image Noas tsjin ’t glês fan Edwin de Groot

Besprek

Kalamiteit by de leveransier

Noas tsjin ’t gles fan Edwin de Groot

Friduwih Riemersma - Fers2 nû. 7.4, 22 july 2021

Wêr—en hoe koart—ek op Instagram en jo rinne der tsjinoan: lêstekenearme platitudes, as wiene haadletters ferbean, yn in sljochte Times New Roman op wite eftergrûn, oer net teplak te wêzen en/of net leave. Muoiteleas en oerdúdlik, yn in sjenre fameus om syn sunichheid en kryptyskheid—lit jo gesicht net sjen, dichter—sprekt dizze poëzy de minsken oan as begrypt er har, en mear as dat, it sprekt op in manier dy’t foar de loaie millennials maklik te snappen is.

de wrâld hoecht net ûnbekladde, in bytsje goed fallend

soe al noflik wêze en troakjend

ast him oanreitsje kinst

Allinnich, dit stiet net as in komfortabel ûntwyk op it ivich synyske ynternet. It stiet op papier, yn in bondel ‘gedichten’, útjûn troch de Algemiene Fryske Ûnderrjocht Kommisje (Afûk), in wurk­ploech foar it fuortsterkjen fan de Fryske taal. Skoalbern lêze amper poëzy, har âlden trouwens ek net. Mar “[w]y hâlde fan feelgood-poëzy”, dy is hiel ynklusyf, seit ûndersiker Kila van der Starre oer de radikale demokratisearring en it iverjen foar ferskaat yn de ûnderstelde poëzy-fan-’e-nije-generaasjes. No’t Instagram­poëzy bejubele wurdt as ‘gateway poetry’, kin de literatuerkritikus better syn snút hâlde.

En wy hiene al in sturtsjegiseljende, kontkrûperige literatuer­krityk. Besprekken binne feitlik book blurbs. “Edwin de Groot ferstiet de keunst om alderhanne ûnderwerpen dy’t op syn wei komme yn bysûndere taal om te setten,” giet de efterflap fan De Groot syn fyfde bondel, Noas tsjin ’t glês. In ûnderwerp komt net op jo wei; it is by definysje eat dat/immen dy’t jo aktyf oppakke. Los fan dy minne spraak, “bysûndere taal” is in folslein betsjuttingsleas etiket. Dat mei. It is in efterflap. Mar neigeraden it krimpen fan ’e kranteromte foar belletry is it ferkil tusken besprek en blurb ferdizene yn doel en effekt.

Hast sûnder útsûndering komt it rychje stjerren mei 350 wurden oerdiedige en ûnûnderboude lofsang. Negatyf besprekke bart net, want skande fan it djoere kranteplak. By need sjit de besprekker fan lege oanprizingen, ‘in oar lûd’ of sa, nei in opsomjen fan de ynhâld, mar hâldt de tekoartsjittende foarm yn it tsjuster. Minne poëzy wurdt net besprutsen. Dat is logysk want negatyf beprekken foarmet in risiko foar de posysje fan de besprekker dy’t sels ek hast altyd in dichter is: in min besprek keatst werom. Dêrfoar behoedet it symboalysk kapitaal fan in serieus tydskrift de dichter-besprekker, mar dy hat Fryslân net. Trouwens de net-amateurbesprekker nimt syn fak earnst en besprekt gjin wanpoëzy. Fan gefolgen wit it publyk net wat de Fryske ‘gateway’ foarstelt.

Ei no, de titel Noas tsjin ’t glês is in misoersetting fan it Ingelske ‘press your nose up against the glass’. It Frysk mist dat idioom—noas tsjin ’t rút hie geef Frysk west—want der wiene amper eta­laazjes op ’e Fryskpratende doarpen. Al bestiet it keapmanssechje ‘de moaiste bôlen, wiggen foar it finster, rút lizze’, jo koene jo te uzes net fergapje oan ’e wûnderbaarlike waar, lykas yn ’e metro­poalen. Daniel Defoe klage yn 1726: “Never was there such painting and guildings, such sashings [i.e. ynbouwen fan etalaazjes] and looking-glasses as the shopkeepers as there is now.” It oanlizzen fan finsterglês en ‘trottoirs’ begjin achttjinde ieu, sadat de konsu­mint fuort fan smoargens fan ’e dyk lang om let de waar besjen koe foar’t er dy kocht, hie in prachtich poëtysk tema west.

