waling dykstra image

Neo-folk as krityk op it kapitalisme

‘De stiennen ûlebuorden’ fan Waling Dykstra

Abe de Vries - Fers2 3.19, 26 novimber 2017

wy kinne net mear dwaen as in earst bigjin meitsje mei in wurk, dat, al forliest it oan ynteresse omt Waling-om just gjin kunstner fan bitsjutting neamd wurde kin, dochs nijsgjirrige aspekten biedt.G.N. Visser, ‘De boarnen fan Waling-oms folksskriuwerij’

Folksferhalen binne, om binnentroch te stekken sterke stikken dy’t de generaasjes bylâns trochferteld wurde op jierdeis­feestjes. De koartere kinne moppen hjitte, mar der sitte ek spannende en smoute teltsjes tusken.It oantal samlingen fan Fryske saneamde folksferhalen is grut. De belangryksten binne Dykstra (1892-1896), Van der Molen (1939-1943); Poortinga (1976); Van der Kooi (1979) en Van der Kooi (1997). Farianten mei wat bleat deryn, dy’t dêrom meast bûten de boeken hâlden waarden, binne okkerdeis sammele ûnder de titel De wiete poes. Ferteller Douwe Kootstra hat mei folksferhalekundige Jurjen van der Kooi in stikmannich fertellingen út de samling fan Dam Jaarsma byinoar brocht.Douwe Kootstra en Jurjen van der Kooi, De wiete poes en oare ûnfoege folksferhalen (Utjouwerij Regaad, Grins 2017). Op ’t heden wurdt dêr rûnom yn ’e provinsje út foarlêzen yn de toernee ‘Gleon yn ’e keet’, in inisjatyf fan útjouwerij Regaad. Mar sa ûnskuldich en fermaaklik as it sjenre letter makke is, sa akseptabel as it yn ús tiid ferskynt (of ôfdien wurdt) as folkloare, sa maatskiplik relevant en kontroversjeel wiene guon folksferhalen doe’t se yn ’e earste helte fan ’e njoggentjinde ieu sammele, bewurke en publisearre waarden.

Folksferhalen hawwe gauris in skriftlik begjin yn ’e romantyk.Jurjen van der Kooi, Volksverhalen in Friesland. Lectuur en mondelinge overlevering. Een typencatalogus (Stifting FFYRUG, Groningen 1984). Yn Fryslân bedreaune, dêrta oanset troch it wurk fan ûnder mear de bruorren Halbertsma, nei 1843 Harmen Sytstra en Tiede Dykstra protonasjonale identiteitsliteratuer mei harren sêge- en mearkesammeljen yn it tydskrift Iduna. It doel wie om Fryslân in ‘eigen’ mytology te jaan mei meast koarte stikjes dêr’t bytiden de kearn fan oernaam wie út sege- en mearkesamlingen lykas dy fan Grimm of Wolf mar dy’t dan oan de ‘Fryske’ omstannichheden en gebrûken oanpast waarden. In foarbyld is de as sêge presintearre, koarte proazafertelling ‘Bolta State’ fan Sytstra yn Iduna (1845), in teltsje oer de duvel, de hoanne en de ûlebuorden op in skuorre boppe Winaam by seedyk.Harmen Sytstra, ‘Bolta State’, Iduna I (1845) s. 30. Fierderop oer de oarsprong fan it teltsje. Op basis fan itselde gegeven publisearre Waling Dykstra yn 1852 yn syn súksestydskrift De Fryske Húsfreon it grutte gedicht ‘De stiennen ûlebuorden’.Waling Dykstra, ‘De stiennen ûlebuorden’, De Fryske Húsfreon II (1852); wizige fersy yn Waling Dykstra, Ald en nij. Rimen en teltsjes (Telenga, Frjentsjer 1871) s. 39-48. Nederlânsktalige proazafersy fan Dykstra yn Andreae (1877) en Dykstra (1892-1896). Fersy fan 1871 werprinte yn Sljucht en Rjucht 3 (18 febrewaris 1899) s. 19-20; Sjucht en Rjucht 4 (25 febrewaris 1899) s. 27-28. Hy naam dêryn it folksferhaal sa’t Sytstra it notearre hie oer, mar sette it nei syn hân, situearre it yn Ingelum en skreau it folle mear ta op sosjale relevânsje foar de eigen tiid. Benammen om dat oait populêre gedicht is it my hjir te dwaan.

Folksferhalen binne yn ’e regel yn ’e rin fan ’e skiednis hieltyd werskreaun en oanpast oan de eigen tiid en opfettingen fan de werskriuwers en binne dêrom te beskôgjen as ‘layered repositories of diverse sociohistorical and moral realities’.Donald P. Haase, ‘Gold into straw: fairy tale movies for children and the culture industry’, The Lion and the Unicorn 12-2 (1988): 193-207; s. 193. Sa hawwe de belangrykste folksferhalesamlers fan de romantyk, de bruorren Grimm, de sêgen en mearkes dy’t se oantroffen oanpast oan de smaak en de ferwachtingen fan de bourgeoisie.Kinga Varga-Dobai, ‘From folk tales to popular culture: Poaching and relevance in the process of history’, Folklore 40 (2008) 21-36, s. 27. doi:10/7592/FEJF2008.40.varga. It oernimmen en oanpassen fan sêgen en mearkes troch skriuwers yn de Fryske folkstaal fan de earste helte fan de njoggentjinde ieu is te beskôgjen as ‘poaching’, te definiëarjen as in kulturele aktiviteit dêr’t marzjinale groepen en persoanen relevânsje foar harsels, in libbenswize, mei kreëarje.Kinga Varga-Dobai, ‘From folk tales to popular culture: Poaching and relevance in the process of history’, Folklore 40 (2008) 21-36, s. 23. doi:10/7592/FEJF2008.40.varga. Varga ferwiist nei John Fiske syn Understanding popular culture (1989). It dúdlik meitsjen fan relevânsje freget wol om ferbiningen tusken de tekst en de sosjale ûnderfiningen fan de lêzer; as dy relevânsje der net is, sille lêzers har net of minder mei de tekst dwaande hâlde. ‘Poaching’, skriuwt Varga-Dobai, ferwizend nei Fiske (1989a; 1989b) en Jenkins (2006),

becomes a practice through which these marginal people can resist mainstream cultural representations, and create relevance for the social experience of the subordinated. Relevance is indeed a crucial element in the realization of poaching and formation of popular culture.Kinga Varga-Dobai, ‘From folk tales to popular culture: Poaching and relevance in the process of history’, Folklore 40 (2008) 21-36, s. 24. doi:10/7592/FEJF2008.40.varga.

Sa besjoen is sawol de sêge fan Sytstra as it gedicht fan Dykstra te beskôgjen as in foarm fan ‘poaching’. Hie Sytstra benammen in nasjonalisearjend doel mei syn sêge, dy’t er oernaam út Flaanderen en oanpaste (sa’t wy aansen noch sjen sille); Dykstra bringt ek it reële, sosjale, ekonomyske en geastlike libben út syn eigen tiid yn it spul en makket der in literary fairytale fan.Mei it ûnderskied tusken ‘mearke’ en ‘sêge’ (beide wurden binne nijfoarmingen fan Tiede Dykstra) hâld ik my hjir net dwaande. Sjoch dêrfoar Van der Kooi (1988). Behalve as in tematysk ienfâldige, mar poëtysk fernimstich foarbrochte fertelling oer in domme duvel lit it epyske gedicht fan Dykstra – fjouwer­dielich, 43 strofes en krapoan 1800 wurden; sjoch foar de tekst hjirûnder – him ek lêze as eigentiidske sosjale krityk. It ferwiist nei it him ûntjaande banke- en jildútlienerskapitalisme yn it midden fan de njoggentjinde ieu, nei it doe noch altyd ûnder foaral earmere minsken wiid fersprate leauwe yn duvels en duvelbanders, en nei de doe, en noch altyd, besteande ûngelikense man-frou ferhâlding.

Dat binne yn it each rinnende eigenskippen fan de tekst, dêr’t men lykwols noait wat oer lêst. De moderne folkloristyk (Van der Kooi, 1979; 1984; 2008; Meder, 2000) hat mear each foar de klassifikaasje fan ferhalen nei tema’s, motiven, oerienkomsten en ferskillen en minder foar harren aktuele, op ’e maatskippij reagearjend karakter op it stuit fan de earste publikaasje of skriftlike oanpassing, sa liket it. ‘De stiennen ûlebuorden’ wurdt presintearre as in al yn ’e folksmûle besteande sêge, dy’t troch Dykstra inkeld mar ‘berime’ wêze soe – net as ymposante en orizjinele literêre keunst, as in hichtepunt yn de Fryske poëzij fan de njoggentjinde ieu.Alsa yn it kaartsysteem fan de FA op De Fryske Húsfreon: ‘De stienen uleboerden (s. 105) [Tr.: rymstik, (mei illustraasje), 12 bls. sage. De bekende sage fan W.D. berime en ek yn syn letter útjeften opnomd]. Letter ek opnommen yn Ald en nij (1871). Oantekeningen oer De stienen uleboerden (s. 117) [Tr.: proaza, 5 bls., artikel, oer De Stienen Uleboerden mei opjefte fan bronnen, etc.]’. Sjoch ek Van der Kooi syn opmerking yn de oantekeningen by ‘De stiennen ûlebuorden’ yn Van der Kooi (1997), s. 194: ‘Hy fertelt mei dit domme duvelteltsje ien fan ’e allerbekendste, ek hjoeddedei noch yn it ûnthâld libjende Fryske folksferhalen nei.’ Nei de earste publikaasje as gedicht yn De Fryske Húsfreon (1852) is it wizige werpinte yn de bondel Ald en nij (1871) en dêrnei yn ûnderskate oare boeken en tydskriften yn proazafersys folklorisearre rekke, dat wol sizze, ûntdien fan syn aktuele, krityske en literêre karakter (it earst troch Dykstra sels, dêroer fierderop).Sjoch ek S.D. de Jong, ‘Nije Fryske lûden. IX. Fryske folklore’, Leeuwarder Courant, 11 juny 1936; G.J. de Jong, ‘De stiennen ûleboerden’, Sljucht en Rjucht 45-39 (27 septimber 1941); R.S. Roarda, ‘Fan in âld boereslachte en de pleats “De Stiennen Ulebuorden”’, Frysk Lânboublêd, 8 maart 1946; Jacob Jetzes Kalma, ‘De Stiennen Ulebuorden’, Nieuw Friesland 24 (21 desimber 1946); E.B. Folkertsma, ‘De pleats mei de stiennen ûlebuorden’, RONO, 10 novimber 1955; De Stiennen Man 11 (1958); S.J. van der Molen, ‘Om hûs en hear: “stiennen ûlebuorden” wiene der mear as op ien plak!’, Frysk en Frij (26 augustus 1989). De measte fersys fan it ûleboerdferhaal dy’t optekene binne toch Dam Jaarsma en Ype Poortinga, wol in fjirtich yn getal, de measten yn ’e Wâlden dêr’t se har fjildwurk diene, geane werom op Dykstra syn literêre skepping mar binne ûntdien fan syn krityske aksinten.Yn in grut tal troch Dam Jaarsma en Ype Poortinga yn de sechstiger en santiger jierren fan de tweintichste ieu út de folksmûle optekene ûleboerdfarianten te lêzen op <http://www.verhalenbank.nl> is de boer inkeld mar earm, noait is der praat fan ferpandingen, idelens of de foarstelling fan de duvel as in rike sakeman. Ek de frou hat, miskien ferrassend, hieltyd folle minder reliëf as yn Dykstra syn boarnetekst. Ek fan in religieuze tekening fan it boere-echtpear lykas by Dykstra is yn de lettere folksferhalen gjin sprake mear. De folksmûle hat de skriftlike boarnetekst ûntdien fan syn morele en politike skerpte. Dykstra hat dêrby sels in rol spile mei syn Nederlânske oersettingen yn proaza; fierderop kom ik dêr op werom.

