sjieuwe borger image

Rinascenza

Sjieuwe Borger - Fers2 nû. 3.17, 29 oktober 2017

Ljudger syn wein stie foar it studintehûs. Hy helle de wykeintas út de kofferbak, Rolf hold de arkbak by him. Sybren gong harren foar yn de hûs. Nei de gong kamen se yn mienskiplike keamer. De faam hie himmele foar it kommende wykein, dat de bewenners, dy’t op tongersdei nei heit en mem ôfsetten, de moandeis wer skjin oan in nije wike begjinne koene.

‘Wêr set ik dyn bak del, nei dyn sawat-dea-wjerfarren?’ Frege Rolf.

‘Yn Sybren syn keamer, ik nim gjin inkeld risiko mear,’ sei er en hy ferdwûn yn de badkeamer. In hoart letter kaam er in yn wolken fan rûkersguod werom. Hy hie in bûsgroene fan Armani oan en it hier neffens de lêste moade strak yn in skieding nei efteren kjimd.

‘Lit it feest mar wer trochgean,’ sei er en hy strûpte de mouwen op, snokkere ynienen noch in pear kear.

‘Sjochst der strak út man,’ sei Rolf.

Sybren tocht dat Rolf dat nea tsjin ien fan syn jierklupmaten sizze soe.

‘Wolsto dat net dan?’ frege Ljudger.

‘Owh jawis wol, mar ik kin my net in Armani feroarloovje.’

‘Ik fyn it oars wol studintikoas,’ sei Sybren.

‘Dat is it ferskil mei ast wurkest. Dy geur is nammers ek Armani. Ik haw it yn Rome kocht.’

‘Ja hoe wie it yn Itaalje?’

‘Moai man, John en fleagen earst nei Rome,’ sei Sybren. Wy hawwe allegearre antike dingen besjoen. Moaie froulju wiene der ek, folle net genôch, ek foar John siet der wol wat tusken. Dat tink ik teminsten, want ik haw der net mei him oer praten. Dan kom ik neffens my te tichtby. Just omdat er him dêr net oer útlit, witst. Hy hat in frijwat problematyske ferhâlding mei syn fel. It soe ús ferhâlding ûnder spanning, as ik der oer begjinne soe. Ik haw yn Itaalje murken dat wy persoanlik dochs net sa djipdollend mei inoar binne. En mei’t Ljudger kaam, rekken John en ik noch fierder by inoar wei. Wy ûndernamen dêrnei folle mear, we seagen ynienen noch folle mear moais. John rûn aloan op in ôfstantsje efter ús oan, as skamme er him foar. Mar faaks ek foar himsels, hy stiet dêrom ek sawat net op ien foto.’ Sybren lange syn foan oan Rolf oer.

‘Sjoch hjir steane my mei ús trijen yn Volterra by it deademonumint. Hy reagearre frijwat kiezzich doe’t ik dy ingel Abaddon neamde, de ingel fan de ferdylging út de Iepenbiering fan syn genamt Johannes.’

‘Spitich foar him,’ sei Ljudger. ‘Mar ik haw my tige fermakke. Ik hie dêr in mokkel, Tamara. Die koe my dochs sobje. Se gong sels noch troch doe’t ik út it autorútsje koarre. Ik wie slim bang, dêr by dat stêdsje mei dy tuorkes. Tamara har freondinne ried en Sybren siet njonken har. Net te leauwen wat wie dy dronken. Wy allegearre nammers, ik sis dy dat Tamara sels noch trochgongen wie mei sûgjen as wy in ûngemak krigen hiene.’

‘En John?’ frege Rolf.

‘Hy lei de hiele dei op syn nêst,’ sei Sybren.

‘Te skuorren, tink,’ sei Ljudger. ‘It rûkte dêr net skjin, yn dy hoale.’

‘Hat er dy al in berjocht stjoerd?’

‘Nee, sa net,’ sei Rolf.

‘Doe’t wy ôfskie namen, reizge er nei Tuneesje,’sei Sybren, dy’t gel yn it hier smarde.

‘Kom wy geane.’

