‘As der ris in jongfaam opstie’
Waling Dykstra en froulike skriuwers yn de Fryske literatuer
Nettsjinsteande ûnderskate feministyske ‘weagen’ binne gelykweardige sekseferhâldingen yn de Frykse literatuer noch altyd fier te sykjen. Publikaasjes fan froulike skriuwers wurde net beleanne mei deselde wurdearring as dêr’t manlike skriuwers op rekkenje kinne, seit Knol.Jelma Sytske Knol, Ut syn aerd wei froulik’: de Fryske dichteressen en it misferstân (Hispel, Wiuwert 1993). Ja, mar dat leit ek oan de froulju sels, dy’t net ambysjeus genôch binne of har mar skikke yn tradisjonele rolferdielingen, suggerearret Corporaal.Joke Corporaal, Zolang de boom bloeit: Korte geschiedenis van de Friese literatuur, 800-heden (Bornmeer, De Gerdyk 2018) 108. Hoe’t dat wêze mei: dd. 9 juny 2019 is de sekse-ferhâlding by de Gysbert Japikspriis-laureaten ferbjusterjend ûngelyk: 32 manlju en trije froulju. Fjouwer, as Aggie van der Meer fan ’t jier de priis takend wurdt.
Yn de njoggentjinde ieu begûnen de man-frou ferhâldingen stadichoan te feroarjen ûnder ynfloed fan de yndustrialisearring, dy’t gefolgen hie foar de juridysk-politike en ekonomyske posysje fan froulju. De begjinnende ferboargerliking fan de maatskippij yn de sechstiger en santiger jierren fan de njoggentjinde ieu liedt fia de opkommende sjong-, resitear- en toanielselskippen ta mear kânsen foar froulju om diel te nimmen oan it iepenbiere, talich-kulturele libben. Mei advertinsjes yn kranten wurdt froulju sa út en troch dúdlik makke dat sy wolkom binne, yngeand tsjin it ek foar froulju fanselssprekkende tinken dat de natuer fan de frou har by útstek geskikt makket foar it húslik libben en dat in publike rol as skriuwer net fan har ferwachte wurdt.Toos Streng, Geschapen om te scheppen? Opvattingen over vrouwen en schrijverschap in Nederland, 1815-1860 (Amsterdam University Press, Amsterdam 1997) 56, 59.
Guon ôfdielingen fan de liberale Maatschappij tot Nut van ’t Algemeen begûnen yn de twadde helte fan de njoggentjinde ieu froulju út te noegjen, nolens volens, sadat harren beskavingsboadskip, dat it natuerlike plak fan de frou thús is, de froulju better berikte. Mar mei ienris froulju yn de iepenbiere sfear rûkten kofjehûsútbaters en dûnssealeigners dogge útmei kommersjele motiven har kâns. Yn de Fryske kranten is dat goed nei te gean. Yn Ljouwert noeget de ûndernimmer fan seal Van der Wielen (dêr’t no Zalen Schaaf sit) yn advertinsjes eksplisyt ek froulju út. Tagong ta de ‘5de Soirée Amusante’, op 17 febrewaris 1874, hawwe abonnees foar fl. 1,49 en ‘eene Dame’ betellet fl. 1,-.Leeuwarder Courant, 17 febrewaris 1874. De ôfdieling Ljouwert fan it Nederlânsktalige Tooneelverbond noeget foar syn iepenbiere gearkomste op 12 maart 1874 net-leden út foar fl. 1,50 en ‘Dames’ foar fl. 1,-.Leeuwarder Courant, 8 maart 1874.
Frysktalige kulturele ferieningen folgje de trend op in pear jier ôfstân. Frysksinnige froulju wurde oan ’e ein fan ’e santiger jierren fia advertinsjes wolkom hjitten op gearkomsten en útfieringen fan guon Fryske ‘kriten’ (pleatslike ôfdielingen fan it Selskip foar Fryske Taal- en Skriftekennisse). De krite Ljouwert jout foar syn bûtengewoane gearkomste mei toaniel op 9 maart 1878 de leden frij tagong; se meie ‘mei ien Frouminske’ komme, dat dan gjin entree betellet. De kriten fan Baard en Grou melde har ek; yn dat lêste plak betelje gasten begjin tachtiger jierren foar in kritetoanieljûn 50, frouljue 25 sint. Hoewol’t it Frysk Selskip gjin froulike leden ken, sûnt it ferset dêrtsjin fan de earste foarsitter Tiede Dykstra yn 1844, is it tinken fan it haadbestjoer oan ’e ein fan ’e santiger jierren dochs dat froulju in bydrage leverje kinne soene, behalve oan de kofjeskinkerij ek oan it iepenbiere libben, mear yn it bysûnder de Fryske ekonomy en miskien ek taalstriid, as skriuwer.
