Poëzy
In ko ferkeapje yn ’e sted Ljouwert
Ik haw myn kobist fêstbûn oan in appelbeam
yn ’t foarhôf, en yn myn noflike stoel by ’t rút
bepeinzgje ’k har moaie libben. Ik drink har molke
en haw har molke dronken, en fan har mem,
en har mem, safolle kij fan uzes al tebek.
No hat de simmer west en moat sy slachte.
De loft bewaait, in goede dei foar in reis
te foet, mar einen rinne wol net mear.
Ik bin in âld man en myn ko is ek âld.
De loft is skjin. En de protters yn ’e beam
beroppe my, ik moat risselwaasje meitsje,
myn ko kwytreitsje troch nei de stêd te gean.
My ûnderweis groetsje, hoed ôf of hân oan ’e pet,
myn buorman, dan in miich, de belêsting-amtner –
ik skyn foar oardel euro yn ’e boeken te stean –
en ien twa boeren, dy’t ’k ken fan lânbouskoalle.
Ik bin in âlde man en myn ko is ek âld;
om tolven hinne krekt berikke wy Bitgum.
Dêr komt de stêd achterwei en lit him sjen.
In flecht fan guozzen ferfart net, mar ferplakket.
Lâns alle sleatswâlen tarre flearen yn,
sy ha gjin fleispotten te lien en sêdzje har,
mar striders noch oer fan in earder keizerryk
stean stram en litte falle, dêr’t se op waakse.
Hoe oars is it libben yn ’e stêd fan Ljouwert.
Dêr hawwe reuzen omstapt, en mannich man
hie dêr syn aardichheid fan, ha ’k grútsjen heard.
Dêr komme de teeblêden oan, en hat de frjemdling
noch mear as wy fan kleur en smaak ferstân.
Dêr libbet de keizer mei syn ûnnutte leger,
dat inkeld mar lijen en huorkerij meibringt.
Myn ko skrikt fan it folk by de Noarderpoarte,
dat sinnedûnset, in bliksems leven makket
no’t dat noch op ’e hege stedswâl kin.
In ko ferkeapje yn ’e stêd Ljouwert
is net in ienfâldige saak; geduld moat men ha
op ’t earste, twadde en op it lêste plak,
mei lju, dy’t wy te uzes wynpûsters neame,
de bûsen fol goud mar alle fee is te min,
of wrak, of meager, of kreupel, hoe dan ek,
it hat in priisferleegjend bjuster brek.
Dan haw ik mei sa’n man al iten en dronken,
mar weromkomme sûnder wat yn ’e ponge kin net.
Ik wiis de man op ’e fûgelflecht en sis,
’t is tiid en skep de stront om ’e prunusbeam,
stek ôf de bleekrânen, en de fette modder
kin ’t achterhiem oer mei noch wat sân dertroch.
Syn lytse soan sil read wurde yn ’t gesicht,
mar roazeblêd – gjin hûnebei! – wol helpe
en as er yn de Noardlike lannen komt,
dan moat er in jaske mear oan dwaan as wenst,
want winter komt nei hjerst, en dan de dea.
Der is gjin fûgel op ’e merk te hearren of te sjen.
De hannel is kâld en alle keaplju stoarn
of steane stil, har hân beferzen yn ’e klap,
en stof waait doelleas de lege strjitten troch.
De sinne is wei, mar ek wolken binne fuort
en op it merkplein slút it wûnderlân.
Ik reizgje werom. Myn kobist bin ik kwyt,
en wa wit oan wa, mar ’t jild yn ’e bûse is skjin,
al gnysket en gnúft myn ezel al wat nuver.
De stjerleaze nacht krekt stjoert my op reis werom,
myn eigen krite wer yn oan myn seedyk.
En dan wol ’t net sliepe, en kom ik derôf,
ik rin derút, de dyk op om fierder te sjen.
Ik ha myn ko yn jinse stêd ferkocht.
No haw ik neat mear oer om myn keizer te jaan.
Mear fan Abe de Vries
‘Krysttiid 1899’ of it stjonkbedriuw fan de grutten |
In Ried foar de Keunst (podcast) Gerrit Breteler: de wearde fan keunst is net ‘men betellet der fet foar’ |
Wol keunst wier ferskaat? (podcast) Systematysk harkje (@Amanda Gorman @Zaïre Krieger) nei de útranzjearre minderheden sit net yn ús ynstituten |
Keunst is altyd polityk (podcast) Gerrit Breteler oer synergy mei it publyk |
It sweverige wurd ‘spiritualiteit’ (podcast) Marty Poorter wol net útlizze |
Mimesis (podcast) Keunst is gjin keunstsjes, seit Elmar Kuiper |
Keukenstafelpetearen de alderearste fryske keunstpodcast |
De Hylkje Goinga Priis foar Frysktalige Literatuer In trochstart fan de fallite Gysbert! |
De treastpoezen fan it Frysk (it frysk is sa hoopfol en de minsken snappe it net) |
De sosjale kosten fan fergriemen It neoliberalisme lit jo foar alles opdraaie |