image

Foarkar of gjin kar

Provinsje Fryslân keart minsken fan syn Frysktalige websiden

Friduwih Riemersma - Fers2 4.9, 6 maaie 2018

‘Friestalige site van provincie trekt weinig bezoekers’ kopt it Friesch Dagblad op freedtemoarn 4 maaie. It provinsjebestjoer hat Provinsjale Steaten skreaun dat se war dien hawwe om minsken foar de Frysktalige siden fan de provinsjewebside kieze te litten. Mar trije persint fan de besikers docht dat lykwols; it aldergrutste part lêst leaver Nederlânsk, skriuwe se. It berjocht fertelt net wêrom’t it sa dreech is om de Fryske siden te kiezen. Dêrom haw ik sels besocht te kiezen foar de Fryske websiden fan de provinsje en dêr it boppeneamde skriuwen te downloaden. Bliken die dat it kiezen foar Frysk min wurket. Dúdlik waard ek dat it provinsje­bestjoer gjin besikers telle kin, sadat de sifers ûnbetrouber binne. Konklúsjes oer hokker taal oft minsken leaver lêze binne absolút ûnfundearre. It provinsjebestjoer misliedt ús folksfertsjintwurdiging.

Niiskrekt sels besocht (4 maaie 10:35). Googleje jo ‘provinsje fryslan’, dus mei it Fryske wurd ‘provinsje’, dan komme jo op de Nederlânske landing page fan ‘Provincie Fryslân’. Net op de Fryske side dêr’t jo nei googleje en dy’t jo ferwachtsje foar in oerheidsside; dy is gewoanlik yn de lânstaal. Rjochtsboppe stiet in lyts Nederlânsk ikoantsje mei de tekst “Nederlands”, mar gjin sichtbere link. Dochs kinne jo derop klikke. Mar jo binne al op in Nederlânske side. In knop foar Frysktalich is der net.

De provinsjewebside van Noard-Hollân hat in Nederlânske landing page mei rjochtsboppe in linkje ‘English’. Klikke jo derop dan komme jo op it adres https://www.noord-holland.nl/English/Province_of_Noord_Holland. Dat is hoe’t jo in twatalige side opbouwe: de siden yn ’e haadtaal komme dalik efter de ekstinsje .nl of .frl en jo sette al jo siden oer nei in twadde en tredde taal en triuwe dy yn in map ‘English’ of ‘Frysk’ op jo server, mei elk in eigen thússide. Lykas op it Noard-Hollânske provinsjeweb is op dy fan Fryslân it Nederlânsk de haadtaal. It ferskil is dat Noord-Holland-Home jo de kar foar de twadde taal dúdlik oanbiedt.

Yn ’e balke ‘Waarmee kunnen we u helpen?’ op de Nederlânsk­talige provinsje Fryslânthússide fier ik ‘Fryske webside’ yn en klik op ‘Zoek’. Ik krij in list Fryske plaknammen, it fûns skjinne enerzjy, ensafuorthinne. Ik kom net by de Fryske websiden fan de provinsje Fryslân.

Miskien kinne jo sûnder taalkar foarôf, direkt nei it Fryske brief fan it provinsjebestjoer oan Provinsjale Steaten, oer de evaluaasje fan de twatalige provinsjewebside. Jo type ‘Brief DS Evaluaasje webside 05 2018’ yn it balkje en klikke wer op ‘Zoek’. Dat liedt nei ‘25 april Provinsjale Steaten’, wat Frysk liket. Mar dêr is it brief net te finen. Ek blike hast alle dokuminten dêre yn ’e Nederlânske taal te wêzen, net de Fryske. Gau werom dan. Faaks kin ik nei de Frysktalige thússide ta troch sekuer te klikken op it Fryske logo. As jo der mei de mûs op komme, ferskynt lykwols in Nederlânsk tekstke ‘Ga terug naar de homepage’. En ja, ek it Fryske logo bringt jo nei de Nederlânske websiden.

Dus sykje ik opnij yn it balkje ‘Waarmee kunnen we u helpen?’, diskear wat algemiener, nei ‘brief deputearre steaten’. Dat jout wat parseberjochten, mar gjin brief. Hoe kin dat… Sykmasine net ynsteld op dokumintnamme? O gosh. Earst mar kofje.

Dan betink ik dat as Provinsjale Steaten in brief fan Deputearre Steaten krije, dat wol ris ynkommen post wêze kin. Dus set ik ‘ynkommen stikken’ yn ‘Waarmee kunnen we u helpen?’ Dat jout in searje ‘Wurklisten’, nammentlik Fryske wurklisten, dêr’t de wurden ‘ynkommen stikken’ yn steane—sykmasines, dat is bekend, diskriminearje fierder net op taal.