Noas tsjin ’t glês hat likemin as ynternetpoëzy in ynhâlds­opjefte foar de 66 fersen. It earste fers giet foar de skiften út, as in testimoanium, en begjint mei in triviaal mandewurd:

noflik is it as der yn in skiednis sprake is fan in barmhertige ôfrin

Dy iepeningsrigel fan ’e bondel is eksimplarysk foar alwat komt. De dissonânsje komt net sasear om’t meldij gjin omtinken krijt, mar om’t de natuerlike harmony fan ús deiske ekspresje offere is foar dichterlikheid. De strekking is ûnsinnich, ommers de skiednis befettet gjin ôfrinnen. Fukuyama siet derneist, sa’t wy witte: it populisme folget de liberale demokrasy op; ideologyen evoluearje gewoan troch. Ek tilt it yn Noas op fan de platitudes: “elk tiidrek hat wol in folk dêr’t it fan ôf wol”. In platitude werhellet oerdúdlike, ienfâldige, maklik te begripen stellingen dy’t mar in bytsje betsjutting of emosjoneel gewicht hawwe. De measte skriuwers gean platitudes út ’e wei, út eangst foar betichtsjen fan ûnbenullichheid of oersimplifikaasje fan komplisearre ûnderwerpen. Hjir fine jo alle ûntskûle trivialiteiten byinoar.

De skiften, al ha dy sels titels, ferskille yn foarm noch ynhâld. Oeral komme jo it ’e doele reitsjen yn eigen wynstreek wer tsjin, “de man wist wêr’t hy hinne moast, sei er/ (…) dochs/ bleau hy omdan­geljen op it hiem”. Hieltyd fersûpt men wer om’t “it wetter komt”, of der altyd al wie: “wylst de seelju fersûpten yn de stoarm driuwden sy nei in eilân”. Bepaalt dus de ienheid fan tema de organisaasje fan de tekst? Nee want tema is wêr’t de sprekker in wêzentlike tinkwize oer uteret yn de foarm fan in literêr boadskip; oantippe is gjin tema. ‘Fersûpe’, “fersûpe dogge wy oan no ta net”, is gjin reade trie of motyf mar in sinjaalwurd, lykas ‘dea’ of ‘neuke’ yn whodunnits. Sa’n omtinkenlûker nimt de lêzer geweken as de kwaliteit fan ’e tekst dat net kin. Wat it oarderjend prinsipe fan de bondel is, in geheime ferhaalline miskien, of wêr’t Noas oer giet? Jo sille de hermetyk net brekke. Ungrypberheid is de karstien fan Instagrampoëzy.

Wat de organisaasje fan de fersrigels oangiet, Noas is frij fers, soms yn regelmjittige strofen en soms net, sûnder dat dêr in patroan yn te ûntdekken falt. De rigellingte is tige ûngelyk, doel en effekt dêrfan binne net dúdlik. Op guon plakken is just de rigellingte nivellearre, troch in wurd út de nije strofe noch yn de âlde te tropjen: “moat noch even goed útdoktere, wurden// wolle mei noed en soarch keazen”. Ritme, ritmewiksels, rym, wurdeigenskippen, lûdeigenskippen: dat alles hat, oerienkomstich de Instagrampoëzy­wetten, net in spesjale behanneling krigen.

Wat is der wol oan eigen styl en techniken, oftewol stim fia in beskate sinsbou, wurdkar, toan? Geregeldwei is der in hoopstoopse toanwiksel middenyn in fers:

is it eb, lûkt it wetter him treurjend werom

is it floed dan nimt de see

mar wêr’t it plakfynt docht der wol ta

Nea is sein dat it der net ta docht, en plak? Der gjin setting jûn yn dit fers, sterker noch, gjin fan de fersen hat setting—ik kom der aansen op werom. Wol brûkt De Groot âldergewoante eksplisite yntertekstualiteit, mei nammen yn opdracht, titel en tekst, lykas Johnny Cash of Ikarus. Ferwize nei in oare tekst om rikere betsjut­ting te kweekjen wurket allinne as der ek in bân is tusken de twa teksten. Mar der is yn Noas gjin berte fan ’e Minotaurus, lit stean in Dedalus dy’t syn soan noflikens ferwyt.

