image De sosjale kosten fan fergriemen

Opiny

De sosjale kosten fan fergriemen

Friduwih Riemersma en Abe de Vries - Fers2 7.1, 21 jannewaris 2021

It tiidstip dat de hertegjalp op it ynternet ferskynde koe net better keazen wêze. Se huldigen just de nije Marlboro man yn, dy’t ophelpe sil wat syn foargonger oan barrels smiet: de neoliberale wrâldoarder. De gjalp is sa lilk dat er oerrint fan kaaiwurden—agra­ryske feroaring, neoliberalisme, plattelân & kapitaalkonsintraasje, (it debat oer) alternativen foar it merkdreaune lanboubelied, de ekonomyske krisis dy’t deroan komt, en yntinsivearring fan it ferlies fan taalferskaat. Mar de strekking is fan Hoe fjochtsje wy noch tsjin it neoliberalisme, is it net sa, Henk Wolf? Lit ús by jo manifest oanheakje mei dit kaaiwurd: privatisearring.

Tsjin 2005 kaam it ik-sis-wat-ik-tinkrealisme op, dat multy­kultureel Nederlân fallyt ferklearre. Dat brocht in kulturele homo­genisearring fan maatskiplike skiften, sadat unykheid fan persoanen der net mear ta docht, mar dy ienheidsidentiteit gie lykop mei globalisearring. Betink dat de folkskrjochtse Rita Verdonk, mei har polityk fan wet + oarder, har feitlik op middengrutte ûndernimmers rjochte, mar dêr winne jo gjin dozinen Keamersitten mei en dus kearde hja har—lykas Fortuyn, Trump, Wilders, BoJo—nei de ‘gewoane’ hurdwurkjende Nederlanner; hja stribbe de neoliberale globalisearring nei.

Dat is wêrom’t it ferdwinen fan regionale kulturen, sa’t jo warskôgje, “allegear it gefolch is fan bewust belied.” Sadwaande achtsje oerheden, yndie, fan trochrinnend grien en alle oare sosjaal weardefolle saken dy’t jo neame, de priis te heech. Mar dêr’t jo tinke dat dat komme kin om’t polityk no ienris belangen ôfweage moat, tinkt de polityk dat sels al lang net mear.

Polityk hoecht inkeld en allinne besluten te nimmen, oer belangen en macht fan yndividuen en ploegen, as it giet om it ferdielen fan iepenbiere of mienskiplike boarnen en status. Mar sjoch nei de krokodilletriennen fan politisy oer de techbedriuwen Twitter en Facebook. Dy beslute sels wa’t se de status ûntsizze om nijs te fersprieden. Wittens en mienens hat de polityk desennialang tsjinsten privatisearre, oan folsleine laissez-faire ta, om’t in sûne merk in konkurrearjendenien is en de minske is frij. Dy syn belangen op priveemêd kin de oerheid him net mei muoie. Oft dat goedkeap is hinget der fan ôf wa’t betelje moat :) mar earst dit.

De Europeeske Uny is mar in argyf fol hannelskontrakten. Dus betocht de Ried fan Europa dat der ek kontrakten komme moasten om ûnferpatsber guod te regeljen, taal en kultuer. Lykwols, neo­liberale ekonomyen lizze de sosjaalekonomyske sfear as kearn­wearde konkurrinsjekrêft op. Dy is, fan Fryslân oant Yndia en Súd-Korea, flink skoarre troch in fracht hifkings-, oardiel- en rangoarder­meganismen dy’t meastal it Ingelsk eksplisyt foarlûke as it fjild dêr’t yndividuele en sosjale wearde fêstlein wurdt. Dêrom falt de trijetalige skoalle, dy’t wat Ingelsk jout, better by de konsumint as de twatalige dy’t de wet ûnderstipet. Ek blykt, ûnder mear yn Ierlân, it neoliberaalste lân yn de EU, dat de neoliberale wearze tsjin sosjale planning en ekonomysk wer-ferdielingsbelied liedt ta ûnder­finansierjen fan taalbehâld, fral yn tiden fan resesje. De fûnemintele spanning tusken it neoliberalisme en taalbehâld is dat taal mien guod is.

It merkfûnemintalisme hat ús debat oer publyk guod, lykas skjinne loft, ferlein fan sosjaal wolwêzen nei: wat kostet it. Sa ferhinderet it doelberet om dingen dêr’t elkenien baat by hat mar net spesjaal foar hoecht te beteljen, te rjochtfeardigjen op grûn fan duorsumens en sosjale billikheid. Wolle jo in griene planeet, keapje him mar yn Google Play. Slimmer noch is dat it neoliberalisme mien guod bestriidt: it ûntkent it minsklik ferlet om sels en meiinoar te soargjen foar geveltún, doarpskeatsfjild en memmetaal. It miskent de minsken har politike rjochten: se binne inkeld yndividuele konsuminten dy’t blykber net dokke wolle foar har griene of talige commodity. Mar as it net skoot, lit de private sektor it sitte. En de sosjale kosten fan de fergriemerij, dy binne dan foar jo.

Mear fan Friduwih Riemersma

I hate to say I told you so Oer Kulturele autonomy fan Pier Boorsma
De macht fan de harker: It oeuvre fan Jaap Veenstra Yn 1986 komt der in lyts read dichtbondeltsje út
Unwittenskiplik en propagandistysk Skôging fan De Friese identiteit volgens het Fries burgerpanel
Oer de biografy Stel, jo skriuwe in biografy, oer de Fryske beweger Jelle Hindriks Brouwer. Jo ha noch nea in biografy skreaun
Us eangst om it doel nea te berikken Besprek fan De Fries die in de toekomst sprong fan Huub Mous: Sjarmant is de irony dat er nostalgysk is oer in beweging dy’t besocht alles nij te meitsjen.
Wachtsje op de lêste debutant? Untjouwingen yn it útjaan fan Frysktalige poëzij, 2005-2016
Wolkom yn Fryslan! Noch leit de oprôle fûst fan ’e buorren/ driigjend tsjin harren sûnder hûs en hiem.
Mear en better skreaun Frysk: Troch social media en Google Translate!
Us taalbehearsking Gewoanlik wurde surveys, oftewol enkêtes, brûkt om te sjen oft in feroaring súksesfol wie en dat hat de Fryske Akademy dan ek dien.
Taalatlas 2015 De Provinsje liicht mei de Taalatlas 2015 himsels en oaren foar
1 2 3 4 5 6 7 8 9 10 11 12 13 14 15