image 78° Noard, fan Gerrit de Vries

Proaza

78° Noard

Gerrit de Vries - Fers2 7.6, 23 desimber 2021

Spitsbergen, 21-10

We binne al 2 dagen yn Longyearbyen, mei ús trijen. Jens en Patrick foar it betsjinjen fan ús masine en ik. Ik hie eins net mei hoechd en bin oerstallich. Mar ik haw in drok jier hân, dat fûn dat ik it wol fertsjinne en miskien kin ik noch wat helpe.

Longyearbyen is it meast noardlike stêdsje mei mear as tûzend ynwenners yn ‘e wrâld. Ein 19e iuw wie hjir eins neat, ja, in pear jier in houten hoteltsje foar toeristen. Doe’t geologen fêststeld hienen, dat hjir tsjokke lagen stienkoal maklik te winnen binne is it hjir, fanôf 1906, úteinset. De earste houten berakken waarden hjir delset foar de mynwurkers. Wie sliepe no ek yn sa’n âlde barak, it rek mei stekkers, om de elektryske koplampen op te laden, sit der noch yn. Se binne begoun mei ‘grûve 1’, dat wie noch tichtby it stêdsje, langsem hat de mynbou him útwreide oan’t ‘grûve 7’, de lêste myn dy’t hjir noch yn bedriuw wie. Sa wûnen se hjir it swarte goud út de wite bergen, oer “underground art” sprutsen. De koal gie mei in kabelbaan en kypweintsjes nei de haven. Fanwege de snie en omdat de minen frij heech yn de bergen leinen, tink ik. Longyearbyen hat in protte “meast noardlike” dingen, de meast noardlike krante, de “Svalbard Posten”, de meast noardlike súpermerk, in COOP, dêrst alles krije kinst watst yn in gewoane húshâlding nedich bist, it meast noardlike postkantoar en tankstation en it meast noardlike museum. Dat draait, net frjemd, om koalewinning, om walfiskfangst en jacht en om de natoer hjir yn ‘e omkriten en de wittenskip en poaleksploraasje.

Mar wat dogge wy hjir eins. Wy binne ynhierd troch de Arktyske úniversiteit fan TromsØ. Dy dogge in ûndersyk nei it ûntsnappen fan metaan út de séboaiem. Se tinke dat it mechanisme dat dêr foar soarget miskien be-ynfloede wurdt troch de grûnspanning yn de boaiem. Dat wolle se no bewize troch mjittingen mei in Italiaansk mjitapparaat, in “Marchetti Dilatometer”, foar de ynteressearen. Der geane ek twa italianen mei, u.o. Diego Marchetti, in soan fan de professor dy’t it apparaat yn de jierren 80 útfûn hat. Ús masjine, in grut rjochthoekich ding van 2 x 2 x 3 fan in lytse tolve ton is nedich om de dilatometer yn de grûn te drukken. Fierder geane der noch fjouwer wittenskippers mei. Andreia, in Venezolaanske mei tsjeppe donkere krultsjes, is de projektliedster. Frances is in Ingelske promovendus. Przemek, in poal, en in noar mar wat dy krekt dogge wit ik net. We ha se krekt moete yn “Stasjonen”, dat sil wol yn fan de meast noardlike restaurants yn de wrâld wêze. Der stiet “hval carpaccio” en “hval biff” op it menu. Wat dat krekt is lit ik oan de fantasije oer, mar it smakket my tige. It hat wol wat wei fan rundfleis mar is justjes dûnkerder en hat in sâltige smaak. Moarn stappe we op de “Kronprins Haakon”, in ûndersyksskip mei poal klassering, dat foar it projekt beskikber makke is.

