It plagiaat fan Verwijs
Fryske literatuer yn Platdúts en Hollânsk perspektyf
De belangstelling foar it wurk fan ’e Platdútse skriuwer Fritz Reuter (1810-1874) hat yn Dútslân laat ta ûnderskate ynstituten en ynstellingen dy’t syn namme drage. Sa is der ûnder mear in Fritz Reuter Gesellschaft (yn Neubrandenburg), in Fritz-Reuter-Literaturmuseum (yn Stavenhagen; mei in Förderverein Reuter-Museen), in Reuter-Wagner-Museum (yn Eisenach) en in Fritz Reuter Literaturarchiv (yn Berlyn). Hoe meager en swak, mei dy rykdom ferlike, is dan hjoeddedei de organisearre oantrún yn Fryslân ta de stúdzje fan it libben en it oeuvre fan Reuters kollega, generaasjegenoat en folksliterêre sibbe Waling Dykstra (1821-1914). Wêr soe men op wize moatte? In tinkstien, yn 1916 delset by de Beurs yn Ljouwert, yn 1999 weimoeze nei in tsjuster plak yn ’t skaad fan ’e beammen neist de Infirmerie?
Dochs binne in protte eigenskippen fan Reuter syn wurk ek yn dat fan Dykstra oan te treffen. It wurk fan beide wurdt rekkene ta de literêre streaming fan it njoggentjinde-ieuske realisme. De Reuter-stúdzjeferiening neamt Reuters grutte ferteltalint, kleurrike minske- en natuerskildering, syn foarstelling fan it âlde heitelân, syn minsklikheid, humor, ‘aber auch Reuters scharfe Kritik an den politischen und sozialen Verhältnissen seiner Zeit’.Fritz Reuter Literaturmuseum, webside: http://www.fritz-reuter-literaturmuseum.de/foerderverein.html. Krigen 21 maart 2017. Sa skriuwt Reuter oan Ernst Moritz Arndt oer syn folksballade Kein Hüsung (1857), dat er it dêrmei ‘gewagt habe, unseren Zwängern und Drängern die Wharheit zu sagen, den Schimpf von dem Nacken des geknechteten und geächteten Volkes zu nehmen und ihn denen ins Gesicht zurükckzuschleudern, die in ihrer Gesamtheit verdienen, mit Schimpf vor dem deutschen Volk genannt zu werden.’ Fritz Reuter, ‘Brief an Ernst Moritz Arndt (undatiert 1858)’, Gesammelte Werke und Briefe (s. Anm. 3) Bd. VIII, Hg. von Kurt Batt (Rostock Hinstorff, Neumünster 1967) s. 330. Ek is syn wurk neffens de stúdzjeferiening in belangryk kultureel erfskip foar Mecklenburg-Vorpommern, de regio’s dêr’t de farianten fan it Platdúts praat wurde dêr’t er yn skreau. Syn taal hat dat ‘plat’ mei foarme en syn wurk sil derta bydrage dat dat Platdúts yn libben gebrûk bliuwt en ek oanslach fynt by jongere minsken. Hoewol’t Waling Dykstra syn bêste wurk tsjin dat fan ’e Dútser wol meunsterje kin,J. Piebenga, Koarte skiednis fan de Fryske skriftekennisse (2e pr.; Laverman, Drachten 1957; or. 1938) s. 147. hat er it ta skriuwer fan bopperegionale betsjutting yn Nederlân net skopt, mar de literatuerwittenskip yn Dútslân ‘rechnet Reuter nach wie vor zu den Dichtern von nationalem Rang’.
Tony Feitsma hat derop wiisd dat foar de Fryske literatuer in ferliking mei de sitewaasje fan it Platdúts en syn literatuer nijsgjirrich wêze kin.A. Feitsma, ‘Keerpunten in de beoefening van het fries, vroeger en nu. Tussen tijdgeest en eigen traditie’, Forum der Letteren 1979 (Dick Coutinho, Muiderberg 1979) s. 17-20. Se woe dan sjen nei de gearhing tusken nasjonale radikalisearring en wat se ‘literaire modernisering’ neamde en in rigel letter ‘de neiging tot het opengooien van de literaire vensters naar de wereld’. Sinjalearre waard in mooglike parallel tusken de diskusje Hof-Kalma yn Fryslân, oer ‘folkstaal’ en ‘kultuertaal’ (1915-1917), en de diskusje Groth-Reuter yn Dútslân, oer de ‘begrenzing van de Platduitse literatuur’ (1858-1860).A. Feitsma, ‘Keerpunten in de beoefening van het fries, vroeger en nu. Tussen tijdgeest en eigen traditie’, Forum der Letteren 1979 (Dick Coutinho, Muiderberg 1979), s. 17-18. De suggestje wie dat it stânpunt fan Hof besibbe is oan Reuter en Kalma sines oan Groth. Net in nuvere gedachte; Klaus Groth (1819-1899) woe ommers it Platdúts sjen as in estetyske literatuertaal, dy’t oan it Dúts-nasjonale gefoel bydrage soe, wylst Fritz Reuter de man wie fan ’e Platdútse folksliteratuer rjochte op it werklike libben fan gewoane minsken.R. Langhanke, ‘Literalität und regionale Sprache. Herausforderungen neuniederdeutscher Schriftlichkeit in historischer Perspektivierung und die Positionen Groths und Reuters’, yn: Franz Januschek, red. Transkulturelle Perspektiven auf mehrsprachige Regionen (Georg Olms Verlag, Hildesheim 2016) s. 113. It gie om ‘unterschiedlichen Auffassungen über niederdeutsche Sprache und Literatur; während Groth die ästhetische Gestaltung in den Vordergrund stellte, betonte Reuter den realen Sprachbezug zur Sprechergemeinschaft.’ Mar tusken dy diskusje en Hof-Kalma leit wol in dikke fyftich jier. Tiid, plak en sosjale en politike kontekst rinne fier útinoar, wat foar in literatuerhistoarikus in sinfolle ferliking dreech makket. In Frysk-literêre diskusje dêr’t beide Dútsers har folle better yn foegje litte, sa wol ik sjen litte, spilet folle earder, nammentlik al yn ’e sechstiger jierren fan ’e njoggentjinde ieu, suver dalik nei de papieren botsingen fan Groth en Reuter.
It giet dan tusken de Ljouwerter bibletekaris Eelco Verwijs (1830-1880) oan de iene, en de skriuwers Waling Dykstra, Tsjibbe Gearts van der Meulen en Gerben Colmjon oan de oare kant. Neffens Verwijs, skriuwend yn in nasjonaal-Nederlânsk tydskrift, wie harren literatuer ûnder mear ‘plat’, ‘onbeduidend’ en ‘grof’.E. Verwijs en Robert Fruin, ‘Bibliographisch Album’, De Gids 30 (1866): 189-204. Yn dit artikel sjoch ik Verwijs syn krityk as fierhinne plagiaat, en as in wjerspegeling, ûnder dekking fan satire en mystifisearring, fan in bredere trend dy’t op dat stuit yn mear literatueren spilet. Dêrta jou ik earst in koarte skets fan ’e tsjinstelde posysjes fan Groth en Reuter op it stik fan ’e neuniederdeutsche literatuer, as twa te ûnderskieden Platdútse útwurkingen fan dialektyske literatuer. Dêrnei analysearje ik de posysje fan Verwijs vis-à-vis it realisme fan it Winterjounenocht; in posysje dy’t ik ferfolgens yn ferbân bring mei eardere krityk, de reaksjes fan Dykstra, Van der Meulen en Colmjon en in brief fan Verwijs. Nei oanlieding fan dy brief blykt der ek reden te wêzen om Potgieter, de ferneamde redakteur fan De Gids, en de literatuerhistoarikus Jan ten Brink der op nei te slaan.
Breuker hat de saak-Verwijs fersus it Winterjounenocht resintelik detaillearre werjûn.Ph. Breuker, Opkomst en bloei van het Friese nationalisme, 1780-1875 (Wijdemeer, Leeuwarden 2014) s. 378-381. It ferbân mei it eardere Platdútske debat en in bredere pleatsing yn it ramt fan Nederlânske literêre ûntjouwingen bleaune dêrby bûten byld. Jensma hat benammen nei Verwijs sjoen as in belutsene by it Oera Linda-boek.G. Jensma, De gemaskerde God. Francois HaverSchmidt en het Oera Linda-boek (Walburg Pers, Zutphen 2004) s. 279. It útstel is hjir om de oanfal fan Verwijs op it Winterjounenocht, rjochte op it oan de kaak stellen fan it platte en betsjuttingsleaze fan realistyske Fryske literatuer, fierder te presisearjen as in grutboargerlik-ideologysk besykjen, út in Nederlânsktalich-literêre ‘Weltanschauung’ wei, om de sosjaal-krityske funksje fan realistyske folksliteratuer koart te knippen en romantysk-estetyske literêre easken yngong fine te litten.
