Besprek
In synyske wikiHow foar leafde en gelok
Gedichten fan Tine Bethlehem fan 1955 oant 1995
De lêste sin efteryn de bondel, de lêzer wit it dan al lang, is:
Yn De Spiegel van de Friese Poezie ûnder redaksje fan Pier Boorsma en Teake Oppewal (Meulenhoff, Amsterdam 1995) komt Tine Bethlehem net foar.
It dichtwurk fan Tine Bethlehem foldocht net oan de kritearia fan Fryskeigen. Har gedichten passe net yn de antology dy’t lykas alle nasjonale en etnyske antologyen net sasear spegels binne fan de breedte en djipte fan wat der op in beskaat plak yn in beskate tiid ferskynt, mar fan net oan tiid bûne swide folksessinsje en ideaal Frysk skriuwerskip. Fierder fuort fan essinsjes, idealen en tiidleazens kin Swietroken & koperblazers hast net wêze. Yn de jierren dat tradisjonele noasjes fan foarm en ynhâld feroaren skodhollet it oer it wjukkelen fan abstraksje nei abstraksje—frede, it hillige laitsjen—en it bliuwt konkrete poëzy, sykjend nei wurden dy’t brûkber binne foar op ’e grûn.
De sammelbondel rint fan 1955 oant 1995, fjirtich jier dichtsjen, sadat jo hast as fansels ferskillen sykje tusken doe en no. De tillefyzje kaam. Spikerbroek. Echtskieding. Kin it oars as dat sokke maatskiplike feroaringen trochklinke yn in libbenlang dichtsjen? Oja, it kin hiel oars. Al hat de Spiegel ien stofsûger + teefeegedicht—dat faaks opnommen is om dy moderniteit—yn it earste Spiegel-gedicht wurdt in fanke ferkrêftige en it lêste beskuldiget mar werris Persefone dat hja har frijwillich rôvje litten hat troch Hades.Teake Oppewal en Pier Boorsma, Spiegel van de Friese poëzie van de zeventiende eeuw tot heden (Amsterdam: Meulenhoff, 1994). Fan de mei-inoar opnommen 84 dichters binne 11 froulik. It gedicht mei de stofsûger en tillefyzje is ‘It jonkje’ fan Meindert Bylsma. Yn Obe Postma, dy’t acht siden krijt yn de Spiegel, klinkt likemin nije frijheid fan klaaiïngskar ensafuorthinne troch; úteinlik moat de dichter witte dat de frou it libben tôget.Obe Postma, ‘Wat de dichter witte moat’ [1927], Fan it Fryske Gea XIV, De ljochte ierde (Snits: Brandenburgh, 1929) 29-30. Lit ik dus net sykje om feroaring. Trouwens, de skiften rinne werom yn ’e tiid, as om te warskôgjen dat gronology der yn it libben noch de poëzij ta docht. Yn it earste plak wurde jo konfrontearre mei wat de wurden no yn jo bewustwêzen oproppe, sis mar, en de rest is yntellektualisearjen.
As it libben licht is: nim it,
en leafst: nim noch wat mear.
Garje roazen yn soarten oerdeis
swietroken en koperblazers yn ’e jûn
…
En foar no:
skilje dyn alderleafste leaf
en freegje oft er frije wol
no’t it libben licht is.
De alderleafste leaf seit ja, relaasjes lykje op it earste gesicht net hiel komplisearre en der wurdt hiel wat ôffrijd yn de bondel. Dan komt ‘Gelok’:
Gelok is tajefte
wa wit
hjoed wol, hjoed net
ôfsjoen fan de roas, de klyster, de leafste
myn bankrekken en de sinne:
gelok is tajefte.