Mar no komt it: der meldt har suver net ien froulike skriuwer.
Is dat net nuver? Yn de Nederlânske literatuer fan de njoggentjinde ieu tsjinnet har út en troch wol in froulike auteur oan. Dêr moat wol by sein wurde dat it yn de earste helte fan de njoggentjinde ieu ûngewoan, ûnwinsklik of sûnder mear skandaleus, foar froulju wie om teksten te skriuwen. Elisabeth Hasebroek mocht fan har broer har namme net op it omslach fan har earste roman, fan 1838, sette, want dat wie in smet op de famyljenamme. Mar har lettere, populêre, romans behannelen just de lykweardigens fan man en frou. Geertruida Bosboom-Toussaint wie just o sa oanmoedige troch har heit, waard de Nederlânske grande dame fan de histoaryske roman en skreau har masterwurk oer in frou dy’t opbrocht waard as jonge. Oare grutte nammen binne Elise van Calcar, Catharina van Rees, Jacoba van Heijningen, Betsy Perk, Virginie Loveling en Melati van Java.Sjuch Francien Petiet, ‘Een onbeduidend wezen? De vrouw in de negentiende-eeuwse Nederlandse literatuur’, Vooys 21 (2003) 155-161; Lisa Kuitert, ‘Het debacle van een negentiende-eeuwse “vrouwenreeks”. Bibliotheek van Nederlandsche schrijfsters’, Literatuur 18 (2001) 150.
Faaks hiene se it net maklik, mar se wiene der wol. En mear en mear froulju liezen boeken en tydskriften. De literêre merk reagearre dêr op en útjouwers setten nije stappen: al yn 1856 sette bygelyks in ‘Bibliotheek voor Dames’ út ein. Yn 1878 krige in ‘Bibliotheek van Nederlandsche Schrijfsters’ syn beslach op inisjatyf fan de Haarlimske útjouwer Erven F. Bohn, dy’t in tanimmende belanstelling foar froulike skriuwers sinjalearre.Lisa Kuitert, ’Het debacle van een negentiende-eeuwse "vrouwenreeks". Bibliotheek van Nederlandse schrijfsters’, Literatuur 18 (2001) 150. Har oantal boaze lykopgeand sterk oan. Yn de katalogus fan de Nationale Tentoonstelling van Vrouwenarbeid (1898) wurde leafst 183 froulike, Nederlânsktalige skriuwers fan belletry neamd.Lisa Kuitert, ’Het debacle van een negentiende-eeuwse "vrouwenreeks". Bibliotheek van Nederlandse schrijfsters’, Literatuur 18 (2001) 151. It werklike oantal leit wierskynlik noch heger.Kfm. Erica van Boven, ‘Het pseudoniem als strategie. Pseudoniemen van vrouwelijke auteurs 1850-1900’, yn: Nederlandse letterkunde 3 (1998) 309-326, 312.
Yn de Fryske literatuer bliuwt it yn de twadde helte fan de njoggentjinde ieu lykwols mar by in stik as fiif (5) froulju dy’t yn in literêr medium publisearje. Yn ferliking mei de Nederlânsktalige literatuer is dat suver in ûnbegryplik lyts bytsje; de Fryske befolking beslacht yn 1900 7 persint fan de Nederlânske, mar Fryslân hat lang gjin trettjin froulike skriuwers.
De fraach is hoe’t dat grutte ferskil te ferklearjen is. Faktoaren dy’t it skriuwen en publisearjen fan froulju beynfloeden wiene, neist de algemiene maatskiplike mores, konkrete saken as frije tiid, kennis, de hâlding fan de manlike partner en it hawwen fan in eigen plak yn hûs om te skriuwen. En mear yn it bysûnder foar Frysktalige froulju kin men jin ôffreegje oft sy deselde tagong as manlju hienen ta Frysktalige teksten. Waarden sy op deselde wize as manlju oanmoedige om skriftlik Frysk te brûken? Achterbliuwende minderheidstalige publike kultuerproduksjetroch froulju rekket fansels oan genderfragen, mar is dy mindertalichheid op himsels ek in ferklearjende faktor?Ek ‘pull’-faktoaren moat men meiweagje, bygelyks it útnoegjend belied fan útjouwerijen en tydskriften yn de literêre sektor. Lit ús dêr earst nei sjen, om dêrnei wat sizzen te kinnen oer ferskillen (en oerienkomsten) tusken it Nederlânsktalige en it Frysktalige emansipaasjetrajekt fan froulike skriuwers yn de njoggentjinde ieu.
