Pentastich foar A
De dichter syn frou
Draaft oer de krytstreek
Hja sjout mei daljes om
En de dichter knipt
Syn blauwe lampe oan
It gat yn it iis
Dêr’t de wyn woartelsprút
En selsbakte sjokotaart
En bleate knibbeltsjes
Fan syn beide jonkjes
De stêd fan it ûnlân
Tynt as in beantsje
Under de wiete moanne
En slikt om ’e mûle
In muze mei sinten
De skjinne ieremoarn
Koarstich fan froast
Skoddet út de doarpsklok
De echo fan jenseits
Sa stil en sa blau
Mear fan Friduwih Riemersma
Ensafh mei net omfalle, da’s alles It is in frije wrâld. Literêre krantsjemakkers meie literêre krantsjes útjaan dêr’t hja har eigen smaak … |
In synyske wikiHow foar leafde en gelok Gedichten fan Tine Bethlehem fan 1955 oant 1995 |
De haadredakteur is in frou Sjoch no noch ris better, Joke Corporaal! |
Foarkar of gjin kar Provinsje Fryslân keart minsken fan syn Frysktalige websiden |
Cornelis van der Wal hie in betterenien west De earste fiif gedichten fan ’e Dichter fan Fryslân |
Reislotterij 2018 In reiske winne: it kin oeral, by reisburo’s en winkelkeatlingen en… ek by LF2018! |
Oars sjen: Meidwaan oan ’e Obe Postmamiddei Griist in bewurking fan lânskipspoëzy my oan? nee. Falt dêr oer te sjongen? ja (oeral is oer te sjongen, sjoch mar nei de heavy metal lyrics … |
Tsjinwynkronyk 2018 #1 It earste fearnsjier fan it kulturele haadstêdbarren sit derop! Fers2 hat mar in bytsje lêst fan hân fan dat fearnspart. Mar LF2018 nammerstemear |
Kosmysk Doe’t skodzjend fan de oerknal noch / de loft rûnom de skyl … |
Tsjingif foar de Jongfryske lanskipsklisjees Ta de moarn fan Rintsje Piter Sybesma |