Yn it neifolgjende wol ik earst it ferhaal fan ‘De stiennen ûlebuorden’ werjaan en sjen litte hoe’t it fers ferwiist nei de ekonomyske, sosjale en geastlike werklikheid fan boerebedriuw en boerefolk yn it midden fan de njoggentjinde ieu. It gedicht wol net samar in aardich teltsje wêze; it makket part út fan de emansi­paasje­beweging fan boargers nei 1848 en heart thús yn de Fryske literatuer. Ek wol ik syn ûntstean beskriuwe yn ferbân mei in aktuele oanlieding: it lot fan ien beskate, eksimplaryske boere­húshâlding yn Ingelum. It is dy lokale tawizing dy’t it gedicht syn tematyske aksinten jûn hat en mooglik ek meispile yn de populariteit derfan.

Dêrnei set in analyse fan de oerienkomsten en ferskillen mei eardere fersys of soartgelikense ferhalen – fan Sytstra, mar ek Grimm (1816-1818) en Wolf (1843, 1844) – de fernijing dy’t Dykstra syn gedicht ta stân bringt yn reliëf. Dy fernijing is de kreaasje fan aktuele, maatskippijkrityske neo-folk: de werfertelling dy’t it aksint net leit op Fryske nasjonaal-kulturele ‘eigenheid’ op basis fan tradysjes mar op it formulearjen fan sosjale noarmen en wearden yn it konkrete plattelânslibben fan de fjirtiger en fyftiger jierren fan de njoggentjinde ieu.De term stel ik hjir fan Ruth Wisse, dy’t him brûkte as omskriuwing fan it wurk fan de Poalsk-jiddyske dichter Itzik Manger (1901-1969): ‘Much of the humor and charm of Manger’s ballads derive not from their simplicity, but from their wicked juxtaposition of cultivated European ideas and forms with the ideomatic usage of marketplace Jews and the worn coin of fairy-tales. Sit. yn: Susanne Klingenstein, Enlarging America. The Cultural Work of Jewish Literary Scholars, 1930-1990 (Syracuse University Press, New York 1998) s. 350.

De tekst

De ynhâld fan ‘De stiennen ûlebuorden’ is gau ferteld. By Ingelum stie eartiids in pleats mei de namme ‘De stiennen ûlebuorden’; it ferhaal leit út wêr’t dy namme weikomt. In pear hûndert jier lyn wennen dêr in boer en syn frou.

De man hat grutte soargen oer syn skuorre, dy’t sa min is dat er wol ynwaaie kin. Mar jild om in nijenien te bouwen hat er net. Op in jûn moetet er de duvel, dy’t oanbiedt om foar him yn ien nacht in nije skuorre del te setten, dy’t klear wêze sil foar’t de hoanne kraait. Yn ruil krijt de duvel dan de siele fan de boer. De man giet op it oanbod yn, mar syn frou wurdt erchtinkend fan it nachtlik timmerjen en as se de wierheid heart, rint se nei it hinnehok en makket dêr de hoanne oan it kraaien. Op dat stuit binne de duvel en syn helpers hast klear mei de nije skuorre, inkeld de ûlebuorden moatte der noch op. Mar Hantsje hat it pleit ferlern en moat de siele fan de boer fierder mei rêst litte. Wol soarget er der noch in skoft foar dat der gjin ûlebuorden op de pleats befêstige wurde kinne; inkeld in pear mei stiennen beskildere eksimplaren lit er sitte. Dêrom hjit dy pleats ‘De stiennen ûlebuorden’.

De ferhalebank fan it Meertens Instituut rekkenet it ferhaal ta de mearkesgroep ‘Foar’t de hoanne kraait in pleats bouwe’, koade VDK119A*:

Het hoort bij de zogenaamde domme duivel-sprookjes, een humoristische sprookjescategorie waaronder al die sprookjes vallen die als centraal thema hebben: een ogenschijnlijk nietig mens weet door zijn slimheid machtiger en sterkere, maar ook dommere bovennatuurlijke tegenstanders (reuzen, trollen, de duivel, soms ook dwergen of de dood) te overtroeven.‘Stenen uilenborden’, De Nederlandse VolksverhalenBank, Meertens Instituut <http://www.verhalenbank.nl/items/show/51244>. Krigen 9 novimber 2017.

Meder brûkt leaver de klassifikaasje neffens de ynternasjonale Aarne-Thompson-Uther-kodearring: ‘In the new international catalogue it has become tale type ATU 810A*, The Priest and the Devil.’Theo Meder, The Flying Dutchman and other folktales from The Netherlands (Libraries Unlimited: Westport/Connecticut/London, 2008) 90-94 (‘The Stone Owl-Boards’). Opfallend is dat beide kearen de fertelling fan de ûlebuorden net streekrjocht taskreaun wurdt oan it gedicht fan Dykstra of Sytstra. De suggestje is dat de oarsprong dizenich wêze soe. Dykstra hat neffens Van der Kooi it ferhaal ‘naverteld’.Jurjen van der Kooi (gearst), Voksverhalen uit Friesland (Spectrum, Utrecht/Antwerpen, 1979), s. 273. Meder ferwiist nei Jaarsma.Theo Meder, The Flying Dutchman and other folktales from The Netherlands (Libraries Unlimited: Westport/Connecticut/London, 2008), s. 91: ‘The story was told to collector A.A. Jaarsma around 1965 by Mrs. Geeske Kobus-van der Zee from Nijega (Friesland).’ Melding wurdt makke dat it ferhaal ek oer oare pleatsen optekene is; Bolta State by Harns, De Hoanne yn Boer en De Pankoeken yn it Heidenskip. Ek wurdt wiisd op de wrâldwide fersprieding fan it motyf dat behalve yn Fryslân ek yn Dútslân, Flaanderen, Wallonië, Ingelân, de Feriene Steaten en sels Sina oantroffen wurdt:

Het nabootsen van het hanengekraai (meestal door een vrouw) is het kernmotief van dit verhaaltype, dat verder gekenmerkt wordt door het al sinds de Theophilus-legende (zesde eeuw) bekende en sindsdien in talloze sagen en domme duivel-sprookjes ingebedde motief van het pact met de duivel en het aetiologische motief dat verklaart waarom een bepaald bouwwerk niet helemaal vervolmaakt is. Dit bouwwerk is meestal een boerderij of een schuur, maar het kan ook iets anders, een huis, kerk, molen of brug zijn.‘Stenen uilenborden’, Nederlandse VolksverhalenBank, Meertens Intstituut <http://www.verhalenbank.nl/items/show/51244>. Krigen 9 novimber 2017.

Mar wylst de folksferhalekunde siket nei algemiene eigenskippen fan ferhalen út ferskillende tiden en kultueren, om se better mei inoar ferlykje en bewarje te kinnen, libbet de literatuer krekt fan it bysûndere, ôfwikende, it detail, de sfear fan de taal op mikro-nivo, en ek fan de spesifike utering fan de skriuwer yn relaasje ta de persoanlike, artistike en maatskiplike kontekst fan syn wurk. Dêr’t de folksferhalekunde benammen omtinken hat foar it katalogisearjen fan tema, plot, plak en hanneling, moat in literatuerwittenskiplike analyse him ek rjochtsje op perspektyf, stim en toan, likegoed as op it tawizen fan wearden, noarmen en kwaliteiten (oardielen). Dan docht bliken dat yn it ramt fan in saneamd wier bard ferhaal dat yn it fiere ferline spilet, ‘De stiennen ûlebuorden’ ús in byld jout fan winske (te priizgjen, nei te folgjen) en net-winske (ôf te karren, ûnferstannich of ymmoreel) gedrach yn de sosjale werklikheid fan de doetiidske lêzer.

De boer (ik sitearje hjir út de wizige fersy fan 1871, troch my werstavere) wurdt tekene as ‘sljucht en rjucht en from’, syn wiif as ‘kras en himmel’. Se hawwe harren tsjinstuiten dus wierksynlik net oan eigen liddichheid te tankjen (sa’t yn ’e tiid fan Dykstra noch troch in protte hegerein fan de earmelju tocht waard). Dochs buorken se min en moasten se ‘jimmer, tsjin har sin / By oaren freegje om jild te lien’. Wêr’t dat krekt oan leit, wurdt earst yn it midden litten, mar de hûzing en de lannen binne sadwaande dochs alheel ferpanne rekke. De frou hâldt fertrouwen, mar de man rekket twifelmoedich en wanhopich. Syn wrakke skuorre stiet op ynstoarten en hy hat al safolle liend, hy kin nearne mear jild krije om de boel fertimmerje te litten. De lêzer krijt der suver begryp foar hoe’t de man beknypt sit.

De duvel biedt maklike útkomst oan wa’t yn him leaut; hy liket yn alles in fertocht soad op Dirk Scheringa fan de DSB Bank. ‘Hantsje’ is deftich yn dwaan, litten en praten, mar hy is sa suver op ’e graat net; hy is de grutte man dy’t wend is om mei jild te struien en sa syn sin te krijen. As er heart dat de boer gjin nije skuorre betelje kin, wit er samar ried: ,,O heden, boer! as dat jo let / Bin ik de rjuchte man foar jo.” Hy wol yn ruil foar de siele fan de boer ‘goedkeap’ in nije skuorre bouwe yn ’e nacht. Dat komt sa, hy hâldt derfan ‘ferleegne minsken’ te helpen. Syn oanbod omskriuwt er as in ‘tsjinst’. Hy wol dat er in ‘kontrakt’ makke wurde sil. Ynearsten skrillet de boer der foar tebek om syn siele oan Hantsje ‘te ferpanden’ (sa’t er it mei syn pleats en lannen al dien hat oan syn jildsjitters). Mar de duvel hâldt oan en foarseit de boer suver de himel:

Betrou dyn saken mar oan my,

    Dan hast in libben sonder noed.

Myn tsjinst is lang gjin slavernij,

    Nee, siker, ik bin tige goed.

It sil dy noait oan jild ontbrekke;

As krapte heste kinst mar sprekke.

It sil de lêzers wilens wol dúdlik west hawwe wêr’t Hantsje foar stiet: foar de jildsjitter, de kapitalist dy’t part fan syn rykdom oan boeren útlient om der sels better fan te wurden. De útsûger dy’t libbet fan oarmans ellinde. Sa besjoen sil men him yn brêde boererûnten kend hawwe, hielendal yn in tiid dat banken ‘van leening’ en fersekeringsmaatskippijen opgong makken, mei om’t der gauris longsykte hearske ûnder it fee (yn Fryslân sa. 1845-1855), wat foar in hoop kosten en miswier soargje koe.

Us boer yn Ingelum tekenet dus it kontrakt, foar in part, sa wurdt suggerearre troch de ferteller, út mispleatst eargefoel: ‘In net te stopjen wel fan rouwe / Kin soms in amerij jin brouwe, / In libben fol fan bitend sear. / En dat mar om wat idele ear.’ Mar oan ’e oare kant kin de boer er ek muoilik oars. Hy wol al graach boer bliuwe. Yntusken witte wy ek wol sa’n bytsje wêrom’t de boer yn ’e finansjele bedelte telâne kaam is: dat sil wol mei it neijeien fan dy ‘idele ear’ te krijen hân hawwe. Tsjin syn wiif seit er, as er syn misstap bekent en tajout dat er syn siele oan de duvel ferkocht hat, dat er tocht dat de duvel it dochs net oprêde soe mei it kerwei om foar it hoannekraaien in nije skuorre del te setten. Mar Hantsje is mei in grut leger assistinten kaam: ‘duvelbanders mear as tachtich / Hie ‘r as opperljuwe mei’.

Dat is it twadde eigentiidske aksint: Dykstra jout it noch libjende fertrouwen yn ‘duvelbanders’ in reis. Hy skilderet se ôf, net as bestriders fan Hantsje, mar just as syn bûnsmaten. Fjouwer jier earder hie de dichter himsels nochal in trelit op ’e hals helle mei de publikaasje fan syn ferhaal ‘De betsjoende boeredochter’, dêr’t guon fan syn Spannumer doarpsgenoaten, benammen minsken fan ’e Ofskieding, mar min oer te sprekken west hiene.Abe de Vries, ‘De betsjoende boeredochter. Skriuwer en mienskip yn it Spannum fan Waling Dykstra’, Fers2 3.9 (7 maaie 2017). Webadres: <http://www.fers2.eu/de-betsjoende-boeredochter>. Krigen: 11 novimber 2017. Ek yn dat ferhaal waard it leauwe yn duvelbanders freeslik op ’e hakke naam. It ferljochtingstema is in konstante yn Dykstra syn wurk; noch yn 1877 die er yn ‘De duvel yn ’t bêdstee’ op rym ferslach fan in duvelbandersstoarje dy’t him ôfspile hie by Hijum boppe Stiens.Abe de Vries, ‘De histoarje fan de duvel en Watse Klop. Waling Dykstra, in folksferhaal en de skoalstriid yn Noard-Fryslân’, Fers2 3.5 (12 maart 2017). Webadres: <http://www.fers2.eu/de-histoarje-fan-de-duvel-en-watse-klop/>. Krigen: 11 novimber 2017.