It yn it sin bringen fan it kontrast tusken jild en sinneskyn, dy’t yndie beide sjoen wurde as sterke foarsizzers fan in gelokkich sin, soarget foar lichtfuottigens, mar opnij is it in ynstruktive tekst. De ierdske behanneling fan leafde en gelok yn in spesjale tún—roas, klyster, swietroken, sinneskyn—giet werom op de locus amoenus (noflik plak), ien fan de literêre standerttrúks fan de midsieuske ridderroman, dy’t in idealisearre feilich plak foarstelt, gewoanlik mei beamte, gers en wetter. Yn sa’n tún moat de Geleafde syn ûngrypbere Roas sykje yn Le roman de la rose. Dat boek, in (gronologysk) hieltyd mear synyske wikiHow foar de leafde, skimeret net inkeld troch yn Swietroken & koperblazers mei de roazen dy’t de reade trie foarmje. De simpele taal fan de Roman, “Party lju sizze dat dreamen allinne / Mar fabels en leagens binne”,Guillaume de Lorris en Jean de Meung, Le roman de la rose, diel 1, oers. Pierre Marteau (Parys: H. Herluison, 1878) 3, r. 1-2: Maintes gens disent que les songes / Ne sont que fables et mensonges. Myn oersetting. echoot yn
Doetiid, notiid, ier of let
bliuwe goede paden: paden ta ferset.
Ek is de taal sensueel, sels op plakken dêr’t it net ‘rjocht past’. Sa jout yn it ôfskiedsfers ‘Tiid’ de allegoaryske tiid jo de spirituele les jout dat jo tiid brûke moatte, yn de meast platte sin fan it wurd, en
dan is tiid rynsk en rojaal
jins bêste maat.
Dogge jo oars, dan krije jo der spyt fan, is it simpel boadskip. Under de grutte bewurdingen dêr’t de dichter wat oer sizze wol binne tiid en benammen gelok de wichtichste. Gelok: it ôfwêzige tema yn de tweintichste ieuske literatuer, útsein miskien yn de berneliteratuer.
Trali tralom, traliere
fal om
ik stean noch rjocht
in flok, in sucht
ik stean noch rjocht
trali
It koart hippe klankdicht foarby is dit de berneferske-oanpak, tink oan Giro giro tondo (tutti giù per terra!). It bernefers wie it ûntsnappingssjenre foar njoggentjinde-ieuske froulike dichters dy’t yn de folslein troch manlju dominearre poëzy har Weltanschauung net kwyt koene. Unfolwoeksen, net de muoite wurdich: dat joech romte foar eigen ekperimint. Net allinne ‘Trali’ hat de direktheid fan it bernefers. Hieltyd wer hearre jo de muzyk en wurden fan de bernetiid, simpel en nayf. Wierskynlik hawwe de Spiegel-gearstallers dat, yn har haast om in serieuze Fryske antology yn de kultuerstriid te smiten, oansjoen foar amateurisme. Dat ha se dan goed sjoen.
Mar amateuristysk falt net gear mei ‘hat der gjin ferstân fan’. Yntellektueel amateurisme jout jo in útwei nei jo echte yntellektuele doelen, is eat dêr’t Edward Said ús by stilstean liet. Profesjoneel yntellektualisme moat rekken hâlde mei de njoggen-oant-fiifeasken fan beropsgedrach, akseptaasje fan wat sa heart en net heart, de kop net tefier boppe it meanfjild út stekke, “making yourself marketable and above all presentable, hence uncontroversial and unpolitical and ‘objective.’”Edward Said, Representations of the intellectual (New York: Pantheon, 1994) 55. De dichter is wis net simpel. Hja wol wiswol eat sizze dat derta docht: “Ik dichtsje net foar de wolkens.”
Sabeare-nayf is just sekuere tekstuele oardering, wurdlingte, werhelling, kadâns. As dat slagget, bart der dit:
It grêf is koel
it gers is grien
de grûn is sêft
gjin stien.
Ik sis mar neat
ik skriem mar net
ik wit it wachtwurd net.
