image In Ried foar de Keunst

Opiny

In Ried foar de Keunst

Keunstbestjoer kin net sunder in offisjele, unofhinklike, selsstannige, saakkundige advysried

Friduwih Riemersma - Fers2 7.3, 17 juny 2021

Alle oerheden mei keunstbelied, ryks- en lokale oerheden, ek yn Afrika, mar útsein Fryslân, hawwe in Ried foar de Keunst, lykas dat se hendikeptenadvysried hawwe. Dy hat Fryslân ek net, is sa. Mar it prinsipe is: boargers mei in funksjebeheining ha in spesjaal ferlet fan ekstra beskerming sûnder beskoalmasterjen, dêr’t sysels it meast ferstân fan ha en in oerheid moat net mei dy boargers stunte. Keunst hat in spesjaal ferlet fan ekstra beskerming sûnder bemuoisucht en burokrasy, dêr’t keunstners sels it meast ferstân ha, mar ús provinsjale oerheid rieplachtet har net en nimt it iene desastreuze beslút nei it oare. Sûnder in keunstner wat te freegjen skreaune se it kultuerbelied Nij Poadium.

Net ûnferwacht giet dat beliedsbrief oer poadiumkeunst. Besteande kulturele artefakten en keunststikken moatte bewarre en útstald yn museums en bibleteken, dat wol. Mar kwa nij beheint it poadium him ta toanielspyljen, sjongen en dûnsjen, dus opera, drama, gûchelje, mym, spoken word, foardracht of prate foar publyk. Skilderjen, ets- en oar printsjen, fotografy, byldhouwen, land art, strjitkeunst en graffiti, body art, skriuwen, fractal- en piksel- en krússtekjeskeunst, dichtsjen en alle mixed media en cross techniques blike bûten it boekje tocht. Boppedat, Nij Poadium wol hielendal gjin kwaliteit mar tamboerret fernijing. Dat komt likemin ûnferwacht.

Want alle plattelânskriten dy’t ferearmje sjogge toerisme en mei klam festivals as brânhurden fan ferjonging. De lêste dessennia is it ekonomysk en sosjaal rêdwurk aloan feroare, mei ekonomyske delgong en ûngeunstigere demografy—brain drain—fan gefolgen. It kulturele haadstêdevenemint is mislearre. Al is ‘legacy’ in hurde eask fan ’e Cultural Capital-baas Europeeske Kommisje, der bleau neat oer. En dat kaam net fan de pandemy en it ôfskoatteljen fan it lân. It kaam om’t se alle performers út it bûtenlân hellen. Sjonger/toanielman Gerrit Breteler hat hieltyd tsjin de provinsje sein dat keunstminners dan gjin reden hawwe om nei Fryslân ta en jo bouwe hjir ek neat op: ’t is kulturele kapitaalferneatiging. Fluitsjend, mei de fingers yn ’e earen lûkt Nij Poadium namste fûler oan fernijing.

In de Friese letteren zien we de afgelopen jaren onvoldoende vernieuwing

Wat willen wij bereiken?

(…)

Meer creatieve, innovatieve producties en uitgaven in de Friese letteren

Fryslân als ‘Taalproduksjehûs’: er zijn activiteiten en samen­werkingsverbanden op het snijvlak van kunst en taal en er wordt volop geëxperimenteerd en geïnnoveerd binnen de Fryske letteren

(…)

Wat gaan we doen?

(…)

Talentontwikkelingstrajecten starten voor Friese schrijvers, met ruimte voor experiment en innovatie.

Dus talintûntjouwing moat it probleem fan gjin-fernijing oplosse. Talintûnjouwing is in HR-ynstrumint. Om personiel produktiver wurkje te litten foar itselde lean jouwe, neffens in ûndersyk fan Deloitte, Amerikaanske bedriuwen jiers miljarden út, sûnder dat it helpt. Yn myn 6 jier keunstakademy haw ik it wurd talint nea heard; men naam oan dat studinten 40-50 oeren yn ’e wike wurken. Heal­wizer noch is de provinsje syn rol: “We stimuleren en faciliteren de verhalenvertellers.” De betingst is hielendal ynfantyl: “Voor het vertellen van een verhaal begin je met taal.” Dat hie rjochtset wurde kinnen, troch in Ried foar de Keunst.

