image
Dit artikel is op 21 desimber 2015 ferskynd yn it Friesch Dagblad

De Provinsje liicht mei de Taalatlas 2015 himsels en oaren foar

Friduwih Riemersma - Fers2 nû. 2.2, 31 jannewaris 2016

De nije Taalatlas 2015 fan de Provinsje Fryslân konkludearret dat ‘it oantal Friezen dat it Frysk goed oant tige goed lêst en skriuwt de lêste jierren tanommen’ is. In stikmannich hurde sifers soene dat bewize. Dat in tredde part fan de Taalatlas giet oer taalbelied makket dúdlik dat, al seit de Provinsje der neat oer, it dokumint tsjinnet as beliedsevaluaasje. Nammerste spitiger en ûnferantwurdliker is it dat de sifers net mear as hokuspokus binne en de konklúzje bedraaierij is.

Foar de Taalatlas is in selsbeoardielingfragelist op papier ferstjoerd nei in aselekte stekproef fan 28.000 húshâldens yn Fryslân. Aselekte proeven binne represintatyf foar de populaasje, as men de stekproef mar grut genôch nimt. Ien op de tsien minsken wat freegje jout gjin goed byld fan wat alle tsien tinke, mar fjouwer minsken deselde fraach stelle jout al in folle akuratere represintaasje fan de groep fan tsien. In aselekte stekproef fan 28.000 persoanen hat in redelike kâns om represintatyf te wêzen foar de folwoeksen Fryske befolking fan in lytse 500.000 minsken. Mar de respons op de enkête is mar 9915. Ek al is dat foar in anonime post-enkête in hege respons - ien dy’t eigentlik inkeld berikt wurdt as der in beleaning jûn wurdt foar it ynfoljen - de kâns is grut dat statistyske resultaten fan 9915 persoanen net mear te generalisearjen binne nei de hiele Fryske populaasje.

It giet hjir net om in lytse of tafallige ferskowing fan de útkomst, mar om de statistyske dwaling fan convenience sampling. Foar it gemak is de enkête ferstjoerd nei húshâldens. Mar hokker húshâlden wol en net en wa’t binnen in húshâlden de enkête ynfollet, dêr is gjin kontrôle op. Dizze frijwilligersbias kin maklik ta in strukturele flater liede. Ommers minsken dy’t neat mei it Frysk hawwe, smite de enkête earder fuort en minsken fan pinsjoenrjochtige leeftyd hawwe mear tiid om yn te foljen wylst âlderein ek in gruttere kâns hat om it Frysk op in heger nivo te behearskjen. Dat grutte risiko fan selektive respons wurdt noch ris ferhege troch de fraachfoarmulearring fan de enkête. Ien fan de fragen is bygelyks hokker taal oft men praat mei de partner. Undersyksmetodologyske research lit sjen dat minsken sûnder partner sa’n enkête earder by it âld papier lizze – logysk.

Der hie dus stratified sampling tapast wurde moatten, sadat út elke foar de útkomst relevante subgroep fan de Fryske befolking, lykas leeftyds- en opliedingsgroepen, it persintaazje fan minsken yn de stekproef gelyk is oan it persintaazje derfan yn hiel Fryslân. Kontrôle op de stekproef efterôf hie ek kinnen, troch tefolle respons fan bygelyks âldere froulju fuort te smiten. Der is lykwols yn de Taalatlas gjin inkelde oanwizing dat foar response bias kontrolearre is. Dat is fan de amtners dy’t it ûndersyk útfierd hawwe út wol begryplik. Want it skrassen fan data makket it responspersintaazje noch leger. En se hawwe al hast 20.000 brieven fergees ferstjoerd. It liket der nammers op dat se hielendal net nei demografyske gegevens frege hawwe, útsein leeftyd en wenplak. Dat der foel neat te kontrolearjen.

Dat de data sammele binne mei help fan in selsbeoardielingsfragelist makket in ûndersyk net per definysje swakker. It binne de dizige antwurdkategoryen by de fragen dy’t de sifers net-ynterpretabel meitsje. Want wat is ‘goed Frysk’ en wat is ‘tige goed Frysk’ prate? Wat is de mjitstêf foar de respondint? Guon minsken folje enkêtes graach wat hoeden yn en oaren skaaie just wat mear nei de ekstremen út, dat is ferbûn mei persoanlikheid. It is goed mooglik dat de trochsneedrespondint fan 2015 in wat mear ekspressive persoanlikheid hat. Dêr kin op kontrolearre wurde, mar de Taalatlas lit net sjen dat dat bard is. Dêrboppe op komt de bias fan sosjaal winsklike antwurden, ommers de enkête is ferstjoerd nei húshâldens. Fansels sprekt en skriuwt heit ‘tige goed’ Frysk, freegje mar oan mem.

It is hiel bêst mooglik dat de befolking fan Fryslân yn trochsneed mear en better Frysk praat en skriuwt sûnt 2007 en 2011. Mar in quickscan lykas dy no dien is foar de Taalatlas kin dat troch de ûndeugdlike oanpak net sjen litte. De konklúzje oer de bettere behearsking fan it Frysk is dêrom misliedend; as soks as feit nei foarren brocht wurdt, is dat misbrûk fan de amtlike sifers. Al mei al is de hiele Atlas in typysk foarbyld fan ‘Wij van WC-eend adviseren WC-eend’ en dus skande fan it jild.

Mear fan Friduwih Riemersma

Njoggen en in heale tip oer drave en date en seks Krekt as wy yn kontakt komme mei in bline reizger falt de koartsichtichheid op dêr’t wy it konsept sense of place mei brûke
De tafel fan Eppie Dam en Gerrit Terpstra ‘Skilderjen is poëzij dy’t mear sjoen as field wurdt en poëzij is skilderjen dat field wurdt ynstee fan sjoen.’
De wearde fan poëzij Shelleys ‘In Ferdigening fan Dichtkeunst’ opnij besjoen
In memoriam Hedzer Oostra It ferhaal fan ús freonskip begjint feitlik trije jier lyn, op sa’n Novembermoarn dy’t troch syn ferfeelsumenshellip;
In ferdigening fan dichtkeunst Hiemsiik fan Elmar Kuiper, as nomaden in tinten teplak fan Sytse Jansma en Brek dyn klank fan Abe de Vries
De kulturele kwestje & hoe dy op te lossen Kultuer, Fryslân, taal, identiteit, bestjoer en selsbewustwêzen foarmje in hieltyd gaoatysker amalgaam dêr’t de yndividuele opiny en de selsferkleare eigen leafde foar Fryslân (en Europa) yn sintraal stean
Mytology menear. Jo witte wol werom It Ensafh-Spesjaalnumer ‘Germanen yn de Fryske literatuer’ jout de lêzer te tinken
Sosjale situaasjes yn de Gysbert-shortlist De longlist foel al op troch it út de wei gean fan extreme reading
Libbje stearleas, rijke tonge! Libbje, Gijsbert! It profesjonele fjild as spil tusken literêre prizen en kultureel kapitaal
Ferlet fan Frysk In Deltaplan foar it Frysk kin net ophâlde nei de paragraaf ûnderwiis. It komt oan op in belied dat soarget foar ferlet fan it Frysk
1 2 3 4 5 6 7 8 9 10 11 12 13 14 15