name

folgje ús

Facebook Twitter Instagram

Foaropwurd

Fers2 31 oktober 2021

Undergrûnkeunst

of, In literêre priis foar de psychobabble

 

 

image Fers2

 

 

 

Op de ein-fan-’t-jierútstalling fan de keninklike keunst­akademy gean bizarre objekten mank mei in middenklasse salon-loftsich sosjaalpsychologysk promoasjekomposyt. It is it soart eksegeze dat jo sjogge as reklame foar alle mooglike hjoeddeiske keunst, oan ’e muorre neile fan elke eigentiidske gallery. It is de esotearyske taal dy’t alle keunstners paraat ha: “Lykas in programmeartaal feroaret it ramt fan myn praktyk ôfhinklik fan ’e applikaasje; by definysje, lykwols, hâldt it wurk him dwaande mei ferbiningen en interfaces.” De keunstner organisearre in yogales oer de Large Hadron Collider, by wize fan keunstwurk.

Ja dat is djip. Like ferhoalen as benul fan de Higgs boson is ynformaasje—‘boadskip’ is in flokwurd yn ’e moderne keunst—út/oer dat wurk fan dy keunstner. Op himsels jout dat neat. De ayurveda dy’t de ynderlike kosmos opnij ferbynt mei it fysike universum, de sinnegroet as dieltsjes-aksellerator fan it bewustwêzen: dat is grappich. Gjinien seit fierder dat keunst—of de kwantummeganika—ien ûndûbelsinnige, hapkleare útkomst hawwe moat. It giet krekt mis as de taskôger earst in A4’ke yn ’e hannen drukt krijt en tink derom, dat is de betsjutting.

 ferfolch…

 

Oantins oan Jaap Veenstra

image Jaap Veenstra

 

In jier lyn op 31 oktober ferstoar ús leave freon en kollega-dichter Jaap Veenstra. Hy skreau by de tafel, net samar earne op ’e tablet of sa, en aloan; altyd stof salang’t homo homini lupus—mar altyd waarm en tadien. Ut syn steapels kladblokken hat Jaap Fers2 eins amper wat stjoerd: Twa gedichten, Tút fan Judas, Alde blauwe reenjas: fersen, en In kantate foar de dea.

“fyzje wat in kutwurd”, dichte er yn syn bondel Gatten yn it tek, dus wat soe er kringele hawwe njonken it begryp ‘reflection-in-action’. Dochs is dat krekt wêr’t Jaap groulik goed yn wie. Kin immen dan likegoed ûnwis fan himsels wêze? By wat treflike strofen: “Wolst se wol kritysk tsjin de lampe hâlde eardatst se publisearrest?”

Hy woe de redaksjonele opmerkingen graach skriftlik ha. Oarsom redigearre Jaap myn fersrigels net mei e-mail, mar steefêst oer de tillefoan, ins Blaue hinein (kutdiktum), himsels ferbetterjend, opnij sykjend, rinnend troch de keuken doe’t rinnen noch goed gie, de hûn derefteroan fansels, en dan faak ynienen in ôfslutende bullet-point (kutkoeterwaalsk) en “Do rêdst it wol no?”

 

 

Wiene wy bliid dat de museumgids weibesunige is en ferfongen troch koptillefoans. De útlis fan hoe’t wy it keunstwurk besjen meie waard stikken minder yntrusyf. Likegoed kin de keunstner noch altyd sels lûd syn betsjutting ferkundigje. Mar hallo menear, in keunstwurk is dochs bedoeld om romte te skeppen? Mei de taskôger asjeblyft sels in bân mei it wurk oangean, mei er it bewûnderje om wat er sels wichtich achtet: it liket op myn omke Sytse, ik keapje it foar boppe it bankstel? No nee. Omke Sytse is de ferkearde reden om keunst te wurdearjen. Dat it spyt my frou, wy moatte jo út dit etablissemint sette.