It tredde motyf dat Dykstra mei opfallende details oanklaait is dat fan de man-frou ferhâlding. Lykas wol faker yn fertellingen fan dit type is it de frou dy’t besluten nimt en útkomst bringt, dwers tsjin de sosjale ferhâldingen fan tiid en plak yn. It is de frou dy’t it oersjoch hâldt en stabiliteit bewarret, om’t sy wit hoe’t se de tekoartkommingen fan har man kompinsearje kin. Dêr’t de boer ‘swiersettich fan bestean’ is en in ‘tipeltûzich sin’ hat, dêr bliuwt sy ‘rom om ’t hert’ en se draacht har lot ‘willich’. Se hâldt hoop en fertrouwen en se hâldt der dúdlike etyske en religieuze prinsipes op nei. Leaver hie se ‘mei krapte de âlde dei trochbrocht’ as om ryk te wêzen mei help fan de duvel. De útwei út de sitewaasje leit by har, de heldin:

En froulju, listich en beslipe,

Witte yn ’e need hast altyd rie.

Sy krijt de ynjouwing en hat de moed om Hantsje in dwerse kneppel te smiten. Mei yn ’e hannen te klappen makket se safolle leven dat de hoanne derfan begjint te kraaien en de duvel syn snoade plan mislearret. De frou fan de boer is dêrmei de heldin fan it ferhaal, it rolmodel, it ideaalbyld. Mear as yn oare fersys is se by Dykstra oppasssend, posityf, listich, alwittend, ûnôfhinklik, trochtaastend en from. Dat har man syn siele oan de duvel ferkocht hat, griist har oan: ‘Koe ’k noch dat duvelswurk belette, / ’k Soe alle freze op side sette.’ Foar Hantsje is se net werklik bang en úteinlik bringt dat de rêding.

Jan Minnes Kuperus

‘De stiennen ûlebuorden’

Waling Dykstra lokalisearret it folksferhaal yn Ingelum, op de pleats. Dy pleats hat yn ’e werklikheid bestien – hy wurdt yn de stimkohieren fan 1640 noch ‘De Gronden’ neamdSjoch Kadaster op <http://www.hisgis.nl/>, Fryske Akademy. Hy is dan fan ‘Edzart van Grovestins gezamenlijke erfgenamen’. Yn 1698 is er fan Watze Glinstra [letter fan Johannes Glinstra] en Schelte van Hiemstra, ‘uit naam van zijn vrouw’. Foar dy tiid moat de eigendom fan de pleats dus skaat wêze fan dat fan de Grovestins. – oant de Dútsers him yn juny 1940 ôfbrutsen by de oanlis fan it fleanfjild.Reinder Brolsma, ‘Langs de akkers. Hoop en verwachting over den nieuwen oogst’, Nieuwsblad van Friesland (26 juny 1940). Brolsma fertelt hjir in lêste fersy fan it ûlebuordeferhaal. De pleats is dan wol op befel fan hegerhân ôfbrutsen, mar datselde befel hat syn flater ynsjoen en opdracht jûn om der in nijenien foar yn ’t plak te setten. Wannear’t de pleats fan namme feroare, is net bekend; Van der Kooi makket melding fan in keapkontrakt út 1803 dêr’t de pleats ‘De stiennen ûlebuorden’ neamd wurdt.Jurjen van der Kooi, Untank is it lean fan ’e wrâld; in âlde fabel jout better leksum as twa oeren preekjen; Fryske folksferhalen op rym (Stifting FFYRUG, Grins, 1997), s. 194.

It liket derop, sa wol ik nei foarren bringe, dat de direkte oanlieding foar Dykstra om it ferhaal fan Sytstra oan te fetsjen foar in nije fertelling, fûn wurde kin yn de lotgefallen fan de bewenners fan de pleats yn ’e tritiger en fjirtiger jierren.Yn dit ferbân is it lettere kontakt mei de wrâldferneamde Fryske feefokker Kornelis Nannes Kuperus (1844-1917) út Marssum opfallend. Sjoch Waling Dykstra, ‘De stiennen Uleboerden’, Sljucht en Rjucht 9 (29 maart 1902) s. 65-66; de tekening fan de pleats ‘De stiennen oeleboarden’ troch P. Krediet, Sljucht en Rjucht 9 (29 maart 1902) s. 69; Sjouke de Zee, ‘In forneamde Boerkerij’, Sljucht en Rjucht 16 (17 maaie 1902) s. 121-123; Foto fan de pleats fan Kuperus yn Sljucht en Rjucht 16 (17 maaie 1902) s. 127; [ferfolch] Sljucht en Rjucht 17 (24 maaie 1902) s. 129-131; Sljucht en Rjucht 18 (31 maaie 1902) s. 137-140; Sljucht en Rjucht 19 (7 juny 1902) s. 145-147; Sljucht en Rjucht 20 (14 juny 1902) s. 153-155; ‘De bikroanne Trijetallen’ [foto’s fan Kuperus syn priiswinnende kij], Sljucht en Rjucht 19 (7 juny 1902) s. 149; oare foto’s fan syn kij yn Sljucht en Rjucht 19 (7 juny 1902) s. 154, 157; ‘K.N. Kuperus’, Sljucht en Rjucht 15 (9 maaie 1908) s. 173-175 [portetfoto fan K.N. Kuperus op s. 171); Waling Dykstra, ‘Oan de Hear Knilles Nannes Kuperus to Marsum’ [gedicht], Sljucht en Rjucht 27 (2 augustus 1902)i; ‘Fryslân bitsjut yet wol hwet’, Sljucht en Rjucht 22 (22 juny 1912) s. 263. De oerpake Nanne Jans Kuperus (1751-1817) fan Kornelis Nannes Kuperus wie in omke fan ús Jan Minnes Kuperus en ek berne op ‘De stiennen ûlebuorden’ yn Ingelum. Boarne: Genealogie Kuperus Marssum, webadres: <http://www.kuperus.nu/uploads/large/Genealogie_Cuperus-Marssum.pdf>. Krigen 14 novimber 2017. Waling Dykstra syn Koopmans-foarâlden (fia syn mem) kamen ek út Ingelum; Jan Minnes Kuperus wie troud mei in Koopmans; Kornelis Nannes Kuperus ek. Oant syn dea yn 1850 wenne dêr Jan Minnes Kuperus, berne yn 1802 yn Deinum, boer te Ingelum. Hy wie troud mei Maartje Johannes Koopmans (1805-1849), in boeredochter út Ingelum.Sjoch Befolkingsregister ‘Alle Friezen’, Picturae Genealogie Opendata sets web <http://www.allefriezen.nl>. Yn it ‘Register der graven te Engelum, aangelegd den 1sten Julij 1839’ stiet by syn namme: ‘is na veel sukkelen overleden. Hij heeft verscheidene jaren kerkvoogd geweest’.Sjoch ‘Genealogy’, Erfgoed Fundaasje, 2017 <http://www.erfgoed-fundaasje.nl/koopal/genealogyy/>. Ek de rou-advertinsje yn ’e krante makket melding fan ‘eene langdurige sukkeling’.Leeuwarder Courant, 11 juny 1850.

Foar dy tiid wie Kuperus in grutte boer. Hy hie ûnder mear sa’n tritich kij, tolve keallen en fiif hynders,Leeuwarder Courant, 7 juny 1850. mar nei syn dea wie der fan de wielde neat mear oer. Op 21 septimber 1850 waarden pleats en lân ferkocht ‘ten verzoeke van’ prokurator K.J. Faber út Marssum. Ut de advertinsje yn ’e krante docht bliken dat koartby, yn 1847, de pleats noch grutskalich ferboud wie: ‘Eene heerlijke en zeer vruchtbare zathe en landen, de steenen Uilenborden genaamd, met kapitale en in den jare 1847 bijna geheel vernieuwde huizinge, schuur, lijtshuis.’Leeuwarder Courant, 13 septimber 1850.

Hoe kapitaal oft it foarhûs ek wie, de list fan skulden op namme fan Jan Minnes Kuperus dy’t ik út www.allefriezen.nl helje koe, is lang en de skuldeaskers komme oeral wei:

  • 1844 obligatie, by Schelte Pieter Brouwers, Koarnjum
  • 1845 obligatie, by Heere Gerbens Faber, Deinum
  • 1846 obligatie 3000,- by Dirk Zeper, Ljouwert
  • 1846 obligatie 2000,- by Boyen Pieters de Boer, Stiens
  • 1847 obligatie, 1000,- by Klaas Johannes Faber, Marssum
  • 1848 obligatie, 1000,- by Jacob Andries Nieuwland, Sint Anne
  • 1848 14.000,- by Pieter Koumans Smeding, Ljouwert
  • 1848 cessie, 1500,- fan Tjib Martens de Vries c.s., Bitgum
  • 1849 obligatie 3000,- fan Ruurd Sytzes van der Wey, Ljouwert
  • 1849 obligatie 500,- fan Klaas Johannes Faber, Marssum

De grutste skuldeasker wie dus Pieter Koumans Smeding (1791-1854). Hy wie ‘zeehandelaar’, boekútjouwer, sûnt 1817 eigner fan de Leeuwarder Courant, lid fan Provinsjale Steaten fan 1833-1851 en fan Deputearre Steaten fan 1845-1850.Sjoch ‘Resources: Personen’ Huygens ING <http://resources.huygens.knaw.nl/repertoriumambtsdragersambtenaren1428-1861/app/personen/2558> In oare opfallende skuldeasker wie Dirk Zeper (1803-1881), riedslid, wethâlder en letter boargemaster fan Ljouwert.Nieuw Nederlandsch Biografisch Woordenboek, dl. 9, s. 1311-1312. Webadres: <http://resources.huygens.knaw.nl/retroboeken/nnbw/#source=9&page=663&view=imagePane>. Krigen: 11 novimber 2017. Oan dy twa stedske keaplju, promininte leden fan de Ljouwerter bourgeoisie, wie er it fierrewei it measte skuldich. De lieningen sille foar in grut part brûkt wêze foar de ferbouwing fan it foarhûs fan de pleats yn 1847. Op de iennichste twa foto’s dy’t der my bekend fan binne, is te sjen hoe grut en heech it nije foarhûs wie, mei in trep nei de foardoar, mei in molkkelder en hege skoarstiennen.‘De oude doos’, www.engelum.com, 27 juny 2014 <https://www.engelum.com/engelum/de-oude-doos> Krigen 25 novimber 2017.

Jan Minnes syn (earste) frou Maartje en hy lykje op it mêd fan it leauwe minsken fan it ‘nije ljocht’ west te hawwen, alteast, út de tsjerklike registers blykt dat se yn de perioade 1829-1835 yn Ingelum twa kear lidmaat ôf wurden binne om yn Bitgum te tsjerkjen as lidmaat fan de Herfoarme gemeente yn dat buordoarp.Sjoch Befolkingsregister ‘Alle Friezen’, Picturae Genealogie Opendata sets web <http://www.allefriezen.nl>. Dêr stie doe de liberale dûmny Jakob Jakobs Swiers (1828-1832), skriuwer fan ytlike populêre kategesaasjeboekjes en letter redaksjelid fan it modernistysk-teologyske tydskrift Waarheid in liefde.‘Jakob Jakobs Swiers’, Digitale bibliotheek voor de Nederlandse Letteren <http://www.dbnl.org/auteurs/auteur.php?id=swie002>. Syn opfolger dûmny Jurjen Hendriks Meijer (1832-1845) wie rjochter yn de lear en gie letter oer nei de Ofskieding.