Ferhaal bejint—lykas keunst—mei in sosjaal fermidden en in sosjale ûnderfining. Om it ferhaal minder frazjyl te meitsjen en gjin bern, bline, dôve en senior út te sluten (fan it poadium), kerven se 30.000 jier lyn yn Afrika it ferhaal yn ûnbeweechlike rots. De rotsmuorregravueres binne de âldste minsklike utering fan ’e wrâld. Noch altyd like helder fertelle se oer it sosjale libben fan de minsken. Dat hie, om it Nij Poadium-belied in knikje oannimlik te hâlden, ynbrocht wurde kinnen troch in Ried foar de Keunst.

In polityk beliedsstik is by útstek storytelling. Ommers yn in beliedsstik rjochtfeardiget de oerheid syn hanneljen. Nij Poadium is amper belied, want it mist in kar foar in takomst; it is in gearswylsel fan byinoar lobbyd—sûnder breanedich iepenbier lobbyregister—emploai. Likegoed bringt elke beliedsnota, mei syn strategyske formulearring fan knyppunt, doel en oplossing, in narrative op gong. Sadwaande (ûnder)bout it nije technologyen en hegemonyen en sensurearret it samar de krityske stimmen. Tsjin dy Fatikaan-taktyk hie warskôge wurde kinnen, troch in Ried foar de Keunst.

Dan rept Nij Poadium fan in ‘adviescommissie Kunst’. Dy advys­kommisje Keunst bestiet net echt. Poadiums binne sinistere plakken. Om de geasten te mislieden winskje jo de akteur nea súkses, tink derom, mar ‘brek in skonk’, jo fluitsje net efter de skermen en op in donker poadium litte jo in spoekljocht skine, want jo witte mar nea. Der bestiet in adviescommissie Musea Fryslân en in advies­commissie kunstinfrastructuur Fryslân. De leden binne anonym, hoewol’t de regleminten fan beide kommisjes gjin anonimiteit fan kommisjeleden easkje. Wêrom binne se net bekend makke oan de boarger? ha wy de provinsje frege. En binne de leden fan ’e kommisjes wol bekend by de folksfertsjintwurdiging? Ja en nee: as jo de provinsje maile om de leden, krije jo in tillefoantsje mei útlis yn hokker dokumint oft de nammen stean en dan is it noch sa’n fiif minuten sykjen.

Beide kommisjes binne, seit har reglemint, in tsjinst subsydzje­takenning. “De commissie adviseert gedeputeerde staten over de beoordeling en rangschikking van de aanvragen aan de hand van het vastgestelde toetsingskader voor [museums of oare kulturele klups] op basis van de subsidieregeling via een door gedeputeerde staten vastgesteld scoringsformulier.” Neffens Nij Poadium en flankear­jende stikken ha se de kommisjeleden socht mei ûnôfhinklikens en saakkundichheid as wichtichste mjitstêven—saakkundich yn wàt stiet der net—en it hifkingsramt is ûntwurpen yn petear mei it fjild. Dat fjild is net it keunstfjild. It binne de stiftingen en BV’s dy’t jiers de grutste bedraggen oan kultuerstipe oanfreegje: museums, poadiumútfierders, festivals. Dy prate mei de provinsje oer har eigen subsydzjeweardigens. It Kazematten­museum, Tryater en Oerol produsearje net needsaakslik keunst. Fernije dogge se net.

In natuerwet is, sizze blockbusterregisseurs: eksperimint noasket it grutte publyk net. Hoe lang ek de rigen foar it Van Goghmuseum, it sealtsje mei syn sketsboeken is altyd stil. Dêr leit de lûdleaze, groteske, morbide ûnwissens foar jo, dy’t jo de keunstner net op hoege te lizzen om’t it ommers de kearn is fan keunst. Mar stilte, dy BFF fan ’e dichter, is de grutste fijân fan de kaartsjeferkeaper.