Groth en Reuter
Literatuer yn folkstalen, te ûnderskieden fan literatuer yn ’e offisjele, standardisearre taal fan de steat, komt yn Europa sterk nei foarren op ’e grins fan ’e achttjinde en njoggentjinde ieu mei ynearsten benammen Switserske skriuwers, dy’t fan har ‘Schweizerdeutsch’ de lânstaal meitsje wolle. Foaral it wurk fan Johann Peter Hebel (1760-1826),Resinte literatuer oer Hebel: R. Ludwig, Der Erzähler. Wie Johann Peter Hebel ein literarisches Schatzkästlein schuf (Wichern-Verlag, Berlin 2010); M. Moehring, F. Littmann, S. Raible, red., Johann Peter Hebel. Bewegter Geist, bewegtes Leben. Lörracher Hefte – Rote Schriftenreihe des Museums am Burghof, Heft 11 (Lörrach 2010); B. Viel, Johann Peter Hebel oder Das Glück der Vergänglichkeit. Eine Biographie (C. H. Beck, München 2010). rjochte op fermeits mar likegoed op ferheffing en opfieding fan ’e plattelânsboarger krijt byfal, ûnder mear fan de Fryske studint yn Heidelberg Eeltsje Halbertsma. Skriuwerij yn it niederdeutsch wurdt populêr nei de ferskining fan Klaus Groth syn nostalgyske dichtbondel Quickborn (1852), foarbrocht yn Ditmarscher dialekt.K. Groth, Quickborn. Volksleben in plattdeutschen Gedichten dithmarscher Mundart (Perthes-Besser u. Mauke, Hamburg 1853). Sjoch oer Groth: U.-Th. Lesle, ‘Regionale Geschichtsbilder: Klaus Groth und das Plattdeutsche’, yn: A. Betz en R. Faber, red., Kultur, Literatur und Wissenschaft in Deutschland und Frankreich (Würzburg 2004); R. Langhanke, ‘Zur Bedeutung Klaus Groths für die niederdeutsche Sprachgeschichte’, yn: M. Hundt en A. Lasch, red., Deutsch im Norden. Varietäten des norddeutschen Raumes. Jahrbuch für Germanistische Sprachgeschichte 6 (Berlin-Boston 2015). Ek Halbertsma is entûsjast, mient wurden mei in Frysk komôf te ûntdekken en publisearret yn 1857 in blomlêzing yn Fryske oersetting.K. Groth, De Quickborn. Plat duetske rymkes, yn it Friesk oerbrogt trog Dr. E. Halbertsma (Liouwerd, E. Hosbach J. Cz. 1857). In jier letter ferskynt it debút fan Fritz Reuter, Läuschen und Rimels, in samling folle folksaardiger en realistysker literatuer, opsteld yn it Mecklenburger dialekt.F. Reuter, Läuschen und Riemels. Plattdeutsche Gedichte (Treptow an der Tollense, eigen behear, 1853). Sjoch oer Reuter: Chr. Bunners, Protestantismus und Literatur. Der Dichter Fritz Reuter (1810-1874) (Bockel Verlag, Neumünster 2012); G. Cordes, ‘Fritz Reuter und die volkstümliche Erzähltradition’, yn: Volks- und Hochkunst in Dichtung und Musik. Tagungsbericht eines Colloquiums am Musikwissenschaftlichen Institut des Saarlandes in Saarbrücken (Saarbrücken 1966); R. A. Hoffmeister, ‘Fritz Reuter and dialect literature in the context of German “Nationalliteratur”’, yn: H.C. Christiansen, red., Fritz Reuter Gedenkschrift (Rodopi, Amsterdam 1976); A. Hückstädt, Fritz Reuter im Urteil der Zeitgenossen und des zeitgenössischen Schrifttums. Zur Rolle der Reuter-Kritik im Prozeß bürgerlicher Ideologiebildung zwischen 1853 und 1874/75. Diss. (Rostock 1976); A. Hückstädt, Fritz Reuter im Urteil der Literaturkritik seiner Zeit. Rezensionen und Betrachtungen über die Werke und zur Persönlichkeit Fritz Reuters (Hinstorff, Rostock 1983); H. Suhrbier, Der andere Fritz Reuter. Neues zu Werk und Wirkung (BS-Verlag, Rostock 2010). It is in grut súkses; allinnich al yn ’e earste seis wiken ferkeapet it boek 1200 eksimplaren.B. Probol, ‘Fritz Reuter: ein plattdeutscher Bestsellerautor’. Website: http://www.ndr.de/kultur/geschichte/koepfe/fritzreuter111_page-2.html. Krigen 2 april 2017.
Nei in resinsje, dêr’t yn trochklinkt dat Groth syn wurk mei syn estetyske oriïntaasje mear Hochdeutsch is as dat fan Reuter,R.P. [Robert Prutz], Plattdeutsche Dichtung [Resenzion zu Klaus Groth], Deutsches Museum: Zeitschrift für Literatur, Kunst und öffentliches Leben, [5 nov. 1857] 7:45 (1875): 696-700. Webside: https://books.google.nl/books?id=SegaAAAAYAAJ&printsec=frontcover&source=gbs_ge_summary_r&cad=0#v=onepage&q&f=false. Krigen 22 april 2017. dat dus as mear Niederdeutsch besjoen wurdt, reagearret Groth mei in hurde oanfal op Reuter.B. Markwardt, Geschichte der Deutschen Poetik. Band V. Das zwanzigste Jahrhundert (Walter de Gruyter, Berlin 1967) s. 357-358: ‘Da schien er [Groth] geradewegs auf einem Mann zu stossen, der ihm leichtfertig plaudernd sein würdiges Konzept verdarb, der durch seine ausgelassenen Possen das Plattdeutsche einer erneuten Missachtung preisgab.’ Ik sitearje dêr twa passaazjes út om’t eleminten aansen weromkomme sille yn Verwijs syn krityk op Dykstra en Van der Meulen. Oer de teksten yn Läuschen und Rimels seit Groth:
aber sie sind durch und durch gemein. Sie führen uns nur plumpe, unwissende oder schmutzige, schlaue Figuren vor. … Das wäre die Blüte des Volkslebens? das seine Poesie, die man ihm absieht und ihm wiederbringt? Nein, das heißt alles in den Qualm und Wust der Bierstube hinab- und hineinziehen, wo man sich in der schluderigsten Sprechweise Vademekumsanekdoten erzählt. Da ist alles gleich, nämlich alles gemein, Bürger und Adel, hoch und niedrig.K. Groth, Briefe über Hochdeutsch und Plattdeutsch (Schwerssche Buch, Kiel 1858) s. 159.
En hy fettet syn oardiel gear:
Wer in den Läuschen und Rimels die Natur Mecklenburgs und seiner Bewohner sucht, der wird staunen über einen Augiasstall von Grobheit und Plumpheit. So kann die grellste Wirklichkeit nicht sein und ist es nicht und nirgends …. Es mag die Aufgabe der Polizei sein, den Schmuss aufzuräumen, die des Poeten ist es nicht.K. Groth, Briefe über Hochdeutsch und Plattdeutsch (Schwerssche Buch, Kiel 1858) s. 159.
De stekwurden binne leech by de grûn [gemein], grof, plomp, dom, smoarch, liep, skel, geswets. It wurk fan Reuter wurdt assosjearre mei de gaos fan it kroechlibben, dêr’t men sloarderich praat hat dat meast nergens oer giet. Dêrneist skeakelet it de sosjale rangoarder út, heech en leech wurde lykmakke: der is gjin respekt foar hiërargy. Groth, yn 1858 in eks-learaar op syk nei in akademyske karriêre yn Kiel, beoardielet it wurk fan Reuter yn feite sa’t de Heechdútse hegere boargerij al te folksaardich dialektwurk sjocht mar ek klinkt it ferset fan de romantikus tsjin de realist. De ‘Dútse’ artistike oriïntaasje fan ’e gedichten hie Robert Prutz, literêr kritikus en redakteur fan Deutsches Museum opmurken doe’t er skreau dat Groth syn gedichten ‘wesentlich unter dem Einfluss der modernen hochdeutschen Bildung’ stiene; ‘es sind Momente hochdeutschen Kultur- und Geisteslebens, die er verarbeitet’.R.P. [Robert Prutz], ‘Plattdeutsche Dichtung’ [Resenzion zu Klaus Groth], Deutsches Museum: Zeitschrift für Literatur, Kunst und öffentliches Leben [5 nov. 1857] 7:45 (1875): 696-700, s. 697: ‘die zahlreichen Heineschen Pointen&rsquo. Webside: https://books.google.nl/books?id=SegaAAAAYAAJ&printsec=frontcover&source=gbs_ge_summary_r&cad=0#v=onepage&q&f=false. Krigen 22 april 2017. Ek F. Reuter, Fritz Reuters sämtliche Werke. Hrsg. C.F. Müller (Hesse, Leipzig 1905) s. 116, neamt ûnder mear ‘die zahlreichen Heineschen Pointen’. Reuter is djip rekke troch de krityk fan Groth en reagearret noch itselde jier mei in brosjuere.F. Reuter, ‘Abweisung der ungerechten Angriffe und unwahren Behauptungen welche Dr. Klaus Groth in seinen Briefen über Hochdeutsch und Platdeutsch gegen mich gerichtet hat’, yn: F. Reuter, Gesammelte Werke und Briefe. [1858] Band VII. Fragmente. Aus dem Unterhaltungsblatt. Lustspiele. Gedichte. Aufsätze. Red. Ingrid Prignitz en Renate Heinecke (Rostock, 1966-1967) s. 567-593.
Verwijs oer Dykstra en Van der Meulen
De literatuerwittenskipper Eelco Verwijs wurdt beskreaun as ‘een van de levendigste figuren die de studie van de Middelnederlandse taal- en letterkunde heeft gekend’. Dêrby wurdt wiisd op syn ‘kritische blik, scherp oordeel, grote onafhankelijkheid in zijn opvattingen én op zijn levendigheid [en] gevoel voor humor’.K. van Dalen-Oskam, ‘E. Verwijs’, Bio- en bibliografisch lexicon van de neerlandistiek (2004-). Webside: http://www.dbnl.org/tekst/anro001bioe01_01/colofon.php. Krigen 1 april 2017. Bij Philippus Breuker en Goffe Jensma komme fan dizze mei-
Verwijs syn literêre profyl liket wat dûbel. Hy sjocht it realisme as in keunsstreaming dy’t bestriden wurde moat troch it idealisme fan it frijsinnich modernisme,G. Jensma, De gemaskerde God. Francois HaverSchmidt en het Oera Linda-boek (Walburg Pers, Zutphen 2004) s. 276. mar oan ’e oare kant kin er noch yn 1864 in ‘gezonde’ en ‘ferme’ realistyske Fryske skriuwerij ek wol wurdearje. Op syn opfettingen oer it realisme yn literatuer kom ik fierderop werom. Ek mei ‘de goede zeden’ yn literatuer hat er sa’t it liket wat in dûbele ferhâlding. Oan ’e iene kant jout er midsieuske boeretafrielen (‘boerden’) út, dêr’t er fan wit dat se in beskaat publyk shockearje sille, oan ’e oare kant stelt er him út en troch op as in moraalridder stridend tsjin platheid.G. Jensma, De gemaskerde God. Francois HaverSchmidt en het Oera Linda-boek (Walburg Pers, Zutphen 2004) s. 276, 278. Jensma, dy’t him in ‘provocateur’ en ‘glibberig’ neamt,G. Jensma, De gemaskerde God. Francois HaverSchmidt en het Oera Linda-boek (Walburg Pers, Zutphen 2004) s. 287. sinjalearret dan ek Verwijs syn hypokrisy: hy feroardielet by in oar dêr’t er himsels skuldich oan makket.
