image

I.M.

In memoriam Hedzer Sake Oostra

Freed 14 augustus 1942 – freed 6 novimber 2015

Friduwih Riemersma - Fers2 6 novimber 2015

It ferhaal fan ús freonskip begjint feitlik trije jier lyn, op sa’n novimbermoarn dy’t troch syn ferfeelsumens—griis, net waarm net kâld, blakstil noch stoarm—yn it echt amper fêstholden wurdt troch it ûnhâld, mar yn de literatuer in helsk avontuer foarseit. Hedzer sit yn de trein, ûnderweis fan Purmerein nei syn mem yn Grou. Yn Hilversum skowe trije froulju op de banken oan de oare kant fan it gongpaad. Se praten Frysk. Hedzer sjocht dêr net fan op want yn It Goai wenje in protte Frysksprekkende Friezen. Mar as de froulju ferromme tsjin inoar sizze: “Gelokkich hoege wy net oer te stappen,” brekt Hedzer yn it petear yn: “Wy moatte der strak wol út, dames, oars komme wy net yn it heitelân.”

Sa kaam Hedzer nei de oerstap by de froulju te sitten, tsjinoer myn muoikes en neist myn mem. Us mem helle in boek út har tas. Hedzer frege: “Lêze jo faker Frysk?” “Ja, frij faak,” sei ús mem, “jo ek?” Hedzer frege fan, kenne jo dy skriuwer, en kenne jo dy, begjinnend oan de nuete kant fan de Fryske kanon, Obe Postma, en sa stadichwei nei wylder kriten wurkjend, Josse de Haan, en ús mem sei hieltyd: “Ja hear, dy ken ik wol.” Sa kaam Hedzer by syn literêre held. “Kenne jo miskien ek Trinus Riemersma?” “No,” sei ús mem, “ik mei it hoopje; ik wie mei him troud.” Hedzer skeat oerein, hannen yn de loft en foel, foar safier’t it treinmeubilêr it taliet, op syn knibbels foar ús mem. “Jo binne de frou fan de grutte skriuwer Riemersma?” “Wíe,” sei ús mem, “ja.” Hedzer socht yn syn tas en helle it lêste printe eksimplaar fan syn ûndersyk nei Douwe Kalma en de Jongfriezen derút: “Dan is dy foar jo.”

In moanne letter lei it ûndersyk by my. Tafal is neat oars as dat it jin tafalt, sei Hedzer. Want myn iere skriuwen wie omjûn mei twivels, hoe bygelyks myn wei te finen tusken de Fryske literêre mummys en moast ik net werom nei de byldhouwerij? Hedzer syn ûndersyk liet sjen hoe’t de turbulinsje dy’t by ‘myn’ Rodin ûnder it fel fan syn wurk sit, by ‘syn’ Douwe Kalma ûnder it oerflak fan dy syn biografy skûlet; dêr siet it libben. Jo hoegden inkeld mar oars te sjen en, benammen, it ferline net te serieus te nimmen, wie de suggestje—in foar in Fryske literator sa’n subversyf ynsjoch dat it ymplisyt bleau yn it ûndersyk. Ik stjoerde Hedzer in betankje, hy andere dalik en wy rekken yn petear oer It Libben. En letter ek oer De Leafde. Wy soene dêr net mear oer útpraat reitsje: it libben en de leafde hawwe altyd har skientme en magy holden foar Hedzer.

It soe noch in healjier duorje foart’t Hedzer en ik inoar moeten. Dat wie yn it PC Hoofthûs yn Amsterdam, it universiteitsgebou dêr’t Hedzer goed tsien jier earder de Mokumer Mjitte foar Studinten Frysk oprjochte hie. Hedzers solide freonskippen út dy tiid en earder, mei Fryske skriuwers en bewegers, wiisden derop dat it ivige Fryske literêre skeel net inherint oan de saak is, mar leit oan de persoan. As Hedzer in minske of in ding moai fûn luts er him syn wrâld yn, om him nea mear los te litten. Om syn ûnbedimme entûsjasme wie Hedzer by de útjouwers in populêre book blurb skriuwer: “Foar mysels neamde ik Nyk de Vries (…) de ‘Rimbaud fan it Noarden’ (...)? Hoe kom ik oan dy assosjaasje?” Hedzer wie him der tige fan bewust dat syn assosjative tinken de kearn foarme fan syn magyskrealistyske riddenearstyl. Objekten en minsken dêr’t wy relaasjes mei hawwe besteane ek bûten ús gedachten en emoasjes. Mar Hedzer syn mystike, symboalyske tinken bliek folle effektiver as myn yntellektuele oanpak as it der om gie kontrôle oer de omkriten te hâlden.