Keunst moat him net misbrûke litte as in gouden kou foar de minsklike ferbyldingskrêft. Keunst soe him net definiearje litte moatte troch syn mentale konseptualiteit. Mar it is noch slimmer as dat. Us freon Noah frege koartlyn oan in befreone kurator yn Eastenryk oft hjoeddedei ûnbegryplike lichtgewicht keunst massa krije moat troch it ferkeap­ferhaal, om krekt te wêzen: oft de psychobabble yndrukwekkend en yntimidearjend foaropkomt, mei it keunstwurk inkeld en allinne as yllustraasje fan dat ferkeappraat. De kurator joech it droechwei ta: dàt is de ynternasjonale modus operandi yn ’e keunst. Dìt is no de keunst.

Foar’t jo jo reis begjinne,
Asjeblyft, lês alles wat jo kinne
Oer ús genen en ús rol. En stappe
Jo alsa oan board fan ’t skip dan klapt ús
Heechoplate crew de hakken tsjininoar &
In baaimaster ta jins foldwaan tsjut oan jo
Us wetter út—jo fine it hjir allegear!
 
“And look at these blankets—100% wool,
They cover my feet no matter how much I pull.”
“The matrass is thick, and the springs softly padded,
Plus the softest goose feather-down pillows!” he added.

It sjueryrapport fan de Gysbert Japicxpriis 2021 seit net dat ‘jo alles fine’ yn de 27 opdrachtwurken fan de âld-Dichter fan Fryslân. De priiswinnende kolleksje mist spitigernôch de Audenjaanske wynwizer fan it filigranen delikate nei it lugubere, sensuële, walchlike, swiet­mûlkjende, fizich-obsene en oerdreaun-gemoedlike. It haadmotyf is monotony. Yn in soad fan de poëzy sit in ferfeelsume werhelling fan byld, lykas it mei geweld stikken gean. De fariaasje yn sinsboustrategy is ûngewoan—mar net ‘fernijend’—smel. De wurdskat is wat beheind. In ientoanige A-list fan wurden is: himel, hert, dream en klok. In B-list is: nacht, haat, paad. Klisjee, deade taal, is net út de wei gien. It repetitive klibbet oan it yndustriële proses dat blykt út de ‘eigen’ utering fan it wurk: standerdisearring ynstee fan stim. Just ûntbrekken fan werhelling fan details is in dúdlike karakteristyk fan in ûntwikkele keunst. Smelheid fan tema en toan typearret yn alle tiden en kultueren de minor poet, mar okee.

It primêre obstakel is de neidruklike en wiidweidige babble: net allinne ûnder it gedicht mar ek derboppe, net yn fuotnoatfont mar yn deselde lettergrutte en boppedat kursyf. It gedicht ‘Swij do, swij’ hat 127 wurden wylst de útlis 86 hat, hast trijefearn fan it fers. Gjin fan de 27 DfF-gedichten komt sûnder tsjutting: wat makke de dichter djip fan binnen mei dat makke dat er syn pin yn ’e inket stipte? En gjin fan de oare kandidearre gedichtekolleksjes lit alle gedichten mank gean mei lapen lêswizer. Dêrom is it wier gjin útwrydske, gjin synyske, hielendal gjin ûnûnderboubere hypoteze dat de priis jûn is oan de psychobabble: dy snapte de a-literêre Gysbert Japicxsjuery wol.

Fernijing is gjin kritearium foar keunst. Rekkenje mar dat neat mear nij is no’t minsken—mar safier tinkt it provinsjehûs net werom—al fyftichtûzen oant tritichtûzen jier lang keunst skeppe. It is trouwens net dúdlik oft de sjuery ferwiist nei de bibelske skepping fan de nije man en de fernijing—de dichter—nei de god syn aard, of nei it ideaal fan de superieure uomo nuovo: “Dat maakt ‘Dichter fan Fryslân’ tot het beste dat de Friese poëzie de afgelopen jaren heeft opgeleverd.” Opgeleverd. Now we’re talking business: produktynnovaasje is in opjefte likefolle yn hokker yndustry. “Deze dichter vindt zichzelf bijna bij alle gedichten opnieuw uit.” ‘Jinsels opnij útfine’ is bedriuwsjargon. Facebook fynt himsels opnij út ta Meta; âlde wyn in nije sekken.