*

De sinne wie efter de hûzen sakke en it begûn te skimerjen. Yn it plantsoen seagen se om fierrens reek opstigen. It waar wie sêft foar de tiid fan it jier. Op de treppen by de fivers dronken minsken yn it beskûl fan it nije grien bier út fleskes. De bôchlampen ûnder it ferwulft fan de Harmonije sprongen oan doe’t se sirenes fan de brânwacht hearden. Ljudger naam in sigaret en joech Sybren ek ien. Se bleaune stean, stieken de hollen by inoar en jagen de brân deryn. De sirenes wiene der net mear. Ljudger fertelde Rolf oer de reis en Sybren ynhalearre de reek fernoege djip yn.

*

In fearnsier hie er mei John yn Itaalje trochbrocht, de lêste seis wiken hy Ljudger him by harren foege. John en hy fielden har oan it begjin fan it nije semester beide net goed begrepen fan it libben. Sybren wie der nei in pear mishipte leafdes goed klear mei. Nei Mirjam, dy’t in kjirl stie ôf te ljepkjen yn de kroech dêr’t er mei har ôfpraat hie, wylst er hope mei lokkich te wurden yn in lange ivige ferhâlding, hie er him yn it nij kolleezjejier tjirge mei freondinnen foar in jûntsje. Yn dy snuorje ferskynde hieltiten mear nijs oer in frijwat ûnskuldige sykte dy’t oant dan ta benammen húsdieren rekke mar oerslein wie op de minske, in saneamde soanoaze. Op de sykte, dy’t him oppenearre as in ûnnoazel hoastjen of in maal op it fel, folge ûnferbidlik in pynlike dea, dêr’t útstel en pinebestriding it meast mooglike tsjin wie. Sybren lies alle tiidskriften yn de universiteitsbiblioteek op it ûnderwerp nei en hold him fêst oan de gefallen dat de sykte as in wûnder ferdwûn wie, lykas yn de midsiuwen doe’t net elkenien oan de pest stoarn wie.

Dêrmei wie syn eangst net fuort, hy krige lêst fan hiperfintilaasje en docht dat er it betwinge koe troch alle jûnen yn in pear oeren tiid tefolle Belgysk bier te drinken. It trof doel, dat al, ynsafier’t er net mear tocht om syn sykheljen en hy koe him ek folle better op syn lêsfoer konsintrearje. Tagelyk besefte er dat drank de oplossing net wie. Hy makke him hieltiten mear soargen oer de oandwaning dy’t er opdien hie troch mei elke willige studinte, hartsjes neamde Richard harren, op bêd te krûpen. It slimst wie wol it dûnkere mokkeltsje dat der útseach as in junky. De maskara klontere har eachteisters oan inoar. Hy koe himsels wol fergrieme dat er it mei har dien hie. Hy dompele ûnder yn selsmeilijen, oant ta him trochkrong dat der neat bard wie omdat er har te fiis fûn om oan te reitsjen en him net omheech krige. Hy moast der om spytgnyskje. Dat hy dronk en hy kaam de doar net út, en gong er wol dan klaaide er him hiel waarm mei in sjaal oer mûle en noas en hold er ôfstân fan minsken om harren skealik dampen te mijen. Op bêd hie er in trui oan en hy slepte ûnder in dekbêd en twa wollene tekkens. Dweiltrochwiet fan it swit skrille er wekker en wie er der wis fan dat er it ûnder de lea hie.

Nei de krystdagen rûn er noch in pear kolleezjes, mar syn niget foar de stúdzje wie ferdwûn en hy liet de fakulteit foar wat it wie. Hy gong op syk nei nije sinjouwing en miende dat er dy fûn hie yn de filosofy, benammen Schopenhauer. Net omdat er it beskôge as wierheid. De wierheid skûle krekt yn de skientme fan de taal en te tagonkelikens fan de wiisgear, dy’t bekend stie as pessimist, al fûn Sybren him in realist. Dêrneist folge Sybren in bibelstúdzje by de tsjûgen fan Jehovah, dêr’t er in protte opstiek. Sybren twifele lykwols oan de suverens fan syn eigen bedoelingen en hy joech de stúdzje oer. Hy foel werom yn syn twangtinzen oer in iere dea troch in jûpsykte dêr’t medysk gjin ferwin op wie.

