image keukenstafelpetearen

Keukenstafelpetearen

In podcast oer keunst, skriuwen en de polityk fan literatuer, presintearre troch Friduwih Riemersma en Abe de Vries.


Wol keunst wier ferskaat?

Wêrom diskriminearret de keunstwrâld? Wêrom is keunst gjin safe haven yn de see fan ksenofoby en wite manlike oerhân? Sjoch keunst as alle oare produkten, seit in reklamejonge: werhelje in namme hieltyd en dy wurdt navenant mear wurdich. In oare natuerwet is dat se manljusnammen neame sille salang’t museums, ek dy dy’t har útsprekke foar ferskaat en de kwaliteit fan frouljuskeunst earje, benaud binne dat der minder besikers komme as se frouljuswurk útstalle. Sa is de sirkel rûn.

De George Floydprotesten tysken museums en oare kultuerklups oan ta feroaring. Yn tweets en e-mails kanten se har tsjin it ynstitúsjoneel rassisme (en seksisme ensf.) yn ’e keunst, erkenden har eigen smoarge hannen yn it systeem, sadat it mar trochgie, preken solidarideit & ynklusy, pleiten foar in blik yn ’e spegel en beloven te harkjen nei de marzjinalisearre stimmen. Wêrom dreutelje se no?

In Frysk krantestik sketste lêsten wiidweidich it gefaar fan positive aksje: omkearde diskriminaasje. En de ‘bipoc’ dy’t de keunstwrâld foarlûke moat – swarte, ynlânkse en kleurlingekeunstners – ha wy hjir net. Mar yn wierheid hat gjin fan ús kultuerorganen ferskaatbelied. De idée fixe fan Fryske ienheidskultuer ferblommet de slim ûnderfertsjintwurdige froulju. Dy’t harsels útsprekke wol siket in eigen keamer, mei útsjoch.


In Ried foar de Keunst

Kriminalisearring fan keunsters ha wy net, mar hoe sit it mei de selssensuer ûnder de kranten en kultuerprogrammearders? Ynstituten binne begûn de saneamd kontroversjele en provokative keunst út de wei te gean. Pluraliteit fan uteringen en alternative foarmen jogge jo net by Tryater en Afûk. Wolle de politisy it elektoraat net beledigje, en stelle in keunstadvyskommisje yn spesjaal foar it útrôljen fan it festivaltapyt?

Festivals, seit sjonger/toanielman Gerrit Breteler, leagenje mei har hedonisme de yntrinsike wearde fan de keunst – se binne polityk yn boargerklean. Breteler syn kroechtoanielwurk behannele de hiel konkrete politike kontekst fan ’e taskôgers, de dongynjeksjes dy’t it lân ferstiennen en oare deistige ûnderfiningen fan ’e mondiale skaal fan ‘ús’ belied. Doarpslju kamen wol fjouwer kear werom om deselde foarstelling te besjen: keunst is lang net elitêr!

Lit it folk definiearje wat keunst is, sei Breteler tsjin kultuerdeputearre Jannewietske, want dy wist it net. Mar ynstee fan de jûne yn ’e Harmony kaam it anty-yntellektualisme. Wa’t wiisde op kwaliteitshifkjen foar keunststipe waard in loftse rakkert. Keunst is top-down bestjoerd al wat de sintugen streaket, en ja, keunst is noch essinsjeel, mar suver ynstruminteel: in produkt dat de kultuermakker fol ûndernimmersgeast kontinu fernijt yn de striid om de kultuertoerist.


Jo eigen libben fan gaos nei epos

De ‘commemorative biography’ is in refleksmjittich antwurd op in stjerrende kultuer. Foar’t wy in achtbaansdyk oer ús ieuwenâld lânskip hinne lizze, sjitte wy noch wat loftfootage mei in drone. Oer de literêre biografy, in freelance skriuwer, i.e. elke skriuwer, makket foar alle potinsjele klanten in nije author bio, sadat it earste dat er perfekt leart te skriuwen syn eigen bio is: autobio. Wêrom skriuwe se har biografy net sels? Fryske skriuwers­autobiografyen ha wy amper. Foar de autobio, seit keunstner­biografy­skriuwer Doeke Sijens, stiet de Friezen har ynbannichheid yn it paad.

Dochs kaam yn oktober Passys út, fan Josse de Haan: is dat in ‘commemorative auto bio’? Is it earder fanfic fan, tsja, himsels? De titel Passys komt út in besprek fan ’e biografy fan A. Roland Holst. Neist dy yntertekstualiteit falle de postmoderne trúks fan metafiksje en ûnbetroubere ferteller op. Postmodern­isme is passé, Passys docht dêrtroch âlderwetsk oan. Mar troch dat tin laagje technyk knalt it romantysk plot mei Byronyske held. De pystige rebel ûnflechtet amperoan it skaad fan syn komôf.