Kwaliteit wit net ien wat it is. It is ek net wichtich. Want dy net goed te definiearjen en dochs dalik te fernimmen literêre of artistike kwaliteit hawwe alle teksten op literêre prizenivo echt wol, of soene him alteast ha moatte. Op dat nivo ferlykje sjuerys wrâldwiid apels mei parren en prate dat efterôf rjocht en wy fine dat bêst. It heart allegear by it spul—salang’t se teminsten dit yn acht nimme: de skriuwer-lêzerrelaasje is hurde betingst is foar in (echte: saak­kundich tawiisde) literêre priis.

Wy witte, de bân dy’t de lêzer mei de (ymplisite) skriuwer hat, moat karakterisearre wurde troch in identiteit fan stim & gesach. Oars sein, de lêzer moat syn skriuwer werkenne oan dy syn stim: syn manier om de dingen te bringen dy’t er bringt. Ek moat de lêzer witte fan dit is de skriuwer dy’t wy leauwe om’t er it nea oars sein hat as sa. As de tekst sa’n bân, mei watfoar lêzer ek kweekje kin, dan is dat feitlik in garânsje foar ‘keunstsinnige kwaliteit’ fan dy tekst.

Dat spoar no hat de provinsje Fryslân sa’n fyftjin, tweintich jier lyn ferlitten, benammen troch in oare kar fan de sjueryleden. Dy hoege net mear saakkundich. Dy binne lang net mear belêzen genôch om it unike hãnskrift fan de skriuwer te werkennen, lit stean om te werkennen wat dat hânskrift unyk en sadwaande gesachfol meitsje kin yn ’e eagen fan de lêzer. Om’t alles nij en oars liket as jo as nijkommer de literêre keunst ynstappe, soene de nije-styl sjueryleden in bysûndere stim net ûnderskiede en opmerke, às it wurk ûnder hannen in unike stim hàt.

Dat is hjir net sa. De 27 DfF-gedichten hiene nea ferlet fan unike stim, om de lêzer te berikken. Oars as alle oare, al of net kandi­dearre gedichten wie it DfF-wurk unyk troch kontekst: printe yn twa kranten tagelyk, yn in komfortabel berneboekfont ensafuorthinne. Kwa tekst soene se op (sis) Rixt samar weifalle.

Dus, it giet Fryslân net langer om hoe’t de teksten eat oerbringe op de lêzer, om dat hoe’t dat de autoriteit foar de lêzer útmakket. As it net giet om it hoe’t, giet it om it wat—27 x meast Fryskich-lilk slachtoffertinken en (kwasy?)populistysk kommentaar mei moreel fingerkewizen—plus om, no’t stim mist, de alsa missende autoriteit. Dat is wêr’t dizze Gysbert Japicxpriis foar tsjinnet: om de autoriteit, dy’t de tekst net hat om’t ommers stim ûntbrekt, efterôf en kontekstueel oan de tekst ta te heakjen. Dat is fansels út provinsjaal eigenbelang, fan sjoch ús DfF-seleksje rûkt echt net nei korrupsje: it wurk bewiist him mei ús treflike GJ! Mar wolle jo in priis takenne om artistike, ynhâldlike, relevante redenen, dan kinne jo de lêzer net bûten beskôging litte. Wâdzje jo oer him hinne: probleem.

Dat ha wy al hiel faak sein. Wy hawwe by de deputearre en in trijetal amtners it beskiedende plak fan de frije lêzer út de doeken dien. Neat fan wat hjir boppe stiet is nij. Wy ha—Abe no al hast 20 jier lang, speaking truth to power—ûndersocht, teoretisearre, paadwiisd. Keunst dijt net by in hieltyd mear harsenspield publyk. Jo wolle as keunstner jo wurk net hieltyd wer útlizze. Keunst moat út himsels besteansrjocht ha: trochdat it him ferhâldt ta it deagewoane libben op ’e dyk. Se witte it; se dogge it net. It is Fryslân dat in oare ôfslach naam nei de kulturele takomst. It is net de Fryske literêre keunstner dy’t it paad bjuster rekke doe’t er yn ’e foarbye jierren skûltsjemakke fan it Skriuwersboun, de provinsjale taal-tool Ensafh opsei, stiltsjes op ‘unfollow’ fan de Fryske heitelânsplicht klikte en lid waard fan guon ynternasjonale keunstnerkriten, koarts, dy’t stadich ûndergrûnsk gien is.