Twa kear weaget Verwijs him yn it Nederlânske tydskrift De Gids oan it besprekken fan Fryske literatuer. It earst yn 1864, de twadde kear yn 1866. Yn 1864 skriuwt er nei oanlieding fan de Beknopte Friesche Spraakkunst fan Gerben Colmjon, de Olde Frîske Wetten fan Ph. van Blom en de Nieuwe Friesche Volks-Almanak fan 1864. Nei de loftrompet stutsen te hawwen oer de nije spoarwegen yn Fryslân – ‘dan zal de Hollander niet meer op Friesland en zijne bewoners neêrzien als op een ras van halve wilden’ – komt er mei in positive wurdearring fan Fryske folksliteratuer. Hy rommet de ‘natuurlijkheid en naïveteit’ derfan, de ‘gezonde huisbakken moraal’ en de ‘snedige opmerkingen’; hy hat it oer in ‘ferme volkslectuur, vrij van de kinderachtige flauwheid en vervelende brave-Hendrikachtigheid, die ten onzent de volksletterkunde maar al te veel aankleven’.E. Verwijs, ‘Bibliographisch Album’, De Gids 28 (1864): 596-614, s. 606. Sjoch ek: E. Verwijs, ‘De Maatschappij tot Nut van ’t Algemeen in vroeger dagen en de volksletterkunde’, Vaderlandsche letteroefeningen (1866): 675-702. Waling Dykstra syn tydskrift De Frîske Husfrjeun is dêrby in ‘welkome verschijning in menigen huiselijken kring’E. Verwijs, ‘Bibliographisch Album’, De Gids 28 (1864): 596-614, s. 606. en sûnt in tal jierren is der ek it Winterjounenocht, ‘eenvoudige winteravond-geneugten, soirées littéraires. Wat de Heer Cremer beproeft met zijne Betuwsche Novellen, voor ten minste maatschappelijk hooger geplaatste hoorders, dat doet Waling Dijkstra voor een burgerlijker menigte of voor een boerenkring’.E. Verwijs, ‘Bibliographisch Album’, De Gids 28 (1864): 596-614, s. 607.
Dykstra en soartgelikense skriuwers binne ‘doodeenvoudige menschen’ dy’t op rekerige doarpsboppesealtsjes foardrage: ‘Een gezonde practische zin, een ferm liberale geest, een lagchend hekelen der gebreken van arm en rijk, van oud en jong, zij maken die bijeenkomsten tot een flinke uitspanning voor velen, en het is niet bevreemdend, dat deze jaar in jaar uit populair blijven.’E. Verwijs, ‘Bibliographisch Album’, De Gids 28 (1864): 596-614, s. 608.
Twa jier letter waait de wyn lykwols út in hiel oare hoeke. Dan komt er op ’e nij yn De GidsE. Verwijs en Robert Fruin, ‘Bibliographisch Album’, De Gids 30 (1866): 189-204. op ’e tekst oer Fryske literatuer, diskear nei oanlieding fan Twa Utfenhussers by Nammen-om fan Waling Dykstra, it twadde Frîske Winterjoune-nocht boek en it tydskrift fan it Frysk Selskip, Swanneblommen, jiergong 1865. It liket as fielt er him oansprutsen troch wat Tsjibbe Gearts van der Meulen skreaun hie yn it foarwurd by it twadde Winterjounenocht-
Wy kenne dy resencent în de Tijdspiegel net, mar wy witte wol dat er immen în Frîslân skûlet dy in pik het op ’t Winterjoune-nocht, mogelik wol mei de stille forsuchting: Och, dat men mij koning maakte in Israël!W. Dykstra en T.G. van der Meulen, Frîske Winterjoune-nocht. Foardrachten în rîm en onrîm. Oarde boek (Kuipers, Ljouwert 1864) s. xv-xvi.
Verwijs ûntkent yn De Gids útdruklik dat hy dy ‘H.G.’ wie, hoewol’t net ien him dêr fan beskuldige hie. Hy set dalik út ein mei te sizzen dat er net foar de ‘Winterjoune-nocht-koningen’ jûchheie wol, dat er gjin leafhawwer fan ‘berijmd proza’ is – in term dy’t ‘H.G.’ ek brûkte – en dat er no ienris leaver Eeltsje Halbertsma lêst, dy’t sjen lit ‘dat Frieslands taal niet alleen is geschapen om tot voertuig te dienen voor allerlei min of meer vermakelijke platheden’.E. Verwijs en Robert Fruin, ‘Bibliographisch Album’, De Gids 30 (1866): 189-204, s. 195. Neffens him kin de ûndernimming fan Dykstra en Van der Meulen, dêr’t er twa jier earder noch optein oer wie, net ‘beschavend en veredelend’ op it folk útwurkje. De tsjintwurdige Fryske letterkunde, seit er dan, is:
boersch, in den slechten zin des woords, en wel verre van hare afkomst te verloochenen, schijnt zij er een zeker behagen in te scheppen, zich plat en plomp, ruw en ongeslepen voor te doen. Zij legt gaarne een soort van ongemanierdheid aan den dag, en overdrijft het rjiucht en sliucht der oude Stand-Friezen wat heel veel.E. Verwijs en Robert Fruin, ‘Bibliographisch Album’, De Gids 30 (1866): 189-204, s. 197.
Dykstra syn nijste wurken, boppedat, ‘kenmerken zich door… middelmatigheid (het woord is nog te gunstig), door onbeduidenheid’.E. Verwijs en Robert Fruin, ‘Bibliographisch Album’, De Gids 30 (1866): 189-204, s. 197. Om dat oan te toanen set er in hiel stik út Nammen-om oer yn it Nederlânsk, mar de passaazje sit grôtfol mei frisismen en makket de yndruk satirysk bedoeld te wêzen, om it taalgebrûk yn ’e eagen fan ’e Nederlânsktalige lêzer sa ‘boers’ mooglik lykje te litten en mei de gek te beslaan.E. Verwijs en Robert Fruin, ‘Bibliographisch Album’, De Gids 30 (1866): 189-204, s. 199-200. Oan ’e ein sjocht er de measte Fryske literatuer fan syn dagen as in ‘voertuig van onbeduidende platheden’. Hy hâldt de skriuwers fan it Winterjounenocht de foarbylden foar fan Klaus Groth en Sophie Dethleffs, dy’t yn Noard-Dútslân bewize dat in ‘krachtig ontwikkeld nationaal gevoel’ en een ‘warm patriotisme’ bettere risseltaten opsmite; ‘beide zijn bezield door grootscher ideeën dan die wij in de hedendaagsche Friesche letterkunde aantreffen.’E. Verwijs en Robert Fruin, ‘Bibliographisch Album’, De Gids 30 (1866): 189-204, s. 204. Behalve Halbertsma lêst er ek leaver Jan Salverda’s Hiljuwns-Uwren.
De stekwurden binne boers, plat, plomp, grof, ûnbeskaafd, midsmjittich en ûnbetsjuttend. Dy kwalifikaasjes komme hast wurdlik oerien mei de terminology dy’t Groth brûkte yn syn oanfal op Reuter. Net inkeld dat Verwijs de folle sêftsinniger en beskaafder regionale romantyk fan Groth heger oanslacht, ek liket er sizze te wollen dat it spitich is dat it wurk fan Dykstra en Van der Meulen net ynspirearre is troch in ‘krachtig ontwikkeld nationaal gevoel, een warm patriotisme’, dat er by Groth sa wurdearret en dat Groth ek fan Reuter ûnderskiedt. Dat Verwijs weet hân hat fan it konflikt Groth-Reuter is wol wis; hy kopiearret suver Groth syn krityk. Boppedat plagiearret er sa dúdlik as wat in muze-passaazje by Prutz. Dy hie Reuter syn muze omskreaun as:
eine derbe Landmagd, etwas vierschrötig, mitunter selbst etwas ungeschlacht, aber kerngesund, mit prallen Gliedern, die schalkhaft verschmitzten Augen keck im Kreise umherwerfend und jeden Augenblick zu lustiger Rede und Gegenrede bereit.R.P. [Robert Prutz], ‘Plattdeutsche Dichtung’ [Resenzion zu Klaus Groth], Deutsches Museum: Zeitschrift für Literatur, Kunst und öffentliches Leben [5 nov. 1857] 7:45 (1875): 696-700, 697. Webside: https://books.google.nl/books?id=SegaAAAAYAAJ&printsec=frontcover&source=gbs_ge_summary_r&cad=0#v=onepage&q&f=false. Krigen 22 april 2017.
By Verwijs sjocht de muze fan ’e Winterjounenocht-keningen der krektsa út:
een stevige, glundere boerendeerne, een knap slag van een vrouwmensch, met wangen als melk en bloed, met een haast te forsche gezondheid, kortom: “een Meyt als een paert, die kan ryen en omsien, / Sy het hangden an heur lyf, in sy kanse uyt de mou steken”, zooals Bredero zegt. Zweeft de Vlaamsche Muze boven den grond, de tegenwoordige Friesche is te grof en te plomp voor dergelijke sylphiden-bewegingen; zij staat met een paar stevige voeten in de vette klei, en zij durft er door heen te baggeren.E. Verwijs en Robert Fruin, ‘Bibliographisch Album’, De Gids 30 (1866): 189-204, s. 198.
Ek hjir deselde stekwurden. De Fryske muze by Verwijs is in ‘boerendeerne’, dy fan Reuter by Prutz in ‘Landmagd; by Verwijs stevich en foars, by Prutz ‘derb’ en ‘vierschrötig’ (fjouwerkant); by Verwijs glunderjend, by Prutz ‘schalkhaft’ en ‘lustig’; by Verwijs grof en plomp, by Prutz ‘ungeschlacht’ en mei ‘prallen Gliedern’. Hie Verwijs yn 1864 noch wol blyk jûn each te hawwen foar de liberale maatskippijkrityk fan it Fryske realisme, dêr is twa jier letter gjin sprake mear fan. Presys sa’t Groth Reuter oanfoel yn 1858, sa besiket hy acht jier letter ôf te rekkenjen mei Dykstra en Van der Meulen.