Mar tink derom: ik bin noch altyd op de Nederlânske webside fan de Provinsje Fryslân. Har websidebesikersteller telt hieltyd Nederlânske siden dy’t yn myn browser iepenje. De kâns dat it provinsjebestjoer dat ynterpretearret as ‘Friduwih kin ús Fryske brieven net fine, wat oars?’ is net hiel grut, dus ik klik de hiele provinsjewebside fuort.

De Google-sykmasine is wol goed. Foar de Fryske webside fan de provinsje Fryslân googleje ik dêrom nei ‘provinsje fryslân frysk’. En sjoch! Dêr stiet, ûnder de namme ‘Provincie Fryslân Home’ en de url: “Welkom bij de provincie Fryslân. … Bekijkt u deze website het liefst in het Nederlands of het Frysk? Selecteer uw voorkeur. NederlandsFrysk. Om uw voorkeur ...” Ik klik op de link.

It is hiel fertrietlik. Ik krij net de tekst dy’t my útnoeget in taal te kiezen. Ik krij gewoan de karleaze Nederlânsktalige thússide. Wer telt de websidebesikersteller dat ik op in Nederlânske side kom. Opnij sil de provinsje dat net ynterpretearje as gjin kar, mar as foarkar.

Fluch werom nei Google. Op ‘ynkommen stikken provinsjale steaten fryslân’ krij ik dalik boppeoan it adres https://www.fryslan.frl/bestjoer/ynkommen-stikken_41663/. Prachtich. Ik klik en kom op de Fryske side mei ‘Ynkommen stikken’. Derûnder is in fakje ‘Ynkommen stikken 2018: Sjoch de ynkommen stikken 2018’. Heden, wat in Frysk ynienen!

image

En no bart der eat te bizar foar wurden. Sko ik mei de mûs oer it Frysktalige fak ‘Ynkommen stikken 2018: Sjoch de ynkommen stikken 2018’, dan sjoch ik ûnderyn myn skerm de url https://www.fryslan.frl/bestuur/ingekomen-stukken-2018_42716/. Dat is min Frysk, ik wie mar warskôge. Klik ik op it fak ‘Ynkommen stikken 2018: Sjoch de ynkommen stikken 2018’ op de Fryske side, dan bedarje ik op ‘Ingekomen stukken 2018’ op de Nederlânske side fan de Provinsje Fryslân. Weromstjoerd fan Frysk nei Nederlânsk: dat is sûnder mear kearen fan besikers fan Fryske siden.

Troch de ûnbidige kommersje witte wy net sawat, mar mei sirurgyske sekuerens hoe minsken nei websiden te lokjen. Wy witte hoe’t wy har dêr in troch ús betocht oantal sekonden beethâlde, har dan fierder surfe litte neffens ús plan, net harres, en hoe’t wy har keare fan guon siden. Basistagonklikens fan ús siden hoege wy net mear om te tinken. Hâld ik tefolle Fers2-siden efter foar ynter­netters, krij ik fansels in reprimande fan Google. En browse­gedrach is gjin mystearje mear; dat is perfekt te stjoeren.

(Klanten hawwe in hekel oan stock photos; in skattich laamke op in oerheidsside stjoert boargers fuort.)

image

De maklik te brûken, goedkeape bedriuwssoftware dêr’t de provinsje syn websideprestaasjes mei mjit sil net sa goed wêze as de Google Analytics. Mar globale sifers is faak genôch. Tiid taholden op de hiele webside lit de software jo wol mjitte, mar tiid taholden op ien losse side net. Minsken lykas ik litte har tabs oerenlang iepenstean sadat tiid neat seit. Yndividueel surfgedrach lit it jo inkeld mjitte mei tracking cookies dy’t sûnder tastimming fan de ynternetter net meie, en party lju wegerje cookies. De provinsje­webside freget net om tracking cookies yn jo kompjûter te setten. Bêst mooglik dat se jo eksakte surfgedrach binnen it provinsjeweb net wichtich achtsje. It tellen fan los besochte siden, likefolle dat jo der mar in fraksje fan in sekonde wiene, hat gjin ferlet fan analyse en is sa fraude­gefoelich as wat, mar dat kin ek in foardiel wêze. De meastbesochte siden hjitte dan simpelwei it populêrst.

Elk besykjen fan in Fryske side dy’t fia de Nederlânske thússide komt, makket dus dy Nederlânske thússide populêrder. Of kinne jo dochs kieze foar Frysk en hoege jo net mear by it Nederlânsk lâns? En hoe kinne se dat ûnthâlde? Sette se ûngemurken funksjonele cookies op jo kompjûter? Mar elkenien wurket hjoeddedei oan mear kompjûters trochinoar. Unthâlde se jo IP-adres dan? Ha jo Kafka lêzen?

Wat de websidebesikerssifers ek ynhâlde: foarkarren fan minsken kinne jo der nea mei mjitte. Sjem dy’t op eachhichte yn it skap stiet wurdt it meast ferkocht. De supermerk neamt dat: foarkarsprodukt.