Blykber wie it Jan en Maartje yn dizze roerige Ofskiedingstiid tsjerklik net nei ’t sin yn Ingelum by dûmny Egbertus Lubeleij Reddingius (dy’t dêr stie fan 1826-1860). Mar se sille it by Meijer ek net fûn hawwe; krekt foar Kryst 1835 kamen se werom nei de Herfoarme gemeente fan Ingelum, dêr’t Jan Minnes yn ’e fjirtiger jierren noch tsjerkfâld wurde soe. De âld-ûnderwizer J. van Dijk hat yn 1935 yn de Leeuwarder Courant wat sjen litten fan it mobile tsjerklik libben yn it Ingelum fan dy dagen.Leeuwarder Courant, 1 desimber 1934. Wa tsjerke wêr en wêrom? Dat wiene libbensfragen dy’t doarpen ferdielden. Waling Dykstra wist dêr yn Spannum alles fan. Hy hie sels, doe’t er ‘De stiennen ûlebuorden’ skreau, de kalvinistyske leare al ferlitten.Sjoch de brief fan Waling Dykstra oan Tsjibbe Gearts van der Meulen, dd. 28 july 1851. Ofprinte yn: Geert Aeilco Wumkes, Bodders yn de Fryske striid (A.J. Osinga, Boalsert 1926) s. 373. Sjoch ek Abe de Vries, ‘De betsjoende boeredochter. Skriuwer en mienskip yn it Spannum fan Waling Dykstra’, Fers2 3.9 (7 maaie 2017). Webadres: <http://www.fers2.eu/de-betsjoende-boeredochter/>.

It nijs fan Jan Minnes Kuperus syn ferstjerren, fan it boelguod en it feilen fan syn pleats en lân sil rûnom troch de krite gien wêze. It boadkip fan Dykstra syn fers wie foar in protte minsken te begripen. Yn in strofe dy’t út de fersy fan 1871 litten is, fette er dat boadskip sa gear:

    Sit immen soms om jild yn need,

Dan wurdt er nou yet ek wol redt;

    Der benne helpers by de fleet,

Dy frjeunlik immen ropje kenne:

’k Tink dat dat Hantsjes feinten binne.

De fertelling liket alsa as nije ‘sêge’ mei ynjûn troch de lotgefallen fan de boerehúshâlding fan Jan Minnes. De pleats ‘De stiennen ûlebuorden’, it kapitale nije hûs, de hege skulden, it religieuze motyf, de trochtaastende frou, de datearring fan it gedicht sa gau nei Jan Minnes syn dea, dat alles docht jin tinken dat in lokale, aktuele boereskiednis fol mei minsklik drama en sosjale spanning Waling Dykstra net inkeld in stoffearring mar in eigentiidske portee jûn hat oan syn gedicht. In wierbarde, ta literatuer makke sosjale ‘mikroskiednis’ is sadwaande de grûnslach ûnder in protte, letter út neifertellersmûlen optekene folksferhalen oer duvels en ûlebuorden.

Bolta State

Sân jier foar ‘De stiennen ûlebuorden’ hie Harmen Sytstra yn syn tydskrift Iduna in koart proazastikje oer Bolta State publisearre. Bolta State wie in yn 2001 foar de oanlis fan de Harnzer yndustryhaven ôfbrutsen boupleats, dy’t stie op in hege hûsterp oan de Alddyk boppe Almenum, Mullum en Winaam. It teltsje fan Sytstra is de earste skriftlike delslach fan it duvel-skuorre-hoanne ferhaal yn Fryslân. Yn prinsipe wurdt itselde basisgegeven ferteld as by Waling Dykstra, al giet it hjir net om as stiennen opferve ûlebuorden en mist der nei it duvelswurk mar ien fan beide. Mar de tekst is folle koarter en beheint de ‘poaching’ ta it taskriuwen oan in lokaasje yn Fryslân. It teltsje bliuwt sûnder de eigen details en aksinten dy’t Dykstra yn sa romme mjitte oanbringe soe. By Sytstra is de boer inkeld ‘heislike min by kas’; hoe’t dat komt fernimme wy neat oer. En fan syn wiif wurdt ien kear opmurken dat it har ‘slimmens’ wie dy’t de saak rêde.

Oer it leauwe fan de minsken wurdt by Sytstra net praat. Hy leit yn syn presintaasje fan it teltsje de klam op de âldens fan de pleats en fermeldt dat op dat plak eartiids in stins stien hie, ‘ien der âldste edele staten fan Fryslân’. Wat hie er graach mear fan ’e skiednis witten: ‘Koene wy der ris efter komme, wat der al op dizze hoarnleger, fan de earste tiden ôf oan sa foar en nei bard is; nuver soene wy der faak fan opharkje.’ It giet him om de kreäasje en it yn rûlaasje bringen fan sêgen as histoarysk Frysk-nasjonaal materiaal, net om de mooglikheid fan it sjenre foar sosjaal kommentaar lykas by Dykstra.

Wêr hie Sytstra it ferhaal wei? Van der Kooi suggerearret dat er fan syn beppe yn Achlum fan it ferhaal oer Bolta State hearre kinnen hat.Jurjen van der Kooi, ‘Harlingen’, yn Willem de Blécourt, Ruben A. Koman, Jurjen van der Kooi en Theo Meder (red.), Verhalen van stad en streek: sagen en legenden in Nederland (Bert Bakker/Prometheus, Amsterdam 2010) 83-85. <https://pure.knaw.nl/portal/files/485640/VerhalenVan_Stad_EnStreek.pdf> Krigen 23 nov. 2017. Net út te sluten is lykwols dat it giet om in troch Sytstra sels kreëarre fariant op basis fan ien of twa skriftlike boarnen, yn alle gefallen de Flaamske folksfertelling ‘Die Teufelsscheune zu Gallemaerde’ út Wolf (1843).J.W. Wolf (gearst.), Nederlandsche overleveringen. Opnieuw bewerkt en met bijvoegselen vermeerderd (F. Wilkens, Groningen 1844), s. 327. Boppe it ferhaal (s. 327-329) stiet: ‘Kunst- en letter-blad 1840, s. 7.’ Dat sit sa, yn 1844 kaam de Nederlânske oersetting fan dy samling út, fersoarge en fan oantekeningen en fermelding fan boarnen foarsjoen troch Sytstra syn maat Tiede Dykstra, dy’t mei Wolf korrespondearre.Sjoch ek Philippus Breuker, Opkomst en bloei van het Friese nationalisme, 1740-1875 (Wijdemeer, Leeuwarden 2014) s. 149-150. Yn de oantekeningen by ‘De duivelsschuur te Gallemaarde’ seit Dykstra dat der yn Flaanderen in stikmannich fan sokke teltsjes omgeane, en as fierdere skriftlike boarnen wiist er op Gottschalk en Grimm. Ek meldt er alfêst, in jier foardat Iduna foar it earst ferskine soe: ‘Hetzelfde verhaalt men in Friesland van eene hoeve Bolta-state genaamd. Zie het verhaal opgenomen in Iduna, Fryske rym end unrym. Franeker 1845, p. 30.’J.W. Wolf (gearst.), Nederlandsche overleveringen. Opnieuw bewerkt en met bijvoegselen vermeerderd (F. Wilkens, Groningen 1844), s. 327-329. It kin wêze dat de datearring te ferklearjen is út it yn dielen ferskinen fan it boek, wêrfan’t de útjefte op in stuit staakt waard.

Dan liket wol dúdlik watfoar tekst foar Sytstra de direkte oanlieding west hawwe kin ta syn fertelling. Lykas by Sytstra is de oanklaaiing fan ‘De duivelsschuur te Gallemaarde’ summier. In ‘pachtboer’ yn Gallemaarde ferliest syn skuorre, ‘of door wind of door brand, dat weet ik niet’. Omrinnend yn de fjilden komt er in ‘heer’ tsjin, dy’t seit dat er him wol helpe wol as de boer mei syn eigen bloed in perkament tekenje wol, ‘dan zal morgen ochtend, voor de haan kraait, uwe schuur gereed staan; zoo niet dan is ons verdrag gebroken’. It hearskip krijt in nudle út ’e bûse, pript de boer der mei yn ’e hân en skriuwt mei dat bloed dy syn namme del (de boer tekenet dus sels net). Ek hjir bycht de boer nachts syn wandied oan syn wiif op. Sy is ek yn angst en frees. ‘Maar vrouwenlist gaat boven alle list, zegt een oud spreekwoord, en dat werd ook hier bewezen.’ De frou rint nei bûten, sjocht dat der noch in stik oan de sydmuorre mankearret, set de hannen oan ’e mûle en docht lûd de rop fan de hoanne nei. ‘Naderhand heeft men dikwerf getracht het gat digt te metselen, maar dan komt de duivel in den nacht en breekt het weder open, en dat enkel uit wraak, wijl de boerenvrouw hem zoo bedrogen heeft.’

Yn syn oantekeningen by de Nederlânske oersetting fan de fertelling wiist Tiede Dykstra noch op in oare fersy út Flaanderen: ‘Soortgelijke verhalen gaan nog van een twintigtal schuren in België om’, en dan neamt er ‘het duivelsdak te Hamelghem’ as foarbyld. Yn in werjefte fan dy fersy yn de roomske Brusselske krante L’Emancipation (13 novimber 1834), skriuwt Dykstra, binne it dwergen of kobolden dy’t it duvelswurk dogge. Hy sinjalearret oerienkomsten mei de Edda, it ferhaal fan de smid dy’t foar de Asen in stêd bouwe sil, ‘welke hij, daar hij door Loke’s list van de hulp zijns paards Svadilfare beroofd, niet voor het bepaalde tijdstip kan voltooijen.’ Yn de Nederlandse Volksverhalenbank is it Hamelgem-ferhaal opnommen as VOLKS91, ‘De schuur van Hamelgem’, yn de categorie VDK1191A*, ‘Voor de haan kraait boerderij bouwen’; de tekst is basearre op in (lette) skriftlike wjerfefte út 1889. (It Gallemaarde-ferhaal kom ik by Van der Kooi net tsjin.)‘VOLKS091 - De schuur van Hamelgem’, Nederlandse VolksverhalenBank, Meertens Instituut, s.a. <http://www.verhalenbank.nl/items/show/10758>. Foar de tekst wurdt ferwiisd nei Volkskunde. Tijdschrift voor Nederlandsche Folklore 2 (1889) p. 178. Sjoch ek: Michel van den Broeck, De duivelsschuur van Amelgem (Meise: Heemkundige Kring Berla 1987).

De belangrykste ferskillen mei de Gallemaarde-fersy is dat it yn Oppem, op de Hamelgem-pleats, giet oer in boer dy’t in nije skuorre wol om’t er syn rike rispinge net yn de âlde bergje kin. Mar hy ‘kon er het noodige geld niet (..) toe bijeenkrijgen’. Hy biedt dan net syn eigen siele, mar dy fan syn soan oan de duvel oan, in ferwizing nei it Bibelske offerferhaal oer Abraham en Isaak. De boerinne hat alles heard, rint nachts nei it hinnehok ‘en greep de haan bij de veren’, dy’t fan skrik begjint te kraaien. De duvelshelpers hiene de sydmuorren al klear en it dak der al op set, der wie inkeld noch in lyts gat ‘in de gevel’ iepen.

Men had ze vrij dicht te metselen, ‘s nachts kwam de duivel, en wierp de nieuwgeplaatste steenen op den grond. Zoo heeft men eindelijk van alle verdere pogingen afgezien, en de opening in den schuurgevel gelaten. Eerst vóor weinige werd de Duivelschuur afgebroken, en door eene nieuwe vervangen.

Ek Sytstra slút ôf mei te fermelden dat de skuorre yn kwestje der net mear is: ‘En no soe ik noch wol wat moais fan de âlde skuorre, wêrmei’t dit barde, en dy’t no in fjirtich jier lyn ôfbrutsen is, of fan dingen dy’t tsjintwurdich noch yn ’e huzinge te finen binne, fertelle kinne.’

