image

Poëzy

Friduwih Riemersma - Fers2 nû. 4.6, 25 maart 2018

Kosmysk

Doe’t skodzjend fan de oerknal noch

de loft rûnom de skyl

it rûge oerflak skruten duts

gie lûd sonoar en yl.

Yn ’t blanko ûnbeheind begjin

atomen botsten blyn

as hong it libben derfan ôf—

Dochst ticht dyn dakgerdyn.

Yn dat hielal treau sapiens earst

mei einepikefel,

mar ringen as rûtinesaak

de ûnderskepsels del.

Tss, wa’t syn rol as kosmysk sjocht:

in swetser, seisto en

de rêst giet yn ’e blêdblaasgûl

fan bûtendoar ferlern.

Mear fan Friduwih Riemersma