Poartwachter Waling Dykstra
Ien fan de poartwachters fan de Fryske literatuer is fan 1848 ôf oant syn dea yn 1914 skriuwer en tydskrifteredakteur Waling Dykstra. Fan 1851-1869 hat Dykstra it twamoanlikse blêd De Fryske Húsfreon ûnder syn bewâld; fan 1848-1895 it jierboekje De Byekoer; fan 1876-1882 is er mei-redakteur fan it wykblêd Friesch Volksblad; yn 1890 en 1897-1914 is er de samler fan it wykblêd Sljucht en Rjucht. Dykstra hat gjin gefoel foar it froulike, wol hânboekskriuwer Jan Piebenga hawwe:
In sterke, manlike, ynbannige persoanlikheid as Waling Dykstra, krêftich yn syn rêstich selsbetwang, mei in útsprutsen rasjonalistyske wrâldskôging, moast yn de lyryk wol in tefolle oan froulike swakkens sjen.Jan Piebenga, Koarte skiednis fan de Fryske skriftekennisse (2e pr.; Laverman, Drachten 1957) 146.
En earder sei ek al Douwe Kalma:
[Waling Dykstra] ferstie neat fan wat frjemden it riedslige yn it Fryske folksaard neamd hawwe: it dreamige, tear-stille, it ferhoalen yntuitive, yn it godstsjinstige de oerjefte en it mystike – neat fan wat net allinne it wêzen fan it froulike, mar ek fan it dichterlike is.
Merk op dat Kalma en Piebenga gjin útspraken dogge oer literatuer. Se typearje in auteur nei har eigen ferlet en bedriuwe sadwaande ideology mei kwasy-biografy. Wat sy feitlik sizze is dat alle dichtsjen sawysa in froulike essinsje ken, mei de ymplikaasje dat it oerstallich is om nei de sekse fan de skriuwer te sjen. De achterstelling fan froulju wurdt sa in non-issue. No wol de irony dat in literêre stúdzje oer it plak fan ‘de frou’ yn it wurk fan Waling Dykstra al gau in folle froufreonliker byld sjen lit as dat de hjirboppe koart oantsjutte Fryske literatuerpolityk dien hat. Net allinnich jout er yn syn wurk gauris tematysk omtinken oan de sosjale posysje fan froulju, ek hâldt er as tydskrifteredakteur de poarte foar froulike debutanten wiid iepen. En hy trúnt ek oan en noeget út. Sa skriuwt er yn 1877 oan de Nijlânster dûmnysdochter Geertrui Jentink:
Yn in selskip fan Fryske freonen is faker as ienris sein: “Al wat der yn ’t Fryskomt, en wa’t ek Frysk begjint te skriuwen, – in Fryske dichteresse ha wy noch net, – dêr ûntbrekt it noch oan; as der ris in jongfaam opstie, dy’t yn ’t Frysk begûn te skriuwen of te dichtsjen, – dat soe moai wêze. En as ik nou de eare ris ha mochte om de earste Fryske dichteresse by de freonen yn te lieden, dêr soe ’k tige mei yn ’t skik wêze. Stjoer my dêrom mar gau wat fan jo hân. Fertalingen út it Hollânsk kinne wol goed wêze, ik sil se graach fan jo temjitte sjen, – mar jo moatte ek besykje, wat út jo eigen tûme te sûgen. Stjoer mar gau wat fan ’t ien of ’t oar.Brief Waling Dykstra oan Geertrui Jentink, Leauwerd, 23 jannewaris 1877. Tresoar, Waling doas 1 map 10.
Dykstra syn ‘gewoan meidwaan’ boadskip docht fertuten. Noch datselde jier skriuwt de 25-jierrige Jentink foar it Friesch Volksblad in sjoernalistyk ferslach oer in optreden dat Amerikaanske evangelyske ‘negersjongers’ foar 1200 man publyk jouwe yn Snits.N.N., ‘Oan de hear W. Dykstra’, Friesch Volksblad 1-41 (8 april 1877) 2-3. In jier letter, 1878, stiet har earste literêre pinnefrucht, in Fryske oersetting of bewurking fan in oarspronklik Nederlânsktalich ‘Petear twisken twa Tsjinstfammen’ op rym, yn De Byekoer.G.C.J., ‘Petear twisken twa Tsjinstfammen’, De Byekoer (1878) 43-49. Dêrûnder: ‘It Hollansk neimâlke.’ Dykstra hat der wat te folle yn feroare, is har betinken. Oer Jentink hoecht hjir fierder it measte net sein te wurden. Sy fiert letter mei har man Oebele Stellingwerf, in omkesizzer fan Dykstra mei wa’t se yn 1882 trout, it bewâld oer de redaksje fan it Friesch Volksblad en is as ‘it krantewyfke’ in bekend foarfjochtster wurden fan sosjalisme en frouljusrjuchten.
