image Eeltsje Hettinga kriget de Gysbert

Artikel oernommen út ’e Leeuwarder Courant fan 5 novimber 2021; download as PDF

Besprek

Eeltsje Hettinga kriget de Gysbert

In resinsje fan it bekroande wurk: ‘Subtiliteit is fier te sykjen.’

Elmar Kuiper - Fers2 7.5, 5 novimber 2021

Dichters besykje it hieltyd wer, it bestean út te djipjen, it mystearje te ûntfytmanjen. Om dysels te kennen moat it lûk fan ’e siele iepen. De dichter skriuwt: ‘beitel.’ Syn taal is ark. Hy freget him ôf: hoe kin ik wurden jaan oan it inerlike, it wêzentlike fan de minske? In oare dichter freget him ôf oft der wol in lûk is. Taal kommunisearret, resonearret, fibrearret. De enerzjy fan wurden kinst fiele, sels tusken de rigels troch. Dêr leit it lân braak; kin it iepen en wyld streame. Dêr knipe de ieren ticht fan ’e kjeld. In grut dichter krûpt ûnder de wurden en lit de mins yn neaken sjen. Hy kin it bestean fan in mier samar keppelje oan de kosmos.

Miłosz hie it oer ‘in wurd wekkermakke fan lippen dy’t stjerre.’ Mindere goaden brûke trukedoazen mei retoarysk ark deryn. Hja lizze de wil oan de taal op, dirigearje en stjoere wakker en litte harren fersen as hynders mei te moai behang yn ’e pyste omdrave. De argeleaze lêzer priizget de frissels, de glânzgjende moannen, de proastige stap.

Profane pryster

Oer Eeltsje Hettinga syn bekroande wurk, oer de 27 fersen dy’t er as earste Dichter fan Fryslân tusken 2017 en 2019 seit de advyskommisje fan de Gysbert Japickspriis: ‘Dizze dichter fynt himsels hast by alle gedichten opnij út, sa’t er dat earder ek al die by al syn bondels. (…) Dat makket ‘Dichter fan Fryslân’ ta it bêste dat de Fryske poëzij de ôfrûne jierren opsmiten hat,’ Mar fynt de lêzer sokke deadwaners net op elke efterflap? Hooplik jout it rapport in goed ynsjoch yn Hettinga syn pioniersgeast en syn fakmanskip. Wat is it wêzen fan poëzy? Wat docht Hettinga dêrmei? Hoe subtyl kin er de aktualiteit deryn befrisselje, leit er in poëtysk aai, lit er it frij sige?

Syn poëzy is aardich foarmfêst, fertellend en byldzjend. Syn toan frij konstant. Hy hat in breed ferskaat oan ferskillende ûnderwerpen dichtet er oer it INF raketferdrach, oer in oanslach yn Utrecht, oer boargemaster Crone, oer Hessel Miedema en Aggie van der Meer en sprekt as in profane pryster syn noed út oer de wrâld. Ik kom yn syn bekroande wurk in soad algemienheden en sabeare wiisheden tsjin, ja, sels klisjees, dy’t foaral brûkt wurde om de fertelling op te gnissen, it ferhaal te tsjutten. Se foegje net in soad ta, helje de krêft derút: ‘Somtiden komt yn oare foarmen en / oare gesichten werom wat ferlern gong.’ In oar foarbyld: ‘sa’t tiid in weireitsjen is yn in taal / dy’t har net sizze lit.’ Op taalnivo falt der oars genôch te belibjen: ‘neigeraden datsto tichteroan / de himel kaamst, it wurd ferongeljend’ sa skriuwt er yn Mortlake. En yn itselde fers hat er it oer ‘in hompe bôle.’ Dochs fertilt er him, as shock and awe sjoernalist, oan in ferstekkeling, dy’t út it lâningsgestel fan in Boeing falt: ‘Heech boppe Mortlake klapte in bestean / nei ûnderen, te pletter njonken / de gjalp fan in sinnebaaiend famke / yn in English Garden. De rûnom / opstowende dowen.’ De taal is platslein, de nuânse fier te sykjen.

Kuerige rederiker

Gauris stelt Hettinga him op as in alwittende ferteller, as in kuerige rederiker, orakeljend op in sjippekiste. Hy nimt hast altyd de posysje fan bûtensteander yn. Fan in (feilige) distânsje wurdt der licht iroanysk nei it tafriel sjoen. De dichter krûpt yn it personaazje, mar is gjin duvelskeunstner. Hy smookt, leit op ’e dyk of is heal besopen. Meastentiids is er yn tinzen by de oar, nimt er de lêzer skoalmastereftich mei oer betroude wegen. Wurden as oere, tiid, dream, klok, libben en dea dûke faak op. It binne kontenerbegripen, of oars sein: kontenerskippen, dêr’t er oseanen mei befarre wol. Hy spant se as hynders foar de wein, mar fiteret se te min oan. It fers ‘Woede’ sil en wol fan alles, mar de lilkens krôlet gjin fûst, krûpt net ûnder de rigels en kleuret de ieren net swart: ‘Hoe’t immen, al tikjendewei, in bom fan haat / yn it hert omjaget, in trein, winkel of tram / ynstapt en bûten sinnen mei in kop fol nacht, / djip yn himsels ferdwaald, himsels yn woede / en geweld in útwei tinkt en mei alle lûken / fan ’e siele ticht in keamer fol kûgels leech sjit.’