Longyearbyen, Kronprins Haakon, 24-10

De ôfrûne 2 dagen binne we dwaande west mei it oan board setten fan ús ark. We hienen alle tiid, want Diego hie him net faksineare litten en moast, om’t Dútslân, dêr’t er oerstappe moast ûnderwilens in reade sône wurden is, earst ekstra test wurde en yn karantêne. As er negatyf test fljocht hy hjoed diskant út. It tarieden gong wol goed, op ien lyts probleemke mei de stroom foar ús powerpack nei – dat hat 380 V / 50 Hz nedich en oan board ha se inkeld 440 V / 60 Hz, dat it ding fikke fuortdaliks út. Mar we hawwe it meitsje kinnen en gelokkich wie der op it eilân noch wol in generator te finen dy’t ús ál gaadlik stroom leverje kin. We hawwe de masjine krekt útprebearre op in wetterdjipte van 67 m., yn de fjord. Gjin inkeld probleem en Andreia wie tefreden. It kin heve. We moatte nei fjouwer lokaasjes ta, mei wetterdjiptes tusken de 800 en 1300 m. en dêr ferskillende punten ôfwurkje, oan’t 20 m. ûnder de séboaiem. Jawis, wy dogge ek oan “underground art”. Dêr komt it boatsje mei Diego al. Hy is goedkard. As er op it skip is dan farre we ôf nei de Grienlânske sé, ûngefear 100 sémyl noard-west fan Longyearbyen. It is in nacht farren.

Grienlânske sé, west fan Spitsbergen, 25-10

We binne in oere lyn oankaam op ús earste lokaasje en hawwe de masjine klear set foar de earste test op in wetterdjipte fan 890 m. it opbouwen gong flot en langsem daalt de masjine nei de boaiem. Ik sit mei in bakje kofje op in skerm mei te sjen nei it útfieren fan de lier. De hiiskabel rint fan de lier ôf oer in blok yn it A-frame, dan troch ús masjine en werom nei it A-frame. De wetterdjipte kinst sjen troch de útsette kabellingte te dielen troch 2. We binne al 20 minuten oan it útlieren. 1200 m….1300 m. …. 1400 m. …. 1500 m. …. 1580 m…. en dan stoppet it. ferhip, wat soe der mis wêze. Mar ris even op it dek sjen. Patrick en Jens fertelle my, dat se alle kontakt mei de masjine kwyt binne. We mjitte de handel troch en fine dat der earne yn de stroomkabel, dy’t ek mei nei ûnderen rint, koartslúting wêze moat. De masjine hinget op 790 m. yn it wetter mar moat wer omheech sadat we sjen kinne wat der krekt mis is. 1500 m… 1400 m. …. 1300 m. …. 1260 m. …. En dan stiet de lier stil. Ik rin mar wer nei bûten en sjoch in grutte tiizeboel ûnder de lier hingjen. Wêr ‘tst ien tried sjen moatte koest sjochst der no njoggen. Dat is ús hiiskabel. “wft…fergeemje…dit komt net wer goed…tink ik….” Diego stelt wol mear domme fragen, no freget er: “hoe moat it no fierder mei de mjittingen ?” “ik soe it wier net witte en op it stuit ynteressearet it my ek gjin bliksem” anderje ik. Earst moat ús masine wer oan dek. Neffens de ynstalleare beakens dangelet dy op 430 m. ûnder it skip en we hawwe 1260 m. kabel útstean, dat der sit 400 m. yn ‘e tiis. Der is gjin beweging yn te krijen. Aanst in fergadering op de brêge fan it skip, mei kapitein, dekfoarman, projektlieder, ensafh.

Grienlânske sé, 26-10

Juster ha we besletten, dat we rêstich nei ûndjipper wetter farre soenen en te besykjen de masjine binnen te bringen. Troch del te setten op it sébêd, sadat de spanning fan de hiiskabel wêze soe en dan troch jo-jo-en en hinne en wer útfieren en ynheljen fan de kabel de tiis los sjen te krijen. We binne de hiele nacht ûnderweis west mei in slakkegong fan 1.5 knoop – dat koe net hurder fanwege it risiko dat de hiiskabel yn de skroeven fan it skip komme soe. We lizze no al fjouwer oeren teplak en der sit noch hieltiid gjin beweging yn.