Nei 37 ienlettergrepige koarte wurdsjes komt jo dan it ‘wachtwurd’ oer it mad. Behalven dat ‘wachtwurd’ it ritme trochbrekt, in ûnskuldich poëtysk pleagerijke, past ‘wachtwurd’ net yn it register fan rou om in resinte dea. Dêrneist hat gjinien ferlet fan in wachtwurd om dea te gean: al kin de efterbleaune libbene net by de ferlerne geleafde, dea kin er op elk stuit dat er mar wol. Mar wêrom haw ik it idee dat it gedicht oanpast is en dat it earder wie: ‘sis mar neat / skriem mar net / ik wit it wachwurd net’? Hie dat in tikje te wreed west? Mar ek no is it gedicht net ûnskealik. De hiele bondel is net ûnskuldich.
Wat te tinken fan ‘Nachtsile’:
Wij lizze oplost yn inoar
en ’e blauwens fan de nacht
wij lizze sûnder bân fan tiid
fertize yn ús wurden frjemd en nij
en altyd in slach ús hert benefter.
It ramt is de broeirige Hollywoodferbylding mei de ‘hert op ’e rin’-trope. Mar dêrbinnen ha “wij” ús fêstpraat en “in slach” silen is opkrusen: it yn ’e wyn op farren. ‘Nachtsile’ is in gedicht fan tusken ’55 en ’60 en dêr al is de ‘ik’—alle gedichten gean oer dat ik—boetsearre ta in prachtige defêtistyske persoanlikheid. Dat komt gelokkich ek net mear goed.
Lestich is dat, seker fan froulju, dichtwurk mei in ‘ik’ yn Fryslân sûnder mear beskôge wurde sil as in autobiografyske cri de coeur. Babs Gezelle Meerburg fettet Swietroken & koperblazers net inkeld op as identiteitsdoarmjen fan de reële dichter, mar ûnderbout dat sels mei it feit dat dy reële dichter har namme in pear kear feroaret bûten de bondel.Babs Gezelle Meerburg, ‘Fata morgana’s fan leafde’, Leeuwarder Courant, 10 novimber 1995, 24. De measte ‘ikken’ soene sadree’t se bûten it wurk begûnen te libjen oppakt wurde om antysosjaal hâlden en dragen. Dizze ‘ik’ past har eins kreas oan: “ik meitsje kofje / en set in plaat op / en mis dy mear en mear.” Inkeld har generalisaasjes en observaasjes, al binne dy meast ûnpretinsjeus ynstee fan djipsinnich en supereigensinnich, wurkje hieltyd ûntrestigjend.
Ik haw gjin wurden foar
de roas oan myn muorre
rôze riedsel
ûnsisber new dawn
Op syn minst is “roas oan myn muorre” kurieus: roazen hearre net oan de muorre. Op syn meast is it sarkastysk: it organysk-sêfte—Rilke syn swiete roassymbolyk fan froulikens—is tsjin it stielhurde oan set. Unsisberens, dêrnei, is twaslachtich: it seit dochs dat de roas in rôze riedsel is? It aforismegedicht, it notearjen fan hoe’t jo tinke dat it is, is in nuveraardich ferskynsel. It is mear in manier fan tinken as fan dichtsjen. It ferskilt fansels fan lyryk om’t lyryk stilfalt dêr’t aforisme in antwurd jout. Oan ’e oare kant is der it type aforisme dat de wrâld net werombringt ta ien catch phrase, mar ús blikfjild iepenet foar in nij ynsjoch, in stap nei—hoewol’t dizze gedichten sa te sjen opsetlik gjin inkelde pretinsje hawwe—nei wêr’t wy nea earder wiene. It is oars ek gewoan net maklik om te sizzen wat jo echt tinke; net dat dat jo kwetsber makket, nettsjinsteande in ‘ik’ om jo efter te ferskûljen, mar jo witte it faak net goed en in aforisme siket dam mear as dat it fêststelt. Mar wat te meitsjen fan “new dawn”? De popkultuer tilt op fan de nije moarnen, mar is dit net in ferwizing nei de allerbekendste út de poëzy, Robert Penn Warren syn betinking fan it bombardearjen fan Hiroshima? Warren keart de doetiid yn de notiid om en lit de feiten sa keal sprekke foar harsels, sûnder emoasjes of fersiering, dat it út it sjenre fan gedicht falt as jo ophâlde it te lêzen as gedicht.Robert Penn Warren, ‘New dawn’, The New Yorker, 14 novimber 1983, 46.
