image Abe de Vries Krysttiid, Waling Dykstra

‘Krysttiid 1899’, of it stjonkbedriuw fan de grutten

Abe de Vries - Fers2 7.6, 23 desimber 2021

Krysttiid 2021. Tsientûzenen flechtlingen yn kampen en achter stekken. De heale wrâld hat gjin faksin. Troepekonsintraasjes om Oekraïne hinne. In low level war yn Syrië, Oeigoeren sterilisearre, moardpartijen yn Afrikaanske doarpen en op Amerikaanske skoallen dogge jin net nij.

Foarútgong?

Om 1900 hinne wie it ek net foar elkenien dúdlik dat de ferljochting mei syn foarútgongsidealen oerwûn hie. It njoggentjinde-ieuske fin-de-siècle is sels synonym wurden foar for ‘morbidity, decline, decadence, cultural pessimism’, ‘a widespread malaise’, skriuwt Laqueur.Walter Laqueur, ‘Fin-de-siècle: once more with feeling’, Journal of Contemporary History 31-1 (January 1996) 5-47; 5. Koart troch de bocht: de oppassende Europeeske boarger krige safolle nijichheden te ferhapstikjen (Nietzsche’s ‘God is dea’; Darwins evolúsjelear; de opkomst fan it sosjalisme, om mar wat te neamen) dat mannichien fan ’t sintrum rekke. De neier krûpende ein fan de ieu lokke de fraach út: hoesa foarútgong?

Dy fraach stelde Waling Dykstra al sûnt de fjirtiger jierren en bytiden die er op de antwurden aardich flyt. As ferljochter woe er graach mei de foarútgong mei en die er sines om syn lêzers en taharkers yn de trant fan it Nut te beskaven. Mei it klimmen fan de jierren en it tichterby kommen fan de nije ieu is it tiid foar breder eachweid, Fryslân foarby. Wat rekken moat opmakke? Sok besykjen jout ‘Krysttiid 1899’, skreaun op 23 desimber foar Sljucht en Rjucht (1899-47, 370-372) en opset as in rousang oer de njoggentjinde ieu.

Krysttiid 1899

’t Is Krysttiid – en wer de âlde sang,

Dy’t ophelle is al iuwen lang,

   De sang fan ‘Frede op ierde’.

Mar dêroan mei te dwaan fan ’t jier,

Dêr moat in minske sikerwier

   Him efkes op beriede.

Yn de iuw, dy’t dêrmei is oan ’t ein,Mei noat fan Waling Dykstra: ‘Hjir habbe de lêzers net op to meitsen, dat ik ien fen de ljue bin, dy’t miene dat mei ‘t jier 1899 disse ieuw út is. Né, ik wol it 19de hondert fol ha.’

Haw ik op ’t libbenspaad ôflein

   In lange rek fan jierren;

En sa lang as my tinke mei

Wie dêryn ’t roppen jimmerwei,

   Dat we yn ’t foarútgean wiene.

‘Ferljochting’ kaam dêr altyd by.

In ein ferljochter wiene wy

   As pake en beppe en harren,

En foar in hûndert jier of wat,

Doe mocht by tûz’nen minsken net

   In krom ferljochting barre.

Doe wien’ de ljuwe rou en dom,

Hja fochten yn elkoarren om,

   Hja moarden, baarnden, stielen

En taasten rûn yn tsjust’re nacht.

Betûfte prysters hien’ de macht

   Oer de earme minskesielen.

As soms ien net mear leauwe koe

Wat tsjerke en oerman leaud ha woe,

   Dy krige in freeslik lijen.

Ien, dy’t mei wierheid kaam foar ’t ljocht

En dêrtroch guons oan ’t tinken brocht,

   Waard twongen om te swijen.

Dy neare tiden binn’ foarby

En nou is alles moai en nij

   Wat we onder ’e oandacht krije.

Nou binn’ de minsken tûk en gear.

Mar binn’ se better as alear?

   Kin dat wol sprekken lije?