Besites oan jo webside kinne jo wol telle, mar in besite bart ek as in robot jo webside besiket. In besiker is technysk sjoen de browser fan ’e persoan dy’t oer de cookies beslút. Dus besikers wolle jo kenne (lês: stjoere kinne) mar allinne as se ‘minsklik’ binne. Dêrom litte jo har in cookie akseptearje, ommers dat wiist op minsklik dwaan. Slagget it jo net om cookies te pleatsen, dan kinne jo net in besite mjitte as spoar tusken guon siden fan jo web en, wichtiger, jo kinne gjin besiker oanwize want jo ha gjin idee wa syn browser de side sjen lit. Jo telle alle kearen dat in side fan jo webside yn in browser ferskynt: pageviews. Jo kinne net witte oft in robot of de kat de side iepene, hoelang’t de side yn ’e browser bliuwt, oft de side ferfarske wurdt wat in nije pageview betsjut, en oft immen de side besjocht. Jo kinne benammen net mjitte wêrom’t de kat just dy side útkeas. Eat konkludearje oer konsumintekar is folslein sûnder grûn.

“Inspanningen om meer bezoekers te trekken naar de Friestalige website van de provincie Fryslân, hebben niet tot een blijvend resultaat geleid”, is op 4 maaie foarsidenijs fan it Friesch Dagblad. “Dat betekent dat drie procent van de bezoekers voor de Friestalige site kiest.” Provinsje Fryslân sil yn it brief dochs net úthâlde dat hja de taalfoarkar fan de Fryske boarger ûndersykje, mei in websidebesikersmjitter?

:D Ja.

Myn hiele besite is registrearre as Nederlânske besite.

It brief koe ik allinne mar fine op in Nederlânske side fan de provinsje. Want it brief wie Nederlânsk. “[M]et het statistieken­programma Sitelmprove … krijgen we zo een beeld van welke pagina’s goed of slecht bekeken worden,” stie deryn. De SiteImprove Help Center makke sinneklear dat dat net samar kin, om’t sifers browser-serveraktiviteit sjen litte; gjin minsken, lit stean wat dy wolle. Mar ja. It brief konkludearre: “De cijfers laten zien dat de voorkeur uit gaat naar de Nederlandstalige website.”

Hoe’t 600 “bezoekers” de moanne de Fryske siden berikten, tsjin 18.000 “bezoekers” fan Nederlânske siden, wie gjin riedsel mear. Net dat de provinsje dy unike besikers telle koe sûnder de cookies dy’t meast wegere en fuortsmiten wurde, mar de folks­fertsjintwurdiging hie frege om “evaluatie over onze toptaken­website wvvw.fryslan.frl.” Dus “De Friestalige website liet in het laatste kwartaal van 2017 een zeer lichte stijging zien qua aantal bezoekers. Dit kwam onder andere door de invoering van het taalkeuzevenster.” De taalkar-opsje makken se bekend “op social media en in de zaterdag­advertentie.” Tumblr? de Moanne? Mar net op de webside sels: dêr is de Fryske taalknop net te finen. “Toch blijven we investeren in de Friestalige pagina’s,” seit de provinsje.

Spitich dat wy der net komme kinne.

*

Opnij besocht (5 maaie 9:10). Taalkar-opsje ûndutsen! Fan https://www.fryslan.frl/ de cookies blokkearre. De provinsjewebside wurket dan mei ien lyts trúkje (fergees by Fers2) en jo kinne om raak kieze foar jo eigen taal.

Dit stik is opstjoerd nei Provinsjale Steaten, mei it fersyk om de Fryske siden tagonklik te meitsjen, alle dokuminten nei it Frysk oer te setten en de boarger te beskermjen tsjin doelberette mislieding.

Mear fan Abe de Vries

Non-konformisme yn de ‘folksskriuwerij’ It Fryske realisme as emansipaasjeliteratuer
Elkenien dy’t in rol spilet binnen de Fryske literatuer moat wekker wurde.
De Frske Literatuerkrityk …oftewol it Wonderbaarlike Leechlizzen fan Waling Dykstra.
Bjusterbaarlik troffen hat Waling-om it net mei de literatuer dêrt er yn skreau.
‘Dat skrutene taesten koe har sear dwaan’ Op himsels hied er tsjin it seksuele gjin biswieren. Al to folle moast dêr it tsjuster foar tsjinje.
‘Language Lab’: In protte taal, te min literatuer Language Lab is in programma ‘to raise awareness but also knowledge and technology, concerning language’, alsa Nana Haug Hilton en Goffe Jensma
Belofteparadoks: Fers2 yn 2016
Hannibal Lecter sljocht op Bachs Goldberg Variazionen &ld;Only fools and madmen are born along the Issa,” seit de beppe fan Tomasz Dilbin, de haadpersoan yn de roman The Issa Valley (1955) fan Czeslaw Milosz.
“Wy binne it hert” Ynienen like it wer in issue: de ynstitúsjonalisearring fan Fryslân.
1 2 3 4 5 6 7 8 9