De reaksje fan Dykstra en de brief fan Verwijs
De krityk fan Verwijs kaam net hielendal út ’e loft fallen. Yn 1862 hie yn De Tijdspiegel,H.G., De Tijdspiegel 19 (1862) s. 290-295. lykas sein, in stik stien fan in ‘H.G.’ dêr’t benammen Waling Dykstra it yn ûntlije moat. Yn syn wurk siket men fergees om ‘eenige verheffing, eenigen gloed, ware poëzij’, der is te min ferbylding en de gedichten dogge tinken oan ‘berijmd proza’ mei harren droege riddenearringen, dy’t inkeld troch de foardracht boeie kinne.S.J. van der Molen, ‘En ús Harke mei syn kleare kop’. 65 jier Frysk Winterjûnenocht (Lykele Jansma, Stynsgea/Stifting FFYRUG, Grins 1984) s. 57-58. It Winterjounenocht wurdt troch ‘H.G.’ beskreaun as wat nijs, ‘een industrie op letterkundig gebied’.A. Wadman, ‘H.G. van der Veen en de Fryske Winterjûnenocht’, yn: A. Wadman, It kritysk kerwei. Resinsjes en skôgingen 1950-1970 [1951] (Fryske Akademy, Ljouwert 1990) s. 196. Hy priizget de bedoeling om ‘deugd en goede zeden te bevorderen’ mei ‘onderwerpen uit het dagelijksch leven genomen’, mar fiert as beswier oan dat de foardrachten yn print útjûn wurde. Dykstra en Van der Meulen ‘zullen ook wel weten dat niet alles wat met genoegen en toejuiching gehoord wordt, daarom juist voor de pers geschikt is’.A. Wadman, ‘H.G. van der Veen en de Fryske Winterjûnenocht’, yn: id., It kritysk kerwei. Resinsjes en skôgingen 1950-1970 [1951] (Fryske Akademy, Ljouwert 1990) s. 196.
Wadman en foar him al Wumkes besleaten dat achter ‘H.G.’ him Hjerre Gerrits van der Veen beskûl hold.A. Wadman, ‘H.G. van der Veen en de Fryske Winterjûnenocht’, yn: id., It kritysk kerwei. Resinsjes en skôgingen 1950-1970 [1951] (Fryske Akademy, Ljouwert 1990) s. 202. Bewiis is der lykwols net. Earder hie Murk de Jong Verwijs as fertochte oanwiisd; ek dêr binne gjin bewizen foar.M. de Jong, Het geheim van het Oera-Linda-boek (A.J. Osinga, Boalsert 1927) s. 113. Wol in oanwizing: as ‘H.G.’ it yn 1862 hat oer ‘eenige verheffing, eenigen gloed, ware poëzij, eenige schildering, die redenering en betoog afwisselt en op de verbeelding werkt’, en dat men dy saken by Dykstra net oantreft, dan docht dat tinken oan de opmerking fan Verwijs yn 1864: ‘Stoutheid, verheffing, eigenlijke vlugt, die U gloeijende verzen geeft, ge zult ze bij haar vergeefs zoeken’. Letter feroare Wadman wat fan miening. Ut in yn 1989 taheakke noat by syn Tsjerne-stik út 1951 blykt dat er no dochs twifelet oan Van der Veen syn auteurskip. It is Verwijs of de saneamde predikant ‘Hayte Gabes’, wat op itselde delkomt.Hayte Gabes, ‘Van een’ soliden praeadamiet’, De Tijdspiegel 22 (1865) s. 486-489. Wadman seit it net, mar de iroanyske styl fan it stik en de tematyk (godstsjinst) dogge tinken oan in alter ego fan Verwijs.
Dykstra reagearre koart op Verwijs yn syn foaropwurd by de twadde printinge fan De silveren rinkelbel, mei de strekking dat de Ljouwerter letterkundige fan in protte literatueren ferstân hie mar net fan de Fryske en ek net fan it Frysk.W. Dykstra, De silveren rinkelbel (2e pr.; T. Telenga, Frjentsjer 1866). Wiidweidiger replyk kaam fan Dykstra en Gerben Colmjon yn harren briefwiksel De Tijdspiegel fan 1866.[Den Heere Colmjon, te Leeuwarden, Den Heere Waling Dykstra, te Holwerd], ‘Correspondentie van twee protesterende Friezen’, Mengelwerk XIII en IX, De Tijdspiegel 23 (1866): 569-574. Under mear protestearret Dykstra tsjin de wize fan oersetten fan syn tekst út Nammen-om troch Verwijs. It docht him tinken dat dy syn tekst ‘opzettelijk zoo letterlijk en daardoor zoo stijf en onbehagelijk mogelijk heeft overgezet’. Hy freget dan oft Verwijs op deselde wize net ris It heksershol fan Joast Halbertsma of De jonkerboer fan Eeltsje Halbertsma oersette wolle soe, ‘en te zien of hij dan eene voor Hollanders behagelijke lektuur verkrijgt’.[Den Heere Colmjon, te Leeuwarden, Den Heere Waling Dykstra, te Holwerd], ‘Correspondentie van twee protesterende Friezen’, Mengelwerk XIII en IX, De Tijdspiegel 23 (1866): 569-574, s. 570. Dy’t him ynspant om it Frysk, sa’t it by it folk libbet, op te heinen en troch te jaan, rint no ienris kâns wolris wat op te skriuwen dat ‘den verfijnden smack dezer dagen hindert’. Hy sels en ek Eeltsje Halbertsma ‘hebben ons het verwijt op den hals gehaald van jagt te maken op platheden’. Dat is dan mar sa, ‘maar mij hindert het als het friesch geschreven wordt, ja wel met friesche woorden, maar in zuiver hollandschen stijl’.[Den Heere Colmjon, te Leeuwarden, Den Heere Waling Dykstra, te Holwerd], ‘Correspondentie van twee protesterende Friezen’, Mengelwerk XIII en IX, De Tijdspiegel 23 (1866): 569-574, s. 571.
Dykstra makket alsa in ‘Fryske styl’ ta in estetyske eask: sa’t Reuter gjin Platdúts skriuwe woe yn Heechdútse styl – wat Groth die – sa wol hy gjin Frysk skriuwe yn Hollânske styl. Taal en taalbehanneling binne foar Dykstra folle belangriker as dat syn kritikus mient. De brief oan Colmjon slút er ôf mei in bydrage oan it muze-tekenjen fan Verwijs, dat sa’t wy sjoen hawwe by Prutz weikomt. De alinea is te moai om hjir net folslein te sitearjen:
De vlaamsche muze, zegt men, is te ziekelijk; de friesche heeft, volgens Verwijs, eene haast te forsche gezondheid (zij is er dan toch nog niet zoo heel slecht aan toe!); moge nu de hollandsche tusschen deze beide het juiste midden weten te bewaren, en moge zij op de friesche nederzien met dezelfde gewaarwording als eene fijn beschaafde dame nederziet op eene gezonde friesche boerin: het zij zoo! Moet de friesche muze zich met parfumeriën opknappen om den fijnriekenden neus van Eelco Verwijs to mogen naderen, hij ga haar dan maar liever op een afstand voorbij; moet zij, om een bevalliger taille te verkrijgen, in een keurslijf geregen worden, zij loopt dan ook gevaar de tering te krijgen. Moet de friesche taal beschaafd en gemoderniseerd worden, tot zij hare oorspronkelijkheid verloren heeft, dan ben ik er af.[Den Heere Colmjon, te Leeuwarden, Den Heere Waling Dykstra, te Holwerd], ‘Correspondentie van twee protesterende Friezen’, Mengelwerk XIII en IX, De Tijdspiegel 23 (1866): 569-574, s. 572.
It boadskip is dúdlik: Verwijs sjocht de Fryske literatuer yn in Hollânsk perspektyf. Colmjon antwurdet Dykstra dat er him net sa drok meitsje moat en dat it dúdlik is dat Verwijs net by steat is om oer de Fryske literatuer te oardieljen.[Den Heere Colmjon, te Leeuwarden, Den Heere Waling Dykstra, te Holwerd], ‘Correspondentie van twee protesterende Friezen’, Mengelwerk XIII en IX, De Tijdspiegel 23 (1866): 569-574, s. 572. De dochs wol wat te kakken sette bibletekaris hat net mear publyklik reagearre. Wol is yn it argyf fan it Frysk Selskip in brief bewarre bleaun, spitigernôch net datearre, dy’t er skreaun hat oan Waling Dykstra as reaksje op it stik fan dyselde en Colmjon yn De Tijdspiegel. Boppe de brief stiet ‘Een niet vertoornde Sax aan twee vertoornde Friezen’.E. Verwijs, brief, g.d., dokumintnr. TPBL, BS 308, Argyf fan it Frysk Selskip, Tresoar, Ljouwert. It ferwyt fan in Hollânsk perspektyf wurdt dêryn earst mar ris ombûgd as in tradisjoneel Frysk foaroardiel tsjin ‘Saxen’ (Verwijs kaam út Dimter).Ph. Breuker, Opkomst en bloei van het Friese nationalisme, 1780-1875 (Wijdemeer, Leeuwarden 2014) s. 432.
Yn ’e brief lit er syn ein net slûpe. Hy freget oft it, ‘ook nu nog’, in goede saak is om de ‘platheid’ fan ’e folksliteratuer út it ferline nei te folgjen. Lykas Groth – mar dat skriuwt er net – mjit er oarstalige realistyske literatuer ôf oan grutboargerlik definiearre beskavingskritearia, earder as oan in belutsenens op it publyk dêr’t dy literatuer foar bedoeld is. Estetyk giet boppe engaazjemint en keunst is gjin filantropy, is it idee. En dan docht er wat nuvers. As er Dykstra wiist op it ferskinen fan tefolle teksten yn it Frysk dêr’t gjin of mar in bytsje ‘ynspiraasje’ út blykt, befellet er oan om wurk fan Groth mar foaral fan, nota bene, de realist Reuter oer te setten:
Dochs zou het niet beter zijn, wanneer de eigen ader niet te rijkelijk stroomt, de toevlucht te nemen tot voortbrengselen van vreemde bodem, zooals Eeltje Halbertsma deed toen hij den Quickborn van Claus Groth vertaalde? Een Noordduischer Fr. Reuter heeft een reeks volksverhalen in het licht gegeven onder den titel: Olle Kamellen, oude kamille, waarvan één onlangs in eene Nederlandsche vertaling, als: Verdroogde kruiden is uitgekomen. Herhaaldelijk kwam bij mij de gedachte op: „Och, mocht dat boeksken in het Friesch vertaald worden, of liever nog voor Friesche toestanden omgewerkt, daar namelijk de Mecklenburgsche niet in allen deele op de onze passen”.
