfollen yn dut ferhaal fyn ik bare ónnijskjirreg: klearebarre dwarpsanekdoatyk – vot mat ik durmai? Dur binne dingen dyt mij tsjinstonne, benammen de klysjeemjittege persoansútbeelding. Mar vot mij argevaasje jaut en vot makket dot ik mijsels twinge mast óm fjidder te lêzen, dot is de gaotyske presentaasje.

v w a d d e r i n g     f o n     d e     f e r h a a l s e g m e n t e n

De fwarfollen vêrt yn ‘De bijekening’ fon ferhelle vurt, binne net kausaal oan [88] enwar bûn – sadwande binne de personaazjes ut ek net. Vot ut ferhaa] bynt, dot binne de histoaryske tiid en de rûmte: de fwarfollen spylje har yn un beskate peryoade óp un beskaat dwarp ô. Un ferhaal lykos ‘De bijekening’ besyket sjen te litten hût yn dwarp libbet, hût de minsken maienwar ómgonne, votfwar appattelingen dur vainje, ensfh. Dur binne ferskillende menieren óm de stof, dyt ut dwarpslibben ópsmyt, te vwadderjen. Mun ken hinnegean en vwadderje de stof óm beskate fwarfollen en tastonnen yn ut dwarp hinne: de kwórbolklup; de staking, de tsjerkleke ferhôringen, ut ynpolderjen, ut streupen, sterk iis, ensfh. Op san menier ken mun de personaazjes dyt mun óp ut toneel bringe vol yn har stereotype hôren en dragen sjen litte. Ut ken ek oasóm: mun kiest os útgóngspunt de kleorryke personaazjes fon ut dwarp, bijgelyks Hommema, Kromsigt, de dúvelbonner, Simonides, un dûmny, suster Feddes, en oan de hôn fon dy ‘kapstokken’ beskrjoot mun de stereotype fwarfollen yn ut dwarp. Baide kearen gjit ut óm ut statyske, ut eksemplaryske en ut herhelbere. Mar dot ken, lyket mij ta, net oas yn un dwarpsferhaal, en dot makket nammes ek – os mun ut teminsten sa genietsje vól – de sjarme durfon út. Tiidsferrin is dur yn dusse ferhalen fonsels vól, mar ut is net relevont, ómdot de klam lait óp ut typyske en ut vênstege. Ut is vól mooglek óm ut dwarpslibben te beljochtsjen oan de hôn fon ien únyk barren dot ut hele dwarp yn beveging bringt (fergelykje ut nijskjirrege ferhaal ‘Hwer komst wei?’ fon Auck de Boer), mar don is mun fólle minder frij yn ut skilderjen fon ut brede panorama fon ut vênstege dwarpslibben. Mun mat don mear ‘bij de yntrige bljowe’.

De ferteller fon dusse romon hat net un dúdleke kar dien fwar de iene of oare vwaddering. Hij gjit net út fon de sektoaren fon ut mienskipslibben, net fon de kleorryke personaazjes, en hij hat ek net un beskaat fwarfol sentraal set. Ut fehaal sat ut durhinne lait, is fonolles en noch vot, un hap fon dut en un snap fon dot, hakke­takkereg en springereg. Ik neam vot fwarbeelden: de ferkearing on suster Feddes vurt beskreon yn ut haadstik ‘De gongen van (lês: fan) suster Feddes’, mar ek fwar un lyts pat yn ut fólgjende haadstik, ‘Hynders, lêste gloarjetiid’ – of rekkent de ferteller suster Feddes ta de ôde hynders? Ut ferhaal oer de fyts fon Peter is ferpatte oer twa haadstikken, ‘It tiidrek fan de fyts’ (63-69) en ‘De befrijing troch de fyts’ ( 83-86). Oan de iene kônt vurre stikken honling oer ferskillende haadstikken ferpatte, oan de oare kônt vurre yn ien haadstik ferskillende patsjes honling bijienbrocht. Yn ut haadstik ‘Goaitsen is de fijân’ (124-128) gjit ut net olinneg oer Hommema syn erchtinken tsjinoar Goaitsen, mar ek oer de dea fon prof. Rollingswier. Yn ut haadstik ‘De opstân fan de machteleazen’ (140-145) gjit ut oer de toneelspyldersklup, oer dokter syn besyte oan Hommema, en ja! ek noch oer de staking fon de arbaiders.