De roas (oan de muorre) ferwiist, lykas
in tút is in tút
is in tút
o ja, o nee
nei ‘Rose is a rose is a rose is a rose’ fan Gertrude Stein. Yn har ‘Sacred Emily’ en letter yn oare wurken, wiist dat ‘is a … is a … is a …’ op wat it ding unyk makket, syn essinsje, sadat it ding is wat it is en net wat oars. Tagelyk hellet it de direkte bân oan, de romantyske bân dy’t ferlern gien wie, fan it wurd foar it ding mei it aktuele ding, sadat sadree’t wy it wurd roas hearre ús de algemiene eigenskippen fan it ding—dat de roas read is—yn it sin sjitte. Mar in algemien idee fan ‘tút’: “o ja, o nee”. Algemiene ideeën bestiene net, sei de midsieuske tinker Pierre Abélard, mei de roas as foarbyld. “[S]els as de neamde dingen ferneatige binne, kin de universale sels dan lizze yn de betsjutting of it begripen allinnich? Bygelyks de namme “roas” as der gjin roazen binne dêr’t dy [namme] mienskiplik mei is?”Peter Abélard, ‘Logica Ingredientibus commentary of Porphyry's Isagoge’, yn: Paul Vincent Spade (oers.), Five texts on the medieval problem of universals: Porphyry, Boethius, Abelard, Duns Scotus, Ockham (Indianapolis: Hackett, 1994) 26-56, §10. Nee. As der gjin tuten (of roazen) mear binne is it wurd “tút” net langer in universeel wurd foar de echte yndividuele tuten. It wurd “tút” (of “roas”), as ien it seit, wekt wer in begryp op dat alle “tuten” oangiet, mochten de “tuten” weromkomme. Dus lit mar, ‘tútheid’ bestiet net, ‘blomheid’ ek net. Inkeld konkrete losse blommen bestean:
It jûnet, damp lûkt út de sleat
en flijt it lêste ljocht oer út myn tún.
In teunisblom teart iepen, giel, helgiel,
diskear net om it nachtynsekt -
jûn is ’t om mij:
ik bin wer thús.
De radikale konkreetheid—de roas, myn muorre, diskear, it nachtynsekt—is sa’n opmerklike posysje yn ’e tichtkanonisearre Fryske dichtestetika, dat it nijste Fryske literatuerhânboek oer Swietroken en koperblazers stammeret fan “de weg terug van gevoelige notities in kabbelende praatstijl naar de smalregelige verzen uit de jaren zeventig en het speelse klankspel van daarvoor.”Harmen Wind, ‘De bezem door de verzen. De poëzie vanaf 1967’, yn: Teake Oppewal, Babs Gezelle Meerburg, Jelle Krol, Tineke J. Steenmeijer-Wielenga, Oebele Vries, Ph.H. Breuker, Harmen Wind, Jabik Veenbaas, Bouke Oldenhof en Jant van der Weg-Laverman, Zolang de wind van de wolken waait. Geschiedenis van de Friese literatuur (Amsterdam: Uitgeverij Bert Bakker, 2006) 173-218, 201. Wa’t sa’n holle frase lêst—ea immen sizzen heard oer Patti Smith har santigerjierren stakkato punkpoëzy dat dy “smelrigelich” is?—wol it boek sels besjen en by dizze: it is ûntnochterjend taastber.
Mar de fraach is, as ‘ik’ siket om omskriuwingen foar eat dêr’t noch gjin wurd foar is, wol ‘ik’ dan de wierheid sizze, of dochs leaver in mystike direkte ûnderfining fan de wrâld skeppe?
