Trije fersen foar Falentyn – Oersettingen
De kersetiid
Le temps des cesires
As ’t tiid foar ús wurdt om kersen te plukken
en klyster en geal fan moarns oant jûns let
har útlibje wolle
dan wurde de fammen healwiis yn ’e holle
en fiele de steltsjes de sinne om ’t hert;
as ’t tiid foar ús wurdt om kersen te plukken
dan jubelt de geal fan moarns oant jûns let.
Hoe koart is de tiid om kersen te plukken
wêryn’t wij tegearre, suver in dream,
de earbellen sykje:
de kersen fan leafde dy’t opinoar lykje
as twa drippen bloed dy’t de ein al ferstean;
hoe koart is de tiid om kersen te plukken,
de sier fan koralen, suver in dream.
Komstó yn ’e tiid om kersen te plukken
en bisto benaud foar leafdesfertriet,
de fammen dan mije.
Mar ik dy’t net bang bin om pine te lijen,
ik ken en ferwachtsje it swietbitter liet;
komstó yn ’e tiid om kersen te plukken
dan hasto ek weet fan leafdesfertriet.
Ik bin altyd bliid om kersen te plukken,
mar draach fan dy tiid noch likegoed mei
de skrinende wûne.
Koe ’t wêze dat leaflike feeën mij fûnen,
dan noch lei it sear foargoed op myn wei.
Ik bin altyd bliid om kersen te plukken
en draach fan dy tiid it oantinken mei.
It jier fan de ovenbakte skilderijen
The Year of the Kiln Portraits
Ik kaam yn ’e hûs fan it beamkesetten.
Ik switte, en plofte skean achteroer
op ’e sofa. Ik seach dij en Clare
bij de iterstafel sitten, tegearre
sá moai sjongend dat sels ik it hearde,
mezzosopraan en sopraan, ik leau
wat fan Arno. Do knypeagest nei mij,
en, myn gesicht op punt om te ranen,
moat ik derút sjoen ha as it jier datsto
ús skilderijen makkest, ynmoedich,
fyngefoelich, op keramiken plato’s
yn traachdroegjende ferve, mar ien
of heechút twa kleuren tagelyk, en se
krúslings fêstbûn, wiet, yn plestíken
skepiisdoazen nei de stêd ta droechst.
It wie ynbrând skilderwurk,
ier-Romeinse fotografy, dat him ûntjout
alle kearen nei it fjoer fan de oven
oant it libbet, tiid-befrijd, feroare
troch it earder blanke glazuer.
Letter makkest noch dy fersierde plato’s
foar ús bûnte skoarstienmantel, dat wie it.
Dyn keunst skaait suver út nei profesje.
Mar dat is nuver: it brânt dy net yn.
Do kenst gjin obsesje.
Ferswijde hulde
A Reticence
Nei in sulveren simmer fan stjalprein
ferstienne de hjerst as semintpoeier
yn in papieren sek. Gersfjilden knisperen
mar de kraan fan ’e tiid dripke troch.
De greiden leine der leech bij, lykas dy jûn
yn myn ierste bernejierren, doe’t de sinne
yn it westen opgie,
rûn en lôgjend as de doar fan in smeltoven,
en ik wekker waard, neidat ik siik west hie.
Doe’t ik hearde dat ik oan ien tried wei
sliept hie fan de moarntyd ôf,
skriemde ik it út om dy ferlerne dei,
myn hiele hearlik lange dei.
Sûnder dij hie dat miskien profetys west.
gebrûk makke fan de oersetting fan Maarten Elzinga
Mear fan Eppie Dam
De ingel Gabrielle en oersettingen fan Joni Mitchell |
Autopetsjend jonkje en Op it wettersportfestival |
Eucalyptus |
Selsportret neffens in foto en Bloeiende eucalyptus bij de hjerst |
Hommaazje oan it lansearplak en De fiskers op South Head |
Wurkgelegenheid foar de klasseleaze kastes en De takomst |
De pûltsjepreek |
De wandied en In dagewoane reinbôge |
Troch de houtseagersdoarpen |
Houthakker yn ’e middei Oersetting fan Noonday Axeman fan Les Murray |