John hie in oar probleem. Hy sei dat er him ôffrege oft de stúdzje rjocht wol in goede kar west hie. It hie him net brocht wat er der fan ferwachte hie, sei er tsjin Sybren. In grutte halen bestie de stúdzje út it lêzen lapen tekst oangeande regeltsjes, de tapassing fan regeltsjes en de útlis fan de regeltsjes en de tapassing fan de útlis fan regeltsjes, folle ferdjipping siet der net yn, neffens John. Sybren moast John dêr gelyk yn jaan, al wie dat foar him as fjirdejiers in iepen doar. As foarstejiers wie er dêr net klear op, hie er him derop oanpast. Sybren learde de stoffe, die tintamen en gong wer fierder mei it kurrikulum. Ferdjipping hie er bûten de stúdzje om socht en fûn, net allinnich by syn jierklup dy’t altemets plat en oerflakkich wie, mar ek by it literêr dispút, omdat lêzen syn hobje wie. Sybren hold fan learen en hy wurke him gau op ta ien fan de betttere studinten. Sa hie er John kennen leard. Sûnt it earste jier loeken se yn de stúdzje in protte mei inoar op en dêrom fernuvere it Sybren dat John no earst kaam mei syn beswier.

Der wie ek in grut ferskil tusken harren. Wêr’t Sybren syn belangstelling foar froulju helder fernimme liet, mijde John it ûnderwerp altiten. Op ien kear nei. John hie him fernijd oer in Koerdyske dy’t er yn it sikenhûs besocht hie om har ôf te hâlden fan selsmoard. Se lei dêr om har te ferheljen fan har earste besykjen. John hope dat syn persoanlike komst har der fan wjerhâlde soe. Letter begriep Sybren fan Erik en Bartele dat se har te koart dwaan woe omdat John har net sitten seach. Se diene it foarfal ôf as in komyk misferstân. Neffens Erik hie dat mokkel wol sa ûnsjoch west. Sybren tocht by in Koerdyske oan in mediterraanske skientme, sels gong John net yn op har uterlik en hy hold út dat se mei him trouwe woe omdat se út de hûs woe en allinnich hy har lokkich meitsje kinne soe. Mar hy fielde neat foar har, sei er, en koart foardat hy en Sybren ôfset wiene nei Itaalje, hie se wer by him foar de doar stien. Hy hie har troch in meibewenner ôfsâltsje litten.

John koe ien mei in appartemint yn Toskane, grut genôch foar har beiden. In wike letter stie John syn boel yn Sybren syn keamer opslein en fleagen se nei Rome en diene in kultuerskok op. Dêrnei ferfolgen se de reis nei Casole di Val d’Elsa, in fêstingstedsje, dêr’t de midsiuwske pleats mei harren appartemint wie. Ridlikgau ferdwûn Sybren syn hiperfintilaasje, hy fielde net elk pyntsje mear as in foarteken fan in slimme sykte en nei twa wiken tocht er der alhielendal net mear oan.

Hy krige kunde oan de bewenners fan Casole yn bar Sport en hy en John hiene net te kleien oer belangstelling, want de jongerein wie net wend dat de bewenners fan Rofena, sa’t de pleats hiet, yn de bar kaam.

Op in jûntiid by de ôfwask lange Sybren John in board oer. John seach him djip yn de eagen.

‘Ik moat dy noch wat fertelle fan Nyk,’ sei er. ‘Hy falt op mannen.’

Sybren seach John oan. Hy miende wat fan spanning te fielen efter de eagen. ‘Hat er my nea ferteld.’

‘It is ek net it earste watst in oar fertelst of fregest, no?’ sei John. ‘Ik moast it fan him oan dy trochjaan.’

‘Wêrom lit er it oan dy oer, koe er it sels net sizze? En dan, as it net it earste is. Wêrom wol er it dan no al kwyt?’

Doe’t Sybren nachts wekker waard frege er him ôf oft Nyk en hy wol echte freonen wiene. Doarst Nyk him net streekrjocht syn geheim te fertellen omdat er ealge dat Sybren, tsjin better witten yn, him útlaitsje soe yn pleats fan him de leafde ferklearje?