Yn De Gids hie er oan de wrâld al bliken jûn goed op ’e hichte te wêzen fan ’e niederdeutsche literêre diskusje en just te sympatisearjen mei de idealen fan Groth. Om dan sa mei Reuter fuort te rinnen foar Dykstra oer, dy’t er ek noch in wurk fan Reuter oanbefellet om oer te setten, makket in skynhillige en spotske yndruk. Oars net, it skermjen mei bûtenlânske foarbylden as boarnen fan ynspiraasje is neffens Oosterholt ‘een sinds de begjinjaren van De Gids al vele malen beproefd recept’. Potgieter hie it koartby noch dien yn 1862 yn in tige krityske skôging oer it wurk fan J.J. Cremer, dy’t er Auerbachs Goethe und die Erzählungskunst as foarbyld foarhold.J. Oosterholt, ‘Buitenlandse literatuur als katalysator in het poëticale debat. Berthold Auerbach en het genre van de dorpsvertelling in het Nederlandse literaire systeem’, Tijdschrift voor Nederlandse taal- en letterkunde 128-3/4 (2012): s. 235-36. W.D-s. [E. Potgieter], ‘Bibliographisch Album’, De Gids 26 (1862): 612-624, 608 [NB! sidenûmering ferspringt]: ferwiist nei Johann Wolfgang von Goethe, Göthe’s Philosophie (Schütz, Hamburg, 1825) s. 88, Aforsime 66, en nei Auerbach.
Potgieter, Ten Brink en Cremer
Eleminten fan stratezjy, terminology en byldgebrûk út ’e Platdútske diskusje binne troch Verwijs ymportearre yn it ramt fan syn krityk op it Fryske realisme yn it algemien en it Winterjounenocht yn it bysûnder, mei as doel om dy literatuer te isolearjen en te ferbaljen út ’e wrâld fan ’e serieus te nimmen keunst. Yn it each rint dat de krityk ek goed past yn sawol in kontemporêne literêre trend yn Nederlân as yn in al langer besteande negative hâlding foar Frysktalige ‘folksliteratuer’ oer yn it elitêre, Hollânsktalige Friesch Genootschap.G. Jensma, Het rode tasje van Salverda. Burgerlijk bewustzijn en Friese identiteit in de negentiende eeuw (Fryske Akademy, Leeuwarden 1998). Sjoch ek Breuker, Opkomst, s. 378; Waling Dykstra soe him al yn 1860 keard hawwe tsjin krityk mei in lêzing foar it Nut te Frjentsjer, titele ‘Het Friesch is geen boersch'. De lêzing is net bewarre bleaun. It iennichste dat De Vrije Fries, it blêd fan it Genootschap, ein fyftiger en sechstiger jierren te melden hat oer Fryske realistyske literatuer is de grutboargerlike ôfkear derfan en desynteresse deryn. In foarbyld fêstlein foar de neiteam is J.D. Ankringa syn lêzing fan 1857. Dy hie ta doel om te besprekken de gaadlikheid fan it Frysk foar it werjaan fan it ‘verhevene’, mar fette foaral goed gear hoe’t it Genootschap tsjin de Fryske taal en literatuer oanseach, as in taal mei ‘zoogenaamde naive, dikwijls alles behalve kiesche uitdrukkingen’, en hoe’n bytsje belangstelling men dêr yn dy elitêre rûnte fan Hollânsktalige Friezen út ’e hegere boargerij foar hie.J.D. Ankringa, ‘Proeve van de geschiktheid der Friesche taal voor het verhevene’, De Vrije Fries 8 (1859) s. 89-108. ‘Door de hoogere klassen van de maatschappy wordt de Friesche taal niet gesproken en dien ten gevolge ook niet, althans weinig, gelezen, dit maakt dat de schrijvers in die taal, die nog al betrekkelijk velen zijn, zich in hunne geschriften, de een meer de ander minder, maar dikwijls te veel, richten naar de denkbeelden hunner lezers, de leden van lagere en mindere klassen der samenleving, en jacht maken op zoogenaamde naive, dikwijls alles behalve kiesche uitdrukkingen.’ De tekst is in rede foar in gearkomste fan it Friesch Genootschap op 30 july 1857. Ankringa hie konrektor west oan it gymnasium yn Ljouwert, wie mei-oprjochter fan it Genoatskip. Ek wie er mei A. Telting inisjatyfnimmer fan it Friesch Jierboeckjen, de foargonger fan De Vrije Fries.
Itselde dédain hat Breuker by Verwijs oanwiisdPh. Breuker, Opkomst en bloei van het Friese nationalisme, 1780-1875 (Wijdemeer, Leeuwarden 2014) s. 380-381. en komt ek nei foarren út it portret dat Jensma fan Verwijs jûn hat.G. Jensma, De gemaskerde God. Francois HaverSchmidt en het Oera Linda-boek (Walburg Pers, Zutphen 2004) s. 267-278, 287. By beide wurdt lykwols Verwijs syn posysje op it stik fan it literêre realisme net útdjippe. Krekt hjir liket in fierdere ferklearring, út ’e kontekst wei te ûntraffeljen, fan syn krityk mooglik. Der is in anty-realistyske ferskowing yn ’e literêre resepsje yn Nederlân waar te nimmen yn ’e sechstiger jierren. It realisme waard yn De Gids en de Nederlandsche Spectator ter diskusje steld en der kaam mear wurdearring foar estetyk. De resepsje, foar safier wjerspegele troch de stikken fan Verwijs yn De Gids, fan Fryske literatuer yn Nederlânsktalige literêre tydskriften folge dy trend.
Potgieter woe yn 1844 al hawwe, in realistysk skriuwer soe de ‘toestanden zijns volks’ skilderje moatte ‘overeenkomstig de behoeften des tijds, opdat het er door mogt worden geboeid, getroost, geleerd’.P-r. [E.J. Potgieter], ‘Schetsen uit de pastorij te Mastland’, [Resinsje] De Gids 8 (1844): 27-40, s. 29. Web. http://dbnl.nl/tekst/_gid001184401_01/_gid001184401_01_0004.php. Krigen 22 april 2017. Neffens De Vooys woe Potgieter in ‘werkelijkheidsschildering bezield door het idealisme van de kunstenaar, die er een eer in stelde, opvoeder van zijn volk te zijn’.C.G.N. de Vooys, ‘De sociale roman en de sociale novelle in het midden van de negentiende eeuw’, yn: C.G.N. de Vooys, Verzamelde letterkundige opstellen. Nieuwe bundel (De Sikkel/Kosmos, Antwerpen/Amsterdam 1947) s. 146. Krekt dat idealistyske aspekt fan it realisme is ek belangryk foar Verwijs. Syn lêzing oer it realisme foar de Ljouwerter Debating-
It startskot foar in debat waard yn 1862 jûn troch Potgieter yn syn oanfal op it wurk fan ’e populêre Haachske folksskriuwer en foardrager J.J. Cremer.W.D - s. [E.J. Potgieter], ‘Bibliographisch Album’, De Gids 26 (1862) 612-624. Potgieter makke yn syn besprek ûnderskied tusken ‘ziekelijk’ realisme – dat benammen omtinken hie foar de legere klassen, de mindere man en de maatskiplik net-súksesfollenFgl. Verwijs, ‘Maatschappij’, 1866, s. 691: ‘Men verloor geheel en al uit het oog dat de man des volks zich liever verheft boven den nauwen kring, waarin hij zich voortdurend beweegt, en zich verdiept in avonturen van vorsten en helden dan in de alledaagsche handelingen van zijns gelijken, tenzij met eene treffende waarheid en actualiteit geschilderd.’ – en sûn, optimistysk realisme. It jier dêrnei ferskynde in belangryk stik fan ’e lettere heechlearaar Jan ten Brink, dy’t in ferbining lei tusken it troch him ferfijde Frânske realisme (Balzac en Flaubert) en ‘de onzedelijke contemporaine kunst.’T. Streng, ‘Realisme’ in de kunst- en literatuurbeschouwing in Nederland tot 1875 (Amsterdam University Press, Amsterdam) s. 143; J. ten Brink, ‘De uiterste linkerzijde van het Réalisme’, De Nederlandsche Spectator (1863) s. 138-141, 148-151, 163-165. Inkeld idealisme, it leauwe yn ‘het schone en het goede’, kin wiere keunst opsmite, wie de stelling fan Ten Brink, dy’t it yn feite Potgieter nei sei.
Verwijs sels wie wilens likegoed in literêre opiny- en kanonfoarmer yn ’e Nederlânske letteren wurden. Yn 1863 wie er yn gearwurking mei de Ljouwerter útjouwer Hugo Suringar – lykas hy lid fan it Friesch Genootschap – út ein set mei de útjefte fan in rige ‘Nederlandsche Klassieken’ foar hegere boargerskoallen en gymnasia. It earste diel wie in publikaasje fan syn hân oer Vondels Leeuwendalers,Advertinsjes yn de Leeuwarder Courant, 13 en 30 oktober 1863. it tredde oer Huygens’ Costelick Mall.Advertinsjes yn de Leeuwarder Courant, 13, 17 en 20 oktober 1865. It fyfde diel wie fan Jan ten Brink, in Schets eener geschiedenis der Nederlandsche letterkunde.J. ten Brink, Schets eener geschiedenis der Nederlandsche letterkunde (Hugo Suringar, Leeuwarden 1867; 2e dr. 1882). Ten Brink en hy hiene beide studearre by, en wiene ferearders fan, Mathijs de Vries, heechlearaar yn ’e letteren yn Grins en letter Leien. Ten Brink publisearre yn 1864 yn De Gids in wiidweidich besprek fan Verwijs syn Vondel-stúdzje.J. ten Brink, ‘Het Lantspel van Joost van den Vondel’, De Gids 28 (1864): 102-136.