Hâlde jo út, kurators, dat ûndergrûnkeunst, sis graffiti, transformearre fan sinleas fandalisme yn in brûzjende stedske keunstfoarm tròch ynstitúsjonele djipsinnige útlis, dan ha jo in wûnderlik byld fan de ynherint subjektive ôfwizing dy’t de keunstner libbenslang akseptearje moat (gjin trendsetter? neffens wa?) en dan fuorje jo in bosk fol semy-amtners yn de winter by. Mar Tresoar is absolút gjin gleonhite keunsthotspot. Alddirekteur Bert Looper hat dat ek net ambiearre.

As der ien ûntsach hie wie hy it tink’ wol, foar de twivel fan it úttinjend Frysk keunstnerskaai oer de—sjoch ris! wat in—enoarme yndustrykrêft, en dat sels noch yn de pre-yndustriële faze, wat in hannelsposysje; oer it rûzemuozjen, de earbiedich oplutsen wynbrauwen, it glêstinkeljend himmen by ús nasjonalisme syn klik mei de konsepten fan patriargy en rassisme om’t dy—‘grutte pier’—de klam lizze op har mienskiplike oanstriid om de oerhearsking-ûnderdienigensbân te bewarjen en fuort it idee fan hegemony dat, noblesse oblige, tsjinnet om de ûngelikense machtsrelaasjes op grûn fan gender, ‘ras’ en kultuer te ynstitúsjonalisearjen; want de manjefike Europeeske fernijing kaam net pas fan de Europeeske kulturele haadstêd 2018; dy siet al yn it kolonisearjen fan Afrika, en betink ek dat hjoed ús spotgoedkeape ferdivedaasjekonsumpsje wiswol troch immen betelle wurdt: there is no such thing as a free lunch.

Harrekrastes, wat is de keunstner klear mei de 15.000 euro dy’t út de bûse fan de hurd ferearmjende Fryske boarger lutsen wurdt foar ûnbenullige lettereproduksje + sosjale pretinsjes fan in healdeade—woke is de provinsje wis net en skrillet net tebek foar it foarlûken fan in wite, manlike, kristlike, hetero, cisgender—dichter, ek al is dy man mar in symptoom fan in polityk dêr’t er neat oan dwaan kin, en is it wachtsjen op slimmere útwaaksen. Hoe mislikmeitsjend, hjoed al, is it ûnbehagen oer it wite privileezje, de iensidigens en de ûnferdraachsumens fan ‘fiele jo jo frysk?’, de sosjale status fan ‘frysk’ wêzen yn de ‘Fryske’ keunst, de skealike rassiale stereotypen en de passyf-rassistyske ferbylding yn ‘Swij do, swij?’ dat Fryslân no beleanet mei € 15.000/17= € 555,56, net sasear in sigaar út eigen doaze fan de Fryske oerheid, as wol in skot yn eigen doel?

As minske kinne jo net oars as jo skamje foar de ûnsin oer de mûnige boarger; dy is ûnder in desennium Ruttekabinetten fluch djipper it wylde bistereservaat yn treaun. As boarger moatte jo driuwend freegje fan it kuierjende Arcadiawâld fan in miljoen, kinne jo dat ite? Mar as keunstner ha jo gjin kar as: lûk jo werom út de kontramine. Want wa’t it ûniens is, sil himsels fleurich etikettearre as Fryske tsjinstimmer weromfine op Sirkwy/Tresoar syn plankje foar it Fryske ‘ferskaat’. Dêr mei er raze dat Poëzy dochs ferlûde frijheid is! en elkenien glimket om dy dissidint dy’t, as part fan it systeem, dat moai bestindiget. Soks twingt de keunstner om sêftkes fuort út it kontinue spammen fan reklame foar syn keunstsinnige objektsjes, de barbaarske amputaasjes fanwegen it Frysk anty-yntellektualisme en it ferlykjend wareûndersyk fan kultureel keapmansguod, en wer gewoan oan it wurk: mei keunst.

Wilens is it noflik en ha wy kollektive kofje ûndergrûnsk.