Net alles noch o! sa bêst,

As men yn ’e kranten daagliks lêst

   Fan moardzjen, hûs-ynbrekken,

Fan rarens tusken man en wiif,

Fan fjuchters, dy’t mei drank yn ’t liif

   Oan ’t snijen gean en stekken, –

Wurdt ek noch fan ús opbrocht jild

In slompe oan ’e oarlochsboel ferspild,

   Binn’ dêroer guons onrêstich;

Wurdt ien dy’t skerpbier tape het,

Soms efter slot en skoattels set

   As al te bare lêstich:

Dat is mar boartsjen om ’e nocht,

By wat men fier om utens docht

   By Turken of Sinezen,

Yn Grikelân en dêr by om:

Mâldwaan, dêr’t onder ’t kristendom

   Gjinien foar het te freezjen.

De Turken gyngen raar te kear,Ferwizing nei de Gryks-Turkse oarloch fan 1897, nei oanlieding fan de Gryske opstân tsjin de Turken op Kreta.

Oanfyt’re fan har grutte hear,

   Hja liken wylde bisten.

Grouwélich, freeslik gyng ’t er troch,

Alheel onkristlik. – Ja, mar sjoch,

   De Turkbaas is gjin kristen.

Ei nee, in woestling. – Ho ris wat!

Wilhelm, dy’t God foar eagen het,

   Sa’t we allegearre wite,

Dy tilde der lang sa swier net oer.

Hy makke in reiske, frijwat djoer,

   Nei Turkbaas op besite.Ferwizing nei de steatsbesite fan de Dútse keizer Wilhelm II (1859-1941) yn oktober en novimber 1898 oan it Ottomaanske Ryk. Wilhelm joech Istanbul, de earste Turkse stêd dêr’t er kaam, in fontein kado.

Dêr kin ús kâld ferstân net by,

Sa’n kristenkeizer, mienden wy,

   Moast djip dy Turk ferachtsje.

Sa’n kristenfûl mohammedaan,

Onfoege min yn al syn dwaan,

   Dêr moast er him foar wachtsje.

It hele Europe’s kristendom

Keart dêr it hert yn ’t liif fan om. –

   Wêr koe men dat fernimme?

Om ’t kristendom wurdt skrept en kreaud,

Mar wurdt it ek fan herten leaud?

   Hawar! dat freegje ’k jimme.

Dy Dreyfusboel yn ’t Frânske ryk

Wie ommers ek gjin spul yn ’t lyk.Ferwizing nei de Dreyfus-affêre yn Frankryk. Julius Dreyfus hie doe krekt (septimber 1899) graasje krigen. Emile Zola moast dat jier om syn pamflet J’accuse flechtsje nei Ingelân.

   Sa hearde en seach men ’t nearne.

Dy stoarje het ús iepenlein

Dat grutten fan ’e wrâld yn ’t ein

   Foar gjin skandalen steane.

By sokken is de godstsjinst wei.

Ei nee! hja woene op festeldei

   Har stjonkbedriuw wol stake

En teagen froed nei tsjerke ta.

De duvel en syn maten ha

   Dêr, tink ik, tige om lake.

Och minsken! hoe fier binn’ wy nou,

Oan ’t ein fan ús ferljochtingsiuw

   Foarút komd mei ús roppen?

Hoe drok men oer frede hann’le het,

De wrâlds-geweldners skromje net

   Har mei de foet te skoppen.

Nou wer de oermoedige Ingelsman,

Dy’t mei syn yslik gouddiefsplan

   Transfaal tinkt yn te slokken.Ferwizing nei de Twadde Boere-oarloch, dy’t yn oktober 1899 útein sette.

Dêr fiert er tûz’nen ljuwe op ta,

Dy’t nearne reden mear foar ha

   As de oarloch te ferflokken.

O, Chamberlain! o, Chamberlain!

De duvel het dyn hert beslein

   Mei izer, stiel en koper;

Oars hiest gjin oere rêst noch doer,

Nou’t, troch dyn skuld, it oarlochsfjoer

   De minsken meant by ’t oper.Ferwizing nei Joseph Chamberlain (1836-1914), dy’t fan 1895-1903 de Britse minister fan Koloanjes wie, ien fan de belangrykste ferantwurdliken foar de Britse ymperialistyske polityk. De lettere premier Neville Chamberlain wie in soan.

