image Pidgin X slacht de planke mis

Opiny

Pidgin X: in rassistysk-nasjonalistysk plan

Friduwih Riemersma en Abe de Vries - Fers2 6.5, 17 desimber 2020

Pidgin language is in tuskentaal mei in fersimpele gramma­tika en wurdskat. Tink oan Klukkluk fan ’e teefeesearje Pipo de Clown: “Mij zijn zeer van de bange”, en “Floepens, mis!” by alle skotnten dy’t er ôffjurret. It is in ‘hybride’ taal, foarme troch it kontakt fan in ynlânske taal mei in Europeeske; mar ien dy’t him altyd mei geweld en oerhearsking ûntjout tusken in ynkringer en in ûnderdrukt folk, sadat se inoar ‘ferstean’ kinne. Pidgin hat neat te meitsjen mei it respekt foar talen. En al hielendal net mei respekt foar oare taalbrûkers en harren ferskaat. Klukkluk komt net foar yn de Pipo-film-spin-off fan 2003. De reden wie dat it klisjee fan in krompratende yndiaan as polityk ynkorrekt beskôge waard.

Net sa yn ús Fryslân! Productiehuis Explore the North, De Afûk, Leeuwarden City of Literature, âldfuotballer (“kunstenaar”) Ahilan Ratnamohan en ynwenners fan Ljouwert—dy’t har nammers noch melde moatte—sille meiinoar ien wurdboek meitsje fan al har net-NL-memmetalen.

Dat bart net allinne, of net sasear, mei hertferskuorrende eachkleppen op foar it kontrofersjeel terrein dêr’t de hoera-foar-it-ferskaat-kongsi him op bejout. Dat bart doelberet mei it each op melting-pot Nederlân. “De nieuwe pidgintaal zal een vermenging zijn van Fries, Liwwadders, Nederlands en buitenlandse talen”: ferminging en fertinning as in essinsele oalje. De ‘útlânske’ talen wurde net iens neamd sa wichtich binne dy.

“Pidgin X is een meertalig, inclusief project” dat memmetaal beskôget as eat dat aldergelokst ôf te learen is. Troch it wurdboek “wordt het gesprek op gang gebracht over hoe we – ongeacht onze moedertaal – kunnen communiceren met de mensen die onderdeel zijn van onze directe omgeving.” (ús kursyf). Likegoed hoege lju mei in oare memmetaal net sels oan it wurd te kommen: “Ahilan [hat] een grote fascinatie voor het leren van taal; hoe leren mensen een nieuwe taal.”

Dan ha wy it oer de jildfergriemerij noch net iens hân. Wat docht dit plan no konkreet om de sitewaasje fan watfoar boarger of maatskiplik skift ek te ferbetterjen?

Mear fan Friduwih Riemersma

De priis op ’e nij besjoen Takenning en útrikking fan de Gysbert Japicxpriis 2021
‘Al te persoanlik’ feit de Gysbert-manko’s moai yn ’e dôfpot
Gjin sjueryrapport foar de Gysbert Japicxpriis 2021
Kultuerkontrole De nije macht fan ús kultuer­ynstitúsjes berikt mêden dy’t earder bûten it bestjoersfoech leine
Stimleas yn it auditoarium Palimpsest, in sterk dichtdebút fan Erik Betten
Kalamiteit by de leveransier Noas tsjin ’t glês fan Edwin de Groot
By besunigingsweach: gean fan ’e terp ôf En panykje net, of, Hoe’t De Rouwe syn analogy kopke-ûnder giet
In Ried foar de Keunst (podcast) Gerrit Breteler: de wearde fan keunst is net ‘men betellet der fet foar’
Wol keunst wier ferskaat? (podcast) Systematysk harkje (@Amanda Gorman @Zaïre Krieger) nei de útranzjearre minderheden sit net yn ús ynstituten
Dit bart der as jo McGonagall oersette of, de mof fan Thiadmer Riemersma
1 2 3 4 5 6 7 8 9 10 11 12 13 14 15