image Elmar Kuiper: Haagsma en Gurbe ienakter

Drama

Haagsma en Gurbe

Koarte ienakter

Elmar Kuiper - Fers2 nû. 7.2, 11 april 2021

Der lizze oeral papieren oer de flier, mei bloedspatten derop. Gurbe, ferklaaid as begraffenis ûndernimmer en tusken Mickey Mouse-earen, stiet mei in luchtbuks yn syn hannen. Haagsma hat in mansjester jaske oan en in strik om. Hy stiet foaroer en leunt mei de hannen op ’e knibbels.

HAAGSMA

At ik dit witten hie wie’k der noait oan begûn.

Dan soe’k no yn in yacuzzi lizze, mei in bloody mary en in lekkere chick derby.

Oan dy ha’k neat.

Wa hjit der no Gurbe?

De baarch fan myn buorman hjit Gurbe. [Gnoarret as in baarch.]

Der binne grinzen Gurbe.

Grinzen.

En dy hasto berikt.

Wat sis ik, dêr bisto fier oerhinne gien.

Ik ha dy allinne mar tekst jûn.

Mar do swijst as in deagraver en rinst mei in luchtbuks om.

En do jeist my samar in kûgel troch de bealch.

Ferdomme Gurbe.

Wa hat dy sa oanklaaid.

Stripfiguer, doch dy mâle earen ôf.

Hasto ynstruksjes fan in hegere ynstânsje krigen?

[kreupelskonket nei Gurbe.]

Ach fansels.

Dat meisto net sizze.

Wat bist ek in aaklich formeel mantsje.

Bah.

Soest my de papieren jaan kinne?

Ik moat wer fierder.

[Gurbe sjocht op it horloazje.]

Wat sitst no te sjen?

At myn tiid derop sit, dan sit myn tiid derop.

Dat is gjin hegere wiskunde Gurbe.

Sil ik dy ris wat fertelle?

De tiid is betocht.

En alles wat betocht is is fertocht.

Ja, dêr kinst oars oer tinke.

Mar it is sa.

Punt út.

[Gurbe set de buks del en rommet stoisynsk de papieren op.]

Wurkest my knap op ’e senuwen.

Sis do mar hoe’t it fierder moat.

Gryp dyn kâns.

It kin no!

Ik doch net mear mei.

I am out of play.

Motherfucker.

Romje dy ferdomde buks op.

Wa hat dy in buks jûn?

Kees fan nûmer 13 hat in jachtfergunning, mar dy mei my wol lije.

Do kinst net mei in buks omgean.

Beslist net.

[Gurbe hat de papieren op in steapeltsje lein.]

Hasto noch suggesjes foar it stik?

Moat it in izige sfear krije?

Sitte der te min frijsênes yn?

It bettere rampestamp wurk ha’k der út litten.

Bewust dien Gurbe.

Oars wurdt it sa plat, dat snapst ek wol.

Is dat it?

Bist dêrom sa lilk op my?

Hee man, ik ha dy de earen net oan ’e kop naaid.

Ik ha dy dit mâle pak net oanlutsen.

Dat hast sels dien.

[Gurbe bliuwt stean en docht de earms oerinoar.]

Wa moat der eins stjerre?

No? Sis it dan!

Ast neat seist meist likegoed fertrekke.

Hallo, do meist wol gean.

Ik rêd my wol.

Joehoe, ik ha it tsjin dy.

Nim dat kutding mei, asjeblyft.

[Gurbe kriget de buks op, rjochtet de loop op Haagsma en sjit.

Haagsma falt oer de flier.]

Au, au…

It is gjin sjittinte hjir, Gurbe.

Wêr ha’k dit oan fertsjinne.

Ferdoarje. Hé! Hé!

Sis ris wat!

It is myn skuld net dat it sa rint.

Moat ik dy tekst jaan?

Hast in hekel oan dy Mickey Mouse earen?

Skuor de freet ris iepen man!

Wat kin sa’n kutkûgel gemien wêze.

Meitsje my dan ôf, toe dan!

Ferlos my.

[Gurbe jout de buks oan Haagsma, giet ôf.]

Mear fan Elmar Kuiper

Bekentenis en oare fersen
Bekentenis en oare fersen Ik ha genôch triennen, se drûgje/ fansels op, lykas it lân …
Fjouwerlûk fersen De grûn rydbosket. / It tilt op fan fretterige wêzens.
Ut de bondel Stienkeal wat is de pine fan in man dy’t seit / dat it kwea yn him waakst
Ut de bondel Stienkeal hurd en keal wie de kont fan de foarútgong / doe’t ik him rûkte
Twa gedichten ut ‘Hiemsiik’ koe ik spyt mar as in sânkastiel fuortspiele litte de kiel/ fan ’e kobbe tichtknipe…
Twa nije gedichten! it reint der samar hinne en ik sis net/ dat it kloatewaar is as ik de tosken/ poets…
Fjouwer gedichten komst wer thús as in hûn dy’t de tonge rôlje/ lit oer in rau steed wolst der oer sjonge…
1 2