Wat soe ’t? Dy grutten dogge mar

As is der frede en gjin gefaar

   Dat hja heel folle telle.

Wilhelm teach nei Londen ta

En waard dêr fan Victoria

   Mei gloarje en glâns onthelle.Steatsbesite 20-29 novimber 1899. Wilhelm II wie in bernsbern van Victoria.

Neat is sa earnstich dat har keart,

Hja slaan de flikker mar yn ’t great,

   Hja gasterearje en swolgje,

Al hearsket om har hinne rou.

Mar ’t ‘mene tekel’Mei noat fan Waling Dykstra: ‘Lês hjiroer yn ’e Bibel it 5te kapittel fen ’t boek fen Danjel.’ kin soms gau

   Op sa’n oerdwealskens folgje.

Wa het der gjin wjeraksel yn,

Mei hoe’n onfromme hûchelskyn

   Dy lju har saken driuwe.

Hja roppe God der mar by oan,

Al blykt it kleardernôch aloan

   Dat se oan gjin God mear leauwe.

It leauwen is foar sljuchtwei lju;

De folksdomhâlders har bedriuw

   Wurdt wol yn eare hâlden.

Want o! as ’t folk yndachtich wurdt

Wat al dy keunstnerij betsjut,

   Dan is de boel ferkâlden.

En as se nou op Krysttiid al

Fan ‘Frede op ierde’ sjonge oeral,

   Och, dat is mar sabeare.

Hoe goed de man fan Nazaret

It mei de minsken foar hân het,

   Men hâldt net fan syn leare.

Onfrede waait ús oeral tsjin

Ut tsjerke en steat en húsgesin.

   De minsken binne sinnich

En onrêstsiikjend út har aard.

’k Wol leauwe, as ’t oeral frede waard,

   In hopen wiene onwennich.

Ik ha myn langste tiid hjir west,

Ja, Friezen! ’t giet mei my op ’t lêst;

   Dat frede hearskippije

Op ierde fiert sil ik net sjen.

En soarch ha ’k, dat myn bernsberns bern

   Dy segen ek net krije.

In bysûnder fers. It is bygelyks dichte yn in bysûndere foarm. It tuskenrym aabccb komt in protte foar yn Middelnederlânske literatuer; de fariant dy’t Dykstra hjir brûkt, mei 8-8-7-8-8-7 wurdlidden de rigel, is yn de literatuerwittenskip bekend as de Stabatmaterstrofe.Wim van Anrooij en Thom Mertens, ‘”Een cort jolijt”. Middelnederlandse spreukstrofen met het rijmschema aabccb’, in: Frank Willaert e.a., Een zoet akkoord (Prometheus, Amsterdam 1992) 219. It is, ik tink net tafallich, deselde foarm dy’t Gysbert Japiks brûkte foar de kleisang dy’t er Tsjeskmoer yn ’e mûle lei – yn Dykstra syn favorite Gysbert-fersWaling Dykstra, Frysce rymlerye (Ippius Fockens, Freantsjer 1853) 278: ‘(..) het puikjuweeltje van onzen Dichter, dat zoo algemeen geroemd wordt, en dat men niet zoo dikwijls kan lezen of men leest het altijd op nieuw en weêr met hezelfde genoegen. Gelijk in alle meesterstukken van Gijsbert zijn ook hier eenvoudige natuurlijkheid, krachtige schildering en kernachtigheid van uitdrukking de hoofdverdiensten.’ – as dy har bernsbern Wif it fee it fee lit en kiest foar de see, foar tsjinst by de marine.