Antsje Fennema-Rinkes
Jentink is net, sa’t wol oannommen wurdt, de earste frou dy’t debutearret mei oarspronklik Frysktalich literêr wurk yn in bekende Frysktalige periodyk. Dat is, yn dyselde jiergong 1878 fan De Byekoer, in skriuwster dy’t tekenet mei ‘Antsje’. Har ferhaal hjit ‘In lîtse Bydrage op in Frouljues-By-ienkomste’.Antsje, ‘In lîtse Bydrage op in Frouljues-By-ienkomste’, De Byekoer (1878) 50-61. It wurdt yn de Tresoar-katalogus en troch de worldcat-sykmasine taskreaun oan Waling Dykstra. ‘Antsje’ soe in pseudonym fan him wêze. Yn werklikheid is de skriuwster de Snitser bakkersfrou Antje Fennema-Rinkes, sa’t bliken docht út in brief fan Dykstra oan Jentink:
It ‘Petear fan twa tsjinstfammen’ komt yn de Byekoer 1878. En nou kin ’k jo meidiele dat dêr noch in bydrage fan in dame yn komt, nammentlik fan in juffrou A. Fennema-Rinkes, fan Snits. Nou kin ’t wol wêze dat hja dat ek net foar elkenien wêze wol, hoewol se har namme Antsje derûnder set hat. Ik moat jo dus freonlik fersykje dit foar jo sels te hâlden, alteast altyd sa lang as de Byekoer yn ’t ljocht is.Brief Waling Dykstra oan Geertrui Jentink, Holwert, 25 septimber 1877. Tresoar, Waling doas 1 map 10.
Fan Antsje Fennema-Rinkes binne lykwols gjin lettere literêre publikaasjes bekend. It kontakt mei Dykstra is wierskynlik troch har lein yn 1874 of 1875, doe’t se him frege om in brulloftsfers te skriuwen foar it houliksfeest fan har broer Jan Annes. Yn in twadde, bewarre bleaune mar net datearre brief frege se Dykstra sa’n selde fers foar har oare broer Douwe Adolf, dy’t lykwols ferstoar foar de brulloft.Brief Antje Fennema-Rinkes oan Waling Dykstra, Snits [s.j.]. Waling doas 2 map 86.
De briefwiksel tusken Dykstra en Geertrui Jentink is mar foar in part bewarre bleaun. Har brieven oan him binne wei; fan syn brieven oan har binne inkeld dy út de perioade 1873-1882 oerbleaun. Wol kinne wy sjen dat Jentink yn in brief oan Dykstra kritysk reagearre hat op it ferhaal fan Fennema-Rinkes yn De Byekoer. Dat docht bliken út de antwurdbrief fan Dykstra, 26 maaie 1878, dêr’t er ek kommentaar yn jout op de religieuze en sosjale ferdieldheid fan syn dagen. De passaazje is it wurdich om hjir yn syn gehiel te sitearjen:
Dat se fan har menistigens sa heech ophellet, – nee dat fyn ik ek net moai, en ik twifelje der ek oan as ’t allegearre wol sa bysûnder moai en bêst is as hja dêr fan skriuwt. Hja sitte yn ’e fermoanje allegearre op gelike plakken, seit se. ’t Kin wêze dat it sa is yn de gemeente dêr’t hja oer skriuwt; mar hjir te Holwerd wurde yn ’e fermoanje de plakken ferhierd en ’t sprekt fansels, dat dan de bêste plakken binne foar dyjingen, dy’t der meast jild foar jaan wolle. – Fierder seit se: “dat help elkoar! Dat alles wurket sa bêst.” – ’t Sil wol wier wêze, mar foar net-menisten is dat wol ris hinderlik. Wy as gereformearden litte arbeidzje by in ôfskiedene skuonmakker en helje guod fan in meniste winkelier, dêr ha wy neat ûnder te dwaan; mar as hja by lju fan har gemeente klear komme kinne, geane se net nei in oar, – of der moat bysûndere ferplichting bestean. De Dokkumer boekferkeapers, Hamsma en Schaafsma, binne beide menist, en dêr haw ik skea fan. (..) Ik haw ek al lang opmurken dat de meniste-needrichheid (..) in soart is dêr’t de heechmoed faak trochhinne skimert, lykas troch de skuorren fan Diogenes syn mantel. – Nou moat ik earlik sizze, de frijheden dy’t de menisten yn har gemeente mear hawwe as wy – dy fyn ik wol moai. – Mar dat mei allegearre wêze sa ’t wol, – ik woe Antsje oer ’t slot fan har stik nou net lêstich falle, om’t it de earste kear wie dat hja as skriuwster foar ’t ljocht kaam en ek al om’t it in tear punt wie.Brief Waling Dykstra oan Geertrui Jentink, Holwert, 26 maaie 1878. Tresoar, Waling doas 1 map 10.