d e     f e r t e l f a a s j e

Yn ferhalen is de fertelfaasje ónares faryerre. De belangrykste patten fon de skiednis vurre sênysk verjûn, minder vichtege óntjauingen vurre gearfotte, en [89] vot helendol net vichteg is, vurt oerslain. Bij tuskenskode beskrjowingen fon personaazjes, tastonnen of lokalysaasjes fynt un apslúte fertraging pleats. Fon dutsoate faryaasje, dot de lêzer súver automatysk óp ut spoar bringt fon ut sentrale barren yn ut ferhaal, fon de hichtepunten yn de honling, fynt mun yn ‘De bijekening’ sa goed os neat. De fertelstroom gjit yn utselde tempo fjidder; olle fwarfollen vurre ópnómmen yn deselde evenredeg fjiddergeande ferteltront. Opmerklek is dot petearen, dyt ónares yn ferhalen sênysk verjûn vurre, yn ‘De bijekening’ ek ópnómmen binne yn de gearfotsjende fertelling. De ferteller berikt dot óp twa menieren, fwast tróch mar un pear persoansútspraken yn de dyrekte rede ver te jan en de rest bij syn aigen (fertellers-) tekst yn te liivjen tróch se te verskrjowen yn de yndyrekte rede, de frije yndyrekte rede of de narratyvysjerre rede, en twad berikt ur dot tróch de petearen net (typo)grafysk oan te tsjutten: oanhellingstekens óntbrekke en de útspraken fon de personaazjes beginne ek net yderkear óp un nije alynéa.

d e     f e r t e l s y t e v a a s j e

‘De bijekening’ hat un ferteller dyt fon syn olvittendhyd blyken jaut. Hij vit de tinzen fon ferskillende personaazjes en hij hat kennes fon de takómst. Fon dotlêste dut fwarbeeld: “Der binne letter in soad priizjende wurden sprutsen oan Hette Kromsigt syn adres...” (53). De ferteller jaut ek oanvizingen oan de lêzer oer vot ur fon ut ferhaal fervachtsje ken. Bijgelyks: “It lytse drama sil fierderop ferteld wurde” (28). Sóms viist de ferteller veróm: “It is al earder ferteld...” (96). Vij sille dus vól oannimme maie dot vij yn dut ferhaal te dwan havve mai un auktoryale fertelsytevaasje.