Dy twa gedichten hawwe deselde foarm mar ek in ferlykbere tematyk en haadpersoan. De trettjinde-ieuske, tsjerkelatynske rymtekst ‘Stabat Mater’ beskriuwt it fertriet fan de rouwende Maria om it lot fan har Jezus; fan in mem om har soan. De santjinde-ieuske, Midfryske rymtekst ‘Tsjeskmoers see-eangst’ lit in oaremem har fertriet uterje om it tinkbyldige lot fan har aventoerlik bernsbern.By myn witten is net earder op de foarm- en tematyske oerienkomst tusken it ‘Stabat Mater’ en ‘Tjeskmoers see-eangst’ wiisd, mar oer Gysbert Japicx syn gedichten is safolle skreaun dat ik dêr op dit stuit net wis fan wêze kin. Behalve foarm en tema kin men ek wize op it swurd, yn ‘Tsjeskmoers see-eangst’ yn strofe 4, dêr’t Jan Jelles Hof sa’n muoite mei hie om’t er it net thúsbringe koe (‘Fan fiere weagen’, Us Wurk 2-1953, 25). Mar it is it swurd dat ek yn it ‘Stabat Mater’ swaait; it bibelske swurd fan wee en smerten, dat it memmehert trochboarret yn strofe 1. Yn ‘Krystiid 1899’ piniget in dichter him oan ’e wrâld. Maria, Tsjeskmoer en de sprekker by Dykstra binne alle trije op har manear ‘stabat mater dolorosa’, ‘de mem stiet fertrietlik...’ Maria stiet foar Jezus oan it krús, Tsjeskmoer op ’e ‘hege wier’ (terp of dyk) en de dichter foar de taak om werom te sjen op ’e ieu.

Al folle earder brûkte Dykstra foar syn gedichten soms strofefoarmen bekend út de geastlike literatuer; in oar foarbyld is de saneamde lutherske tsjerkelietstrofe fan alle Haitskemuoi-gedichten. Syn foarleafde foar sokke foarmen sil te krijen hân hawwe mei de sjongberens derfan, en mei syn bekendheid mei kristlike lieteboeken al yn syn Spannumer tiid.

Sûnt dy tiid rint de skriuwer lykwols oare geastlike spoaren, dat is oan ‘Krysttiid 1899’wol ôf te lêzen. Destrofenfoarmje har mei in humanistysk, net in kristlik doel. De rigels bringeminske- en maatskippijkrityk, dêr’t lykwols de omgong mei it leauwe yn behelle wurdt. Krysttiidferskynt yn dat ramt as in tiid om te warskôgjen. Om te fermoanjen dat der fan de kristlike idealen noch altyd net folle op ’e hispel komt. De minskewrâld yn ‘Krysttiid 1899’ beliket de rûge seelju, dêr’t Tsjeskmoer fan seit dat se nei in drege reis de haven berikke, en dan losgean:

Dêr’t se wonder, krêft en eare

Sjonge fan ús Leave Heare,

Oer de see hat Hy ’t bewâld.

Hoe soe ’t (sis ik nochris) komme

Dat sok folk (it fee ’s net dommer)

‘t Wonder Gods mar net onthâldt?

Dat it, feestend, falt allinken

Oan it fjochtsjen, dronken drinken,

Strjitteskeinen, op syn leechst,

Yn syn ûnbestjoerber wêzen

Skerven makket fan ’e glêzen,

Tjirget, flokt en ropt it heechst?Strofen nommen út myn werstavering en bewurking fan ‘Tjeskmoers see-eangst’, seedyksterfeartfisk (19 desimber 2021), webside: https://seedyksterfeartfisk.blogspot.com/2021/12/gysbert-japiks-tsjeskmoers-see-eangst.html. Krigen 20 desimber 2021.

Yn ‘Krysttiid 1899’ makket de hiele westerske kultuer der in potsje fan. Sa’t dy seelju de geboaden fan de Heare ferjitte, sa liket wrâlds bestjoerby Dykstra de kearn fan it kristendom te ferjitten. Krysttiid is net in ferkearde tiid om ek dy oare kant fan ’e heilsmedalje út te dragen, sil de dichter tocht hawwe.Want leit yn de freugde oer de berte fan Jezus it fertriet om syn krusiging net al besletten?

In yn it each rinnend technysk ferskil fan Dykstra syn fers mei it ‘Stabat Mater’ en ‘Tsjeskmoers see-eangst’ korrespondearret mei de ynhâldlik oare oriïntaasje fan ‘Krysttiid 1899’. Binne de earste twa skreaun yn trocheeën, Dykstra, dy’t syn gedicht net om Jezus mar om it lot fan ’e wrâld treurje lit, brûkt de jambe. Dy helpt mei om it gedicht nettsjinsteande de krityske ynhâld in fertellender toan te jaan. It froulik rym fan tredde en sechsde rigels, wylst de oare rigels manlik rymje, bringt dêrby in elegysk effekt. Hieltyd einigje de strofen mei in dimmen lûd, se ‘glydzje’ nei de ein.

