Pentastich foar A
De dichter syn frou
Draaft oer de krytstreek
Hja sjout mei daljes om
En de dichter knipt
Syn blauwe lampe oan
It gat yn it iis
Dêr’t de wyn woartelsprút
En selsbakte sjokotaart
En bleate knibbeltsjes
Fan syn beide jonkjes
De stêd fan it ûnlân
Tynt as in beantsje
Under de wiete moanne
En slikt om ’e mûle
In muze mei sinten
De skjinne ieremoarn
Koarstich fan froast
Skoddet út de doarpsklok
De echo fan jenseits
Sa stil en sa blau
Mear fan Friduwih Riemersma
Sjonge wy it út, ja of nee? Gerrit Breteler oer de frije poadiumkeunst en de populismepandemy |
Homo-stigmatisearjen is wer en vogue Of, LGBTQI as hannelswaar |
Untsnappe yn schadenfreude Hoe’t Syds Wiersma de pandemy opfleuret |
Tút fan Judas Politike Haiku I |
Postoarderpoëzij “Bear me, some God! oh quickly bear me hence/ To wholesome Solitude” |
Limoenen is min oan te kommen Fersen |
Gjin formalisme om ’e nocht It lyryske wurk fan Douwe Tamminga |
Limoenen is min oan te kommen Fersen |
Dekadintisme Oer de poëzy fan Elske Kampen |
De Swarte Hûn sil sjonge Oer de fersen fan Les Murray – dy’t oerset wurde sille troch Eppie Dam |