Wêrom’t Fennema-Rinkes net mear publisearre hat, is ûnbekend mar de biografyske gegevens en Dykstra syn brief jouwe wol in idee. It publisearjen lei foar har gefoelich. Fennema-Rinkes wie, oars as Jentink, troud doe’t se debutearre mar lykas Jentink soe se gjin bern krije. Sosjale druk om omtinken oan de bern te jaan ynstee fan oan manljuswurk wie yn beide gefallen dus net oanwêzich, mar likegoed woe se netmei de namme folút ûnder it stik. It teare punt kin hjir lein hawwe yn de religieuze sfear, sa’t Dykstra heal en heal oanjout. Fennema-Rinkes, dochter fan in meniste-keapman op ’e Jouwer, wie troud mei de Snitser bakker, letter wethâlder en dopersk tsjerkeriedslid Pieter Fennema. It ophâlden mei publisearjen kin ek te krijen hawwe mei de politike ambysjes yn it wolstelde miljeu fan de skriuwster. Har sweager, de Wommelser en letter Snitser notaris Hendrik Fennema, Frysk dichter en skriuwer en bestjoerder fan de krite Snits fan it Frysk Selskip, woe de provinsjale polityk yn. In jier nei’t har ferhaal yn De Byekoer stien hie, waard Hendrik Fennema foar de liberale partij keazen yn Provinsjale Steaten. Letter hat er ek Twadde Keamerlid west. Faaks dat in al te dopersk famyljeprofyl polityk net winsklik wie om’t soks in part fan de liberalen tsjinstean soe - sjuch de niis sitearre passaazje út de brief fan Dykstra oan Jentink.
Simke Kloosterman
Om 1880 hinne is der alsa, mei tanksij de opgong fan it Frysk toaniel én de ynspanning fan Waling Dykstra, ynienen romte foar frouju yn de Fryske literatuer. Ien sweltsje makket lykwols noch gjin simmer: Fennema-Rinkes ferdwynt al dalik út byld, Jentink leit har ta op sjoernalistyk en feuilletons yn it Friesch Volksblad. Efkes letter leit in talintfol auteur as Sjoukje Bokma de Boer har yn it tydskrift fan har man Piter Jelles Troelstra, For Hûs en Hiem, inkeld ta op teksten foar bern. It duorret oant de ferskining fan Simke Kloosterman yn Sljucht en Rjucht jiergong 1898 foar’t op ’e nij in frou har opwachting makket. Ek Kloosterman, in stânsbewuste, net troude dochter fan in rike boer-rintenier/dichter út Twizel, wurdt troch Dykstra yn korrespondinsje oanmoedige:
Jo ‘Winternacht’ winskje ik plak te jaan yn Sljucht en Rjucht. Ik stiet my oan dat ek in jongfaam wat oan ’t Frysk docht.Brief Waling Dykstra oan Simke Kloosterman, Holwert, 9 febrewaris 1898. Waling doas 1 map 12. It gedicht ‘Winternacht’ fan Simke Kloosterman is publisearre yn Sljucht en Rjucht 2-4 (26 febrewaris 1898) 28-29, en ûnderskreaun mei ‘S.K. to Twizel’ en ‘In frysk fanke’ (net ‘famke’ sa’t Kloosterman sels útsteld hie). De titel fan it fers is letter feroare yn ‘Winternocht’.