Dochs neamt Nij Poadium ‘kunst’ yn twa ‘ambities’ fan de acht. Ien giet oer kultuerpartisipaasje, dus dat it folk nei de oerheidsstipe museums, bibleteken en iepenloftspullen ta giet, oars stypje jo dy omdôch. “Cultuurparticipatie en amateurkunst dragen bij aan de leefbaarheid en geluk in onze provincie, dragen bij aan brede welvaart.” De oare wol in “sterke kunstinfrastructuur als continue factor voor een bloeiend en toekomstbestendig artistiek klimaat in Fryslân.” Lykwols is net keunstynfrastruktuer de kearn en net artistike bloei it doel: “Uitgangspunt is artistieke kwaliteit als voorwaarde voor maatschappelijke impact.”

Aha. ‘Social impact’ is in nij moadewurd út it bedriuwslibben. Alleman struit der rju mei, 1710 miljoen risseltaten op Google. It betsjut dat beskaat dwaan of litten ynfloed hat op inkelingen of ploegen minsken. Bedriuwen kinne har tsjinst ferbetterje om’t se sekuer ynvestearje kinne yn in beskaat aspekt, as se it effekt fan har wurk op ’e konsumint kenne: as se it effekt mjitte. Is it in duorsum effekt? Wa profitearret derfan? Hoefolle minsken profitearje derfan? Op hokfoar manier profitearje se derfan?

Mar, it hifkingsramt fan de mysterieuze advyskommisje Keunst dy’t oanfragen foar 4-jierrige stipe hifket fan muzyk- en teater­selskippen, festivalbazen en “netwerkorganisaties”, omfettet ‘kwali­teit’, ‘professionaliteit’ en ‘ondernemerschap’—net effekt. De kritearia binne fakmanskip, sizzenkrêft, oarspronklikheid, fernijing, publyksberik, publykswurking (i.e. beskaving), tagonklikheid, gearwurkferbannen, ynhâldlike profilearring (‘dat jout jo organi­saasje in gesicht dêr’t jo goed mei yn byld komme by jo klanten en oare stakeholders’), talintûntjouwing, sichtberens, (ynter)nasjonaal oparbeidzjen en maatskiplik effekt. It lêste “heeft met name betrekking op educatie. Educatie is een belangrijke manier om het cultureel erfgoed onder de aandacht te brengen van de nieuwe generaties.”

Der sit gjin miljeu-, sosjaal of lange termynkritearium by. Oer­heden fertsjinsje bêst oan poadiums, troch de hier fan ’e lokaasje, fergunningen, btw de softpower fan popkultuer: lit poadium­ikoanen meiiens it polityk boadskip bringe. De lokale bedriuwen sette personiel yn, dogge de befeiliging, materiaalferhier, foar­sjenningen as wetter, stroom en de jiskeman. Mar ûndersyk lit sjen dat festivals soms de pleatslike bewenners útslute, oerkommersja­lisearring hiel wat events bedriget, faak fersmoargje logo’s de ferstivalhoarizon, en dan binne er noch de sosjale kosten fan de weagen festivalgongers. Ek sit der gjin inkeld artistyk kritearium by.

Jo soene sizze kinne, dat hoecht ek net. Artistike kritearia binne fragen—nei yntinsje, oftewol lit de keunstner mei syn wurk in útdruklike tawijing sjen om beskate útsûnderlik doelen te heljen, nei fokus, linichheid, foarm, útbylding dus draacht it wurk bestjutting op in net fuort dúdlike, betsjoenjende manieren, nei fantasy, autenisteit, wille, minsklike betsjutting, kontekst, en nei krityk oftewol prigelet it wurk ta debat—fragen dy’t jo stelle moatte om losse keunstwurken te wurdearjen. Dat docht kultuerbelied net, want dat skept inkeld kondysjes. Mar as belied kondysjes skeppe wol foar keunst, en net foar net-keunst of sabearekeunst, en de noarmen fan poadium­produksje en -konsumpsje weinimme om keunst romte te jaan, dus de keunstner net lykstelle mei de poadiumûndernimmer, foar in ‘sûn keunstklimaat’ , hoe kinne jo dat belied dan skriuwe folslein sûnder artistike standerts?