De ynhâld is op it each in stik hurder. Der is gjin ‘frede op ierde’, dat sizze 25 strofen. Der is gjin ‘stille nacht’. Ja, de neare tiden dat in minske deadien waard om wat er leaude, dy binne hjir en dêr miskien foarby. Mar hawwe technologyske foarútgong en minder geastlike twang de minske dan ek better makke? Dêr liket it net op, as men de hieltyd grutter wurdende wrâld om jin hinne ris goed besjocht.

De foarbylden komme fan fier oer de Fryske grinzen. De islamityske Turken hawwe noch mar in pear jier lyn slachtingen oanrjochte ûnder de Griken; efkes letter wol de Dútske kristlike keizer likegoed dikke freonen mei de moslims fan Istanbul wurde. En mien no net dat de kristenen safolle better binne op it stik fan oarloch, moardzjen en ûnderdrukking. Yn Frankryk is de Dreyfus-saak in djiptepunt yn in jierrenlange weach fan antysemitisme. De Ingelsken sjitte as we speak op de Boeren yn Súd-Afrika:

O, Chamberlain! o, Chamberlain!

De duvel het dyn hert beslein

       Mei izer, stiel en koper;

Oars hiest gjin oere rêst noch doer,

Nou’t, troch dyn skuld, it oarlochsfjoer

       De minsken meant by ’t oper.Ferwizing nei Joseph Chamberlain (1836-1914), dy’t fan 1895-1903 de Britse minister fan Koloanjes wie, ien fan de belangrykste ferantwurdliken foar de Britse ymperialistyske polityk. De lettere premier Neville Chamberlain wie in soan.

It gedicht wol de lêzer oan it tinken sette. Him bewust meitsje fan in skealike status quo. Om Krysttiid 1899 mei te fieren, de earste strofe sei it al, ‘Dêr moat in minske sikerwier / Him efkes op beriede’. Yn it folle sicht fan it kristendom wurdt ommers hieltyd mear jild útjûn oan wapens; de iene oarloch jaget de oare.

It is dy ‘onfromme hûchelskyn’ dy’t sprekker dwers sit. Mar ek is de ûnkrityske hâlding him yn ’e wei fan in protte leauwigen, dy’t net sjen wolle hoe’t har religieus belibjen en har heilslangstme misbrûkt wurdt troch de grutten fan de ierde, om har te manipulearjen en ûnder kontrôle te hâlden. Marx’ adagium út 1844, ‘Religion ist das Opium des Volkes’, krijt in Frysk wjerlûd: ‘It leauwen is foar sljuchtwei lju; / De folksdomhâlders har bedriuw / Wurdt wol yn eare hâlden’.

Sa’n kras lûd koe Dykstra dus delskriuwe – al psalmsjongend op syn wurkkeammerke oan de Hegebuorren 8 yn Holwert. De dichter fan dit fers libbe op syn eigen manear kristlik. As earder syn bern wol út katechisaasje thúskamen, en it earste seisrigelige fers fan psalm 1 leard hienen, ‘Welzalig hij, die in der bozen raad’, dan koe er harren samar alle 24 rigels út ’e holle foarsjonge. ‘[I]t âlde leauwe nea hielendal ferlern’, sa’t soan Jan Walings letter oer him skreaun hat. ‘In spotter hat er nea west’, woe skoansoan Teake hawwe.

De lêste, prachtige strofe komt Jan en Teake wol in bytsje yn ’e mjitte. Teminsten, foarsafier’t wy Dykstra as skriuwer fierhinne lykskeakelje meie mei de sprekker fan it gedicht. Nettsjinsteande alle ellinde dy’t yn parade foarbykaam is, it protteljen, de twivels dy’t taslaan, de ein dy’t yn sicht komt, set de âld man yn it slotakkoard syn eigen sosjaal-kristlike ideaal ôf tsjin de lytse kâns dat it oait wat wurde sil:

Ik ha myn langste tiid hjir west,

Ja, Friezen! ’t giet mei my op ’t lêst;

       Dat frede hearskippije

Op ierde fiert sil ik net sjen.