Hy jout ek yngeand kommentaar op it ynstjoerde gedicht en docht suggestjes foar oanpassingen. De tredde rigel fan it fers soe er feroare ha wolle: ‘En de eastewyn, dy’t lang sliept, spilet oan ’e bûthúsmuorre’. Dy rigel ’moat op syn minst twa syllaben ynkoarte wurde’, skriuwt er en suggerearret alternativen: ‘De langsliep eastewyn spilet om ’e bûthúsmuorre’, of ’En de eastewyn, al sliept er moarns wat lang, / Dy bjuster losbrekt soms en bare strang, / Dy spilet finnich om ’e bûthúsmuorre’. Op wurdnivo hat er ek in opmerking: Kloosterman hat it oer ’lizich’ reid, dat stiet him net oan, as it teminsten gjin ’menear fan sizzen [is] dy’t yn jimme hoeke’ wenst is. Hy hâldt dus rekkening mei dialektyske eigenaardichheden. Kloosterman ûnderskriuwt mei ’Mej.’, mar better is ’Jiffer’.Brief Waling Dykstra oan Simke Kloosterman, Holwert, 9 febrewaris 1898. Waling doas 1 map 12. Hy wol boppedat hawwe, juffer Kloosterman soe net allinnich gedichten mar ek ferhalen skriuwe moatte.‘Fakânsje-kursus’, Leeuwarder Courant (2 augustus 1932) 10. It earste ferhaal dat er fan har pleatst, is yn 1898 ‘Sybrich fen Botnia’; en yn datselde jier ek noch de fersen ‘Hjerst’ en ‘Keninginneliet’.Yn resp. Sljucht en Rjucht 42 (1898) 332; Sljucht en Rjucht 37 (1898) 293; W. Dykstra, red., As jimme ’t lije meije (Eisma, Ljouwert 1898) as iepeningsfers.
Om 1900 hinne komme der lang om let ek mear froulike auteurs. Yn 1899 bedarret ek juf Jantsje Terpstra (nomme de plume: Madzy) en yn 1905 juf Sophie Fischer fia it populêre wykblêd fan Dykstra yn de Fryske literatuer.
De Fryske Húsfreon
Dat ûnderpartisipaasje fan froulju oan de Frysktalige kultuer in al earder werkend probleem wie is wol wis. Fyftich jier earder hie Waling Dykstra ek al besocht om froulju by de Fryske literatuer te belûken. Dat wie in tekstueel ûndernimmen yn ’e mande mei syn skriuwersmaat Tsjibbe Gearts van der Meulen. Yn de fjirde jiergong fan De Fryske Húsfreon (1854) kamen samar ynienen froulike auteurs oan it wurd: wy moetsje in ‘Janke’ en in ‘Metsje’ en in ‘Gepke’ as skriuwers en dichters. Dizze fammen – se wurde foarbrocht as freondinnen fan yn ’e tweintich – binne lykwols de spruten fan in literêre mystifikaasje. Yn de Tresoar-katalogus wurdt as auteur fan dy stikken ‘Janke’ [van Hoogenborst] neamd, mar it giet hjir om kreaasjes fan Dykstra syn fantasijfolle freon Van der Meulen.
It doel fan de publikaasjes is om jonge, Frysksinnige froulju safier te krijen dat se ek ris wat ynstjoere nei Húsfreon. Eangst om literêr achter te rinnen wurdt oanfierd as motivearring. It komt Janke anno 1854 mar nuver oan dat noch hieltyd gjin froulju Frysk skriuwe:
elk lân hat in taal, yn elke taal binne dichters en ek dichteressen; mar yn ’t Frysk is der noch net ien, sa goed as ik wit; hjir binne’t allegearre mantsje-nachtegalen sa’t liket. Dêr moasten wy al in ein oan meitsje, dan kaam men ek ris Fryske sjongsters te hearren.Janke, ‘Oan de Redakteur fen de Frîske Hûsfjreun’, De Fryske Húsfreon (1854) 84.
Mar neifolgers krijt Janke net en al gau is ek fan har en har freondinnen neat mear te bespeuren yn it tydskrift. Skriuwende en dichtsjende froulju fan fleis en bloed dy’t ris wat ynstjoere smyt de lytse maskerade net op. It sil ien fan de redenen west hawwe foar Dykstra om syn Haitskemoai-dichtstikken te skriuwen; it earste datearret fan 1855, nei de fergese oproppen fan Janke, it lêste fan 1878, it debútjier fan Antsje Fennema-Rinkes en Geertrui Jentink.Sjuch oer Haitskemoai: Abe de Vries, ‘”Dan koe se in man út it plak keare”. Moraal, polityk en emansipaasje by Haitskemoai’, Fers2 5-4 (24 febrewaris 2019).
Minderheidstaligens as ferklearring?
