
Twa gedichten
Ut it skift ‘by de iisberch del’
*
de twang fan dogma’s dwylsin dy’t moat en
heart preste yn ieren en sinen
gong op de stoel sitten en kôge foar
sluet de bûtenkant op en die de doar ta
in net te ferkropjen wierheid lei
swier op ’e mage en luts de mûlhoeken del
steapele alles te plak op planken yn laadsjes
yn in grutte kast mei slot en skoattel
glânzjend poetst it krop heech mei in
kroan op ’e kop dominearre er de
opkeamer
*
op eachhichte stie de see yn de brâning
net benei te kommen tergjend
in tiidleas ritme – útrinners fan weagen –
skjirre sediminten fan taal
de trep del foarby de filogenetyske lagen
stie ik yn it djipst fan de ierde
yn in ferhoalen katedraal
yn it koar foar it heechalter
de alchimist oan de mul ta yn driuwsân
syn fûsten nei de himel
balte er it âlde ferhaal fan skifte en skiede
tonger en wjerljocht
Yn 2015 ferskynt by útjouwerij Bornmeer Gatten yn it tek, de twadde bondel fan Jaap Veenstra. Earder, yn 1986, ferskynde fan him, by útjouwerij Eduka Print op Kurasao yn gearwurking mei Hollema’s publisiteitsburo, de bondel De nacht midstwa. Yn 1983 stie der in fers fan him op de tsiende skriuwerskalinder. Yn 2013 barde dat op ’e nij. Sûnt binne de measte fersen fan Gatten yn it tek skreaun.
Mear fan Jaap Veenstra
Tút fan Judas Politike Haiku II |
Alde blauwe reenjas: fersen Dit brief, giet ‘t wat better, ik haw noch in pear fragen |
In kantate foar de dea En oare deaden |