Dat kin om’t provinsjes eins nea keunst dogge. Keunstbelied is in besonje fan ryk en gemeenten. De ynhâldlike kennis fan keunst en it strategysk kwaliteitsmanagement (lykas noarmstelling) op keunst­mêd ûntbrekke by de provinsje sels, wat net slim is, en ek by syn ynstituten en dat is wol slim. By it lettereynstitút Tresoar rint net ien om mei kennis fan keunst. Semy(ûn)ôfhinklike organen lykas It Skriuwersboun hawwe lytse, sterk wikseljende bestjoeren dy’t histoarysk gjin gebrûk meitsje fan ynhâldlike en bestjoerlike kwali­teitsferheging. Op ’t heden witte se neat fan keunst noch fan keunst­bestjoer; har swijend ynstimmen mei Nij Poadium liet dat al sjen. It Skriuwersboun syn wurkwize is likemin as dy fan ’e oerheids­ynstituten iepenbier.

Boppedat is earst de adfisearjende rol fan ynstellingen net reglemintearre en twad, beheine de—oerheidsstipe—ynstellingen har ta advys op fersyk & yn in net-krityske rol—nee sizze weagje se net. De ûndernimmersoanpak en groeiende technokrasy fan de provinsje klaaie de demokrasy út. Yn in demokrasy komme it gesach en de legitimiteit fan de oerheid út de ferantwurding dy’t belieds­makkers ôflizze oan de boarger. De fiergeande frijbliuwendheid fan de boarger syn advys is dêr stridich mei. Foar legitime beliedsbesluten moat de oerheid op geregelde basis nei de boarger en syn sivile ekspertize-organen harkje.

Wilens is de druk op keunst yn ’e literatuer hurd opfierd. Mei’t Fryslân op de toeristyske kaart set moast, kamen der nije buro­krasyen neist de lettere-apparatsjik Tresoar: Obe en de City of Literature. De boarger dy’t wat wol rint stomp yn op massa & leechdrompelichheid—kaartsjeferkeap—rjochte stipepraktiken dy’t karnaval begeunstigje. Mei de grutste muoite koe útjouwerij Grotesk ferline jier oerheidsstipe krije foar in masterclass poëzy, ek al paste dat projekt perfekt yn it belied: “Talentontwikkelingstrajecten starten voor Friese schrijvers, met ruimte voor experiment en innovatie.” Festivals ferdriuwe lytse, ûnôfhinklike poadiumkeunst, om’t dy performers likemin as literêre keunstners organisearre binne. De boarnen wurde oanboare foar de produktive sfear: dit belied kweket in grut tekoart oan oefenromte, om’t it eat krekt keunst neamt as it op it poadium stiet.

Gearfetsjend, wol de provinsje neat witte fan keunst, dan is de keunst better ôf as it kultuerbelied keunst bûten beskôging lit. Keunst hat der neat oan as de provinsje it inkeld neamt om it belied prestiizje te jaan en tagelyk de nivellearring útwreidet ta nije foarmen fan berongjen.

Wol de provinsje de keunst dochs romte jaan, dan kin it keunst­bestjoer net sûnder in Ried foar de Keunst. Sa’n Ried is selsstannich, saakkundich yn it keunstfak en ûnôfhinklik. Sa’n Ried is net in polityk orgaan. In Ried foar de Keunst moat in iepenbier makke ynrjochting en wurkwize hawwe, in reglemint fan oarder. De Ried advisearret op fraach fan de oerheid of op eigen inisjatyf. Syn advizen binne net binend en dochs moat de Fryske oerheid by in beliedsbeslút wol (publyklik) beärgumentearje wêrom’t se it advys net folgje. De Ried is iepenbier, hat in eigen webside mei tillefoan­nûmer. De Ried is strategysk. Syn foarnaamste rol is om it Fryske provinsjebestjoer en de folksferstjintwurdiging rie te jaan oer strategyske keunstbeliedssaken. De Ried wurdt oanmoedige om ynformaasje en rie te jaan, oft dy ynformaasje en rie no wol of net kritysk is oer it steande belied. De Ried hat dizze taken:

  • de maatskiplike ûntjouwingen folgje en ynterpretearje
  • bydrage oan it foarmjen fan in beliedsfisy
  • út eigen beweging of op fersyk advys útbringe oer de haadlinen fan it belied
  • advys utbringe oer foarûntwerpen fan dekreet (feroardering)
  • út eigen beweging of op fersyk advys útbringe oer útstellen fan dekreet
  • út eigen beweging of op fersyk advys útbringe oer beslút­ûntwerpen fan it Fryske provinsjaal bestjoer
  • beliedsbeskôgingen leverje oer de by de Fryske Provinsjale Steaten yntsjinne beliedsnota’s en -brieven
  • út eigen beweging of op fersyk advys útbringe oer konseptnota’s en diskusjestikken
  • út eigen beweging of op fersyk advys útbringe oer ûntwerpen fan konvenanten om op te arbeidzjen, dy’t de provinsjen slute wol mei oare mienskippen en regio’s en oer ferdraggen dy’t taret wurde
  • út eigen beweging of op fersyk advys útbringe oer beliedsfoar­nimmens, beliedsplannen en regeljouwing dy’t taret wurdt

It doel fan in advysrie is om it provinsjebestjoer by steat te stellen om advys te krijen oer belied of knyppunten fan in spesjaal selektearre ploech boargers dy’t, nei it oardiel fan de faklju yn it fjild, de relevante ekspertize, ynteresse en eftergrûn hawwe om advys te jaan dat goed ûnderboud en betrouber is en dat adekwaat de stânpunten fertsjintwurdiget dy’t holden wurde yn de relevante segminten fan de bredere mienskip, dus Fryslân syn lytse, mar noch libbene keunstwrâldsje.

Ek as der gjin bedriging, ferfolging, sensuer, finzen setten of moard is, moat de oerheid de frije romte fan keunst aktyf beskermje. Nij Poadium seit dêr neat oer. Dat gapjend beliedshiaat hie folle wurde kinnen, troch in Ried foar de Keunst. Foar it wolwêzen fan maatskippijen en minsken, mar fral deagewoan om keunstners har wurk dwaan te litten, is artistike frijheid ûnmisber. Dy frijheid is wif, as net in Ried foar de Keunst de beliedskwaliteit garandearret, rânebetingsten op papier set, doelen útset foar in takomst fierder as ien koalysjetiidrek, en ta in ûndûbelsinnige kar oantrúnt.

Mear fan Friduwih Riemersma

In mûlfol treast foar de majesteit (Ferhalen) Safary
Trije ruterfersen en de taak fan ’e oersetters In pear jier lyn op in ûnferwachte sinneskyndei sieten wy mei gleskes tee en in steapeltsje wurdboeken bûtendoar
De Starumer fisk fan Apollo De sinne kaam, de sinne sonk,/ ’t lân bleau yn ’t stedske skaad.
In mûlfol treast foar de majesteit (Ferhalen) Wjirmgat
Steatsliteratuerprize­sjuerys Steatsliteratuerprizesjuerys: rôlje dy marris út mei galchke! De Gysbert Japicxpriissjuery, de priis dy’t it provinsjebestjoer fan Fryslân útrikt …
In mûlfol treast foar de majesteit (Ferhalen) Offer
That’s all they really want/ Some fun Kapstok fan Tsead Bruinja
Radikalisearring yn de man cave De Schurerlêzing
Tsjinwynkronyk 2018 #4 It fjirde en lêste fearnsjier fan it kulturele haadstêdklapstik wurdt it stadich dúdlik dat it aansen om is, sûnder ‘legacy’, sûnder …
‘wat bin ik sels, wat is in oar’ It oeuvre fan Sjoerd Spanninga
1 2 3 4 5 6 7 8 9 10 11 12 13 14 15