image

Reaksjes op Fers2

Debat is nedich as der in probleem is

- Philippus BreukerFers2 nû. 2.17, 6 novimber 2016

Ik kin net sizze dat ik ferlet fiel om om definysjes te sykjen of my oer grûnslaggen de holle te brekken. Leaver skriuw ik oer wat dat nij is of dat ik ynteressant fyn. Ik bin net sa in man fan mieningen. Kolumnisten fyn ik mar selden goed. It komt by alle wurk oan op konsintrearjen. Dan kin in gewoan mins miskyn ek noch wat sinfols berikke, wat dat foar oaren mear as wat flechtich belang hat.

It stik dêr’t jim in reaksje op freegje, is my te abstrakt. Tsjin wat of wa giet dat stik?  In debat is nedich as der in probleem is en dat sjoch ik hjir net, polityk of maatskiplik net, en ek logysk net. Minderheden ferhâlde har yndied ta mearderheden, en dat dogge se al iuwen. Hoe’t ik deroer tink, stiet yn ‘Beelden’ yn Negen eeuwen Friesland-Holland.

Pittiger en aktueler soe neffens my in debat oer it brûken fan it begryp meartalichheid wêze. Dat bart de lêste jierren wakker yn Fryske wittenskip en polityk. In kwealike kant is it krekt dwaan as is der gjin Frysktaligens mear, in oaren, dat der minder oan Frysk dien wurdt.

Reageren kan altijd nog

Guido & Hannah Wolff - Fers2 nû. 2.17, 6 novimber 2016

Is een dialoog nog wel mogelijk? Welnee. We lazen dat gesprekken in films oblique zijn: dat mensen niet gewoon antwoord geven op wat de ander zegt maar dat ze one-liners poneren, de ene tegenover de andere. Ze praten tegen elkaar in plaats van met elkaar. Dan kun je zeggen, ach, semantiek. Maar de onkunde van de hedendaagse dialoog wijst semantiek juist af: mensen begrijpen helemaal niet wat de ander bedoelt, maar weerleggen een door hun bevestigde afwijkende mening, en bevestigen zo een fundamenteel feit: de ander, die denkt anders.

Verder is al heel vaak gezegd dat de media ons in een bubble stoppen. De media leiden het publiek naar een eenzijdige visie. Maar dan gaat het juist niet om de gedoodverfde oorzaak van ons zedelijk bederf, de sociale media, maar om de traditionele tamtam, dus de krant. Het lijkt een nieuw soort verzuiling; mensen worden in aanraking gebracht met wat ze al kennen en wat goed voor ze zou zijn. Gelukkig lijkt men al lang te hebben uitgevonden wat goed voor ze is: stoppen met het kopen van de krant. Dat hoeft de krant niet nog eens te benadrukken.

Want reageert men wél op elkaar in de krant—zie de illustere pagina’s met ingezonden brieven (niet voor niks aan het eind van de krant, de onderste ring van Dante’s hel)—dan gaat dat volledig binnen al gebaande paden: Nederland is vol (matig), er komt nóg een crisis aan (nee) en zwarte piet is níet racistisch (wel). En allemaal in keurig ABN. Vooral gelezen—en doorgetwitterd—door de ondergetekende. Mensen zijn fundamentalisten: ze staan niet open voor andere wegen.

Het niet op elkaar reageren als nobele traditie speelt vooral de hedendaagse dictatoren-in-de-dop in de hand: op sociale media bedankt Trump—president van de one-liners—links en rechts zijn kiezers, maar zonder in te gaan op hun prangende kwesties aangaande de consequenties van meneers beoogde beleid. En zijn kiezers juichen. En is er een coup in uw land—uw Fryslân—die vast en zeker voortkomt uit een onderliggende onvrede—Oerol mist sfeer—die zich steeds gewelddadiger uit—minder festivalgangers—dan vraagt u gewoon uw vele fans/onderdanen via FaceTime om de landverraders te bevechten. Et voila: uw dictatorschap is bevestigd. Reageren kan áltijd nog met de doodstraf.

De ein fan publike diskusjes

Eric Hoekstra - Fers2 nû. 2.17, 6 novimber 2016

Wat wy no meimeitsje is de ein fan publike diskusjes. Hoe komt de ein? De ein komt yn in gaos fan mieningen, dêr’t alleman oer alles mei diskusjearret, op gelikense basis, en oeral in miening oer hat. En yn dy gaos kinne machthawwers sizze: no dan dogge wy mar wat wy dochs al yn ‘e holle hiene.

“Hee, Hoekstra, wolle jo diskusje ferbiede?” Ja, dat is it lot fan elkenien dy’t earne krityk op jout. Wa’t net foar ús is, wurdt fuortset as ien dy’t tsjin demokrasy is, want mieningen fentilearje, dat is demokrasy, no?

De LC pleatst soms brieven dy’t oantoanber ûnwier binne (tiisdei 25 oktober). Soms binne se ynstutsen troch klearebare dommens en arrogânsje. Lykas in ynstjoerde brief út De Jouwer. De man reagearre op in analyze dy’t myn kollega Liesbeth Faber jûn hie op de tweets fan KH2018. Dit wie Faber har argumintaasje:

  1. KH2018 jout yn har Bidboek heech op fan it Frysk as ûnderdiel fan in trijetalige provinsje.
  2. KH2018 docht neat mei it Frysk, sjoch mar: produsearret amper Fryske tweets, en har kommunikaasjemeiwurkers hoege gjin Frysk yn ‘e macht te hawwen.