Beide Flaamske ferhalen hawwe in dúdlik roomske achtergrûn. Dat oer de skuorre te Gallemaarde wurdt ynlaat mei mei de fêststelling dat de beafeartgongers nei Halle dy’t ûnderweis troch Gallemaarde komme, in krús slaan as se oan de duvelsskuorre foarby rinne: ‘Alle ongeloovigen spotten wel is waar daarmede, maar tot straf van hunne waanwijsheid blijft het wonder bestaan, en geen mensch kan het veranderen’. It ferhaal oer de skuorre te Hamelgem wurdt yn ferbân brocht mei de pleats Groot-Hamelgem, dêr’t in Flaamske kardinaal, Engelbertus Sterckx (1792-1867) berne is.Jef L. DC, ‘6 Groot Hof Amelgem’ ErfgoedOppem, 16 maaie 2013 <http://www.bloggen.be/erfgoedoppem/archief.php?startaantal=10> Krigen 23 novimber 2017. Ek Sytstra lit syn ferhaal spylje op in pleats dêr’t buorke wurdt troch in roomske húshâlding – miskien om’t Tiede Dykstra en hy it by de noas nimmen fan duvels earder by de roomsken as by protestanten sochten.

Bolta State stie oan ’e Alddyk, it paad dat Sytstra nei Harns ta rûn yn ’e jierren dat er wenne yn Winaam (1838-1840; 1843-1844) en Seisbierrum (1840-1843; 1844-1845). De pleats waard yn 1845 bewenne troch de roomske Paulus Johannes Tolsma (1804-1878) en Gelbrigje Anes Terpstra (1808-?).Sjoch Befolkingsregister ‘Alle Friezen’, Picturae Genealogie Opendata sets web <http://www.allefriezen.nl>. Op de pleats ‘De Hoanne’ yn Boer, dêr’t Waling Dykstra yn 1852 yn syn oantekeningen by ‘De stiennen ûlebuorden’ fan meldt dat it duvel-en-ûlebuordeferhaal dêr ek fan ferteld wurdt, buorke doe in jongere broer fan Paulus, Dominicus Johannes Tolsma (1796-1864). De ferhalen oer Bolta State boppe Harns en De Hoanne yn Boer komme dus út deselde famylje en berêste op deselde, skriftlike boarnen.

Faust

‘De “bedrogen duivel” of “domme duivel” is een geliefkoosde figuur van onze sagenwereld’, skreau de folkskundige Jos Schrijnen al:

Men laat den duivel wegen aanleggen, zoals te Ternath, schuren bouwen, als te Galmaarde, Hamelgem, Vilvoorde, Kessel-Loo, Bierbeek enz. Maar door het hanengekraai na te bootsen, dwingt men hem, op de vlucht te slaan; het werk blijft dan, althans ten deele, onvoltooid.Jos Schrijnen, Nederlandse volkskunde [1915], Dl. 1, 2e oanp. pr. (Gysbers & Van Loon, Arnhem 1977), s. 121.

It sjenre liket út Dútslân wei oerwaaid te wêzen nei de Lege Lannen nei de publikaasje fan ytlike foarbylden yn Grimm (1816). It giet dan om de fertellingen ‘Der Hülfenberg’, ‘Die Teufelsmühle’, ‘Die Sachsenhäuser Brücke’ en ‘Die Teufelsmauer’. Skriftlike fersys wiene der ek earder al, bygelyks yn Otmar (1800) en Gottschalk (1814). Sok noch frij resint boarnemateriaal wie foar sawol Sytstra as letter Waling Dykstra goed tagonklik en beide sille dêr by it skriuwen fan harren Fryske fersys profyt fan hân hawwe. Neffens Van der Kooi hat Dykstra sines skreaun as reaksje op dy fan Sytstra, om oan de mannen fan Iduna sjen te litten ‘dat er as ienfâldige bakker like goed gâns yn ’e marse hie’.Jurjen van der Kooi, Untank is it lean fan ’e wrâld; in âlde fabel jout better leksum as twa oeren preekjen; Fryske folksferhalen op rym (Stifting FFYRUG, Grins, 1997). Dykstra syn boerefrou hat har listigens, sa’t it liket, fan it Flaamske Gallemaarde-ferhaal: ‘Maar vrouwenlist gaat boven alle list’. Mar dêrby hat er, oars as Sytstra en Tiede Dykstra, socht nei in modern byld dat it werklike libben fan syn lêzers reitsje kinne soe. Dat fûn er yn de duvel as obligaasjeferliener, hypteekferstrekker, útliener, it hearskip dat libbens keapet mei syn jild.

In strofe út 1852, dy’t de wizige fersy fan 1871 net helle hat, bringt krekt dêrom de Dútske leginde oer Dokter Faust foar it fuotljocht:

Dokter Faust moast jiffers kile,

    Wagener dy krode sân,

En Virgilius’ seagefile,

    Ane Mein holp baes in hân,

En de snode Pacolet

Waerd oan ’t kalktameitsen set.

Yn de oantekeningen yn De Fryske Húsfreon neamt Dykstra in folksboek fan G.R. Widman oer de Faust-leginde út 1599Georg Rudolff Widman, Der wahrhaftigen Historien von den grewlichen und abschewlichen Sünden und Lastern/ auch von vielen wunderbarlichen und seltzamen ebentheuren: So D. Johannes Faustus Ein weitberuffener Schwartzkünstler und Ertzzauberer/ durch seine Schwartzkunst/ biss an seinen erschrecklichen end hat getrieben. Mit nothwendigen Erinnerungen und schönen Exempeln/ menniglichem zur Lehr und Warnung aussgestrichen und erklehret (Hamburg, 1599). en in werfertelling dêrfan yn Laurent van den Bergh, Nederlandse volksromans (1837).L.Ph.C. van den Bergh, Nederlandsche volksromans. Eene bijdrage tot de geschiedenis onzer letterkunde (M.H. Schonekat, Amsterdam 1837). Dykstra syn Faust is Hantsje en Hantsje syn doelwyt is Jan Minnes, de boer dy’t syn siele oan him ferkeapet om der better fan te wurden (wat fan him dus ek in soart Faust meitsje sil). It sil de belêzen Sytstra en Tiede Dykstra net ûntkaam wêze. Trije jier letter sil Gerben Colmjon in ferhaal oer Faust yn Ljouwert yn Iduna publisearje.Gerben Colmjon, ‘Doktor Faust to Liowerd’, Iduna XI (1855) s. 22-25.

Dykstra neamt sechstjinde-ieuske boarnen fan de Faust-leginde – doe’t it ferhaal noch foaral draaide om it ferkeapjen fan de siele oan de duvel – mar dat kin net ferbergje dat it de Faust fan Goethe liket te wêzen dy’t him yn ’e holle omspoeket. Dr. Faust sa’t er by Goethe nei foarren komt, wurdt wol sjoen as in fertsjintwurdiger fan ‘Bourgeois culture and the capitalist strive to modernization’.Luk Bouckaert en Rita Ghesquière, ‘Faust and the magic of entrepreneurship’, yn: Rita Ghesquière en Knut J. Ims, red., Heroes and anti-heroes. European literature and the ethics of leadership (Garant, Antwerpen/Apeldoorn 2010) s. 24. Dat de minsken oan it ein fan de achttjinde en it begjin fan de njoggentjinde ieu hieltyd mear de kapitalistyske konkurrinsje omearmje, wurdt symbolisearre mei it pact tusken Faust en Mephistopheles.Peter Nolan, Capitalism and Freedom. The Contradictory Character of Globalisation (Anthem Press, London/New York/Paris 2008) s. 92. Goethe’s Faust (it twadde part ferskynde yn 1832) kin dêrom ynterpretearre wurde as in stik oer de bedriging fan âlde maatskiplike struktueren troch it kapitalisme; sjoch nei de wize sa’t Mephisto de keizer behaget mei papierjild wylst der gjin ynvestearringen dien wurde en de ‘upper ten’ mar dekadint feestfiert. Faust is de entrepreneur by útstek, ‘but also (..) an barbaric person who cannot control his desire to accumulate ever more wealth’.Ralph T. Niemeyer, Germany after Capitalism. New Democracy – Old principles: The Wagenknecht Doctrine (iUniverse Inc., Bloomington 2012) s. 129.

Hoefolle lêzers it koarte optreden fan Faust yn ‘De stiennen ûlebuorden’ begrepen hawwe, is mar de fraach. Mar it boadskip wie it publyk likegoed wol dúdlik. Oft de stedske jildsjitters yn Ljouwert – Koumans Smeding, Zeper – der sa bliid mei wiene, is fers twa.

Folklorisearring

Yn de lettere, Nederlânsktalige proazafersys yn Andreae (1877) en Dykstra (1892-1896) hat it ferhaal nochal wat fan syn maatskiplike lading ferlern. Sa lêst men net mear dat de boer al syn besit ferpand hie. Inkeld dat it him en syn frou ‘niet voordeelig ging in de wereld’ en dat er gjin jild liene koe. Hantsje is folle minder dúdlik sakeman. Ek de Faust-ferliking is ferdwûn, lykas de fermelding dat Hantsje holpen waard troch duvelbanders. De tsjinstelling tusken man en frou wurdt minder skerp tekene.

Wat der oerbliuwt yn in tiid dy’t oergie fan lústerjen nei lêzen, is in glimkje om de nuvere wederwaardichheden fan pake en beppe. Dy ûntjouwing kin de folklorisearring fan de neo-folk hjitte: de skerpe kantsjes wurde derôf helle, maatskippijkrityk wurdt bedutsen, details en aksinten ferdwine en wat oerbliuwt wurdt as statysk ‘folkseigen’ yn it museum bewarre of as autentyk mar ferlern ‘volksleven’ as Hollânsktalige bestseller ferkocht. Tagelyk is it in teken fan Fryske nasjonalisearring: nasjonale ynventarisaasjes wurde tasnijd op it hiele folk, in rykdom oan ferhalen, tradysjes, gebrûken wurdt ynset om maatskiplike ferskillen en tsjinstellingen te oerbrêgjen mei ‘Fryskens’.

Fryske kultuer moast yn it tredde kwart fan de njoggentjinde ieu oan it eigen folk sjen litten wurde, mar ek oan net-Friezen, oan Nederlanders. Net allinnich de Grutte Histoaryske Tentoanstelling fan 1877 yn Ljouwert is dêr in foarbyld fan. Yn de ynlieding fan de werútjefte fan de kulturele reisgids Friesland en de Friezen fan 1974 skreau Sytse Jan van der Molen dat útjouwer en inisjatyf­nimmer fan it projekt Hugo Suringar him yn 1877 ‘wel bewust was wat de vreemdeling ook toen al in Friesland zocht, namelijk het andere, het ongewone, het karakteristieke, het “Frysk-eigene” in de opvatting van die dagen.’ Dat Frysk-eigene waard lykwols mear en mear socht yn kultuer dy’t oan it ferdwinen en útstjerren wie. ‘De geest onzer eeuw’, skreau Dykstra yn 1892 yn it foarwurd by syn Uit Friesland’s volksleven,

heeft in het volksleven vele veranderingen bewerkt, ook op het gebied van volksgeloof en volksgebruiken. Wat er van dien aard in den eenen of anderen hoek is blijven voortbestaan zal zeker ook na korter of langer tijd moeten verdwijnen. Zou het daarom niet goed zijn, wat nog te behouden is bijeen te brengen om aan de vergetelheid te onttrekken?

Fan skepper fan krityske literatuer wie Waling Dykstra feroare yn argivaris, sawol fan ‘folkseigen’ as fan eigen wurk. Van der Molen neamt him ien fan de ‘kleinere goden’ ûnder de meiwurkers oan Friesland en de Friezen. Hy wie ‘de bekende publicist, folklorist en taalkundige’. Net: de bekende skriuwer, dichter of literator. It yn ’e Fryske literatuerskiednis en it publike discours oer literatuer wiid fersprate fersin, om Dykstra foaral te wurdearjen om fan alles behalve om syn keunstnerskip,Behalve nei it sitaat boppe dit stik fan G.N. Visser is der safolle dêr’t op wiisd wurde kinne soe. Ik folstean hjir mar mei twa oanhellingen út kranteberjochten fan Frysk-kulturele swiergewichten nei de Twadde Wrâldoarloch. Sjoerd van der Schaaf, ‘Waling Dykstra, folksskriuwer en sedemaster’, De Heerenveensche Koerier (3 juny 1949): ‘It is dúdlik dat de bitsjutting fan Waling Dykstra net op it foarste plak op literair gebiet leit. Hwat hy en de oare folksskriuwers út de twadde helte fan de njoggentjinde ieu biskreaun en biskrept hawwe, hat yndie mei literatuer net sa hiel folle te meitsjen.’ Jan Piebenga, ‘Laekspegel en leksum’, Leeuwarder Courant (23 maart 1954): ‘It sil party minsken en binammen jongelju net sa maklik falle Waling Dykstra no noch to lêzen. Hy heart sa folslein by de njoggentjinde ieu en fortsjintwurdige sa sterk it yn selsfoldienens suver binypte liberalisme, dat mannichien hat syn wurk yn it museum in plakje jown.’ blykt wer as de lêzer de foklorisearjende proazafersy fan ‘De stiennen ûlebuorden’ oan kant leit, en weromgiet nei it ferhaal as gedicht. Dan komt er yn ’e duvelsskuorre fan ’e keunst. Dêr treft er in strang foarmjûne literêre skepping oan, fan grutte taalmacht, fol byld, kleur en fynsten, in yntertekstueel dichttechnysk masterstik, likegoed as in mei rûne tonge út te sprekken ‘stream of speech’ fol sosjale betsjutting en relevânsje – dát is vintage Waling Dykstra.