En soarch ha ’k, dat myn bernsberns bern

       Dy segen ek net krije.

Sa litit weromsjende gedicht fan de weromsjende dichter de lêzer neitinke oer it hjoed en de takomst – mar ek oer it leauwe. Wat is feroare, wat is eins foarútgong, wêr rint foar it neiteam it paad? Nei wat en wa moat men harkje, as alleman ‘frede op ierde’ sjongt, mar it is ‘(..) sabeare. / Hoe goed de man fan Nazaret / It mei de minsken foar hân het, / Men hâldt net fan syn leare.’

Dúdlik is ek hoe ticht Dykstra syn gedicht, nettsjinsteande it pessimisme dat derút sprekt, mei syn ynternasjonalistyske ynstek oansit tsjin it sosjalistyske wrâldbyld. Ek de ellinde fan gewoane minsken fier fuort wurdt polityk tematisearre. It is om 1900 hinne dan ek in idealistyske tiid: de oarloch moat de wrâld út. De hiele simmer fan 1899 hienen de kranten fol stien mei berjochten oer de Fredeskonferinsje fan De Haach. Leafst 26 lannen hienen dêr nije regels ôfpraat foar takomstige oarlochfiering, neffens eigen sizzen om de kâns op frede te fergrutsjen. De iene nei de oare kommentator hie skreaun, de konferinsje wie in ding fan ûnwittend belang.

It gedicht bliuwt dêr nofter ûnder. Dykstra skriuwt: ‘de grutten’, dy’t sa moai prate, drage de measte skuld dat sokssawat as in bettere wrâld hjir op ierde noait al te bêst slagje wol. De Turken wurde ‘oanfyt’re troch har grutte hear’, dichtet er, de ‘grutten fan ’e wrâld’ bejouwe har yn skandalen, ‘dy grutten dogge mar’. Leafst trije wrâldlieders komme oan de skandepeal, dy fan Ingelân, Dútslân en Turkije. De dichter docht op papier wat miskien neffens him de Fredeskonferinsje yn De Haach yn it echt dwaan moatten hie.

De suggerearre machteleazens fan de tsjinpoal fan ‘de grutten’, de gewoane man, liedt wol ta pessimisme, mar just net ta politike ôfsidigens. Yn 1860 hie Dykstra al skreaun, yn in dialooch foar it Winterjounenocht, dat de treppen fan boppen ôf skjinfeid wurde moatte. Doe gie it noch tusken boer en lânhear; krekt letter krige er mear each foar de arbeiders, yn de santiger jierren, doe’t de antyrevolúsjonêren har hieltyd mear oppenearren. Om de ieuwiksel hinne is dat wer it gefal. By de ferkiezingen fan 1901sil it ûnderste spektrum fan de manlike befolking dat oan de sensus foldocht (mar 610.000 mannen hawwe stimrjocht, op in totaal Nederlânsk ynwennertal fan 5 miljoen) net op de sosjalisten en net op de liberalen stimme. Dat spektrum stimt yn mearderheid konfesjoneel. Liberale ferdieldheid is ien fan de oarsaken.

Foar Dykstra, dy’t yn 1886 noch in ‘Zegezang’ op in ferkiezingsoerwinning fan de liberalen songen hie, is it op syn âlde dei in grutte teloarstelling. Hy kin net mear mei de sosjalisten rinne, mar wat er wol mei har mienskiplik hat, is sosjaal-moralistysk tinken en ôfstân ta konfesjonele polityk. It probleem is: syn tiid is hast foarby, en hár tiid is noch net kaam. Hy rekket nei 1901 suver dakleas.