De heit wie in kloat, de mem guodlik, de froulju doge net. De nivellearjende jierren 60 rûnen út yn nij absolutisme. Ofrekkenje woe dizze autobiografy, seit Sijens, mei alle dieders.


Werom nei ús primitive wy-wêzen

Primitivisme is earbied foar wat ienfâldich en natuerlijk is, utere yn keunst of libbenshâlding: net opdwaanderich, net mûldea makke troch de objektive raasjo. Yn de primitive ûnderfining fan de ‘nommele wylde’ wie it persoanlike hieltyd polityk. It is altyd maatskippijkrityk. In soldaat is nei it lân bûten de beskaving, Pandora, stjoerd om it te kolonisearjen en beslút sels primityf te gean as er de skjintme fan ûnskuld sjocht, dêr’t de barbarij fan syn komôf sa mei flokt. Mar, seit dichter/skilder Elmar Kuiper, tink om ’e paradoks.

Om ûberhaupt kommunisearje te kinnen moatte de tubes ferve yn bulk oankocht, fan Marktplaats. Jo stroffelje oer de yndustriële materialen – Kuiper plakt objets trouvés yn syn wurk sûnt er as jonkje skatten opgroef by it ferlitten hûs fan Sytsma – en jo snappe dat it plestyk syldoek fan de flaggen dy’t oeral yn Fryslân wapperje, tsjinje as it oer de top opfervjen fan ús antlit: in wapen tsjin ús natuer.

As fette lagen make-up plamueret Kuiper tarre en jiske op it doek. Hy set it stanleymes yn de konvinsjes, syn eigen kreas beskildere doeken. Under de eagen fan in maskereftich portret komt in fûne âlde skoech as mûle, iepenskuord as in ripe frucht.


Keunst is altyd polityk

Wy hawwe it net oer de politike keunstner Shirin Neshat en – ek sy is hjirfan beskuldige – de ûntelberen dy’t út de privilezjearre posysje fan it keunstfak wei de grouwel fan wa’t it minder troffen hat yn kommersjele galerys útstalle. Wy hawwe it hjir oer it alâlde fraachstik, fan Sokrates oant Foucault, fan hoe gean wy meiinoar om: la politique de soi, deugden, wearden. Keunst is neat oars as in manier om jo te ferhâlden ta de dingen & minsken en de mooglikheden dy’t de wrâld biedt hieltyd wer te ûndersykjen, seit sjonger en toanielman Gerrit Breteler.

Komt it oan op kollektyf hanneljen, wiskje it yrrasjonele net út! Klok-klok-klok ropt de klok as de mûzebiter oerswevet en de pykjes sjitte ûnder har wjokken. Jûkte tusken de fearren seit Darwin. Mar salang’t gjinien ûntstride kin dat de hin fan har bern hâldt, iepenet dàt it yntellektuele diskoers.

Elkenien set himsels hjoeddedei as ‘keunstner’ yn it tillefoanboek, seit Breteler, mar kommunisearje dogge se net mear. Se lulle mar wat. De betizing wurdt hieltyd grutter (neam it keunst!) De taskôger is in kaartsjekeaper. Mar just yn ’e synergy, yn it petear mei it publyk, yn de yntrinsike wearden fan it kollektyf, ûntspringt de keunst.


It sweverige wurd ‘spiritualiteit’

It ein fan ’e keunst komt deroan, profetearren Hegel, Kandinsky en keunstkritikus Danto. As op it lêst keunst suvere essinsje – Geist – wurdt, makket keunst himsels oerstallich. Mar it rûn oars. De Brillo-doazen fan Warhol kamen. It ein fan keunst wie no dat alle produkten wol keunst wêze koene en jeder Mensch ein Künstler, sa’t Beuys sei. Spiritualiteit is in âldwivewurd, tinkt skilder Marty Poorter.

In idee is dan ek net genôch. Unûntkomber sil de keunstner dy earste streek op papier sette moatte en fan neat eat meitsje. Oan ’e oare kant, moai skilderje hoecht net, is saai, heakket neat ta. Yn it brike, dat wat net strykt, sit de keunst. Ek is technyk nea it doel en dissipline mar in feardichheid. Jo moatte as keunstner net oars yn it libben stean kinne. Is keunstner wurde tafal? Ja, yn dy sin dat it jo tafalt.

