Wurken
Geertje Kingma & Sieger Rodenhuis, Geen honinck soet sonder bitter gal. Brieven van Agatha, jonkvrouwe Van Groot Terhorne te Beetgum, Bornmeer, 2017. Alhoewol’t de kritiken út âlderwenst it persoanlike en húslike fan de briefkerij beklamje, lit dy sjen dat santjinde-ieuske frouljusbrieven it private sjenre gauris oergean; foar in part memo’s oer jild en bedriuwspolityk tsjinje se de profesjonele aginda en it delsetten fan in managersidentiteit, likegoed as it trochbrekken fan ’e iensumens yn Bitgum. Kingma & Rodenhuis har eardere life writing omfettet ûnder mear Friese pioniers in Amerika, Adeldom verplicht, Oud Martena te Cornjum: een bewoningsgeschiedenis, Wiarda State: een familieslot te Goutum van de families Wiarda, Emingha en Cammingha en Liauckema State en haar bewoners.