Datselde is it gefal mei syn keunst, soe men sizze kinne. Dy rekket oan it begjin fan de tweintichste ieu út ’e moade. De maatskippijkrityske keunst fan ‘Krysttiid 1899’ is yn essinsje argumintaasjekeunst. It is in pleit. Foar dichterlike krêft linet it fers swier op organisaasje, ritme en kadâns. Dus op de oarder fan de klassike retoarika, de formele wolsprekkendheid. Mei sa’n tekst is in grut ambachtlik skriuwfermogen mank, in like grutte linigens fan taal en in skerp muzikaal ear. Krekt dy kwaliteiten sakje op ’e kulturele ranglist. Troch de opkomst fan de yndustriële maatskippij, de Nederlânsktalige krante, de Nederlânsktalige roman, it Nederlânsktalige ûnderwiis, feroarje ek yn Fryslân sa njonkelytsen de lêsgewoanten.

Twa gefaren bedriigje om 1900 hinne dizze keunst. It earste is dat de hieltyd better oplate lêzer nei in oar soart literatuer begjint te sykjen, nei mear yndividualisme, psychology, emoasje, persoanlik konflikt, spanning, ferbyldzjen – eigenskippen dy’t er earder oantreffe sil yn de al folle fierder ferskriftlike Nederlânsktalige literatuer as yn de noch sterk op fertelling, foardracht en argumintaasje rjochte Fryske.

It twadde gefaar foar de Fryske njoggentjinde-ieuske skriuwer is dat Frysklêzers safolle taal-, skiednis- en lêskultuerferlies ervje, en sels trochmeitsje – oars as it Nederlânsk wurdt de Fryske taal net oanleard en trochjûn op skoalle – dat kommende generaasjes al gau net rjocht mear witte wat der stiet en yn watfoar kontekst. Bysûndere styleleminten werkenne se langer net, of sa gau net, en dan heakje se ôf.

De net bjusterbaarlik selsreflektive Fryske literatuerskiednis hat dy trochgeande kulturele kealslach, dêr’t minderheidsliteratueren oan bleatsteld wurde, en foar in part harsels oan bleatstelle litte, noait net bot problematisearre. Sa is yn ’e rin fan ’e tweintichste ieu de Fryske literatuer – en dêrmei de Fryske taal, de Fryske minske – hieltyd lytser makke, troch hieltyd wer it eardere ôf te skilderjen as it mindere. Oant inkeld de suterige waan fan ’e dei noch oerbliuwt om belangryk, nee, om nijsgjirrich te finen. En ek dêrfan is de oarsaak it stjonkbedriuw fan de grutten.