Besjucht men fan de fiif froulike Fryske debutanten fan de njoggentjinde ieu de demografyske aspekten as se debutearje, dan lykje by de froulju wolstân, jonge leeftyd, net troud wêze en gjin bern hawwe posityf gear te hingjen mei publisearjen:
- ♀ Antsje Fennema-Rinkes is 35 jier, troud, ryk, gjin bern, út in polityk ambysjeuze famylje, mar publisearre nei har debút neat mear;
- ♀ Geertrui Jentink is 25, net troud, gjin bern, út in deftige, frijsinnige dûmnysfamylje;
- ♀ Sjoukje Bokma de Boer is 28, troud, krijt bern, skriuwt fierder;
- ♀ Simke Kloosterman is 22, net troud, gjin bern, út in deftige, rike en rintenierjende boerefamylje;
- ♀ Jantsje Terpstra is 20, net troud, hie lange tiid gjin bern.
In koarte ferliking fan de demografyske achtergrûn fan de earder neamde acht Nederlânske en dizze fiif Fryske skriuwsters lit opfallende oerienkomsten sjen. Sân fan de acht Nederlânske skriuwsters wienen by har debutearjen net troud; acht fan de acht krigen gjin bern. Fan de fiif Fryske wienen by harren debutearjen fjouwer net troud; trije fan harren hienen en krigen gjin bern. De Fryske skriuwsters passe hjir dus goed yn it nasjonale patroan.
Sjucht men nei sosjaal komôf, dan rint yn it each dat niisneamde skriuwsters hast allegear kamen út wolstelde boargerlike miljeus dêr’t frije tiid en kennis foarhannen wienen om skriuwe te kinnen. Op ’e nij gjin belangryk ûnderskied tusken Fryske en Nederlânske froulike skriuwers.
Ien yn it each rinnend ferskil is der wol: de Nederlânstalige skriuwsters hawwe har jonkheid hast allegear trochbrocht, en ek har skoaloplieding folge, yn stêden. Inkeld Loveling komt út in doarp, Nevele by Gent. De Fryske skriuwsters hawwe lykwols fjouwer fan de fiif in foaral doarpse achtergrûn, yn plakken as De Jouwer, Nijlân, Nes (yn Dongeradiel), Twizel, Noargerfeart/
It neidiel fan it ûntbrekken fan taalûnderwiis wurdt dêrby fersterke troch it geografyske taalpatroan: it Frysk is foaral de taal fan it plattelân. Stedske omkriten wurken posityf út op kulturele produksje fan froulju, mar negatyf op Frysktalige kulturele produksje fan froulju. It froulike skriuwerspotinsjeel op ’e doarpen wie lyts en dat yn de stêden gie al suver hielendal oan de Fryske literatuer foarby. It wie foaral Waling Dykstra dy’t in oplossing besocht te finen troch it glêzen plafon omheech te bringen: troch froulju eksplisyt út te noegjen, leafst mear tagelyk, sadat sy stipe oan inoar hawwe soenen. Letter ferklearren Kalma en Piebenga de ûntbrekkende froulike ynbring ta in non-issue. It is net te bepalen hoe grut de skea fan har hegemonistysk tinken west hat, mar feit is dat froulju noch altyd swier ûnderfertsjintwurdige binne – en Us Literatuer achtet dat net in bjuster beskamsume saak.
Mei tank oan Friduwih Riemersma foar de feministyske teory en frouljusskiednis.
Noaten
- Jelma Sytske Knol, Ut syn aerd wei froulik’: de Fryske dichteressen en it misferstân (Hispel, Wiuwert 1993).
- Joke Corporaal, Zolang de boom bloeit: Korte geschiedenis van de Friese literatuur, 800-heden (Bornmeer, De Gerdyk 2018) 108.
- Toos Streng, Geschapen om te scheppen? Opvattingen over vrouwen en schrijverschap in Nederland, 1815-1860 (Amsterdam University Press, Amsterdam 1997) 56, 59.
- Leeuwarder Courant, 17 febrewaris 1874.
- Leeuwarder Courant, 8 maart 1874.
- Sjuch Francien Petiet, ‘Een onbeduidend wezen? De vrouw in de negentiende-eeuwse Nederlandse literatuur’, Vooys 21 (2003) 155-161; Lisa Kuitert, ‘Het debacle van een negentiende-eeuwse “vrouwenreeks”. Bibliotheek van Nederlandsche schrijfsters’, Literatuur 18 (2001) 150.
- Lisa Kuitert, ’Het debacle van een negentiende-eeuwse "vrouwenreeks". Bibliotheek van Nederlandse schrijfsters’, Literatuur 18 (2001) 150.
