eppie dam - kavanagh

Oersettingen

Fan Patrick Kavanagh, út: Collected Poems, 2005

Eppie Dam - Fers2 nû. 3.11, 4 juny 2017

Monaghans hichten

Monaghan Hills

Monaghans hichten,

Jim ha my makke ta de man dy’t ik bin,

In knaap dy’t it Everest-wûnder

Gjin miter skille kin.

It boulân fan myn geast

Telt hûndert smelle ikkers,

Net ien mei fuotromte foar yntellekt.

Om jim bin ik in heal-leauwich ploeger,

Oerflakkige fuorgen op ’e hakken,

Om jim bin ik in skoaier om lieten

En yn tiden fan tonger in lafbek.

Wie ik berne tusken de Mournes,

Ja sels yn Forkhill,

Ik hie echowanden yn ’e siel ha kind

Mei de wjerklang fan it daulaitsjen.

Faaks wie ik klommen nei kennis fan de gloarje

Om te dûkeljen fan ’t dak mei fiergesichten –

O Monaghans hichten, skriuwe jim histoarje,

It sil de blaudruk wêze fan myn wêzen.

Earste publikaasje yn Dublin Magazine (july/septimber 1936).

Maart

March

De beammen wachten lang,

Harkjend mei in djippe langst

Oft noch it Wurd beweegde

As oait yn ’t Hôf fan Eden

Troch de swart-fertakke Beam

Fan it Minskebestean.

Krekt as jagen de hûnen noch

De swijende sompen ôf,

Hynderwrinzgjen stûke yn ’e halzen,

Gjin ezelskop dy’t balte,

De knyn en hazze snapten

De reden fan it wachtsjen.

De klyster yn ’e taks allinne

Bruts troch de stilte hinne

Dy’t twa minuten duorre,

Mei nije poëzy it hert ferskuorrend.

In wyldepûstich, skriklik laitsjen

Om fan fermoede leafde wurk te meitsjen.

Earste publikaasje yn Ploughman and Other Poems (1936).

Eppie Dam - Fers2 nû. 3.12, 18 juny 2017

eppie dam - kavanagh

Stiengrize grûn

Stony Grey Soil

O stiengrize grûn fan Monaghan,

De laits fan myn leafde hast meinom;

Deadest it bliere bern fan myn passy

En joechst my dyn klút-befruchte werom.

Hongst oan de klomp fan myn jonkheid,

En ik noch leauwe dat myn gestrompel

De doelfêste stap wie fan Apollo,

Syn lûd myn smoarde kielgemompel.

Do seist tsjin my, de ploech wie ûnstjerlik!

O grien-libben-skeppende ploech!

Dyn as is forseard, de skjirre ôfstompt

Yn ’t fjild dat myn foarholle besloech.

Do songst op in dampende dongbult

In liet fol angsthazzemoed,

Parfumearrest myn klean mei wezelingjokte,

Hast my om iten nei de bargetrôch stjoerd.

Hellest in greppel troch myn idee

Fan skientme, leafde en deugd.

O stiengrize grûn fan Monaghan,

Berôvest de bank fan myn jeugd!

Wei de lange oeren fan wille,

Alle fammen bij oaren op skoat te sjen.

O huf ik noch fyn de rêch fan it monster

Of skriuw ik sûnder fergif yn ’e pin

Syn namme yn dizze iensume rigels,

Of neam ik de tsjustere fjilden dêr’t

De earste heechflecht fan myn fersen

Delslein waard yn in boeregebed.

Mullahinsha, Drummeril, Black Shanco –

Ja oeral sjoch ik yn ’t foarbij

Yn ’e stiengrize grûn fan Monaghan

Deade leafdes berne foar mij.

Earste publikaasje yn The Bell (oktober 1940).

Aprilskimer

April Dusk

Aprilskimer.

It is tragys om no nei poëzy te lûken

En gjin fereale siel te wêzen

Paradyslik ûnder de stilste tûken.

Ik sjoch troch it rút en dêr yn in skim

De libbensgeast op flearmûswjokken.

O gjin wiis man dy’t sa âld as ik wêze kin,

Iensum as de earste dwaas ta kening roppen.

De hynst yn ’e stâl keart him ôf, wers

Fan de heafolle rip, dreamend fan gers

Sacht en koel yn pôlen. O soe er wrinzgje

Jaloerse wurden om John MacGuigans ezel

Noait opbrocht yn stâl of mei stringen?

In fals fluitsjende ploechtfeint komt del,

Gjin aan fan it lot yn Europa oansteande,

Wylst ik hjir sit, subtyl de pine fiel

Dy’t elke dichter tebekset fernearde.

Earste publikaasje yn Complete Poems (New York, 1972).

Eppie Dam - Fers2 nû. 3.14, 17 septimber 2017

image eppie dam - kavanagh

De lange tún

h2 class="subtitle">The Long Garden

It wie de tún fan de gouden appels,

In lange tún tusken it spoar en de wei;

Dêr’t it sied woartelt en de hin skrabbet

Krigen we bergen út ’e bûsen fan God mei.

Yn ’e toarnhage wiene âldsoalen fleanende slippers

Dêr’t we mei reizgen de loft fan de bernetiid del,

Ald amers heal-rustich mei slepende hingsels

Wiene trommen op de brulloft fan in âld stel.

De peal dy’t de line heechhold yn ’e midden

Wie de flaggemêst op in prinslik paleis,

Seagen we him troch krúste fingers om te rieden

Nei minskewûnders, yn sinne nei jûn ûnderweis.

It wie de tún fan de gouden appels –

Kaam de trein fan Carrick foarbij dan wie it wis:

Wij koene noait stjerre foar’t dingen barden,

As fruchten winskje dêr’t gjin beam foar is,

Of sûnder earst op te stigen nei Candlefort

Boppe it doarp mei syn winkels en mûne.

Oanloklike hurdfytsferslaggen tsjutten op

Kroegen dêr’t libbentoarstigen sleatten fûnen.

En as de sinne delsonk oer Drumcatton,

Nijmoanne mei ’t fingerke tokkeljend hong

Oan spanningstriedden, seagen we Gods skepping,

Wisten wat de klyster yn ’e hagedoarn song.

It wie de tún fan de gouden appels,

Op healwei thús in dei as ûntwyk naam

Foardat we westoan Drumcatton ôfsakken

Dêr’t de geande sinne altyd yn ’t spul kaam.

Ut: A soul for Sale (1947). Earste publikaasje yn: Listener (11 desimber 1941).

Nei maaie

After May

Maaie kaam, en elke skurve feniks fleach

Op kleurich fod ynstee fan helle wjokken;

Op skoalle flybken bern achter har rêch

No’t juffrou Fancy oare dingen lokken.

De nagel blosseme in dei of twa mei fleur

En woeks dan fierder, wurch fan alle lof.

Ploechhynders út om gers wie no de sleur

Ta wille jûn, fan útblust fjoer de eagen dof.

In ljocht dat mytys wêze koe of in fersin

Betsjoende singelier de fiere heuvelkaam;

Guon woene ha, it wie de God fan ’t oanbegjin

Dy’t Adam seach foardat er fan ’e Appel naam.

Maaieswiet hat west, en dichters krije ’t sizzen mei

En sjong de rom fan in behoarlik stomme junydei.

Ut: Ploughman and Other Poems (1936). Earste publikaasje yn: Irish Times (15 juny 1935).