Poëzy
Streaming
Fregest net wa’t ik wie of wêr’t ik weikaam,
en wat ik hjir te sykjen hie, doe’t ik dy oanrekke
flanterest mei dyn freon, hantsje yn hantsje
en lakest my út, sadat ik, eins ûnbedreaun,
mysels net de baas koe en mâltjirge
dat ik dy fan ’e kaaidyk reagje woe
myn narre wierre út yn it stedsgebiet
en trape op dyn trochwiete rinskuon
wylst ik dy likegoed ferteld kinnen hie
sûnder in krêftwurd te brûken
hoe ûnmeilydsum oft de stoartfloed
fan snie yn it berchlân wie en ik nei
myn flecht yn dellings telâne kaam,
dy’t my driftken sûnder stilstân.
Unferwachts
op sneon 20 maaie 1837
Hjoed ha wy it fee nei bûten brocht.
Tefoaren smar ik de oeren fan de kij
mei farske bûter yn sadat se net opswold
reitsje troch fûle sinneskyn of kjeld.
In poerbêst middel tsjin it ûngemak fan oeren,
teminsten as men dit alle moarnen docht
salang’t de bisten wenne moatte oan de hjitte,
de bûtenloft en oan de kjeld somtiids.
Fan ’e moarn taaste ik nei de oeren fan in ko.
Haw ik har net warskôge, even mei in hui?
It bist sloech my mei de achterste poat,
ik rekke fan ’e stâl en foel op in amer.
Muoisum kaam ik oerein. Ik fiel in skerpe pine
yn ’e lofterside wylst ik my foarnommen hie
om alderhande wurk te dwaan; mar sjoch
ik kin no neat. O, ôfhinklik skepsel.
Bewurking fan in passaazje út Kroniek van een Friese boer: De aantekeningen (1821-1856) fan Doeke Wijgers Hellema te Wirdum
Reindûns
Krekt as hie de loft it yn ’e gaten
dat sels myn simmerjurk te waarm is
út de haast wei falle my spatsjes
op it wang en op ’e earms
it miggelet en linkendewei
begjinne drippen te tikjen
de soelens sêdet en klibbet
dizich op it kronkelpaad
ynienen flapt en spat en rûst it
mei roffels op myn fel en op ‘e reiden
djip bûge wy foar Pluvius
dy’t oer ús plonje strykt en dûnsje wol.
Mear fan Marije Roorda
In beam jout justjes ljocht |
Reinduns |
It wald |
Tút fan Judas Politike Haiku II |
Wat my driuwt |
Greidblom Stien, do bist in krommel út in rots. |
Droechte |
‘Kuier’ en ‘Grut hoefblêd’ Leafst yn in lânskip/ as ik geandefoets har eagen moetsje … |
It lûd fan de yidaki Hoe’t de see yn dampens stillei / har wazem oer de dyksfoet striek |
Wêr’t de wyn my hinnesylde Fan fierren te sjen it eilân dat in bewenner mei opsetsin / ferliet en dy’t by syn frou en soan weromkaam doe’t … |