Yn syn iere wurk lit er de taal it smoarge wurk dwaan. De lêzer kin yn de bylden krûpe, him troch alliteraasje, klank en ritme betsjoenje litte. Sa dichtet er yn Dwingehôf (2000), yn de Lieten fan ferwinnen; ’De diken blabzich, dyn stappen ûnwis. / Dize befart de plakken dy’t dy neamden. / Hear it drippen efter goate en beambte, slach fan hoarnlegers net tsjin te kearen. / Op glêzene fuotten stekst it wide / steed fan ’e homeie yn.’ En fierderop, treflik: ‘Kensto fan kopsike kij it touwerjen, / fan wurden it mâlgûlen oan ’t keatling, / de kiel, roppend oan it ljocht fan frou en / pleats, it wetter fan alle oarsprong en geast?’ Hy is in betûft winterdichter. Sa fynt ‘wyn syn gesicht yn fearren op it iis’. De rigel komt út de redens fan it wurd (Yn ’e fal fan jûn, 2002). Yn antyk winterljocht (Ikader) lês ik: ‘… de see / in hinnekleed leit strak yn / de útstoarne middei.’ Yn syn debút, Akten fan Winter (1998) skriuwt er mei weemoed oer syn broer, doarmet er as in kosmonaut troch de iuwen hinne. Yn Apreos (2005) ekperimentearret er mei de foarm. Sa is it lange titelfers in meislepende rap. Yn kolibry dichtet er linich: ‘alles oan har like kwyk / kwiksilver triljend linich / allegro, / de lytse kolibry / snifsnafsniffelfoarkjend / o, himpen / trinten / tin moza’tfamke.’ Ek Ikader (2012) lit sprankjes fan syn masterskip sjen, al stroffelje ik oer útspraken, dy’t wiis klinke mar amper ynhâld hawwe: ‘It is te let en belibje silst it as altiten te let’ en: ‘Sa sil it stil bliuwe, jierren, ieuwen, swijend, sa’t alles it swijen derta docht…’

Mar yn syn bekroande wurk sit de poëzy tefolle yn ’e krapte. It jaske is healsliten. Subtiliteit is fier te sykjen: ‘Diken brieken / as fammefluezen.’ Retoryk slacht foar master op. De dichter fertelt in soad, mar fertoant te min. De drank mei tsjoenderskrêft is út de skippen helle, de geast waait te min as frisse wyn troch de fersen hinne.

Snútslach

Faaks omdat de aktualiteit him te bot opkringt, de (ferbyldings) romte weinimt? Omdat dizze fersen de ferbyldingskrêft fan de lêzer berongje? Krekt yn ’e dream en yn it weromtinken fynt er syn âlde foarm werom: ‘Tinkend oan myn âlden en Auden, mei / snieblizzards yn de stegen fan New York / en skynsels, wrinzgjend en al dwalend / troch wytberipe hôven boppe Burchwert.’ Dan merkt er moai, tusken noas en lippen op, dat syn heit yn in wek fleach en ‘ergens boppe Sleat’ wer foar ’t ljocht skeat. Luguber iepenet Skip fûgel lân: ‘Iepensnien lei my it lichem ûnder / de kust syn skomflokjende hoarizon.’

Oer it generaal timmeret Hettinga de lûken fan ’e siele ticht. Dan praat it gewisse, as in strange autoriteit, op de Sineeske keunstner Ai Weiwei yn, is de konstruksje te betocht, mis ik de relaasje tusken beiden. Sjocht er himsels ek as in dwerse, dissidinte skriuwer? Wat docht it lot fan de oar winliken mei him? Sa fiert er syn act op: ‘Swij do, swij, Ai Weiwei, swij! Sis, wa skonk dy it frij en / lit dyn heit, de oerheid, de bleate kont fan ’e keunst sjen?’ Syn ynset, as (taal)keunstner, is net heech genôch. Hy bliuwt sels bûten skot. Yn syn poëzy wurdt omraak sjoen en skôge. Guon (filmyske) bylden sjochst sa foar dy. Hiel even kom ik as lêzer yn de bekoaring. Mar Steven Spielberg is tichteby as David Lynch. It patetyske wint oan krêft: ‘Hotelkeamers sjogge út op tinten en / kampen, tichtset mei skriktried, ryk fan / hannel yn fleis en minsken. Eagen oer / it stek sinke wei as boaten yn ’e nacht.’ De balâns opmeitsjend moat ik sizze dat syn Dichter fan Fryslân fersen it sawol artistyk as ynhâldlik ôflizze tsjin syn iere wurk. Dat lit oertsjûgjend sjen wat Hettinga yn syn mars hat. De Gysbert foar dizze samling fersen is wat my oanbelanget in snútslach foar de Fryske Literatuer.

*

Eeltsje Hettinga wie Dichter fan Fryslân, 2017-2019. It bekroande wurk is nei te lêzen op: www.dichterfanfryslan.nl

Mear fan Elmar Kuiper

Holiday Inn Fragmintsje fan Elmar Kuiper
Business Park
It ferhoar Ienakter fan Elmar Kuiper
Haagsma en Gurbe Ienakter fan Elmar Kuiper
Autonomy is in posysje under fjoer fraachpetear mei Elmar Kuiper
Widnersbonkje Fersen fan Elmar Kuiper
Kaleidoskopyske blik op it resinte Fryske fers Nije poëzyblomlêzing!
‘Dream’ en oar arbitrêr barren De romte is keal. In pop draacht in pak fan Gucci. Eva sûget …
Tút fan Judas Politike Haiku I
Bekentenis en oare fersen
1 2