Simpeler kin it net. It is in argumint basearre op: wa’t A seit, moat A dwaan.

Wat makket de briefskriuwer hjirfan? Dy komt mei de redenearring dat taal net sa belangryk is. Ja, nee, mar KH2018 hie sels op Fryske taal en kultuer ynset.

Dy komt mei de redenearring dat wy Ingelsktaligen en Hollânsktaligen net mei Fryske tweets lestich falle moatte. Ja, nee, mar dat hat Faber net sein en dat soe se ek noait wolle.

Faber wol Fryske tweets as ûnderdiel fan twatalige tweets. En Fryske tweets as it typysk Fryske ûnderwerpen oanbelanget. En by einsluten, Friezen ha it wetlik fêstleine rjocht RJOCHT om Frysk te praten yn ‘e provinsje Fryslân. Mar de man út De Jouwer kin ûntsnappe mei oantoanbere leagens, tanksy de LC.

Mar no in oar djiptepunt: de wynmûnediskusje. De LC hat ek ris in artikel pleatst fan twa wynmûnelobbyisten, en, myn God, it hiele artikel bestie út it swart meitsjen fan de tsjinstanner (benammen fan dy heechlearaar Lukkes, dy’t teminsten noch mei sifers komt) en fierders wie it artikel holpraat, luchtfytserij en lobbygelul. Hoe koene se dy Goebbeliaanske propaganda pleatse? It wie suver noch slimmer as it stik út De Jouwer.

In tredde djiptepunt. De staverdiskusje. Wat dêr foarbykaam oan ûnsinnichheid. Goed, der wiene fan beide kanten ek goede stikken, hear, kreas, mei arguminten, mar de bearput fan ûnhimmele emoasjes gie ek wer waachwiid iepen. Brr.

“Mar Hoekstra,” sizze jimme no, “moatte jo je der dan as superyntellektueel net yn minge? As ûnderdiel fan jo wittenskiplike plicht? Op plakken dêr’t noch wat reedlikheid oanwêzich is”. Wolno, soms doch ik dat. Nim no de diskusje oer populisme, dêr’t hast elkenien út ‘e hegerein tsjin is (behalve ûnfatsoenlik rosmos), en dat makket it in wakker iensidige diskusje, want in opportunistysk yntellektueel past wol moai op om te sizzen dat der ek goede kanten oan populisme sitte of dat it in reedlike oarsaak hat.

Lêsten ha ik dêr in artikel oer skreaun, mei allegearre arguminten, te’n geunste fan it populisme. Want soms bin ik in ûnopportunistysk yntellektueel. Spitigernôch wiisde it Friesch Dagblad it ôf. Tsja, dan hâldt it op. Miskien wie myn stik net goed genôch. Of miskien pleatse se leaver stikken dy’t tsjin it populisme argumintearje. Wa’t it wit mei it sizze, ik brek my dêr de holle net oer.

Dus publike diskusjes? Wat is de ympakt? Wat makket it út? Wittenskippers sprekke inoar tsjin, sjoernalisten binne partidich. Hat it oait oars west? Nee, mar it hat wolris better west.

Mar sjedêr, sjoch dêr (sjoch dan man!!), dêr lokket de tún, de besletten tún fan Epicurus dêr’t ik my yn weromlûk om net te stroffeljen oer ûnk en kwea fan ‘e wrâld. Want men kin derom skrieme en men kin derom laitsje.

Mear fan Philippus Breuker

In busreis mei Trinus Ta de ûnferjitlike mominten út myn libben heart in petear mei de doe al ferneamde Trinus Riemersma
De Gouden Ieu: koarte bloei, lang ferfal Op mear as ien manier kin men sjen litte dat de Gouden Ieu mar koart duorre hat en folge is troch in djippe en lange depresje.
Sosjology fan in frysk doarp yn de Gouden Ieu Boazum wie yn de Gouden Ieu sosjaal in frij igale mienskip. Adel wenne der net mear.
Utrikking Gysbert Japicxpriis 2019 De Gouden Ieu hat mar koart duorre. Op de groei fan rykdom en wolfeart folge in djippe depressy.
De ungelikense fizy op de Fryske skiednis De skiedskriuwing oer Fryslân, dy’t yn de jierren nei 1560 op gong kommen wie, waard foltôge yn it wurk fan Winsemius en Schotanus
Obe Postma oer de jonge húshâlding fan syn âlden
Rougedichten yn de Gouden Ieu Ien dy’t gjin idee hat wat Fryslân yn de santjinde ieu foar in lân wie, sil miskyn tinke dat de taal dêr it Frysk wie. Mar sa wie it net.
Twivel heart derby By de boekoanbieding fan Dreaun fan ierde’ dream: Libben en wurk fan Obe Postma
Skoalmaster yn de Jordaan Yn 1982 belle my in frou út Monnickendam oer Inne de Jong. Sy hie yn 1958 by him yn Amsterdam yn ’e klasse sitten …
Wyldsjitters, fiskerlju en oare bewenners fan dykhuzen De dykbewenners meitsje fan Koarnwert wat oars as in gewoan boeredoarp. Men rûkt der de see. Se hawwe karakteristyk west foar Postma syn bertedoarp en binne it dêrmei ek wurden fan syn poëzy.
1 2