foarbyldsintsjes yn google translate

Mear en better skreaun Frysk:

Troch social media en Google Translate!

Guido Wolff & Friduwih Riemersma, Fers2 2.3, 14 febrewaris 2016

Fryske Akademy: hieltyd mear Friezen skriuwe Frysk.

[B]enammen* it skreaune Frysk is dwaande mei in opmars. Dat falt benammen* te ferklearjen trochdat in soad minsken it Frysk brûke op sosjale media.**

Provinsje Fryslân: Yn septimber 2015 hawwe yn de Fryske Google Translate Wike tûzenen minsken bydroegen oan it oersetten fan foarbyldsintsjes om it Frysk beskikber te meitsjen yn Google Translate. Dat wie in grut sukses.***

foarbyldsintsjes yn google translate
MusclEHerO: “HACK IT [= Google Translate] TE BRUKEN WINT ELKENIEN.”(Klik op plaatsje om te besjen)

* be’nammen, hjir: stopwurd, sûnder erch werheljen fan itselde wurd; [taalkunde] stopwurd, ferleget gewoanlik de betsjuttingstichtheid fan de taalutering; [psychology] tsjinnet by net-memmetaalsprekkers it maskearjen fan de beheinde wurdskat; [polityk] beskôge as fulgêr taalgebrûk, ferminderet de oertsjûgingskrêft fan it boadskip (mar sjoen it feit dat de útkomst fan it taalbehearskingsûndersyk fan de Fryske Akademy oer in jier te ferwachtsjen is hie de Fryske Akademy it net oan tiid om noch ris nei syn parseberjocht te sjen).

** ‘Fryske Akademy: hieltyd mear Friezen skriuwe Frysk,’ It Nijs, 21 jannewaris 2016, www.itnijs.frl/2016/01/fryske-akademy-hieltyd-mear-friezen-skriuwe-frysk/.

*** Provinsje Fryslân, ‘Utnûging falidearsesje Google Translate freed 12 febrewaris 2016.’

Mear fan Guido Wolff

Reaksjes op Fers2 In debat is nedich as der in probleem is en dat sjoch ik hjir net.