Doe’t it útkommen wie sieten John en hy as in troud pear op it terras foar it appartemint mei útsjoch oer it Toskaansk lânskip en liezen yn de lange stille oeren boeken út de kast yn it appartemint. Se scrabbelen en dronken jûns swijend chianti út mei biezen beklaaide búkflessen dy’t Siro, de húswarder, har alle dagen brocht. Se boadskippen yn it fêstingstedsje en se kamen mei harren freonen nei it appartemint werom, dêr’t se ieten en dronken. John prate oer de mjitte mei har oer popmuzyk en fuotbal. It wie smûk yn it appartemint, oant harren nije freonen fuortgongen. John die it swijen derta en as Sybren him goenacht winske wie er faken sa ôfwêzich dat der gjin wurd ôf koe oant John oer Roberta begûn. Roberta foel op har ûnder harren freonen troch har lang stal en har kennis fan it Latyn.

‘Wat hast altiten mei dy froulju,’ sei John.

‘Roberta? Se leit my dingen út oer de taal. En se kin goed siede, hoe fûnst har biftecca fiorentina juster?’

‘Hearlik.’

‘Ja.’

‘Tinkst dat ik har dwaan kin?’ frege John.

‘Wat moat ik dêr op sizze. Ik wit net watsto kinst. Wat tinkst sels?’

‘Sjen hoe’t it is. Mear as in foarm fan kommunikaasje,’ sei John.

‘Hast noch nea in frou hân?’

John sei neat.

‘Ast har mar net ôfhâldst fan myn taallessen,’sei Sybren. ‘Sy komt hjir fannemiddei, faaks kinst it mei har oanlizze, as ik klear bin. En … oer besite sprutsen, Ljudger is ûnderweis, skriuwt er. Beswier?’

‘Bêst, salang’t er my net ta lêst is. Ik wol my goed fiele kinne.’

‘Moai, dan dochsto dyn ding mar mei Roberta, salang’t se akkoart is. Mar ik warskôgje dy, kwets har net; se is fiersten te leaf.’

*

Roberta en Sybren hellen Ljudger fan it stasjon yn har Fiatsje. Underweis fertelde Roberta oer John syn afânses dy’t se fuort ôfwimpele hie. Se fûn him net oantreklik ek al seach er der foar oare froulju licht al goed út. Yn syn hâlden en dragen hie er eat dat se omskreau as froulik. Se bekende Sybren har leafde en woe sa gau mooglik mei him trouwe, sei se. Se hold de auto en frege him om har op de mûle te tútsjen. Hoewol’t Sybren dêr tige mei op it snjit wie, woe er der net oan tajaan. Hy woe Roberta mei earbied behannelje en hâld har net op ‘e tok; en hy miende it krêft by te setten troch har te freegjen oft se it earst net út meitsje moast mei har feint dy’t paracadutista wie by de loftmacht. By de fraach gong Sybren der al fanút dat se dêr nea op yngean soe. Se griep him fêst en brocht har lippen op syn mûle, hy fielde har tonge yn syn mûle en treau har hoeden fan him ôf. Hy sei dat se neat fan him ferwachtsje moast. Hy wie net yn de wille om samar in ferhâlding te begjinnen, mei hokker frou ek, al hiet se ek Rihanna of Kim Kardashian. Nei syn ûnderfiningen fan it lêste jier hie er syn eigen swak stee ynsjoen. Hy woe him allinne noch mar goed fiele en net tajaan oan de gritsen fan in frou, al wie se noch moai, lykas Roberta omdat it altiten misbetearde mei sokken. Dêrom tute er it ôf op har wang en tocht dat se it begriep, mar hy waard kjel doe’t se tasei dat se har feintsje hjoed noch in ôfskriuwer stjoere soe. Dat er sa koel bleau naam makke har der net minder fleurich om, se song mei de radio. En se liet merkbite dat se net ûnder de yndruk wie fan Ljudger, dy’t se ôfwarde wylst er op har omtute as wie hy har feint op it perron fan Poggibonsi.

*

Se sette Sybren en Ljudger by it appartemint ôf en spile Pino d’Angio mei Ma quale idea en ried toeterjend fuort.

John seach prot op fan ’e snijplanke en groete harren ôfwêzich. Ljudger joech him in klap op it skouder en rôp dat er yn de badkeamer wie.

Sybren sette it wetter op en hy liet de spaghetti deryn gliidzje doe’t it kôke. Ljudger ferskynde frisk skeard yn wolken fan Armani oan it oanrjocht. Hy stiek in sigares oan, joech John ien, dy’t oannaam, al koe der gjin wurd ôf. Ljudger helle de foan foar it ljocht. Se smookten trijeresom.

