scientias

Abe de Vries Fers2 nû. 2.20, 18 desimber 2016

Scientias

Miskien ha de aliens gjin

fêste grûn ûnder de fuotten.

De earste Europeanen brûkten gjin

fjoer.

Grot op Jersey fielden Neanderthalers

har geweldich ta

oanlutsen.

Unbekende stêd út ’e Aldheid ûntdutsen yn

Gryks lân.

Monogamy waard it minsklik kulbien

fataal.

Kompjûter heart Bach en skriuwt in

masterlik wurk.

Spinnesoart krûpt út ’e Sortearhoed fan

Swynstien.

Romtesonde Juno fotografearret in

pearelke op Jupiter.

Wy moatte langer net besykje

de aliens oan te roppen.

Mear fan Abe de Vries