elmar kuiper image

Widnersbonkje - fersen

Elmar Kuiper - Fers2 nû. 7.1, 24 jannewaris 2021

De goede toan

myn stim kent net ien dy’t seit

do hearst by my

as in siichgat yn it iis

myn stim went fansels oan it weake ferwulft

kin sear dwaan

as in widnerbonkje

myn stim brûkt in soan om de goede toan te reitsjen

en weidet net út oer de striem

Fuort út dat gat

heaven can wait for watching the sky

sjongt hartwig schierbaum

ik slach de eagen del en tink:

mei goed fatsoen kin ik

de plichtplegingen net benefterlitte

in koart knikje dan mar

en fuort út dat gat

mar hartwig schierbaum

tsjotteret as in mosk

en ik moat wer fûstkje

mei de dwile hân fan ’e dei

Elmar Kuiper - Fers2 nû. 7.4, 29 juny 2021

image Business Park fan Elmar Kuiper

Business Park

Wat foel er der noch te sizzen. Ik koe likegoed

in wynbrau oplûke en de noasflerk trilje litte.

Wylst de meiminske in ballon opblies, knipte ik

in read lintsje troch en hold in preek by in stik

marmer. Tusken it beton en stiel hiene de strjitten

de nammen fan deade fakgenoaten krigen.

Slauerhoff mocht it dwaan mei in rûnwei, dy’t as

in stive slange om dit stikje stêd krôle. Piter Terpstra

kaam der wat bekaaid út. Syn strjitte wie opbrutsen

en rûn dea. Ik hie der ea nochris in ljipaai fûn.

Wat foel der noch te sizzen. Ik wie gjin skipsdokter.

Myn medisyn in wurd, dat neat sizze woe, mar

skriemde en kopke-ûnder gie, alteast foar in goed

fersteander. Nei’t ik 5 minuten preke hie krige ik

in flau applaus. Rimpen makke ik my út ’e fuotten.

Yn tinzen wei stie ik nachts op in rotonde. It reinde

miichgiele struibriefkes, mei myn namme derop.

Ik hie it útsjoch oer in brêge, dy’t om it hutsje iepen gie.

Mear fan Elmar Kuiper

Eeltsje Hettinga kriget de Gysbert In resinsje fan it bekroande wurk: ‘Subtiliteit is fier te sykjen.’
Holiday Inn Fragmintsje fan Elmar Kuiper
Business Park
It ferhoar Ienakter fan Elmar Kuiper
Haagsma en Gurbe Ienakter fan Elmar Kuiper
Autonomy is in posysje under fjoer fraachpetear mei Elmar Kuiper
Kaleidoskopyske blik op it resinte Fryske fers Nije poëzyblomlêzing!
‘Dream’ en oar arbitrêr barren De romte is keal. In pop draacht in pak fan Gucci. Eva sûget …
Tút fan Judas Politike Haiku I
Bekentenis en oare fersen
1 2