De auktoryale ferteller ken fonsels út en tróch yn de hûûd fon ien fon syn personaazjes krûppe en dy syn miening verjan. Dot bart ek yn dut ferhaal, mar ut is slim óm krekt oan te vizen vêrt dot bart. Heel faak fernimt mun vol un vedjerring yn de úttering, mar ot dy fon ut personaazje of fon de ferteller ôkómsteg is, is gaurus óndúdlek. Va ‘tinkt’ bijgelyks ut pat nai de kómma fon de naifólgjende sin: “Hja wie rêstich en ferstannich en koel en hie wol graach in Peter hân, mar dat wiene fan dy dingen dêr’t men neat oan feroarje koe” (33). Va syn vedjerring haf ik yn: “Spitich wie, dat der min oan kowedong te kommen wie dy’t de sinesappelbeammen feitlik nedich hiene” (46). Is dot skreon troch Berber har brwórren, of fertelt de ferteller bwótten dot brief óm en jaut ur syn aigen miening? Ik vit nammentlek net ot ik jir ol of net ynformaasje út un brief krij, en dot kómt durfon dot ik net vit ot ik mij fwarstelle mat dot Berber, óp ut stuit dot dut ferteld vurt, sit te lêzen. Don bin ik faitlek veróm bij ut fwargeande punt, de ôvêzeghyd fon ut sênyske, of krekter sain: de swirreghyd óm fêst te stellen ot mun ol of net mai un sêne te dwan hat. Un oar fwarbeeld: “Dur waard op ’e dûnsklub ek wol oer polityk praat al wisten de bern dêr net safolle fan; mar de namme fan Mussolini, dy’t alle treinen op ’e tiid ride liet, foel wolris...” (104-105). Is dot tahekke “dy’t alle [90] treinen op ’e tiid ride liet” fon de ferteller of fon de personaazjes (de bern)? Un lêste fwarbeeld: “Ek Hector Camstra Simonides hie it goedachte te ferskinen by it feest...” (106). Praat Simonides un bytsje defteg en stekt de ferteller him mai dot taalgebrûk de gek oan? Of praat Simonides helendol net defteg mar fynt de ferteller him un aigenvize fint dyt yn termen fon ‘goedachtsjen’ prate matte soe? Ut is nammentlek un inkele kear sa, dot mun fermoede ken dot de ferteller jeddere persoansútteringen brûkt óm óp un letter tiidstip dot personaazje teplak te setten. Bijgelyks: “Mar de held yn it djipst fan syn gedachten sei wer neat tsjin Berber...” (21); “Peter seach heit foar syn skriuwtafel sitten, it wite hier wat oer de foarholle hingjend: in man dy’t grutte dingen dwaan woe en gjin bernepraat ferdroech" (41). Mar ut is ol ver lang net oltyten vis ot de ferteller syn aigen of de persoan syn vudden brûkt óm ut personaazje te karakterysjerjen. Sónder fjiddere fwarbeelden te jan kónklúdjerje ik: dur vurt un óntsettend soat vedjerre yn dut ferhaal, mar ut is faak net út te maitsjen vaat ut dógt, de ferteller of ut personaazje.

g e a r f o t t i n g

Myn beswieren tsjin dut bûk havve betrekking óp de ‘ynhôrd’ en óp de ‘fwarrem’. Vot de ynhôrd oangjit, ik fyn de fertelde faitlekheden net belangryk fwar myn ferstean fon de maatskipij fon dû. Jedder oasóm: ik bin fon miening dot du ferteller de verklekhyd fon de fwaroarlogske jirren simplistysk en klysjeemjitteg stôljaut. Yn ‘De bijekening’ vurt de realyteit vaimóffele achter dwarpsanekdoatyk en jóngesbûkachtege grapjagerij.

Vot de fwarrem oangjit, de ferteller hat dut fwar koazen óm syn stof te presentjerjen os un flesfól sóndefiedsel: solles ónverkenber fynmjeld, tróchenwar hutsele en mai vetter fertinne.

Ut ónfermogen of de ónvil ta un heldere kómposysje en ta un dúdleke presentaasje gjit veróm óp ut ónfermogen of de ónvil óm de ûnderlizzende struktueren fon de maatskipij te verkennen en te beskrjowen. De fyzje fon de auteor óp de maatskipij set de fertelde faitlekheden yn un beskate kausale relaasje, makket ûnderskied en óppesysje en bringt relevônsjes oan. Os un auteor gin fyzje hat, of syn fyzje net toane vól, bljoot ur stykjen yn ut beskrjowen fon un hônfól oerflakdétails dyt os los sôn oanenwar hingje. De fersplintering fon ut réalistyske beeld fon de maatskipij ta un heap gearhingloaze diggels lyket un typjerjend ferskiinsel te vêzen fon de regyonale (of streek-) lyteratuer yn ut tiidrek 1900-1945 – ferlykje Brolsma syn skrjowerij en ferlykje vot B.F. van Vlierden (‘Van In ’t Wonderjaer tot De Verwondering’) skrjoot oer ut flaamske lyts-réalisme fon dy tiid. Sa besjoen jert ‘De bijekening’ tús yn un beskate tradysje, dy fon de provinsjalistyske genrekunst fon fyfteg jier lyn.

Mear fan Trinus Riemersma

0 results