In libben dêr’t social media hearskje en wy yn syn swartgallich­heid delfarre soene, hat it opfleurjend fers healwiis populêr makke, fral op Instagram mei syn formule fan lytse, deiske skjintme ‘dy’t de dichter op syn wei komt’. Dat prosedee is in griffe kar, seit de efter­flap. Mar de gefolgen? De yndruk fan in tillefoanfeiende, foar de fûst wei moaie dinkjes meidielende ‘implied’ dichter is namste sterker troch de werhellingen—fan net-spesifike teksteleminten. It emoasje­wurd ‘ûngenedich’ stiet twaris ûnderinoar, de chiasmus “rjocht út, rjocht oan en fier fan hûs, sa ticht by hûs” moat ferfrjemdzjend wurkje en de alliteraasje “kalm klotsket in (…) kat” ferbynt tafallich wat en it is ‘klotst’; ‘klotskje’ is min frysk. In homonym, “sjochst fierderop de iesiters roppen”, lit tinke dat de dichter him sels net sjoen hat, want mei it effekt is neat dien.

Fansels is der antropo­morfisme. Natuer mei minsklik gefoel is typysk Frysk dus “lûkt it wetter him treurjend werom”. De simile is in faak tapaste technyk, “krekt as de tsjirken dy’t”. Mar sjogge jo nei in mooglike foarkar foar de eigenskiplike bysin ‘as [eat] dat’, of nei hoe’t similes brûkt binne, of wat se dogge of dwaan moatte, dan fine jo de stylflater fan steapeljen fan similes, de misbetearde simile om’t it antesedint ambigu is, “net/ skjin en suver as”, en oare minne taalbehanneling of -behearsking dy’t styl oan it each ûntlûkt.

De measte poëzy hat in beskriuwende styl. De skriuwer rjochtet him op it yn detail omskriuwen fan in barren, personaazje of plak. De poëtyske aard fan de beskriuwende styl komt fan it presisearjen fan it foarfal, objekt of ding, ynstee fan allinnich ynformaasje te jaan oer wat bard is. Dus gewoanlik hat in poëtyske beskriuwing sin­túchlike details. Wat dogge dêrneist normative eleminten? “Als de wijn gaet in den man,/ Leyt de wijsheyt in de kan,” dichte Vadertje Cats yn de santjinde ieu en wy achten him de Hollânske Homêros. Alhoe’t wy hjoed hammerje op de wêzentlik solitêre en solipsistyske wille fan keunst, wy hoege it ôfsûnderjend aspekt fan de dichterlike ûnderfining net as stridich mei polityk en etyk te sjen. Mar: wat heakje yn Noas tsjin ’t glês regels as “janboel lit him net betinke” ta? Binne dy echt poëtysk bûten de Insta-estetyk?

Wat moatte oertsjûgjende eleminten, “witst pas watst mist as…”, deryn? Boppedat, wa is de ‘do’ dy’t oansprutsen wurdt? In do-stim, in twadde persoan, kin de lêzer wêze, of de ferkrongen earste persoan ‘ik’, of de dramatyske ‘do’ as de sprekker him rjochtet ta in stille mar net oanwiisbere figuer bûten it fers, of de universele & ivige do, of in spesifike ‘do’. Yn Noas is it hast hieltyd in eksofoare twadde persoan: ûnidentifisearre en ‘earne’ bûten de tekst. Dat makket de betsjutting diffús. Op oare plakken skynt de sprekker sels net te witten wa’t de ‘do’ is, oft dy binnen of bûten it fers is, of dat er alle lêzers tasprekt. It is skarreljen mei de point of view—en stim—en do-foarm liket in goedkeape tuskenbeiden kar, makke om’t it indruk fan yntimiteit jout, wylst it net yntym hoecht te wêzen, en dat hjir ek net is, om’t de ‘ik’ net groeit.

en hie’k eartiids by eastewyn nearne argewaasje fan

no triuwt er mei macht en kloaten de lucht werom

In faaljende ik, wis, mar dat is hielendal net wat der begearich efter it “glês” leit. In linguïstyske stúdzje fan in literêre tekst is net in útlis fan wat de tekst betsjut; it is in analyze fan wêrom’t en hoe’t de tekst betsjut wat er betsjut—as er wat betsjut. Fan in dichterlike tekst moatte de tekstdielen de boustiennen fan it fers wêze, dy’t de hiele betsjutting befetsje. Gjin literatuerkritikus doart it blykber te sizzen, mar dit is de reden dat Instagrampoëzy komselden en in bondel as Noas tsjin ’t glês mei wissens gjin ‘millennials’ gateway’ is: kohesyproblemen.