Noaten

  1. It oantal samlingen fan Fryske saneamde folksferhalen is grut. De belangryksten binne Dykstra (1892-1896), Van der Molen (1939-1943); Poortinga (1976); Van der Kooi (1979) en Van der Kooi (1997).
  2. Douwe Kootstra en Jurjen van der Kooi, De wiete poes en oare ûnfoege folksferhalen (Utjouwerij Regaad, Grins 2017).
  3. Jurjen van der Kooi, Volksverhalen in Friesland. Lectuur en mondelinge overlevering. Een typencatalogus (Stifting FFYRUG, Groningen 1984).
  4. Harmen Sytstra, ‘Bolta State’, Iduna I (1845) s. 30. Fierderop oer de oarsprong fan it teltsje.
  5. Waling Dykstra, ‘De stiennen ûlebuorden’, De Fryske Húsfreon II (1852); wizige fersy yn Waling Dykstra, Ald en nij. Rimen en teltsjes (Telenga, Frjentsjer 1871) s. 39-48. Nederlânsktalige proazafersy fan Dykstra yn Andreae (1877) en Dykstra (1892-1896). Fersy fan 1871 werprinte yn Sljucht en Rjucht 3 (18 febrewaris 1899) s. 19-20; Sjucht en Rjucht 4 (25 febrewaris 1899) s. 27-28.
  6. Donald P. Haase, ‘Gold into straw: fairy tale movies for children and the culture industry’, The Lion and the Unicorn 12:2 (1988): 193-207; s. 193.
  7. Kinga Varga-Dobai, ‘From folk tales to popular culture: Poaching and relevance in the process of history’, Folklore 40 (2008) 21-36, s. 27. doi:10/7592/FEJF2008.40.varga.
  8. Ibid., s. 23, Varga ferwiist nei John Fiske syn Understanding popular culture (1989).
  9. Ibid., s. 24.
  10. Mei it ûnderskied tusken ‘mearke’ en ‘sêge’ (beide wurden binne nijfoarmingen fan Tiede Dykstra) hâld ik my hjir net dwaande. Sjoch dêrfoar Van der Kooi (1988).
  11. Alsa yn it kaartsysteem fan de FA op De Fryske Húsfreon: ‘De stienen uleboerden (s. 105) [Tr.: rymstik, (mei illustraasje), 12 bls. sage. De bekende sage fan W.D. berime en ek yn syn letter útjeften opnomd]. Letter ek opnommen yn Ald en nij (1871). Oantekeningen oer De stienen uleboerden (s. 117) [Tr.: proaza, 5 bls., artikel, oer De Stienen Uleboerden mei opjefte fan bronnen, etc.]’. Sjoch ek Van der Kooi syn opmerking yn de oantekeningen by ‘De stiennen ûlebuorden’ yn Van der Kooi (1997), s. 194: ‘Hy fertelt mei dit domme duvelteltsje ien fan ’e allerbekendste, ek hjoeddedei noch yn it ûnthâld libjende Fryske folksferhalen nei.’
  12. Sjoch ek S.D. de Jong, ‘Nije Fryske lûden. IX. Fryske folklore’, Leeuwarder Courant, 11 juny 1936; G.J. de Jong, ‘De stiennen ûleboerden’, Sljucht en Rjucht 45-39 (27 septimber 1941); R.S. Roarda, ‘Fan in âld boereslachte en de pleats “De Stiennen Ulebuorden”’, Frysk Lânboublêd, 8 maart 1946; Jacob Jetzes Kalma, ‘De Stiennen Ulebuorden’, Nieuw Friesland 24 (21 desimber 1946); E.B. Folkertsma, ‘De pleats mei de stiennen ûlebuorden’, RONO, 10 novimber 1955; De Stiennen Man 11 (1958); S.J. van der Molen, ‘Om hûs en hear: “stiennen ûlebuorden” wiene der mear as op ien plak!’, Frysk en Frij (26 augustus 1989).
  13. Yn in grut tal troch Dam Jaarsma en Ype Poortinga yn de sechstiger en santiger jierren fan de tweintichste ieu út de folksmûle optekene ûleboerdfarianten te lêzen op <http://www.verhalenbank.nl> is de boer inkeld mar earm, noait is der praat fan ferpandingen, idelens of de foarstelling fan de duvel as in rike sakeman. Ek de frou hat, miskien ferrassend, hieltyd folle minder reliëf as yn Dykstra syn boarnetekst. Ek fan in religieuze tekening fan it boere-echtpear lykas by Dykstra is yn de lettere folksferhalen gjin sprake mear. De folksmûle hat de skriftlike boarnetekst ûntdien fan syn morele en politike skerpte. Dykstra hat dêrby sels in rol spile mei syn Nederlânske oersettingen yn proaza; fierderop kom ik dêr op werom.
  14. De term stel ik hjir fan Ruth Wisse, dy’t him brûkte as omskriuwing fan it wurk fan de Poalsk-jiddyske dichter Itzik Manger (1901-1969): ‘Much of the humor and charm of Manger’s ballads derive not from their simplicity, but from their wicked juxtaposition of cultivated European ideas and forms with the ideomatic usage of marketplace Jews and the worn coin of fairy-tales. Sit. yn: Susanne Klingenstein, Enlarging America. The Cultural Work of Jewish Literary Scholars, 1930-1990 (Syracuse University Press, New York 1998) s. 350.
  15. ‘Stenen uilenborden’, Nederlandse VolksverhalenBank, Meertens Intstituut <http://www.verhalenbank.nl/items/show/51244>. Krigen 9 novimber 2017.
  16. Theo Meder, The Flying Dutchman and other folktales from The Netherlands (Libraries Unlimited: Westport/Connecticut/London, 2008) 90-94 (‘The Stone Owl-Boards’).
  17. Jurjen van der Kooi (gearst), Voksverhalen uit Friesland (Spectrum, Utrecht/Antwerpen, 1979), s. 273.
  18. Meder (2008), s. 112: ‘The story was told to collector A.A. Jaarsma around 1965 by Mrs. Geeske Kobus-van der Zee from Nijega (Friesland).’
  19. <http://www.verhalenbank.nl/items/show/51244>. Krigen 9 novimber 2017.
  20. Abe de Vries, ‘De betsjoende boeredochter. Skriuwer en mienskip yn it Spannum fan Waling Dykstra’, Fers2 3.9 (7 maaie 2017). Webadres: <http://www.fers2.eu/de-betsjoende-boeredochter/>. Krigen: 11 novimber 2017.
  21. Abe de Vries, ‘De histoarje fan de duvel en Watse Klop. Waling Dykstra, in folksferhaal en de skoalstriid yn Noard-Fryslân’, Fers2 3.5 (12 maart 2017). Webadres: <http://www.fers2.eu/de-histoarje-fan-de-duvel-en-watse-klop/>. Krigen: 11 novimber 2017.
  22. Sjoch Kadaster op <http://www.hisgis.nl/>, Fryske Akademy. Hy is dan fan ‘Edzart van Grovestins gezamenlijke erfgenamen’. Yn 1698 is er fan Watze Glinstra [letter fan Johannes Glinstra] en Schelte van Hiemstra, ‘uit naam van zijn vrouw’. Foar dy tiid moat de eigendom fan de pleats dus skaat wêze fan dat fan de Grovestins.
  23. Reinder Brolsma, ‘Langs de akkers. Hoop en verwachting over den nieuwen oogst’, Nieuwsblad van Friesland (26 juny 1940). Brolsma fertelt hjir in lêste fersy fan it ûlebuordeferhaal. De pleats is dan wol op befel fan hegerhân ôfbrutsen, mar datselde befel hat syn flater ynsjoen en opdracht jûn om der in nijenien foar yn ’t plak te setten.
  24. Jurjen van der Kooi, Untank is it lean fan ’e wrâld; in âlde fabel jout better leksum as twa oeren preekjen; Fryske folksferhalen op rym (Stifting FFYRUG, Grins, 1997), s. 194.
  25. Yn dit ferbân is it lettere kontakt mei de wrâldferneamde Fryske feefokker Kornelis Nannes Kuperus (1844-1917) út Marssum opfallend. Sjoch Waling Dykstra, ‘De stiennen Uleboerden’, Sljucht en Rjucht 9 (29 maart 1902) s. 65-66; de tekening fan de pleats ‘De stiennen oeleboarden’ troch P. Krediet, Sljucht en Rjucht 9 (29 maart 1902) s. 69; Sjouke de Zee, ‘In forneamde Boerkerij’, Sljucht en Rjucht 16 (17 maaie 1902) s. 121-123; Foto fan de pleats fan Kuperus yn Sljucht en Rjucht 16 (17 maaie 1902) s. 127; [ferfolch] Sljucht en Rjucht 17 (24 maaie 1902) s. 129-131; Sljucht en Rjucht 18 (31 maaie 1902) s. 137-140; Sljucht en Rjucht 19 (7 juny 1902) s. 145-147; Sljucht en Rjucht 20 (14 juny 1902) s. 153-155; ‘De bikroanne Trijetallen’ [foto’s fan Kuperus syn priiswinnende kij], Sljucht en Rjucht 19 (7 juny 1902) s. 149; oare foto’s fan syn kij yn Sljucht en Rjucht 19 (7 juny 1902) s. 154, 157; ‘K.N. Kuperus’, Sljucht en Rjucht 15 (9 maaie 1908) s. 173-175 [portetfoto fan K.N. Kuperus op s. 171); Waling Dykstra, ‘Oan de Hear Knilles Nannes Kuperus to Marsum’ [gedicht], Sljucht en Rjucht 27 (2 augustus 1902)i; ‘Fryslân bitsjut yet wol hwet’, Sljucht en Rjucht 22 (22 juny 1912) s. 263. De oerpake Nanne Jans Kuperus (1751-1817) fan Kornelis Nannes Kuperus wie in omke fan ús Jan Minnes Kuperus en ek berne op ‘De stiennen ûlebuorden’ yn Ingelum. Boarne: Genealogie Kuperus Marssum, webadres: <http://www.kuperus.nu/uploads/large/Genealogie_Cuperus-Marssum.pdf>. Krigen 14 novimber 2017. Waling Dykstra syn Koopmans-foarâlden (fia syn mem) kamen ek út Ingelum; Jan Minnes Kuperus wie troud mei in Koopmans; Kornelis Nannes Kuperus ek.
  26. Sjoch Befolkingsregister ‘Alle Friezen’, Picturae Genealogie Opendata sets web <http://www.allefriezen.nl>.
  27. Sjoch ‘Genealogy’, Erfgoed Fundaasje, 2017 <http://www.erfgoed-fundaasje.nl/koopal/genealogyy/>.
  28. Leeuwarder Courant, 11 juny 1850.
  29. Leeuwarder Courant, 7 juny 1850.
  30. Leeuwarder Courant, 13 septimber 1850.
  31. Sjoch ‘Resources: Personen’ Huygens ING <http://resources.huygens.knaw.nl/repertoriumambtsdragersambtenaren1428-1861/app/personen/2558>
  32. Nieuw Nederlandsch Biografisch Woordenboek, dl. 9, s. 1311-1312. Webadres: <http://resources.huygens.knaw.nl/retroboeken/nnbw/#source=9&page=663&view=imagePane>. Krigen: 11 novimber 2017.
  33. ‘De oude doos’, www.engelum.com, 27 juny 2014 <https://www.engelum.com/engelum/de-oude-doos> Krigen 25 novimber 2017.
  34. <http://www.allefriezen.nl>.
  35. ‘Jakob Jakobs Swiers’, Digitale bibliotheek voor de Nederlandse Letteren <http://www.dbnl.org/auteurs/auteur.php?id=swie002>.
  36. Leeuwarder Courant, 1 desimber 1934.
  37. Sjoch de brief fan Waling Dykstra oan Tsjibbe Gearts van der Meulen, dd. 28 july 1851. Ofprinte yn: Geert Aeilco Wumkes, Bodders yn de Fryske striid (A.J. Osinga, Boalsert 1926) s. 373. Sjoch ek De Vries, ‘Boeredochter’.
  38. Jurjen van der Kooi, ‘Harlingen’, yn Willem de Blécourt, Ruben A. Koman, Jurjen van der Kooi en Theo Meder (red.), Verhalen van stad en streek: sagen en legenden in Nederland (Bert Bakker/Prometheus, Amsterdam 2010) 83-85. <https://pure.knaw.nl/portal/files/485640/VerhalenVan_Stad_EnStreek.pdf> Krigen 23 nov. 2017.
  39. J.W. Wolf (gearst.), Nederlandsche overleveringen. Opnieuw bewerkt en met bijvoegselen vermeerderd (F. Wilkens, Groningen 1844), s. 327. Boppe it ferhaal (s. 327-329) stiet: ‘Kunst- en letter-blad 1840, s. 7.’
  40. Sjoch ek Philippus Breuker, Opkomst en bloei van het Friese nationalisme, 1740-1875 (Wijdemeer, Leeuwarden 2014) s. 149-150.
  41. Wolf (1844), s. 327-329. It kin wêze dat de datearring te ferklearjen is út it yn dielen ferskinen fan it boek, wêrfan’t de útjefte op in stuit staakt waard.
  42. ‘VOLKS091 - De schuur van Hamelgem’, Nederlandse VolksverhalenBank, Meertens Instituut, s.a. <http://www.verhalenbank.nl/items/show/10758>. Foar de tekst wurdt ferwiisd nei Volkskunde. Tijdschrift voor Nederlandsche Folklore 2 (1889) p. 178. Sjoch ek: Michel van den Broeck, De duivelsschuur van Amelgem (Meise: Heemkundige Kring Berla 1987).
  43. Jef L. DC, ‘6 Groot Hof Amelgem’ ErfgoedOppem, 16 maaie 2013 <http://www.bloggen.be/erfgoedoppem/archief.php?startaantal=10> Krigen 23 novimber 2017.
  44. <http://www.allefriezen.nl>.
  45. Jos Schrijnen, Nederlandse volkskunde [1915], Dl. 1, 2e oanp. pr. (Gysbers & Van Loon, Arnhem 1977), s. 121.
  46. Van der Kooi (1997).
  47. Georg Rudolff Widman, Der wahrhaftigen Historien von den grewlichen und abschewlichen Sünden und Lastern/ auch von vielen wunderbarlichen und seltzamen ebentheuren: So D. Johannes Faustus Ein weitberuffener Schwartzkünstler und Ertzzauberer/ durch seine Schwartzkunst/ biss an seinen erschrecklichen end hat getrieben. Mit nothwendigen Erinnerungen und schönen Exempeln/ menniglichem zur Lehr und Warnung aussgestrichen und erklehret (Hamburg, 1599).
  48. L.Ph.C. van den Bergh, Nederlandsche volksromans. Eene bijdrage tot de geschiedenis onzer letterkunde (M.H. Schonekat, Amsterdam 1837).
  49. Gerben Colmjon, ‘Doktor Faust to Liowerd’, Iduna XI (1855) s. 22-25.
  50. Luk Bouckaert en Rita Ghesquière, ‘Faust and the magic of entrepreneurship’, yn: Rita Ghesquière en Knut J. Ims, red., Heroes and anti-heroes. European literature and the ethics of leadership (Garant, Antwerpen/Apeldoorn 2010) s. 24.
  51. Peter Nolan, Capitalism and Freedom. The Contradictory Character of Globalisation (Anthem Press, London/New York/Paris 2008) s. 92.
  52. Ralph T. Niemeyer, Germany after Capitalism. New Democracy – Old principles: The Wagenknecht Doctrine (iUniverse Inc., Bloomington 2012) s. 129.
  53. Behalve nei it sitaat boppe dit stik fan G.N. Visser is der safolle dêr’t op wiisd wurde kinne soe. Ik folstean hjir mar mei twa oanhellingen út kranteberjochten fan Frysk-kulturele swiergewichten nei de Twadde Wrâldoarloch. Sjoerd van der Schaaf, ‘Waling Dykstra, folksskriuwer en sedemaster’, De Heerenveensche Koerier (3 juny 1949): ‘It is dúdlik dat de bitsjutting fan Waling Dykstra net op it foarste plak op literair gebiet leit. Hwat hy en de oare folksskriuwers út de twadde helte fan de njoggentjinde ieu biskreaun en biskrept hawwe, hat yndie mei literatuer net sa hiel folle te meitsjen.’ Jan Piebenga, ‘Laekspegel en leksum’, Leeuwarder Courant (23 maart 1954): ‘It sil party minsken en binammen jongelju net sa maklik falle Waling Dykstra no noch to lêzen. Hy heart sa folslein by de njoggentjinde ieu en fortsjintwurdige sa sterk it yn selsfoldienens suver binypte liberalisme, dat mannichien hat syn wurk yn it museum in plakje jown.’