78 degrees 39,731 minutes


09 degrees 13,381 minutes 

Dêr ha we de masjine delset, op 438 m. wetter. De kapitein sjocht gjin oare mooglikheid mear as de hiele handel los te slypjen en masjine efter te litten op de oseaanboaiem. Die moat dan letter burgen.

Earst giet de haakse sliper yn ús stroomkabel. Die is yn 5 sekonden los. Dan folget de dea-ein kant fan de hiiskabel. Ek gau dien. De masjine hinget dan noch oan ien stik hiiskabel. Die moat earst boarge mei in grutte reade spanbân, want dêr stiet spanning op. Dit is gefaarlik, ast it net goed kontrolearest fljocht sa’n kabel ein alle kanten op en falle der gewonden. De dekbemanning hat ús fan it dek stjoerd. As de stielkabel troch is, fykje de matroazen mei in skerp mes oan in lange stâle de spanbân troch – mei in snerpend lûd en it neirôljen fan de sleeprôle dêr ’t de spanbân oan fêst siet .. der giet ús masjine. Jens steane de triennen yn de eagen. Dy is nea earder in masjine kwytrekke. Mar hy is bliid dat ik der by bin, want oars hie hy it my oer de tillefoan útlizze moatten.

De masjine mei net stean bliuwe. We binne de hiele dei al dwaande mei it neiskiljen fan mooglike bergers. De boat dy’t it tischtsteby is en it wurk dwaan kinne soe leit op 2 dagen farren – yn Hammerfest. Ik haw sein dat se ús masjine dan mar as âld izer beskôgje moasten – dan kinne se de handel ophengelje mei in baas iizeren heak oan in swiere sleepkabel .. dat kostet it minste - mar se doare it net oan en wolle eins in lúkse oplossing mei in ROV – in ûnderwetter robot. Mar soks moat hielendal út Bergen wei komme, dat is in wike farren. Minsken, dat kostet in pear sinten..kin ik jo fersekerje. Wêrom sitte we hjir ek yn sa’n úthoeke – der is hjir hielendal neat – net frjemd – in dikke tûzend km. fan de noardpoal.. Andreia fersjit der yn as ik har meld, dat it bergjen net ús ferantwurdlikens is, omdat it hisen dat ek net wie. Wy moasten in wurkjende masjine leverje en minsken om die te betsjinjen – en dat hawwe we dien. Se rûzje it bergjen op in heal miljoen.

Grienlânske sé underweis nei Adventfjorden, 27-10

It is 5 oere middeis en neare nacht. It is hjir oerdeis noch mar in pear oerkes ljocht. Ús cruise is ôfbrutsen. We hienen noch wol eat betocht om fierder teste te kinnen, mar de kapitein woe der neat fan witte yn ferbân mei de feiligens, sei ‘er. Miskien hie ‘er der ek wol gewoan syn nocht fan. Ik stean te smoken op dek 5 by de rêdingsboat. Dêr is in beskut hoekje en kinst der droech stean. It stoarmet, in sniestoarm betiiden, de wyn fluitet troch it reau. De see is rûch en wyld. It skip stjit, bonket en rôlet. Weagen binne 6 m. heech en it skûm spat fier de hichte yn. It buiswetter slacht oer it achterdek. Dat is sokke tiiden ferbean terrein. It is oars in baas skip. Hiel wat oars as it sylboatsje dêrt Willem Barendtz yn 1596 Spitsbergen mei ûntduts. Der is sels in sauna oan board, en in fitness hal, in observaasje dek, en in wier restaurant. Op de gongen stiet yn foto’s mei tekst de hiele skiednis fan de noardpoal exploraasje. De kajúten binne grut en dogge net ûnder foar in gemiddelde hotelkeamer. Elk mei eigen dousj en húske. Jens, in âld fisker dy’t mei is, fertelde dat soks der froeger net wie – wat moast, moast op de tonne, op in amer of oer de réling. Dy tiiden binne lang foarby. Hjir is sels de reling fan it skip ferwarme. De kajúten hawwe in nûmer en dernjonken stiet op elke keamerdoar in plaatsje fan in oar bist. Op myn kajút in foto fan “Clione Limasina” – de “gewoane flerk slak” eins binne de Ingelske nammen moaier; “neakene sé flinter” en “sé-Ingel”. Ik fiel my ek wat in sé ingel. Loskapjen fan de masine wie goed, feiligens fan it skip giet foar alles. De oare Italiaan sjogge we net wer, tink ik. Die wie de hiele reis al oan de drûge crackers en it koarjen. Sa no en dan kaam er efkes syn hutsje út, mei in mûtse op en in sjaal om, út siiligens wierskynlik, want binnendoar is it waarm. Sésiik. Dat dy sil it no wol swier hawwe. Patrick hat yn it hânboek hiiskabels oan it noaskjen west en útfoun, datst in “6-strand regular lay wire cable” eins net brûke kinst by wetterdjiptes grutter as 400 m. dan moatst in “non-rotating wire” ha. Oars wringt de kabel en komme der kinken yn. No, die teory kloppet yn elts gefal aardich. Dêr hie yn ’t foar ek wol efkes immen nei sjen meien. De kapitein fertelde my krekt, dat de Kronprins Haakon it sels besykje sil, it bergjen. As se wer ris yn de omkriten binne en in ROV oan board hawwe. As dat slagget binne we spekkeaper. Moarn komme we wer oan yn Longyerbyen, dan helje we it spul dat noch ál oan dek stiet wer los en kin dat op transport werom nei Nederlân.