Kohesy is benammen de syntaktyske gearhing fan sinnen yn skreaune tekst en frazen yn ús praten. Unmisber foar kohesy binne tiidwurdstiden, foarnamwurden, dus wurden lykas ‘soks’ dy’t wize nei it ûnderwerp sûnder dat mei syn namme te neamen, en deiksis, it ferwizen nei de taalomstannichheid sels fan wurden dy’t sûnder dy ferwizing hielendal gjin betsjutting hawwe, lykas hjir, dêr, ik, do, juster, moarn. Oars sein, der binne in stikmannich grammatikale en leksikale strategyen om de betsjutting fan—parten fan—ferskillende sinsdielen meiinoar te ferbinen, nammentlik ferwizing, substitúsje, ellipsis, konjunksje en leksikale kohesy. Faalje dy strategyen dan komt der net in ûndûbelsinnige, of überhaupt in sinnige, betsjutting op gong.

Noas is frijwat dy’t/datterich foar poëzy. De substitúsje is no en dan in doalhôf (myn kursiven):

hie ik mar, wat as ik dat no oppakt hie

(…) genôch fan dat hie it mear

De irrealis makket it noch ûnneigeanberder. Betsjutting kin ûnmooglik út de tekst komme, dat moat út foarkennis, of sa’t De Groot yn it ferline wol die, út annotaasjes—strieminne poëzy lijt steefêst ûnder ’t gewicht fan hyperentûsjast brûken fan stylmiddels om de sizzenskrêft op te krikjen, alliteraasje, fuotnoaten, minne meta­foaren en bizarre ferbylding. Esotearysk en hermetysk ferwizen yn modernistyske (‘hege’) poëzy kin it delsetten wêze fan de dichters­figuer yn syn tradysje fan ûn-erkende wetjouwer. Soms is it eangst foar beynfloeding, de heroyske speurtocht nei ûnûntdekt liet, mingen fan epyk mei lyryk en/of in blier waanidee oer talint. Mar wat de motivaasje ek is: alhoe dizich it doelen op feit, skiednis, myte en hermetisisme ek, likefolle de djippere betsjuttingslagen, de fersrigel kin net sûnder oerflaktebetsjutting. ‘Djip’ is poerbêst, mar de rigel moat lêsber bliuwe.

By ferwizing moat it betreklik foarnamwurd, lykas wa’t of waans yn limericken, de bysin keppelje oan de haadsin. Sa wurde minsken, of yn Noas bisten en dingen modifisearre. Op hokker manier oft dat bart is lykwols ûndúdlik: “hout dat kreaket al fier foar’t der wat brekt is in segen”. Is dat restriktyf, allinnich it hout dat kreaket, of net-restriktyf, as yn ‘hout, om’t it ornaris kreaket’? Betink dat in ûnderskikte bysin net op him sels stean kin en tsjinnet om de haad­sin identiteit, omskriuwing en útlis te jaan. Mar hiel frekwint rinne ferwizingen mis om’t it antesedint fan it dy’t/dat út it each ferlern is: “as der praat is (…) dy’t ynfielend werkenber binne”, “der is in ferhaal (…) nim in hapke derfan”, “de wrâld (…) in bytsje goedfallend en troaikjend/ ast him oanreitsje kinst”, ensafuorthinne.

De minne grammatika komt boppe-al troch de technyk fan weilitten dy’t, sa’t de wat argayske elisy ‘’t’ yn de titel ferriedt, de bondel kentekenet. Wêr’t dat weilitten út stammet is ûndúdlik. Foar de stylfoarm fan minimalisme is De Groot syn taal beslist te blomryk. Mar faak ûntbrekke lidwurden: “bûten sa griis dat klaai oergeunstich gnúft/ froast op klomhichte op ’e radio”. Ellipsis is it weilitten fan wurden dat de lêzer net keart om de utering te begripen. Dat is hjir wol it gefal, bygelyks as ek konjunksjes misse. “mar rûch en rou as fel en ieren iepenskuorre”: riedris, wat heart by wat?