Behalve inselde basishâlding foar it realisme oer, komme ek twa konkrete, yn it each rinnende motiven yn Potgieters krityk op Cremer werom by Verwijs. Yn syn brief oan Dykstra memorearret Verwijs dat der op in Winterjounenocht-jûn, dêr’t er op oanwêzich west hie, praat west hie fan ‘zeere borsten’ fan in swier frouminske. Dat hie der neffens him fier by troch west, soks koe men tsjintwurdich net mear op it toaniel bringe. ‘Wat in de zeventiende-eeuw’, skriuwt Breuker, ’“uitingen van den frisschen volksgeest” waren, was nu volgens hem ongepast.’Ph. Breuker, Opkomst en bloei van het Friese nationalisme, 1780-1875 (Wijdemeer, Leeuwarden 2014) s. 380. It docht tinken oan Potgieters muoite mei Cremer syn foarstellingen fan in ‘Zoogmoeder’ en in ‘Wiege-miê’ en in ‘zoogende vrouw Janssen … met welke het “tegen Marie Lichtmis” alweêr zoo wiet is’.J. ten Brink, Geschiedenis der Noord-Nederlandsche letteren in de XIXe eeuw. Dl. 2 (1888) s. 616. Sokke saken soe Auerbach grif fatsoenliker foarbrocht hawwe, wie Potgieter fan betinken. Dy hold doe ek út, net alle teksten dy’t gaadlik binne om foar te dragen moasten sa mar printe wurde. In argumint derby, sa’t it liket, dat de ‘H.G.’ yn De Gids fan 1862, dy’t presys itselde beweard hie, dochs Verwijs west hat.
Foarbylden fan literatuer dy’t Verwijs wól gaadlik achtet om foarlêzen te wurden yn de burgersociëteiten fan Ljouwert binne yn alle gefallen it romantyske, sentimintele en godsfruchtige gedicht ‘Bij ’t kerkportaal’ (1851) fan de Flaming Jan van Beers en de yn Betuwks dialekt skreaune folksnovelle Oan ’t kleine revierke (1862) fan J.J. Cremer.Ph. Breuker, Opkomst en bloei van het Friese nationalisme, 1780-1875 (Wijdemeer, Leeuwarden 2014) s. 406. Foarlêzen op, resp., in byienkomst fan ‘Voor het Volk’ yn febrewaris 1865 (Leeuwarder Courant, 7 febrewaris 1865; V. draacht it fers ‘met warmte en gevoel’ foar), en op novimber 1867 (Leeuwarder Courant, 19 novimber 1867; V. lêst op de ‘gewone bijeenkomst voor mannen en vrouwen’ en: ‘De geheele avond werd er door ingenomen ….’ Yn de skoften spile ‘als gewoonlijk’ it muzykkorps fan it 8e rezjimint ynfantery). ‘Bij ’t kerkportaal’ yn: J. van Beers, Gedichten (Wed. J. C. van Kesteren & Zoon, Amsterdam 1876) s. 118; ‘Oan ’t kleine revierke’ yn J.J. Cremer, Overbetuwsche novellen (A.J. Sijjthoff, Leiden 1865). It foardragen fan dat ferhaal hie mar leafst de hiele jûn duorre. Opfallend is dat Verwijs en ek de lettere Ten Brink mear wurdearring foar Cremer lykje te hawwen as Potgieter hie. Dat leit him wierskynlik hjir oan, dat sy it seedlik peil fan Cremer syn novellen heger ynskatte as dat Potgieter it yn 1862 dien hie. Boppedat koe Ten Brink Cremer brûke as wapen tsjin Zola. Want Cremer hat, skreau Ten Brink letter, ien ding foar op de ûnseedlike Frânsken:
Hij vermijdt alleen het booze en laaghartige tot afzichtelijke gemeenheid te doen zinken, en verdient daardoor de blaam van hen, die Zola’s boeren uit La Beauce boven de zijnen stellen. Misschien is er geen dankbaarder onderwerp te vinden voor Nederlandsche lezers, dan eene grondige vergelijking van Cremer’s Betuwers met de Beaucerons van Zola. Misschien zou kunnen worden aangetoond, dat beider theorie leidt tot overdrijving; dat Cremer’s Geldersche landlieden te dikwerf zijn gevleid door dichterlijke grootmoedigheid, terwijl de Fransche te zeer zijn bespat door den kwalijk riekenden mest, dien zij noodig hebben om ‘La Terre’ vruchtbaar te maken - doch het is te dezer plaatse mijn voornemen niet deze stof naar den vollen eisch te behandelen.J. ten Brink, Geschiedenis der Noord-Nederlandsche letteren in de XIXe eeuw. Dl. 2 (1888) s. 474.
Cremer jout, neffens Ten Brink, in ‘schildering van het leven van landbouwers … in hoog idealen zin’, lykas yn de romantyske idylle it gefal is, sa goed beskreaun yn Auerbachs Schwarzwälder Dorfgeschichten. De ferliking komt, sa’t wy seagen, fan Potgieter. Mar it is Ten Brink dy’t de ferbining leit tusken realisme en taal. Yn dizze ‘hernieuwing der dorpsidylle’, skriuwt er, is de idylle sels net mear it haaddoel: ‘Het kwam er op aan de dorpstoestanden, vooral later het dorpsdialekt in het oog te doen vallen’. Dat brocht automatysk lytsskalich realisme mei: it gie no om it libben fan de doarpslju en om de doarpslju sels. Sokke teksten joegen de stedske boargerij in oangenaam byld fan in ferlern ideaal: it ‘evangelie der Natuur’ waard predike (en dêr hearde it plattelânsdialekt by) en pleatst foar de ‘bekende, hoogbeschaafde maatschappij’ oer.J. ten Brink, Geschiedenis der Noord-Nederlandsche letteren in de XIXe eeuw. Dl. 2 (1888) s. 468.
Verwijs neamt yn in lêste lêzing foar de Ljouwerter Debating-Club, yn 1868, twa jier nei syn stik yn De Gids oer it Winterjounenocht, noch as ûnderwerp de Ingelske skriuwer William Makepeace Thackeray.‘Letternieuws’, Leeuwarder Courant, 14 jannewaris 1868. Hy priizge Thackeray om’t er sa goed ‘werkelijke toestanden’ sketste en mei sarkasme en satire ‘de gebreken der maatschappij treffend wist aan te wijzen’. Sa’n rol, dy fan ’e skerpe satirikus – dy’t it mei iroany wer oersljochtsje moat, om himsels net hielendal ûnmooglik te meitsjen – sil Verwijs himsels tatocht hawwe yn syn tiid as archivaris-bibletekaris fan Fryslân.
Konklúzjes: fan boppe-ôf en fan bûtenút
Gerhard Cordes jout, mei op basis fan Monica Jaeger har manuskript ‘Theorien der Mundartdichtung’ (1966), in tal eigenskippen fan Dútse ‘Mundartliteratur’ yn ’e 19e ieu. Neamd wurde ‘Ernsthaftigkeit’ (pedagogyk, moralisme); ‘echtheid’ fan ’e fertelstof (realisme); krektens fan it taalgebrûk; retrospektiviteit, en humor. It konflikt Groth-Reuter lit sjen dat by de beskriuwing en wurdearring fan sokke eigenskippen fan in opstribjende dialektyske literatuer ûnderskate ynfalshoeken mooglik binne. Nasjonale faktoaren (1) kinne dêrby fan belang wêze. Stiet literatuer yn in nasjonaal of nasjonalisearjend perspektyf, of krekt net? Ek giet it om definysjes fan literêre estetyk (2): wat jildt as moai en goed, en watfoar sosjale en politike achtergrûn hawwe dy kritearia? Dan de fraach nei it soart publyk en de bân mei it publyk (3) en hoe’t dy ta stân komt. Swier weaget ek it moreel of pedagogysk boadskip (4) dat teksten neffens skriuwer en lêzer al, of krekt net, hawwe moatte.G. Cordes, ‘Geschichte und Methoden der niederdeutschen Literaturwissenschaft’, yn: G. Cordes en D. Möhn, red., Handbuch zur niederdeutschen Sprach- und Literaturwissenschaft (Erich Schmidt Verlag, Berlin 1983) s. 55-56.
Wat dat oanbelanget binne der opfallende oerienkomsten tusken de hjir besprutsen debatten yn ’e perioade 1858-1866. In nasjonaal-politike, romantysk-estetyske, grutboargerlike, stedske en sterk op lêskultuer basearre literatueropfetting, stelt him yn alle trije de gefallen aktyf en agressyf op foaroer in mear realistysk-engazjearre opfetting, dy’t tichter by de lytse boargerij en it doarpse boerefolk stiet en ek – yn it gefal fan it Winterjounenocht – fan orale oerdracht en publikaasje fan sekundêr-orale foardrachten gebrûk makket. De Platdútse diskusje en de oanfal fan Potgieter op Cremer gean koart oan de Fryske diskusje foarôf en wurde suver as plagiaat ymportearre troch Verwijs. Syn krityk op it Fryske realisme is dêrfan ôflaat en is better te ferklearjen troch syn posysje yn it nasjonale en ynternasjonale literêre fjild derby te belûken, as troch inkeld út te gean fan ûnderstelde swaktes fan dat realisme of ûnderstelde karaktereigenskippen fan Verwijs.
Yn syn twadde (of is it syn tredde?) stik yn De Gids leit Verwijs in fûle anty-realistyske ferklearring ôf. Lykas by Groth komt de klam te lizzen op de betsjuttingleazens fan it realisme (‘Vademekumsanekdoten’, ‘onbeduidendheid’) en op moreel-estetyske tekoartkommingen, dy’t ek troch Potgieter en Ten Brink al nei foarren brocht wienen. Ferbettering fan it folk komt net ta stân troch ‘plat fermeits’, dat út ’e keunst keard wurde moatte soe. It is inkeld noch mooglik om sokke tafrielen keunsthistoarysk te wurdearjen, mient Verwijs.
