eric hoekstra ferrifelje en bedraaie image

Ferrifelje en bedraaie

Hoe’t it kwea derut sjocht: in supermoralistysk stanpunt

Eric Hoekstra - Fers2 nû. 5.6, 24 maart 2019

By literêre analyse tinkt men meast oan foarmanalyse, wylst de kar fan ûnderwerp frij is. Ommers, de skriuwer mei sels witte wat er skriuwt en de lêzer mei sels witte wat er lêst? Ja? Ja en dochs nee. De essinsje fan de frije wil, yn myn opfetting, is dat men der foar kieze mei om dingen te dwaan dy’t net goed binne. Yn dy sin is de kar fan ûnderwerp frij. Mar as tajûn wurdt dat der goed en kwea is, ek yn de ynhâld fan skriuwerij, dat folget fuortdaalks dat men skriuwe moat wat goed is, wat goede psychologyske frucht en gefolgen hat. Yn dy sin moat skriuwerij lju sjen litte wat goed is, en kwea foar it deiljocht lûke. Dêrmei nim ik no in moralistysk stânpunt yn.

Mar sûnt de jierren sechtich sit moraalskriuwerij yn it ferdomhoekje. Dat komt omdat de moraalskriuwerij sa’t dy doe bestie ta klisjee ferwurden wie. De reaksje fan ’e sechtigers wie foar in part om troch kreativiteit de moraalskriuwerij wer op it hege peil te bringen dêr’t se sûnt de dagen fan Cats en Shakespeare thúshearde. Mar folle sterker wie de reaksje om it kwea in stim te jaan, net om it te begripen – want dat is goed – mar om it kwea te rjochtfeardigjen – en dat is ferkeard – . Dêr komt by dat goed en kwea op allegear wizen meiinoar ferknotte binne, omdat sels frij goeie minsken it kwea yn harsels hawwe. Of sa’t in ferneamd filosoof sein hat: “Wêrom size jo dat ik goed bin? Allinnich God is goed.” Wa’t dus de knotte fan goed en kwea út ’e tiis helje wol, komt der licht op út dat er it kwea priizgje sil. Dat is yn feite mei de literatuer bard as wy nei de ynhâld sjogge.

Allegear morele, sosjale en oarssoartige wetten binne no fierhinne ûntbûn. Dat hjit postmodernisme. Yn dy postmoderne leechte wurde wy twongen om fierder te reizgjen. It paad werom is útwiske. Wy reizgje by nacht om de Boarne te finen, inkeld ús toarst jout ús ljocht op ús paad, sa’t in liet fan Taizé seit. De Boarne is de Kennis fan Goed en Kwea – en no binne myn haadletters ek op. En wa’t dy kennis net hat, sil op oarmans wetten ôfgean moatte, of sels op Gods wetten.

Mar, sil in lêzer sizze, elkenien sil ommers foar it goede kieze! Jawis! Mar it is de keunst en ken it ferskil tusken goed en kwea. Oars sille jo foar it kwea kieze, wylst jo tinke dat dat kwea it goede is. En dêrmei kom ik ta myn kearntema. It giet der by moraal­skriuwerij net om en ferkeapje klisjees oer goed en kwea. De wiere taak fan moraalskriuwerij is it en lûk de bedraaier syn masker ôf en lit de ûnhuerens sjen dy’t derefter stiket. Mei oare wurden, bedraaierij en ferrifelderij is in foarnaam tema fan moraalskriuwerij. En itselde jildt foar serieuze satire, dat ommers ek as doel hat om te sjen wat der efter moaie maskers ferburgen is. Yn dy sin binne goed en kwea ferknotte.

En dit giet fierder: by in psychologysk portret kin in auteur sjen litte hoe’t goed en ferkeard har yn in minske tainoar ferhâlde, hoe’t in minske him altyd ta in hichte bedraait en yn himsels fersint, altyd tinkt dat er better is as dat er is. En dat docht bliken op krusjale mominten yn syn libben, as er hifke wurdt. Dan krije wy moaie romans. Lykas it ûnderskatte masterwurk, dy bestseller fan Ulbe van Houten, De sûnde fan Haitze Holwerda. Subtiler is it kwea yn it portret fan Cuperus fan it gjirrige selsfoldiene steltsje oan it begjin fan De Kleine Zielen, at se in gast krije en bang binne dat dy mei ite moat. Yn it psychologyske is selsbedraaierij in foarnaam tema: de minske dy’t tinkt dat er goed is en goed docht, mar yn feite himsels te fiter hat. De basis fan dat portret is al te finen yn de útspraak “Hear, ik tankje Jo dat ik net bin as de oare minsken, dieven, troubrekkers en ferkeard folk, of as dy bankman dêre.” (Lukas 18: 9-14).