- Lisa Kuitert, ’Het debacle van een negentiende-eeuwse "vrouwenreeks". Bibliotheek van Nederlandse schrijfsters’, Literatuur 18 (2001) 151.
- Kfm. Erica van Boven, ‘Het pseudoniem als strategie. Pseudoniemen van vrouwelijke auteurs 1850-1900’, yn: Nederlandse letterkunde 3 (1998) 309-326, 312.
- Jan Piebenga, Koarte skiednis fan de Fryske skriftekennisse (2e pr.; Laverman, Drachten 1957) 146.
- Brief Waling Dykstra oan Geertrui Jentink, Leauwerd, 23 jannewaris 1877. Tresoar, Waling doas 1 map 10.
- N.N., ‘Oan de hear W. Dykstra’, Friesch Volksblad 1-41 (8 april 1877) 2-3.
- G.C.J., ‘Petear twisken twa Tsjinstfammen’, De Byekoer (1878) 43-49. Dêrûnder: ‘It Hollansk neimâlke.’
- Antsje, ‘In lîtse Bydrage op in Frouljues-By-ienkomste’, De Byekoer (1878) 50-61.
- Brief Waling Dykstra oan Geertrui Jentink, Holwert, 25 septimber 1877. Tresoar, Waling doas 1 map 10.
- Brief Antje Fennema-Rinkes oan Waling Dykstra, Snits [s.j.]. Waling doas 2 map 86.
- Brief Waling Dykstra oan Geertrui Jentink, Holwert, 26 maaie 1878. Tresoar, Waling doas 1 map 10.
- Brief Waling Dykstra oan Simke Kloosterman, Holwert, 9 febrewaris 1898. Waling doas 1 map 12. It gedicht ‘Winternacht’ fan Simke Kloosterman is publisearre yn Sljucht en Rjucht 2-4 (26 febrewaris 1898) 28-29, en ûnderskreaun mei ‘S.K. to Twizel’ en ‘In frysk fanke’ (net ‘famke’ sa’t Kloosterman sels útsteld hie). De titel fan it fers is letter feroare yn ‘Winternocht’.
- Brief Waling Dykstra oan Simke Kloosterman, Holwert, 9 febrewaris 1898. Waling doas 1 map 12.
- ‘Fakânsje-kursus’, Leeuwarder Courant (2 augustus 1932) 10.
- Yn resp. Sljucht en Rjucht 42 (1898) 332; Sljucht en Rjucht 37 (1898) 293; W. Dykstra, red., As jimme ’t lije meije (Eisma, Ljouwert 1898) as iepeningsfers.
- Janke, ‘Oan de Redakteur fen de Frîske Hûsfjreun’, De Fryske Húsfreon (1854) 84.
- Sjuch oer Haitskemoai: Abe de Vries, ‘”Dan koe se in man út it plak keare”. Moraal, polityk en emansipaasje by Haitskemoai’, Fers2 5-4 (24 febrewaris 2019).
Mear fan Abe de Vries
Tsjinwynkronyk 2018 #2 It twadde fearnsjier fan it kulturele haadstêdfeest, it maitydsseisoen, is wannear’t de ferdivedaasjeflaggen plante wurde moatte yn it kulturele wapenkamp |
Ut Mienskar: Sonnetten Fier út ’e wei, om súv’rens fûn of net te finen, / hâldt er ’m grut hy sit net sljucht of rjucht |
Ut Mienskar: Sonnetten Fier út ’e wei, om súv’rens fûn of net te finen, / hâldt er ’m grut – hy sit net sljucht of rjucht |
In manifest ut de Nederlanske perifery It is it ferhaal dat de ‘winskhoedskriuwer’ Japik Japiks – in pseudonym fan de Fryske skriuwer Waling Dykstra– fertelt oer syn ûndersyk nei de etyk … |
Ut Mienskar: Sonnetten De Kommisje is neffens Boltanski’s skets / it bêst te sjen as lichem sûnder holle. |
Konstruksje fan sosjale identiteit yn it Fryske realisme It betide wurk fan Waling Dykstra (1848-1860) |
Ut Mienskar: Sonnetten It lytse doarpke bliuwt in winkel en in kroech, / eartiids folle mear dat gearhing joech, / mar no is nachts in frommes op ’e sjou |
Reislotterij 2018 In reiske winne: it kin oeral, by reisburo’s en winkelkeatlingen en… ek by LF2018! |
Tsjinwynkronyk 2018 #1 It earste fearnsjier fan it kulturele haadstêdbarren sit derop! Fers2 hat mar in bytsje lêst fan hân fan dat fearnspart. Mar LF2018 nammerstemear |