Net oan ’e oarder komt (mear) dat yn eigentiidske Fryske literatuer humor en ‘folkske’ tema’s gauris maatskippijkritysk ynset wurde: it ‘lagchend hekelen der gebreken fan arm en rijk’. De eigen sosjale en literêre dynamyk fan (begjinnende) minderheidstalige literatuer en lêskultuer wurdt sa bûten byld hâlden. Markwardt neamt foar wat de Dútse diskusje oanbelanget it ferskil tusken idealisme (Groth) en realisme (Reuter) de woartel fan it konflikt, wat strykt mei de skieding dy’t Verwijs sels yn 1864 yn in lêzing oanbrocht.B. Markwardt, Geschichte der Deutschen Poetik. Band V. Das zwanzigste Jahrhundert (Walter de Gruyter, Berlin 1967) s. 358. Mar sa’n tsjinstelling wurdt mei wissens te swier oanset as men dêr it Fryske realisme mei fange wol. Achter de ynspanningen fan it literêre realisme sit by Reuter en ek by Waling Dykstra en Tsjibbe Gearts van der Meulen (maatskiplik rjochte) idealisme: om mei folksliteratuer yn ’e eigen taal de minsken op te betterjen, maatskiplik by de les te krijen en te befrijen fan materiële en geastlike ûnderdrukking. Hjir falt oan ôf te lêzen dat de sinjalearre puriteinske hâlding fan Verwijs foar it Fryske realisme oer wolris mei beskaat west hawwwe kin troch syn Nederlâns-literêre posysje foar it sedeleaze Frânske realisme oer. It hat him fierhinne blyn makke foar de eigen kwaliteiten fan Fryske literatuer.
De hjir behannele diskusjes geane yndie oer de ‘begrenzing’ (Feitsma) fan wat literatuer yn it algemien en minderheidstalige of dialektyske literatuer yn it bysûnder is of wêze mei. Hieltyd is sprake fan in besykjen ta it dissiplinearjen fan ‘folksliteratuer’ op basis fan kultueridealen dy’t fan boppe-ôf (de hegere boargerij) en bûtenút (út in oare taal en literatuer wei) tapast wurde. Dat ynterpretearje te wollen as tekens fan ‘literaire modernisering’ (Feitsma, dy’t dêr eins nasjonalisearring mei bedoelt) betsjut it tapassen fan letter fokabulêr op eardere sitewaasjes en kin dêrom as in anagronistysk ûndernimmen sjoen wurde. Yn ’e diskusje Verwijs-Dykstra giet it net oer Fryske literatuer as inkeld in oanfoljende literatuer, sa’t it Hof fyftich jier letter al of net foar eagen stie, en ek net oer wjerstân tsjin in ‘algemene’ Fryske literatuer, dy’t Kalma nei 1914 propagearre. By Groth-Reuter, Potgieter-Cremer en Verwijs-Dykstra is de hamfraach net hoe’t literatuer him ferhâldt ta it nasjonale, mar ta it sosjale en estetyske fraachstik yn keunst.
‘Verwijs’, skreau Boeles yn 1930, ‘is vooral voor menschen, die de Friesche zaken uit de verte bezien, een soort barometer geworden, waarop men meent den stand van de Friesche wetenschap in zijn tijd te kunnen aflezen.’P.C.J.A. Boeles, ‘De houding van Dr. Eelco Verwijs ten opzichte van het Oera-Linda-boek en het Friesch Genootschap’, De Vrije Fries 30 (1930) s. 1. It sil foar de stân fan saken yn ’e Fryske letteren ek in skoft sa west hawwe. Dochs riist hjir it byld op fan in man, dy’t, sûnder al te folle kennis fan it Frysk of de Fryske literatuer te hawwen, him yn Frysk-literêre saken oppenearre op in like satiryske as gemaksuchtige en sels dubieuze, anty-wittenskiplike manier as literêr ekspert en paadwizer. Hy, de holle tefolle by Vondel, hat gjin eigen analyse brocht, sa’t ik sjen litten haw. Krekt net, hy hat in mal makke fan Groth, Potgieter en Ten Brink en yn dy mal hat er treaun wat er yn Fryslân oantrof.
Noaten
- Fritz Reuter Literaturmuseum, webside: http://www.fritz-reuter-literaturmuseum.de/foerderverein.html. Krigen 21 maart 2017. Sa skriuwt Reuter oan Ernst Moritz Arndt oer syn folksballade Kein Hüsung (1857), dat er it dêrmei ‘gewagt habe, unsern Zwängern und Drängern die Wahrheit zu sagen [und] den Schimpf von dem Nacken des geächteten und geknechteten Volkes zu nehmen’. Sit. yn: ‘Dankrede des Preisträgers Dr. Arnold Hückstädt’, Schwerin, 4 Juni 2010. Webside: http://www.carltoepferstiftung.de/img/pdf/Dankrede_des_Preistraegers_2010_Dr_Arnold_Hueckstaedt.pdf. Krigen 2 april 2017.
- J. Piebenga, Koarte skiednis fan de Fryske skriftekennisse (2e pr.; Laverman, Drachten 1957; or. 1938) s. 147.
- A. Feitsma, ‘Keerpunten in de beoefening van het fries, vroeger en nu. Tussen tijdgeest en eigen traditie’, Forum der Letteren 1979 (Dick Coutinho, Muiderberg 1979) s. 17-20.
- Ibid., s. 17-18.
- R. Langhanke, ‘Literalität und regionale Sprache. Herausforderungen neuniederdeutscher Schriftlichkeit in historischer Perspektivierung und die Positionen Groths und Reuters’, yn: Franz Januschek, red. Transkulturelle Perspektiven auf mehrsprachige Regionen (Georg Olms Verlag, Hildesheim 2016) s. 113. It gie om ‘unterschiedlichen Auffassungen über niederdeutsche Sprache und Literatur; während Groth die ästhetische Gestaltung in den Vordergrund stellte, betonte Reuter den realen Sprachbezug zur Sprechergemeinschaft.’
- E. Verwijs en Robert Fruin, ‘Bibliographisch Album’, De Gids 30 (1866): 189-204.
- Ph. Breuker, Opkomst en bloei van het Friese nationalisme, 1780-1875 (Wijdemeer, Leeuwarden 2014) s. 378-381.
- G. Jensma, De gemaskerde God. Francois HaverSchmidt en het Oera Linda-boek (Walburg Pers, Zutphen 2004) s. 279.
- Resinte literatuer oer Hebel: R. Ludwig, Der Erzähler. Wie Johann Peter Hebel ein literarisches Schatzkästlein schuf (Wichern-Verlag, Berlin 2010); M. Moehring, F. Littmann, S. Raible, red., Johann Peter Hebel. Bewegter Geist, bewegtes Leben. Lörracher Hefte – Rote Schriftenreihe des Museums am Burghof, Heft 11 (Lörrach 2010); B. Viel, Johann Peter Hebel oder Das Glück der Vergänglichkeit. Eine Biographie (C. H. Beck, München 2010).
- K. Groth, Quickborn. Volksleben in plattdeutschen Gedichten dithmarscher Mundart (Perthes-Besser u. Mauke, Hamburg 1853). Sjoch oer Groth: U.-Th. Lesle, ‘Regionale Geschichtsbilder: Klaus Groth und das Plattdeutsche’, yn: A. Betz en R. Faber, red., Kultur, Literatur und Wissenschaft in Deutschland und Frankreich (Würzburg 2004); R. Langhanke, ‘Zur Bedeutung Klaus Groths für die niederdeutsche Sprachgeschichte’, yn: M. Hundt en A. Lasch, red., Deutsch im Norden. Varietäten des norddeutschen Raumes. Jahrbuch für Germanistische Sprachgeschichte 6 (Berlin-Boston 2015).
- K. Groth, De Quickborn. Plat duetske rymkes, yn it Friesk oerbrogt trog Dr. E. Halbertsma (Liouwerd, E. Hosbach J. Cz. 1857).
- F. Reuter, Läuschen und Riemels. Plattdeutsche Gedichte (Treptow an der Tollense, eigen behear, 1853). Sjoch oer Reuter: Chr. Bunners, Protestantismus und Literatur. Der Dichter Fritz Reuter (1810-1874) (Bockel Verlag, Neumünster 2012); G. Cordes, ‘Fritz Reuter und die volkstümliche Erzähltradition’, yn: Volks- und Hochkunst in Dichtung und Musik. Tagungsbericht eines Colloquiums am Musikwissenschaftlichen Institut des Saarlandes in Saarbrücken (Saarbrücken 1966); R. A. Hoffmeister, ‘Fritz Reuter and dialect literature in the context of German “Nationalliteratur”’, yn: H.C. Christiansen, red., Fritz Reuter Gedenkschrift (Rodopi, Amsterdam 1976); A. Hückstädt, Fritz Reuter im Urteil der Zeitgenossen und des zeitgenössischen Schrifttums. Zur Rolle der Reuter-Kritik im Prozeß bürgerlicher Ideologiebildung zwischen 1853 und 1874/75. Diss. (Rostock 1976); A. Hückstädt, Fritz Reuter im Urteil der Literaturkritik seiner Zeit. Rezensionen und Betrachtungen über die Werke und zur Persönlichkeit Fritz Reuters (Hinstorff, Rostock 1983); H. Suhrbier, Der andere Fritz Reuter. Neues zu Werk und Wirkung (BS-Verlag, Rostock 2010).
- B. Probol, ‘Fritz Reuter: ein plattdeutscher Bestsellerautor’. Website: http://www.ndr.de/kultur/geschichte/koepfe/fritzreuter111_page-2.html. Krigen 2 april 2017.
- R. Prutz, ‘Plattdeutsche Dichtung’, Deutsches Museum. Zeitschrift für Literatur, Kunst und öffentliches Leben. 7 Jg. (1857).
- B. Markwardt, Geschichte der Deutschen Poetik. Band V. Das zwanzigste Jahrhundert (Walter de Gruyter, Berlin 1967) s. 357-358: ‘Da schien er [Groth] geradewegs auf einem Mann zu stossen, der ihm leichtfertig plaudernd sein würdiges Konzept verdarb, der durch seine ausgelassenen Possen das Plattdeutsche einer erneuten Missachtung preisgab.’
- K. Groth, Briefe über Hochdeutsch und Plattdeutsch (Schwerssche Buch, Kiel 1858) s. 159.
- Ibidem.
- Prutz, ‘Plattdeutsche Dichtung’, sit. yn: F. Reuter, Fritz Reuters sämtliche Werke. Hrsg. C.F. Müller (Hesse, Leipzig 1905) s. 116. Neamt ûnder mear ‘die zahlreichen Heineschen Pointen’.