Boarnen

Andreae, J.A. et.al. (1877). Friesland en de Friezen. Gids voor de reizenden. Suringar: Leeuwarden.

De Certeau, Michel (1984). The Practice of Everyday Life. Transl. Steven Rendall. Berkeley: University of California Press.

Dykstra, Waling (1892-1896). Uit Friesland’s volksleven van vroeger en later. 2 Dln. Leeuwarden: Hugo Suringar.

Fiske, John (1989a). Reading the Popular. Boston: Unwin Hyman.

--- (1989b). Understanding Popular Culture. Boston: Unwin Hyman

Gottschalk, Friedrich (1814). Die Sagen und Volksmärchen der Deutschen. Halle: Hemmerde und Schwetschke.

Grimm, Jakob en Wilhelm (1816-1818). Deutsche Sagen. Berlin: Nicolai.

Jenkins, Henry (1992). Textual Poachers: Television Fans & Participatory Culture. New York: Routledge.

--- (2006). Fans, Bloggers, and Gamers: Exploring Participatory Culture. New York: New York University Press.

Kooi, Jurjen van der, ed. (1979). Volksverhalen uit Friesland. Utrecht/Antwerpen: Uitgeverij Het Spectrum.

---, B.A. Gezelle Meerburg (1990). Friesische Märchen. München: Eugen Diederichs.

Kooi, Jurjen van der (1984). Volksverhalen in Friesland. Lectuur en mondelinge overlevering; een typencatalogus. Groningen: Stifting FFYGUG.

--- (1988). ‘Volksverhaal en sage. Definities, afbakening, valkuilen en mogelijkheden.’ Yn: Driemaandlijkse bladen 40: 173-187.

--- (1997). Untank is it lean fan ’e wrâld. Fryske folksferhalen op rym. Grins: Stifting FRYGUG.

--- (1998). ‘Het sprookje tussen orale en schriftelijke overlevering.’ Yn: Volkskundig bulletin 24:2: 238-254.

--- (2006). ‘Märchen zwischen mündlicher Überlieferung und literarischer Tradition.’Yn: Erzähler und Erzähltes: Vortragsveranstaltung anlässlich des 70. Geburtstages von H.L. Cox. Bonn : Rheinische Vereinigung für Volkskunde: 29-43.

--- (2010). ‘Harlingen.’ Yn: Willem de Blécourt et.al., ed. Verhalen van stad en streek. Sagen en legenden in Nederland. Amsterdam: Uitgeverij Bert Bakker.

Lox, H. (1995). ‘De ontwikkeling van volkssprookjes tot kindersprookjes. De gebroeders Grimm en het actuele sprookjeslandschap in Vlaanderen.’ Yn: Oostvlaamse Zanten 70-2/3: 167-177.

Meder, Theo ed. (2000). De magische vlucht. Nederlandse volksverhalen uit de collectie van het Meertens Instituut. Amsterdam: Uitgeverij Bert Bakker.

--- (2008). ‘The Stone Owl-Boards.’ Yn: Theo Meder, ed. The Flying Dutchman and other folktales from The Netherlands. Libraries Unlimited:Westport/Connecticut/London.

--- (2010). ‘Volkscultuur en identiteit. Het volksverhaal als icoon van de lokale gemeenschap’. Yn: Levend erfgoed. Vakblad voor public folklore & public history 7-2: 14-21.

Molen, Sytse Jan van der (1939-1943). Frysk sêgeboek. Assen: Van Gorcum.

Otmar [ps. fan Johann Karl Christoph Nachtigal] (1800). Volcks-Sagen. Bremen: Wilmans

Poortinga, Ype (1976). De ring fan it ljocht. Fryske folksforhalen. Baarn/Leeuwarden: Bosch & Keuning/De Tille. [en fierdere dielen yn de rige]

Schrijnen, Jos (1915; 1977). Nederlandsche volkskunde. 2 Dln. Arnhem: Gysbers en Van Loon.

Varga-Dobai, Kinga (2008). ‘From folktales to popular culture: “poaching” and “relevance” in the process of history’. Yn: Folklore (online) 40: 21-36.

Wolf, Johann Wilhelm (1843). Niederländische Sagen. Leipzig, Brockhaus.

Wolf, Johann Wilhelm (1844). Nederlandsche volksoverleveringen. Opnieuw bewerkt en met bijvoegselen vermeerderd [troch Tiede Dykstra]. Groningen: F. Wilkens.

De stiennen ûlebuorden

Der wenne koartby Ingelum,

    Foar trije- of fjouwerhûndert jier,

In húsman sljucht en rjucht en from,

    Mei ’n wiif, dat kras en himmel wie;

En jimmer warber wie’n se beide

Hja thús, hy op ’e bou en greide.

Syn âlden lieten foar him nei

    In pleats, net mâle grut, mar bêst.

Hy wie dêr moai it jonkje mei,

    Hy koe dêr libje sonder lêst,

As mar gjin al te swiere slagen

Syn libbenslok de doar út jagen.

Mar hoe’t it yn ’e wide wrâld

    Soms mei de dingen rinne kin,

En dat dy’t het, ek sines hâldt,

    Dêr is alheel gjin sizzen fan.

Alteast dy lju, hoe kloek se wiene,

Bemurken dat se net bestiene.

Hja buorken mar oanhâldend min,

    En wêr ’t oan lei begriep gjin ien.

Hja moasten jimmer, tsjin har sin,

    By oaren freegje om jild te lien,

Wêrtroch se ’t hûs mei alle lannen

Allinkenwei alheel ferpannen.

De boer swiersettich fan bestean

    Hie faak in tipeltûzich sin.

Dan sei er: „’t Helpt my net in bean

    Hoe ’k skrep en skuor en warber bin.

Mar ’t wyfke, oars ek net onferskillich,

Bleau rom om ’t hert en droech it willich.

„’t Is”, sei se, „krekt as ’t by my leit,

    It rint ús ienkear noch ris mei.”

Mar sjuch, in nije swierrichheid

    Dreau ek by har dy hope wei.

Dat wie har âlde wrakke skuorre,

Sa slop fan kape en swak fan muorre.

By felle stoarm en hurde wyn

    Dan skodde en kreake er dat ’t wat die,

Der waaiden dan soms gatten yn,

    Dêr’t hast gjin stopjensein oan wie.

Hja wiene der altyd foar beskromme,

De boel soe noch fan boppen komme.

’t Koe sikerwier net langer sa,

    It fee hie ’t kâld en ’t nôt bedoar.

’t Wie oan in nije skuorre ta;

nbsp;   Mar o! dêr siet in kearstok foar.

De boer syn pong woe dat net lije

En nearne koe er jild mear krije.

’t Wie op in hjerstjûn, ’t waaide fel,

    Us boerke, noch allinne op wei,

Tocht: „O! kaam nou myn skuorre del,

    Myn hele wolfeart lei dêr mei.