Longyerbyen, 28-10

We hawwe in pear oeren lyn oanlein en it stêdsje yn tôge. De italianen fûnen it iten oan board te min (hoewol ’t we der eltse dei dingen ite dy’t guon minsken mei Kryst net yns op tafel sette kinne) en hawwe ús útnoege yn in restaurant. Lorenzo bestelt pasta sûnder sjampionsaus, want dat lêst er net, en sûnder parmezaanske tsiis. No, dat hienen se op de boat ek wol, keale makkeroanje. We ûntdekke, dat yn Longyearbyen ek de meast noardlike whiskybar te finen is – dat dan dêr mar hinne om te nei-petearjen. Eins is it iroanysk. Wat hawwe we no eins dien. Ús ark is earst in wike ûnderweis west nei TromsØ oer de dyk en dêrnei noch in wike mei it fear nei Spitsbergen. Dêrnei ha we noch in dei fearn. En úteinlik is ús prestaasje, dat we no in masine parkeart hawwe yn de Noardelike iis-sé. It sil wol de meast noardlike masine wêze dy’t op de oseaanboaiem stiet. In rottiger plak foar in berging kinst hast net betinke. Frances fertelt, dat se foar in baan by de arktyske úniversiteit keazen hie om it aventoer. En omdat dêr minsken wurkje mei in iepen blik.

In noarske matroas freget my of’t se my in protte problemen besoargje op de saak. Ik siz, dat it wat tafalt. “witst watst sizze moatst at se it dy muolik meitsje ?” freget de grutte blonde noar. Ik soe it net witte. “dan moatst sizze: “Fuck off” “ Frances fertelt, dat op in eardere reis hjir nei Longyearbyen in kollega har oertsjûge hie om elts yn de bar in krûp te jaan, “want elts is betiiden in krûperke nedich”

Ik in ek wol in krûperke brûke. En in pear whisky en wat cognac giet ek as in preek yn in âlderling. Moarn fleane we.

Oslo, 30-10

Hjir is it wer gewoan hjerst, en ierebetiid ljocht. Ik hie it waarm doe’t we juster oankamen, sa yn myn lange ûnderbroek, termysk himd, mûtse, trui, ski-jack en extra lagen klean. It keamersrút haw ik fuortdaliks iepen dien. Ik fiel it skip noch yn myn skonken. Dat skynt gewoan te wêzen nei in tiid op sé. It is in súnich weagjen dat sûn en noflik fielt.

Mear fan Gerrit de Vries

Longyearbyen reispoëzy fan Gerrit de Vries