Spiritualiteit is dy amerij dat alles op syn plak falt. De 21-ste ieuske wittenskip makket gehak fan de minsklike arrogânsje: op atoomnivo stean wy nearne boppe mar rane wy gear. Poorter wol de foarmen dy’t yn de jûnskimer yn inoar oerrinne net tsjutte en útlizze oan it publyk: lit it hynder mar moai in ynsekt wurde.


Gjin ynspiraasje of gewoan loai?

De skeptikus wit it wol: ynspiraasje is neat. Efter it romantysk wachtsjen oant jo ideeën ynblaasd wurde, dêr’t jo gjin kontrôle oer hawwe, sitte deagewoan de keunstner syn ferlet fan perfeksjonisme, eangst om te mislearjen, útputting en ôflieding. Wis, de kop moat skjin wêze ast oan it wurk wolst, seit byldzjend keunstner en dichter Elmar Kuiper. Mar dochs sjocht er in keunstekploazje yn syn nije atelier: in bekrûping fan artistike ynspiraasje dy’t er net earder sa meimakke.

Kuiper syn dochter, ek in skilder, liet him sjen dat jo konvinsjes en ideeën oer hoe’t it moat jo yn it paad stean. Dy meitsje jo blyn foar de nije of wûnderlike dingen yn jo wurk: jo binne dan sels jo beroerdste publyk. Dêrneist easket in ynsprirearre keunstfjild goeie kritisy. Dy hat Fryslân amper. Wy fiele ús allegearre sjenyen.

Ek de oare romantyske aksioma’s feit er fan tafel. Ferbyldingskrêft is ûneinich, oars as jo kennis en jo ambacht. Mar gean earst ris oan it wurk, nei tsien jier trening leit der dan in moaie dichtbondel. En de orizjinaliteit fan ‘eigen’ wurk is mar betreklik. Lit in oar ris yn oer jo wurk hinne skilderje. De yntegriteit fan it wurk oantaaste? Flauwekul.


Mimesis

Wat is keunst? freegje wy dichter/skilder Elmar Kuiper. Op it web binne fotorealistyske poatlead­tekeningen populêr. Keunst is dat it de werklikheid sekuer werjout. Dat sizze net inkeld net-akademyske museumbesikers; Plato tocht der krektsa oer. Keunst is mimesis. Mar dy mimesisfizy, sizze syn tsjinstanners, dat keunst de natuer neibout, komt net foarby ambacht: feardichheid mei it pinsiel.

Keunst is net it meitsjen fan keunstsjes, seit Kuiper. Keunst kin just útdrukking jaan oan de wêzentlike frijheid fan minsken. Dat stiet jo te dwáán. Keunst moat tsjinwicht biede oan de werklikheid dy’t bot kontrolearre wurdt en oan in minske dy’t as in robot funksjonearret. L’art pour l’art kin hiel puer wêze mar it seit net sa folle oer de wrâld. Keunst easket in oare mindset. Foar in byldzjende keunstútstalling freget Kuiper wêr’t er gatten yn it plafond boarje mei.

Is sa de dialooch mei de werklikheid oan te gean, oer it petear mei de Fryske keunstagintuer is Kuiper minder hoopfol. Se sjogge net wêr’t keunst ferlet fan hat: trening, betelbere ateliers, jild—en fral fan in libben fjild. Der moat gjin organisaasje tusken de keunstner en de spirit.

Mei tank oan Marc Kooij foar it IT-advys.


Autonomy is in posysje ûnder fjoer

Watfoar idee set keunstners yn beweging? Wat is har oanknop—en wat har útknop? Wat is de wearde fan keunst? Bestiet autonome keunst eins wol? Giet keunst dan syn eigen gong sûnder dat de minsken har der wat fan oanlûke? Hoe, freegje wy yn dizze alderearste fan de Keukenstafelpetearen oan dichter en skilder Elmar Kuiper, sit dat?

It wurdt ‘autonomy’ ropt twiveleftige oantinkens op oan de jierren op de keunstakademy yn Grins. Jo lieten alle artistike noarmen los, dat. In pasklear antwurd hat er ek net, seit Kuiper. De keunstner hat in boadskip, oars skept er gjin keunst. Mar wat de kontrôle fan de dichter oer syn utering oangiet: soms skriuwt syn fers himsels ôf.

Is it dan nuttich of winsklik om it boadskip derby út te lizzen? In gids by it skilderij dy’t fertelt wêr’t jo feitlik nei sjogge en hokker bestjutting oft it hat, om keunst ek nijsgjirrich te meitsjen foar minsken mei in minder treend each? Nee. Kuiper hellet resolút in streek troch de demokratisearring fan de keunst.

Mei tank oan Martin Klapwijk foar de muzyk en de lûdtechnyk en oan Qing Wang foar it contentadvys.



00:00