Myn lêst wurdt alle dagen slimmer,

Te boppe komme kin ’k it nimmer.”

Dêr kaam him ien fan eft’ren yn,

    Heel deftich yn menear en toan,

Dy sei: „Wel man! Wat skuort dy wyn,

    ’t Komt op ’e boereskuorren oan.” –

„Ja”, sei de boer, „ik frees, myn âlde

Sil ’t sa net langer steande hâlde.”

Dy man sei: „’t Is te dwaas, sawier,

    Dat immen soks ferslofje lit;

Want waaide nou jo skuorre omfier,

    Hoe’n skea wie dat?” - „Ja, freon, mar wit,

It stiet oan ’t wollen net allinne,

Men moat it ek betelje kinne.” –

„O heden, boer! as dat jo let

    Bin ik de rjuchte man foar jo,

As ik foar jo in skuorre set,

    Dan ha je ’m kreep goedkeap en gau,

Sels earder as ’t moarnier wer daget.

Kin ik it klearje, as dat jo haget.”

Dêr skrille ’t boerke siker fan.

    „As jo dat kinne bin je wis

In tige rare timmerman,

    Dy’t mear kin as te winskjen is;

Want sonder duvelskeunstnerijen

Is dat net foar elkoar te krijen.”

It hearskip sei: „Wurd net ferheard.

    Ik bin de man, dy’t men algemien

De kweade neamt, hoewol ferkeard,

    Want goed ha ’k altyd folle dien.

Ik holp in boel ferleegne minsken;

Ek jo wol ’k helpe nei jo winsken.”

Alheel ferbûke stie de boer.

    „Nou kom”, sei Hantsje, „draal net mear,

Jou willich oan myn tsjinst dy oer,

    Dan is moarnier dyn skuorre klear.

Lit earst in goed kontrakt ús meitsje,

Dan kin gjinien bedragen reitsje.” –

„O nee, ferlieder! gean hjir wei!

    Sa’n skuorre kaam my al te djoer,

Hoe heech de need ek komme mei,

    Do hellest dêrta my net oer.

Nee, leaver earremoed en skande

As dat ’k myn siele oan dy ferpande.” –

„Mar as de stoarmwyn nou te nacht –

    Hark, hark! syn âljen en gebear, -

Dyn skuorre tsjin ’e grûn oan slacht,

    Dan hest net ienris bisten mear;

Dan silst’ gjin boer mear bliuwe kinne.

Dêrom, ik soe my goed besinne.

„Betrou dyn saken mar oan my,

    Dan hast in libben sonder noed.

Myn tsjinst is lang gjin slavernij,

    Nee, siker, ik bin tige goed.

It sil dy noait oan jild ontbrekke;

As krapte heste kinst mar sprekke.

„Ik set dy ’n skuorre kant en klear

    Foardat moarnier de hoanne kraait.

En mist dat – op myn wurd fan ear!

    Dan is de boel foar my bekaaid,

Dan haw ik neat oer dy te sizzen.

Wat hest dêr nou tsjin yn te lizzen?”

De boer wie mei himsels yn striid.

    In hele nije skuorre sa

Te krijen yn sa’n koarte tiid,

    Dat like ’m siker aardich ta.

En nei ’t er noch wat hakketakke,

Doe draaide er by, ’t kontrakt waard makke.

Hy sei tsjin ’t wiif: „Ik bin yn noed

    Oer ’t fee; as moarn de skuorre ’s lei!

Ik achtsje ’t foar de nacht wol goed

    Da ’k alle bisten ’t lân yn jei.

Wat ek syn wyfke goed talike;

Hja wist net wat der efter stike.

By stoarmich waar en tsjust’re nacht

    Wie Hantsje alear faak op in baan.

Dan krige er licht ien yn syn macht,

    Want grutte onthjitten koe er dwaan.

Syn macht is oer, syn jild fersille.

[Yn 1852 noch mei dizze strofe:]

Mar hawwe wy sa’n taflecht net,

    Sit immen soms om jild yn need,

Dan wurdt er nou yet ek wol redt;

    Der benne helpers by de fleet,

Dy frjeunlik immen ropje kenne:

’k Tink dat dat Hantsjes feinten binne.

*

Ingelum sloech tolve slaggen,

    Wylst de noarderbuien fel

Oer de swarte lannen jagen.

    Dêr saaide yn ’e lichte del,

Ut in tsjustere onwaarswolk,

Hantsje mei syn timmerfolk.

Elk foar oar hie wat op ’t skouder;

    Dy in pypkoer mei in rij,

Dy in kalkbak, en men sjoude der

    Doarren, posten, stilen by.

Efter tôgen tsien by tsien

Elkmes mei in lading stien.

Elk smiet gau syn fracht derhinne,

    Wylst er hime, pûst’ en blaaid’.

Baas sei: „As we ’t rêde kinne

    Ear’t moarnier de hoanne kraait,

ik tritich ankers wyn.”

Dat blaasde elk de moed wer yn.

Trije slagen op ’e muorre,

    Mei in moker rom sa grou

As in beam, dêr lei de skuorre

    Tsjin ’e grûn oan as in strou.

„Flink!” rôp Hantsje, „feinten, kom,

Meitsje gau de boel wat rom!”

Nou, syn feinten wienen machtich,

    Linich wie ’t âld guod dêr wei,

Duvelbanders mear as tachtich

    Hie ’r as opperljuwe mei.

Fyftich tsjoensters yn it hôf

Bikken de âlde stien wat ôf.

[Yn 1852 noch mei dizze strofe:]

Dokter Faust moast jiffers kile,

    Wagener dy krode sân,

En Virgilius’ seagefile,

    Ane Mein holp baes in hân,

En de snode Pacolet

Waerd oan ’t kalktameitsen set.

Bjuster gyng ’t der op in houwen,

    Op in bûtsen en gereach.

Núv’re snieddich gyng it bouwen,

    ’t Wie as ’t wurk omhegens fleach.

Hantsje hie gjin soargen mear,

’t Wurk kaam op ’e tiid wol klear.

*

De boer lei op syn bêd te switten;

Hy hearde ’t gyng der raar om wei.

„Och heden!” tocht er, „hie ’k it litten!

Nou is ’t te let, myn rêst is wei!”

In net te stopjen wel fan rouwe

Kin soms in amerij jin brouwe,

In libben fol fan bitend sear.

En dat mar om wat idele ear.

’t Geraas klonk ek syn wiif yn ’e earen.

„Och, hark ris!” sei se skril tsjin him,

„Wat is dat foar ougryslik bearen?

It wurdt my sikerwier te slim.

’k Sei oars, ús skuorre komt fan boppen,

Mar ’k hear ek jimmerwei guons roppen,

En klopjen en gebûts der by.

It bêdsteed skoddet onder my.

„As soks hjir oanhâldt doar ’k net langer

Hjir wenje by sa’n near gespoek.”

It waard de boer ek jimmer banger,

Hoe neier ’t nei de moarn ta loek.

Hy koe ’t op ’t lêst net langer swije.

Hy sei tsjin ’t wiif: „Dy tsjirmerije

Sil dy net lette, mar, o fij!

Wat bitt’re fruchten jout it my.

„Moedwillich ha ’k my yn ’e klauwen

Fan aller minsken fijân jûn.

Hy is foar ús oan ’t skuorrebouwen,

Dêrfoar ha ’k my oan him ferbûn.

Hy soe ’t net rêde wie myn tinken;

Mar nou begjint myn moed te sinken.

O! dat ik nou bewurkje koe

Dat mar de hoanne kraaie woe.”

„O fij!” sei ’t wiif, „wat moat ik hearre?

Hest oan de kweade dy ferkocht?

Och, hien’ we leaver mar tegearre

Mei krapte de âlde dei trochbrocht.

Koe ’k noch dat duvelswurk belette,

’k Soe alle freze op side sette.” –

„Nee wiif! do makkest my net frij;

De hoanne, leave! kraaide dy! –

Doe koe se goedernôch begripe

Wêrmei ’t har man te helpen wie.

En froulju, listich en beslipe,

Witte yn ’e need hast altyd rie.

Hja sprong fan ’t bêd, klapte yn ’e hannen

En kraaide – it davere yn ’e pannen!

„Kûkûklekû!” wol trije kear,

Sa núv’re helder, moai en klear.

En Bokke, yn rêst noch op syn matte,

Waard wekker fan dy held’re klang;

Hy rekt syn hals út op ’e latte

En sjongt syn earste moarntiidsang;

Wêrop’t de hoannen dêr omhinne

Ek dalik har gekraai begjinne,

Om’t gjin fan harren ’t hurdzje koe

Dat hy de lêste wêze soe.

*

Hantsje midden yn syn drokte

    Hearde skriljend dat gerop.

Freeslik wie ’t doe hoe’t er flokte.

    „Feinten, pak de spullen op!”

Rôp er en doe fleach er wei,

Al syn folk him efternei.

Hoe’t se skrepten, hoe’t se skuorden,

    Hoe’t se timmeren, ’t holp har net.

Noch allinne de ûlebuorden,

    Sa nei wie ’t kerwei beret.

Wêrom rôp dy hoanne nou

Ek sa ongewoane gau?

Hantsje sei: „Nou swar ik jimme;

    Mocht myn plan al net beslaan,

Nimmen moat it ondernimme

    Om myn wurk fuort ôf te dwaan.

Wurde der ûlebuorden set,

By myn kop! hja bliuwe der net.”

Dit sizzen het er ek folbrocht.

    ’t Is efternei wol faak besocht

Om ûlebuorden op dy skuorre

    Te meitsjen; mar as ’t al wat duorre,

Hja wiene lang heal tenein

Of waarden wer oan flarden slein.

Op ’e lêst doe ha se ’t ondernommen

    Om guon te mitseljen fan stien,

En dat het goed fertuten dien,

    Want doe hie Hantsje syn bekommen.

Dat like ús maat wol oan te stean,

Alteast, hy liet it oer him gean.

Men waard yn letter tiid wer stout,

    Elk tocht, hja sille ’t wer ferkervje;

Hja brochten der wer guons op fan hout

    En lieten dy as stiennen fervje.

Oft Hantsje dat net murken het?

’t Kin wêze, mar dat leau ’k oars net.

It sil him, tink ik, wol wat stekke,

    Mar doar dy buorden net mear brekke.

Hy is sa’n grutte baas net mear

    As yn de dagen fan alear.

De measte minsken slaan syn macht

Nou suver net in byt mear acht.

Komt immen soms fan Ingelum

    De Tsjessingwei nei Ljouwt te gean,

Dan sjucht er, tinkt er dêr wat om,

    Dêr ek dy boerehuzing stean,

Dy’t yn ’e wanling altyd jit

‘De Stiennen Ulebuorden’ hjit.

Ut De Fryske Húsfreon, 1852; Waling Dykstra, Ald en nij. Rimen en teltsjes (Telenga, Frjentsjer 1871) s. 39-48.

Mear fan Abe de Vries

Gedichten om mar better dalik te lêzen Miskien wiene wy der beide, Jennifer, mei de holle / net by, miskien wie ik by Simen Styl
De frijmitseler fan Camstrabuorren Libben en wurk fan Dirk Bouma Nieuwenhuis (1814-1873)
De betsjoende boeredochter Skriuwer en mienskip yn it Spannum fan Waling Dykstra
It plagiaat fan Verwijs Fryske literatuer yn Platdúts en Hollânsk perspektyf
It folk, skjin as wetter Konstruksje fan kritysk Frysk folkseigen by Waling Dykstra
De histoarje fan de duvel en Watse Klop Waling Dykstra, in folksferhaal en de skoalstriid yn Noard-Fryslân
‘Jimmer moat ik smeulend hearre’ De leste minstreel fan Walter Scott en it liet fan Waling Dykstra
Wa riidt dêr oer de dyk Yn September en October 2018 sil yn it WTC Expo yn Ljouwert it “spectaculair indoor theaterevenement” De Stormruiter plakfine. It wurdt ien fan de klapstikken fan it Lwd-Fryslân 2018 programma.
Scientias Miskien ha de aliens gjin/ fêste grûn ûnder de fuotten.
Op Ropsyl Der is in flakte, neffens stedske mjitting leechte,/ fol kleur en rigen biten om tsjin stoarm te rinnen
1 2 3 4 5 6 7 8 9