It is ek dreech om jinsels net as in goed minske te sjen, as je in bytsje goed dogge of tinke te dwaan. De hypokryt is al sûnt de âldste tiden in objekt fan spot by de Griken en fan ferûntweardiging by de Joaden. “Ken josels”, stie op de tempel fan ’e Griken foar de god Apollo. Mar kenne is passyf, it ferplichtet ta neat. De duvel kin himsels ek. De Joaden fetten hat filosofy gear yn in aktivere foarm: “Hâld fan God en meiminske”.

En sa komme wy werom by goed en kwea, en bedraaierij en selsbedraaierij as by útstek it tema dat de literatuer ha moatte soe, as in morele ymperatyf. Selskennis is no net mear in doel op himsels, noch foar minsken fan fleis en bloed noch foar karakters op papier. It is in middel om in better minske te wurden. Mar dit sil in postmoderne skriuwer net aksepteare kinne, want dy achtet goed en kwea relatyf en subjektyf. Oant der by him ynbrutsen wurdt fansels. Want dan blike goed en kwea wis wol te bestean. Of as er sels dingen útheeft, dêr’t er kjel fan wurdt. Mar goed en kwea sitte net inkeld yn it yndividu, mar ek yn ûnbewuste mienskiplike wearde-oardielen fan in kloft yndividuen, fan in folk, fan in kultuer, fan in maatskippij. Dêrom kin literatuer ek it kwea yn ’e maatskippij ûntmaskerje, sa’t sjoernalisten yn it ferline noch wolris diene, mar no folle minder.

In skriuwer kin dat ek, troch sjen te litten hoe’t kollektive foaroardielen yndividueel kwea tewei bringe of dermei ferknotte binne. De Max Havelaar hie folle nijsgjirriger west as Max Havelaar ek syn eigen yndividuele misbrûk fan ‘e koloniale sitewaasje meinommen hie. Jef Geeraerts hat yn Gangreen in boek skreaun dat de feiten werjout oer syn oan seks ferslaafde libben yn Kongo, mar sûnder ta in morele ôfwaging te kommen. Yn dy sin is syn wurk amoreel, der sit gjin analyse yn, gjin skuldbesef (hy hie medisinen tsjin geslachtssykten, mar hiene syn prostituees dat ek?). Mei oare wurden, frijheid is gauris de frijheid ta it kwea, en dat is oare koeke as it idealisearjende frijheidsgeleuter dêr’t de jierren sechtich har mei ôfsetten tsjin de stive en dochs wat leafdeleaze ginneraasje foar har.

Sa komme wy as fansels by de ‘skelmeroman’ út. Yn de skelmeroman wurde de manipulaasjes fan in smjunt sjen litten, lykas yn myn eigenste ‘Kening fan ’e Junks’. Mar in skelmeroman, alteast mines, is oerflakkich. De smjunt sels kriget gjin djipgong en wy laitsje om de lju dy’t har bedraaie litte, want wy achtsje ússels wizer as harren. De skelmeroman ferûnderstelt al de moraal as in diaposityf dêr’t de smjunt him neat fan oanlûkt. De slachtoffers lykje faak te fertsjinjen, troch har eigen ûnnoazelens, dat se bedraaid wurde, dat sadwaande mist ek de empaty.

Is der dan net in smjunteferhaal mooglik dêr’t wy empaty mei dieders en slachtoffers fiele? Dêr’t de dieder sels ek wer slachtoffer is? En oan de ein fan syn libben mei himsels yn it reine komt? Ja sokke ferhalen binne der. Yn oare bydragen, mear empirysk, wol ik sjen litte dat it bibelboek Genesis fol sit mei ferhalen dy’t as wichtich bestânddiel hawwe it tema fan bedraaierij en selsbedraaierij. Oars sein: de aartsfaders Jacob en Abraham binne smjunten, mar smjunten mei djipgong, en úteinliks krije se djipgong troch har lijen en trochdat se úteinliks de relaasje mei de minske keppelje oan de relaasje mei God. Dêr in oare kear dus mear oer.

Mear fan Eric Hoekstra

Twa gedichten
Rie fan Benjamin … en oare gedichten
Rie fan Ben-Jamin Libet Dêr’t lefferts har net weagje / kinne helden skatten fine
Letterkunde op ’e skopstoel en der wer of Don’t shoot the messenger. En fansels, de messenger kin mis wêze.
Reaksjes op Fers2 In debat is nedich as der in probleem is en dat sjoch ik hjir net.
Letterkunde II Yn in eardere bydrage ha ik konstatearre dat de wittenskip mei de namme Letterkunde it minst foarútgong boekt hat fan alle wittenskippen …
Letterkunde Wat bepaalt hoefolle status as in wittenskip hat? Twa dingen. Jild en Wiskunde.
Wat is it underwerp, it doel en it nut fan de wittenskip? Ik bou no’t alles falt in kantich hûs foar jo/ (jo binne al sa fier, ik sis net langer ‘do’)
Oer it hoe, wat, wêom fan de wittenskip Geasteswittenskip