Ik streakje dyn hân
wat sille wy beprate
gjin dreech petear
Ik wol sa graach eins
noch fan alles witte
mar it kin net mear
wolst net omsjen
it is foarby.
In oere is gau om
praat oer de bern
it iten, it waar
wa’t west ha, freegje ik.
En as ik fuortgean
seisto grif: ‘No al?’
Wierheden. Litte wy it dêr mar op hâlde.
Tine Bethlehem, Swietroken & koperblazers: Fersen 1995-1955, De Oare útjouwerij, Eanske 1995.
Noaten
- Teake Oppewal en Pier Boorsma, Spiegel van de Friese poëzie van de zeventiende eeuw tot heden (Amsterdam: Meulenhoff, 1994). Fan de mei-inoar opnommen 84 dichters binne 11 froulik. It gedicht mei de stofsûger en tillefyzje is ‘It jonkje’ fan Meindert Bylsma.
- Obe Postma, ‘Wat de dichter witte moat’ [1927], Fan it Fryske Gea XIV, De ljochte ierde (Snits: Brandenburgh, 1929) 29-30.
- Guillaume de Lorris en Jean de Meung, Le roman de la rose, diel 1, oers. Pierre Marteau (Parys: H. Herluison, 1878) 3, r. 1-2: Maintes gens disent que les songes / Ne sont que fables et mensonges. Myn oersetting.
- Edward Said, Representations of the intellectual (New York: Pantheon, 1994) 55.
- Babs Gezelle Meerburg, ‘Fata morgana’s fan leafde’, Leeuwarder Courant, 10 novimber 1995, 24.
- Robert Penn Warren, ‘New dawn’, The New Yorker, 14 novimber 1983, 46.
- Peter Abélard, ‘Logica Ingredientibus commentary of Porphyry’s Isagoge’, yn: Paul Vincent Spade (oers.), Five texts on the medieval problem of universals: Porphyry, Boethius, Abelard, Duns Scotus, Ockham (Indianapolis: Hackett, 1994) 26-56, §10.
- Harmen Wind, ‘De bezem door de verzen. De poëzie vanaf 1967’, yn: Teake Oppewal, Babs Gezelle Meerburg, Jelle Krol, Tineke J. Steenmeijer-Wielenga, Oebele Vries, Ph.H. Breuker, Harmen Wind, Jabik Veenbaas, Bouke Oldenhof en Jant van der Weg-Laverman, Zolang de wind van de wolken waait. Geschiedenis van de Friese literatuur (Amsterdam: Uitgeverij Bert Bakker, 2006) 173-218, 201.
Mear fan Friduwih Riemersma
De priis op ’e nij besjoen Takenning en útrikking fan de Gysbert Japicxpriis 2021 |
‘Al te persoanlik’ feit de Gysbert-manko’s moai yn ’e dôfpot |
Gjin sjueryrapport foar de Gysbert Japicxpriis 2021 |
Kultuerkontrole De nije macht fan ús kultuerynstitúsjes berikt mêden dy’t earder bûten it bestjoersfoech leine |
Stimleas yn it auditoarium Palimpsest, in sterk dichtdebút fan Erik Betten |
Kalamiteit by de leveransier Noas tsjin ’t glês fan Edwin de Groot |
By besunigingsweach: gean fan ’e terp ôf En panykje net, of, Hoe’t De Rouwe syn analogy kopke-ûnder giet |
In Ried foar de Keunst (podcast) Gerrit Breteler: de wearde fan keunst is net ‘men betellet der fet foar’ |
Wol keunst wier ferskaat? (podcast) Systematysk harkje (@Amanda Gorman @Zaïre Krieger) nei de útranzjearre minderheden sit net yn ús ynstituten |
Dit bart der as jo McGonagall oersette of, de mof fan Thiadmer Riemersma |