- F. Reuter, ‘Abweisung der ungerechten Angriffe und unwahren Behauptungen welche Dr. Klaus Groth in seinen Briefen über Hochdeutsch und Platdeutsch gegen mich gerichtet hat’, yn: F. Reuter, Gesammelte Werke und Briefe. Band VII. Fragmente. Aus dem Unterhaltungsblatt. Lustspiele. Gedichte. Aufsätze. Red. Ingrid Prignitz en Renate Heinecke (Rostock, 1966-1967) s. 567-593. Or. 1858.
- K. van Dalen-Oskam, ‘E. Verwijs’, Bio- en bibliografisch lexicon van de neerlandistiek (2004-). Webside: http://www.dbnl.org/tekst/anro001bioe01_01/colofon.php. Krigen 1 april 2017.
- Jensma, De gemaskerde God, s. 279.
- Ibid., 276.
- Ibid., 276, 278.
- Ibid., 287.
- E. Verwijs, ‘Bibliographisch Album’, De Gids 28 (1864): 596-614, s. 606. Sjoch ek: E. Verwijs, ‘De Maatschappij tot Nut van ’t Algemeen in vroeger dagen en de volksletterkunde’, Vaderlandsche letteroefeningen (1866): 675-702.
- Verwijs, ‘Bibliographisch Album’, s. 606.
- Ibid., s. 607.
- Ibid., s. 608.
- E. Verwijs en Robert Fruin, ‘Bibliographisch Album’, De Gids 30 (1866): 189-204.
- W. Dykstra en T.G. van der Meulen, Frîske Winterjoune-nocht. Foardrachten în rîm en onrîm. Oarde boek (Kuipers, Ljouwert 1864) s. xv-xvi.
- Verwijs, 1866, s. 195.
- Ibid., s. 197.
- Ibidem.
- Verwijs, 1866, s. 199-200.
- Ibid., s. 204. Behalve Halbertsma lêst er ek leaver Jan Salverda’s Hiljuwns-Uwren.
- Prutz, ‘Plattdeutsche Dichtung’, s. 697.
- Verwijs, 1866, s. 198.
- H.G., De Tijdspiegel 19 (1862) s. 290-295.
- Sit. yn: S.J. van der Molen, ‘En ús Harke mei syn kleare kop’. 65 jier Frysk Winterjûnenocht (Lykele Jansma, Stynsgea/Stifting FFYRUG, Grins 1984) s. 57-58.
- Sit. yn: A. Wadman, ‘H.G. van der Veen en de Fryske Winterjûnenocht’, yn: A. Wadman, It kritysk kerwei. Resinsjes en skôgingen 1950-1970 (Fryske Akademy, Ljouwert 1990) [oarspr. De Tsjerne (1951), nr.4, s. 109-118] s. 196.
- Ibidem.
- Wadman, Kritysk kerwei, s. 202.
- M. de Jong, Het geheim van het Oera-Linda-boek (A.J. Osinga, Boalsert 1927) s. 113.
- Hayte Gabes, ‘Van een’ soliden praeadamiet’, De Tijdspiegel 22 (1865) s. 486-489. Wadman seit it net, mar de iroanyske styl fan it stik en de tematyk (godstsjinst) dogge tinken oan in alter ego fan Verwijs.
- W. Dykstra, De silveren rinkelbel (2e pr.; T. Telenga, Frjentsjer 1866).
- ‘Correspondentie van twee protesterende Friezen’, De Tijdspiegel Jg. 11 (1866) s. 569-574.
- Ibid., s. 570.
- Ibid., s. 571.
- Ibid., s. 572.
- Ibid., s. 572.
- Tresoar, TPBL, BS 308.
- Breuker, Opkomst, s. 432.
- J. Oosterholt, ‘Buitenlandse literatuur als katalysator in het poëticale debat. Berthold Auerbach en het genre van de dorpsvertelling in het Nederlandse literaire systeem’, Tijdschrift voor Nederlandse taal- en letterkunde 128-3/4 (2012): s. 235-36. E.J. Potgieter, ‘Bibliographisch Album’, De Gids (1862) s. 611.
- G. Jensma, Het rode tasje van Salverda. Burgerlijk bewustzijn en Friese identiteit in de negentiende eeuw (Fryske Akademy, Leeuwarden 1998). Sjoch ek Breuker, Opkomst, s. 378; Waling Dykstra soe him al yn 1860 keard hawwe tsjin krityk mei in lêzing foar it Nut te Frjentsjer, titele ‘Het Friesch is geen boersch'. De lêzing is net bewarre bleaun.
- J.D. Ankringa, ‘Proeve van de geschiktheid der Friesche taal voor het verhevene’, De Vrije Fries 8 (1859) s. 89-108. ‘Door de hoogere klassen van de maatschappy wordt de Friesche taal niet gesproken en dien ten gevolge ook niet, althans weinig, gelezen, dit maakt dat de schrijvers in die taal, die nog al betrekkelijk velen zijn, zich in hunne geschriften, de een meer de ander minder, maar dikwijls te veel, richten naar de denkbeelden hunner lezers, de leden van lagere en mindere klassen der samenleving, en jacht maken op zoogenaamde naive, dikwijls alles behalve kiesche uitdrukkingen.’ De tekst is in rede foar in gearkomste fan it Friesch Genootschap op 30 july 1857. Ankringa hie konrektor west oan it gymnasium yn Ljouwert, wie mei-oprjochter fan it Genoatskip. Ek wie er mei A. Telting inisjatyfnimmer fan it Friesch Jierboeckjen, de foargonger fan De Vrije Fries.
- Breuker, Opkomst, s. 380-381.
- Jensma, De gemaskerd God, s. 267-278, 287.
- E.J. Potgieter, ‘Schetsen uit de pastorij te Mastland’, [Resinsje] De Gids 8 (1844) s. 73.
- C.G.N. de Vooys, ‘De sociale roman en de sociale novelle in het midden van de negentiende eeuw’, yn: C.G.N. de Vooys, Verzamelde letterkundige opstellen. Nieuwe bundel (De Sikkel/Kosmos, Antwerpen/Amsterdam 1947) s. 146.
- M.J. van Lennep, ‘De oudste notulen van de Leeuwarder Debatingclub’, De Vrije Fries 46 (1964) s. 157.
- E.J. Potgieter, ‘Bibliographisch Album’, De Gids (1862)
- Fgl. Verwijs, ‘Maatschappij’, 1866, s. 691: ‘Men verloor geheel en al uit het oog dat de man des volks zich liever verheft boven den nauwen kring, waarin hij zich voortdurend beweegt, en zich verdiept in avonturen van vorsten en helden dan in de alledaagsche handelingen van zijns gelijken, tenzij met eene treffende waarheid en actualiteit geschilderd.’
- T. Streng, ‘Realisme’ in de kunst- en literatuurbeschouwing in Nederland tot 1875 (Amsterdam University Press, Amsterdam) s. 143; J. ten Brink, ‘De uiterste linkerzijde van het Réalisme’, De Nederlandsche Spectator (1863) s. 138-141, 148-151, 163-165.
- Advertinsjes yn de Leeuwarder Courant, 13 en 30 oktober 1863.
- Advertinsjes yn de Leeuwarder Courant, 13, 17 en 20 oktober 1865.
- J. ten Brink, Schets eener geschiedenis der Nederlandsche letterkunde (Hugo Suringar, Leeuwarden 1867; 2e dr. 1882).
- J. ten Brink, ‘Het Lantspel van Joost van den Vondel’, De Gids 28 (1864).
- Breuker, Opkomst, s. 380.
- Ten Brink, Geschiedenis, s. 616.
- Breuker, Opkomst, s. 406. Foarlêzen op, resp., in byienkomst fan ‘Voor het Volk’ yn febrewaris 1865 (Leeuwarder Courant, 7 febrewaris 1865; V. draacht it fers ‘met warmte en gevoel’ foar), en op novimber 1867 (Leeuwarder Courant, 19 novimber 1867; V. lêst op de ‘gewone bijeenkomst voor mannen en vrouwen’ en: ‘De geheele avond werd er door ingenomen ….’ Yn de skoften spile ‘als gewoonlijk’ it muzykkorps fan it 8e rezjimint ynfantery). ‘Bij ’t kerkportaal’ yn: J. van Beers, Gedichten (Wed. J. C. van Kesteren & Zoon, Amsterdam 1876) s. 118; ‘Oan ’t kleine revierke’ yn J.J. Cremer, Overbetuwsche novellen (A.J. Sijjthoff, Leiden 1865).
- J. ten Brink, Geschiedenis der Noord-Nederlandsche letteren in de XIXe eeuw. Dl. 2 (1888) s. 474.
- Ibid., s. 468.
- ‘Letternieuws’, Leeuwarder Courant, 14 jannewaris 1868.
- G. Cordes, ‘Geschichte und Methoden der niederdeutschen Literaturwissenschaft’, yn: G. Cordes en D. Möhn, red., Handbuch zur niederdeutschen Sprach- und Literaturwissenschaft (Erich Schmidt Verlag, Berlin 1983) s. 55-56.
- Markwardt, Geschichte, s. 358.
- P.C.J.A. Boeles, ‘De houding van Dr. Eelco Verwijs ten opzichte van het Oera-Linda-boek en het Friesch Genootschap’, De Vrije Fries 30 (1930) s. 1.
Mear fan Abe de Vries
‘Krysttiid 1899’ of it stjonkbedriuw fan de grutten |
In Ried foar de Keunst (podcast) Gerrit Breteler: de wearde fan keunst is net ‘men betellet der fet foar’ |
Wol keunst wier ferskaat? (podcast) Systematysk harkje (@Amanda Gorman @Zaïre Krieger) nei de útranzjearre minderheden sit net yn ús ynstituten |
Keunst is altyd polityk (podcast) Gerrit Breteler oer synergy mei it publyk |
It sweverige wurd ‘spiritualiteit’ (podcast) Marty Poorter wol net útlizze |
Mimesis (podcast) Keunst is gjin keunstsjes, seit Elmar Kuiper |
Keukenstafelpetearen de alderearste fryske keunstpodcast |
De Hylkje Goinga Priis foar Frysktalige Literatuer In trochstart fan de fallite Gysbert! |
De treastpoezen fan it Frysk (it frysk is sa hoopfol en de minsken snappe it net) |
De sosjale kosten fan fergriemen It neoliberalisme lit jo foar alles opdraaie |