image

proaza

Ferjitten it net herinnerjen

Aggie van der Meer - Fers2 nû. 5.6, 24 maart 2019

De djipsee wit syn plak, libbet mei it tij en hâldt him oan syn grinzen.

As de jûn him oerfalt, widzet de djipsee de stjerrende dei, set de earskulpen te plak en is bang foar de nacht.

Noch is der inkeld mar fermoeden, is der net mear as it sêfte riedselachtige roppen. Wit de djipsee dat ek de fisken it fernimme sille, as se ôfsette foar de tsustere tocht omheech om boppe de planktonfjilden te beweidzjen en se de ferdronkenen moetsje, dy’t har oanbiede sille en streakje litte.

Foar de iere moarn, ferjitten it net herinnerjen, fiele se dat de weromreis betiizjend wêze sil en treastend.

Net ien fan har dy’t libje fan ’e djipsee, hie it famke sjoen dat wachte op it strân.

It hie boppe har macht west en har grins.

Mear fan Aggie van der Meer

Ho Wu en Misty Mac: Hinnen ‘Dyn heit,’ seit Mac, ‘ Freget oft er fan ’e middei even oankomme kin.’ ‘Alwer?’ seit Wu.
Ho Wu en Misty Mac: Paris en de fisieuze sirkel Hie Wu har man yn Paris oan tou, of joech er him frij mandaat? Frege Mac.
Ho Wu en Misty Mac: CoCo ‘CoCo, Wu, hasto dêr de finger al op lizze kinnen?’
Ho Wu en Misty Mac: Bison ‘In bison is sawat twa kear sa grut as in ko en like falsk as in grizzly,’ seit Mac. ‘Moai,’ seit Wu.
Ho Wu en Misty Mac: Swypslach Wu wie net fan doel om de ynformaasje oer taks-rulings oan ’e kant te lizzen fanwegen it driigjende útstjerren fan it kuorhin
Op ’e syk nei de bêste ynvestearring Nee, Mister Ho Wu en Misty Mac, “diesseits Markt und Staat”, misse se net
BV Ho Wu en Misty Mac Hij in gnoe, losrekke fan ’e keppel. Nachts as de wolven gûle komt Misty Mac op ’e siken. Tinkt er oan alles wat er net begrypt…
1 2 3