‘Sjoch, dat bin ik mei de stewardessen yn it fleantúch,’ sei Ljudger. ‘Sjochst dy, dy ljochte, dy hat my dochs in pear skonken en in kont. Se is machtich.’

John snúfde. Hy sette boarden op tafel en wylst Ljudger syn foan oan Sybren oerlange fage er oer it skerm.

‘Dat is yndie gâns in ûnthjit,’ sei Sybren en mei besefte er dat er it sei om John te nytsjen.

‘Ik haw in date mei har. As ik yn Fryslân werom bin, gean ik nei har ta. Se hat in appartemint yn Haadterp.’

*

John kaam der alle dagen letter ôf en hy gong der betiid op. Hy miste de maitiid dy’t him ûntjoech en de útstapkes fan Sybren en Ljudger, dy’t fan Roberta al gau de bynamme ‘bestia bionda’ krige. De brek tusken Sybren en John wie mei de komst fan Ljudger ûnhielber, mei’t er him ûntloek oan de omgong.

*

‘Nije wike gean ik nei Haadterp,’ hearde er Ljudger út in dizige fierte tsjin Rolf sizzen.

*

Ljudger en Sybren slepten de lêste nacht yn Rome, yn in snústerich pinsjontsje by Termini, dêr’t John tusken swalkers en yllegalen benachte yn kartonnen doazen.

‘Ma profession, c’est la vol,’ sei ien fan de Afrikanen tsjin John, doe’t Sybren mei him fûstke. De man seach him drôgjend út de eachshoeken oan. De eagen draaiden him dat allinne it wyt noch te sjen wie. Hy foel om op de doaze fan John.

‘Fais attention a ma maison, mon ami,’ rôp John. Hy seach Sybren oan. ‘Ik gean nei Tuneesje, myn freonen riede it my. It waar is der altiten goed.’ Hy ynhalearre de smook fan syn joint en lange him oer oan de Afrikaan.

*

Sybren moast glimkje no’t er der oan weromtocht.

‘Wat hast foar wille, barbaar!’ Raasde Rolf. Se stapten de steatlike treppen fan de feriening op en kamen yn de moarmeren gong. Ut de ferieningssoasjeteit kaam in ferskuorrend leven.

‘Ik wie effen yn Rome werom, Termini. Witste Rolf, Ik bin benijd oft John al yn Tuneesje is. Hy reizgje oer Sisylje,’ raasde Sybren nei Rolf.

Der waarden jierlieten ophelle dy’t jin hearren en sjen fergean lieten, noch foardat se de doar iepene hiene.

‘Itaalje hat my goed dien, Toskane wie in nij begjin foar my,’ sei er mar it waard wei yn it lawaai.

Mear fan Sjieuwe Borger

Memento mori Dêr is de âld toer al, hy wibelet my suver temjitte.
Piano piano Myn sweager en ik tôgen de piano by ús yn de hûs. De piano kaam by myn suster en myn sweager wei …
Yntermezzo Yn de nacht waard er wekker en frege er him ôf oft er Jacqueline sjen moast as syn faam lykas dy froulju dêr’t er wat mei hân hie foardat er …
Eksamen It ûnthjit fan de simmer gong goed yn ferfolling, de sinne sprate syn gleonens allinkendewei oer de stêd.
Toernoai Sybren trof syn jierklub yn de hockeykantine. It jierlikse toernoai fan de studinteferiening wie oer it wykein útsmard …
Freed ‘ekker wurde bûke’ trúnde de man oan mei syn heech nasaal lûd, wylst er him oan de earm op loek. ‘Is dat no normaal …
Dies ‘Sorry, ik moat fuort’ sei er. ‘Jierklub.’ ‘Litst my yn de steek?’ frege se kjel.
Cordon bleu Sybren griep nei syn snoadfoan. ‘Giest hjoed wer nei de UB?’ frege se.
Dwylsin Sybren pakte de brûskop út de hâlder liet it wetter oer it liif rinne. Hy spande de lofter boppe-earm …
Oan de Efterwei Ljudger stie te beljen. Syn útdrukking feroare fan kjel yn helpleas en hy einige it petear.
1 2