Noaten

  1. Walter Laqueur, ‘Fin-de-siècle: once more with feeling’, Journal of Contemporary History 31-1 (January 1996) 5-47; 5.
  2. Mei noat fan Waling Dykstra: ‘Hjir habbe de lêzers net op to meitsen, dat ik ien fen de ljue bin, dy’t miene dat mei ‘t jier 1899 disse ieuw út is. Né, ik wol it 19de hondert fol ha.’
  3. Ferwizing nei de Gryks-Turkse oarloch fan 1897, nei oanlieding fan de Gryske opstân tsjin de Turken op Kreta.
  4. Ferwizing nei de steatsbesite fan de Dútse keizer Wilhelm II (1859-1941) yn oktober en novimber 1898 oan it Ottomaanske Ryk. Wilhelm joech Istanbul, de earste Turkse stêd dêr’t er kaam, in fontein kado.
  5. Ferwizing nei de Dreyfus-affêre yn Frankryk. Julius Dreyfus hie doe krekt (septimber 1899) graasje krigen. Emile Zola moast dat jier om syn pamflet J’accuse flechtsje nei Ingelân.
  6. Ferwizing nei de Twadde Boere-oarloch, dy’t yn oktober 1899 útein sette.
  7. Ferwizing nei Joseph Chamberlain (1836-1914), dy’t fan 1895-1903 de Britse minister fan Koloanjes wie, ien fan de belangrykste ferantwurdliken foar de Britse ymperialistyske polityk. De lettere premier Neville Chamberlain wie in soan.
  8. Steatsbesite 20-29 novimber 1899. Wilhelm II wie in bernsbern van Victoria.
  9. Mei noat fan Waling Dykstra: ‘Lês hjiroer yn ’e Bibel it 5te kapittel fen ’t boek fen Danjel.’
  10. Wim van Anrooij en Thom Mertens, ‘”Een cort jolijt”. Middelnederlandse spreukstrofen met het rijmschema aabccb’, in: Frank Willaert e.a., Een zoet akkoord (Prometheus, Amsterdam 1992) 219.
  11. Waling Dykstra, Frysce rymlerye (Ippius Fockens, Freantsjer 1853) 278: ‘(..) het puikjuweeltje van onzen Dichter, dat zoo algemeen geroemd wordt, en dat men niet zoo dikwijls kan lezen of men leest het altijd op nieuw en weêr met hezelfde genoegen. Gelijk in alle meesterstukken van Gijsbert zijn ook hier eenvoudige natuurlijkheid, krachtige schildering en kernachtigheid van uitdrukking de hoofdverdiensten.’
  12. By myn witten is net earder op de foarm- en tematyske oerienkomst tusken it ‘Stabat Mater’ en ‘Tjeskmoers see-eangst’ wiisd, mar oer Gysbert Japicx syn gedichten is safolle skreaun dat ik dêr op dit stuit net wis fan wêze kin. Behalve foarm en tema kin men ek wize op it swurd, yn ‘Tsjeskmoers see-eangst’ yn strofe 4, dêr’t Jan Jelles Hof sa’n muoite mei hie om’t er it net thúsbringe koe (‘Fan fiere weagen’, Us Wurk 2-1953, 25). Mar it is it swurd dat ek yn it ‘Stabat Mater’ swaait; it bibelske swurd fan wee en smerten, dat it memmehert trochboarret yn strofe 1.
  13. Strofen nommen út myn werstavering en bewurking fan ‘Tjeskmoers see-eangst’, seedyksterfeartfisk (19 desimber 2021), webside: https://seedyksterfeartfisk.blogspot.com/2021/12/gysbert-japiks-tsjeskmoers-see-eangst.html. Krigen 20 desimber 2021.
  14. Ferwizing nei Joseph Chamberlain (1836-1914), dy’t fan 1895-1903 de Britse minister fan Koloanjes wie, ien fan de belangrykste ferantwurdliken foar de Britse ymperialistyske polityk. De lettere premier Neville Chamberlain wie in soan.

Mear fan Abe de Vries

Ut Mienskar: Sonnetten Doarp, dij binn’ swierrichheden brocht / yn romtes dêr’t wy stikten fan it gnizen.
Ut Mienskar: Sonnetten Men soe in ekspresjonist, in fauvist wêze wolle, / wurkjend yn syn earste blauwe perioade, / mei in toets, op foarbyld fan âlden stuolle
Ferskriftliking en ferboargerliking fan Fryske literatuer: It wurk fan Cor Wielsma (1845-1922)
Yn ’e iensumens fan it Koarnjumer Aldlân Hy siet beknypt tusken ‘klerikaal en liberaal, tusken sosjalist en populist’. Der is lykwols reden om oan te nimmen dat der noch wat oars wie …
‘Fryslâns fee is hearefee, Fryslâns grûn is hearegrûn’ It is even nei healwei njoggenen, de kâlde moandeitejûn fan 18 November 1901, en hy hat tefolle dronken.
Folksskriuwerij en lokale elites yn de Lytse Bouhoeke De Lytse Bouhoeke is yn it midden fan de njoggentjinde ieu in lytse wrâld. Drok ûnderling ferkear fan boeren, skoalmasters, dûmnys, smidden …
Neo-folk as krityk op it kapitalisme Folksferhalen binne, om binnentroch te stekken, sterke stikken dy’t de generaasjes bylâns trochferteld wurde op jierdeisfeestjes.
‘Freonen fan âlds, farwol!’ ‘Ofskie’ is, as ik myn sin sis, ien fan ’e kaaifersen fan Piter Jelles Troelstra.
Indian summer yn in sjaletsy op ’e Twizelerheide Foar it rút Crazy, it hynder sûnder namme, / tjirget tsjin it spantou foar wat gers.
Grand tour God brekt ûnrjochtfeardige rjochters de nekke, / tocht de mem. En liet har soan gean op grand tour.
1 2 3 4 5 6 7 8 9