In ieu lyn stelde in ‘Poezy is foar elkenien!’ roppende dichter, Tzara, út om op it plak sels in fers te skeppen troch wurden út in hoed te lûken; it oproer dat derop folge fernielde it teater, André Breton ferballe Tristan Tzara út ’e beweging en de cut-ups nei de Freudiaanske sofa, dixit William Burroughs. Yn it echt—fan komplete kletsika & anargy hie nea driging útgien—wie Tzara syn ideology net dy fan ûnsin, mar fan polyvalente tekst. Neffens it Tzara-resept knippe jo àlle wurden fan ien kranteartikel “avec soin” út en dogge dy yn in pûde. De sjoernalistike logika fan it oarspronklike artikel jout jo wurdesamling in ynherinte betsjuttingsgearhing: “Le vent parmi les télescopes a remplacé les arbres des boulevards/ nuit étiquettée à travers les gradations du vitriol/ (…)”

De lûdssystematyk—net brûkt yn Noas—is hecht yn dy rigels. Rym en ritme lymje de knipsels. Mar dit is it punt: foar kohesy docht, neist grammatikale ferbannen, de ynhâld fan de tekst derta. Krekter sein, ek semantyske ferbannen binne needsaaklik. Yn Noas hawwe de fersen gjin fan alle setting, of ramt/kontekst. Just dêrtroch hingje ferwizers yn it neat. Deiksis komt net foar, ôfsjoen de kwasy­deiksis “ien hûn tsjin myn búk// in oarenien stjoert him tûk yn ’e hoksen”; oft ‘him’ op hûn 1 of hûn 2 slacht is net dúdlik. De tiid­wurdstiid yn Noas is foar 99 persint de notiid. Sa sûnder luside ‘ik’ en sûnder setting liedt dat inkeld mar ta mear dize.

Ferlykje de poëtyske utering fan wat foarfalt mei medysk ûnder­syk. Krekt it finen fan wetmjittichheden jout betsjutting oan it wittenskiplik bestudearjen fan op harsels steande foarfallen. De stap fan it generalisearjen bart wannear’t wy oergean fan ‘by de ûnder­sochte pasjinten mei ditsoarte leukemy fûnen wy’ nei ‘sokke pasjinten mei ditsoarte leukemy hawwe’. De waarnimmingen, it ynsidintele, beskriuwe wy gewoanlijk yn ’e doetiid en de dêrút folgjende generalisaasjes yn ’e notiid. As spesifike setting mist, fetsje wy de notiid dus net op as in hanneling dy’t syn beslach krijt ûnder it praten fan de sprekker, mar as in generalisearjende notiid: de fisk swimt, de fûgel fljocht. Dat mei medysk hiel betsjuttingsfol wêze, ivich swimmende fisken en trochfleanende fûgels, ek as de dichter allang útpraat is, binne poëtysk neatsizzend.

“Bêste konsumint,/ om tsjinrampen by de leveransier/”, seit in a4’ke op it finster fan ’e supermerk, “is dit produkt/ beheind te krijen”. ’t Kin sa op Insta.

Mear fan Friduwih Riemersma

De priis op ’e nij besjoen Takenning en útrikking fan de Gysbert Japicxpriis 2021
‘Al te persoanlik’ feit de Gysbert-manko’s moai yn ’e dôfpot
Gjin sjueryrapport foar de Gysbert Japicxpriis 2021
Kultuerkontrole De nije macht fan ús kultuer­ynstitúsjes berikt mêden dy’t earder bûten it bestjoersfoech leine
Stimleas yn it auditoarium Palimpsest, in sterk dichtdebút fan Erik Betten
By besunigingsweach: gean fan ’e terp ôf En panykje net, of, Hoe’t De Rouwe syn analogy kopke-ûnder giet
In Ried foar de Keunst (podcast) Gerrit Breteler: de wearde fan keunst is net ‘men betellet der fet foar’
Wol keunst wier ferskaat? (podcast) Systematysk harkje (@Amanda Gorman @Zaïre Krieger) nei de útranzjearre minderheden sit net yn ús ynstituten
Dit bart der as jo McGonagall oersette of, de mof fan Thiadmer Riemersma
Dus do tinkst datst skriuwe kinst It Skriuwersboun mient dat se de P.C. Hooftprijs net earlik ferdiele
1 2 3 4 5 6 7 8 9 10 11 12 13 14 15