name

folgje ús

Facebook Twitter Instagram

I.M.

In sjarmante mjuks fan kontradiksjes

In Memoriam Josse de Haan, 20 jannewaris 1941 - 31 oktober 2020

Friduwih Riemersma - Fers2, 1 novimber 2020

 

image

 

 

De Rykswei yn Hjerbeam lei like ûnmjitlik as de simmer­fakânsje te dampen foar ús slachskaad. It is in Chiroco-esk byld dat ik oerholden haw fan trije wiken lang útfanhúzjen by myn kammeraatske Josselyn yn 1970. Klearder is de kontoer fan wat ik net seach: myn gasthear, Josse. Dy siet yn de legere skoalle dêr’t er as haadûnderwizer de kaai fan hie en skreau de dagen fol.

Josse de Haan waard yn 1941 berne yn Peins, yn in húshâlden oan ’e ûnderkant fan de mienskip. De rykskweekskoalle wie syn maatskiplike ljedder. In iepenbiere ûnderwizer moast in protte parate kennis hawwe. Mar sosjale stiging wie net yn oerienstimming mei de godlike oardering: it soe nea mear goed komme tusken De Haan en de “frekte griffo’s.” As eigenmakke man wie De Haan in begjinner fan tsjinbewegingen. Hy wie mei-oprjochter fan twa fernijende útjouwerijen en fan Operaesje Fers, de Fryske foarrinder fan dial-a-poem. Yn goed fjirtich boeken skoep De Haan in mozayk fan brieven, dokuminten, fragminten fan kollega’s, fiksje en boppe-al autofiksje—hy wie in fassinearjend sels-mytologisearder; in held wurdt sa grut as it antagonisme dat er tsjinkomt. Op syn sechstich­ste joech er him del yn Baskelân, tsjin syn turbulinte aard yn, en stridich mei syn subversyf idee fan literêre skjintme akseptearre er de Gysbert-Japicxpriis. Mei in liif fol útsieddingen fan slokterm­kanker lei er de lêste hân oan syn magnum opus Passys. Op 31 oktober 2020 gie er dea.

Us lêste e-mails—pas yn oktober krige ik net langer antwurd—giene oer itjinge dêr’t ús petearen steefêst bedarren: de leafde. Alhoe’t Freud, dy’t de surrealisten ynspirearre, de frou foarstelt as gefaarlik, ferwachtsje fan De Haan gjin kastraasje-eangst. Hy leaude oan de romantyske leafde. Op in túnfeest naaide er út mei syn muze, myn muoike Ren, en nachts skreaune se tegearre hûnderten fersen, fertelde er, op húskepapier. Net lang dêrnei wie Ren dea. Dy skrinende ferbining fan eros en thanatos sil makke ha dat it surrealisme nea in politike missy waard foar De Haan—en perfoarst net de dizige mystike tastân út it Fryske wurdgebrûk—ommers sadree’t eat sein is hâldt it op te wêzen wat it wêze wol. Surrealisme bleau by De Haan tink ik altyd in rêstleas ûnderfinen en uterjen en wer fierder.

Ferrast de rigel “in keatsbal is in fers sûnder wurden” dan? Want jo sykje om de jongesdream as fisuele ôfbylding fan ûnbewuste langst mei fansels seks sintraal dêryn. Mar it lit planút in ambacht­like keunstopfetting sjen, en dat in fers eat is mei wurden. Ek ûnferwacht is De Haan syn tawijing oan de literatuerkrityske oanpak dy’t er learde op MO-Nederlânsk yn Amsterdam, de close reading: “Dy metoade spruts—en sprekt—my oan, foaral troch syn objektiviteit.” Dat is yn direkte tsjinspraak mei it teheistere sels, de subjektiviteit fan it surrealisme. Noch mear is dat de ûnbaat­suchtichheid yn “in skriuwerslibben yn tsjinst fan ’e literatuer”, de koelkastmagneet-tekst dêr’t se De Haan syn alderlêste boek mei promoatsje.

In Dada-ist wie De Haan beslist net as it oankaam op anty­kapitalisme en ôfwizen fan keunst as konsumpsje. Want al woe er Frysk wurk flink oerset ha nei dominante talen, “it grutte probleem yn de Fryske letteren—hoe krije jo yn de goedichheid Fryske literatuer en benammen proaza, yn oersetting op de Nederlânske, c.q. bûtenlânske merk?” Tagelyk wie er de man fan de episoadyske memoarje, mei it ivich tiidreizgjen en it besef fan himsels op dy mentale tiidline:

Yn maaie wurdst santich. Ik sil dy skilje, en wy hawwe it faaks even oer it jier 1970 (…). Ut en troch hellen wy by buorman Jopie Huisman in slokje. Dy tiid!

Krektsa wolle wy him ûnthâlde: de minsk-obstrewearder, har dwaan ûndersykje, de heimenis fan minsklikens iepenbierje, of gewoan tusken maten op it terras, mei ûnderwyl in stim binnenyn dy’t smeket om te ûntsnappen yn iensumens. In hantlanger foar oaren, sels woelich fan binnen, sljocht op sinlike aventoeren, sjarmant, opiniearre ja, mar top fan ’e iisberch: as koe er himsels nea folslein útsprekke, nettsjinsteande in fenomenaal oeuvre fol klaustrofobyske kritiken en razend fatale froulju.