Yn syn briedstoel by it rút, glês kâlde tee mei wetter by de hân en op de him typearjende wize it kin wat skean omheech, sadat er krekt oer de tsjokke râne fan syn bril hinne digere, fertelde er my yn parten syn ferhaal. In twadde boeresoan út Easterlittens, in oarlochsbern dat doe’t nei de besetting de merk op It Saailân weromkaam mei heit mei mocht en in man sizzen hearde: “Dy ferrekte joad is der ek wer.” It bern soe dat net ferjitte: minsen koene jo samar oars fine en jo der om ôfwize. Net in keatser, koe it net goed en fûn it spultsje lang net sa nijsgjirrich as boeken lêze, sûndere him ôf, luts him it famyljeskeel mei de benaude stiltes en de beskuldigjende lege stuollen op jierdeis tefolle oan, lei leafst yn it gers en fielde him ien mei de natuer, fûn de fammen neat oan en de jonges hearlik, flechte nei Amsterdam, helle fan alles út dat yn Easterlittens net paste—bygelyks de placebostunt mei de sûkerklontsjes mei in dripke parfait amour, dy’t Hedzer op in simmerfeest oan de Brouwersgrêft oanbea as LSD sadat efkes letter minsken eufoarysk yn de grêft swommen—en kaam siik en teloarsteld wer thús.

Opnij hold er it net út yn Fryslân. Mar hy adoptearre, mei ûnmjitike frivoale selsspot, de ‘lêzer’ yn himsels as de argetypyske fersmytling-mei-kosmyske-betsjutting, kaam yn Amsterdam te wurkjen by in boekhannel en dêrnei yn de âldereinsoarch en hie in stabile, ynspirearjende relaasje, houlik, soan, stúdzje Frysk, in searje publikaasjes. En in echtskieding en wer >werom nei Fryslân; sa oars wie er dus eins net. Mar Hedzer fielde him altyd oars. Dat is mooglik wat him oanlutsen hat yn Walt Whitman, waans Leaves of grass er oersette en, lykas Whitman syn bondel sels útjoech, joech Hedzer syn oersetting yn eigen behear út. Hy hannele assosjatyf, die wat syn ikoan die: dat makke it goed.

Kompjûters wurkje logysk; Hedzer wie in digibeet. Op myn besites yn Purmerein makke ik foar him in back-up fan it Rûch Frysk wurdboek dêr’t er oan wurke. Dat resultearre dan yn in diskusje fan in healoere oer in wurd lykas ‘neuke’. Want jo kinne der wol geef Frysk ‘djoeie’ fan meitsje wolle, mar dat hat in sterke konnotaasje mei bisten. De kristlikheid fan de Fryske Akademy die neffens ús bliken út it feit dat dy ‘neuke’ opnimt yn it Fryske wurdboek, hoewol’t it in Hollannisme is, om’t ‘djoeie’ it gelykstellen ynhâldt fan de soannen fan Adam oan it bist, en dat is tsjin de bibel. Hoe dan ek, it moast ‘neuke’ wêze. In stikmannich kearen besocht ik mei Hedzer om de tagong ta syn webhoster wer te iepenjen, wat net slagge. Mar dat levere ús wol in ûnferwachte tocht op nei de gay niche fan de online kompjûterhelp. Wy hiene gjin idee dat soks bestie. Hedzer wie optein. En doe’t ik de doar útgie, om de bus werom nei Amsterdam te heljen, koe Hedzer my troch de kreaze wenwyk efternei roppe: “Us heit sei djoeie. Sis dochs mar net neuke!”

Hedzer hat al myn kollums foar Ensafh lêzen en bekommentariearre, earst foar’t ik se opstjoerde, letter as se publisearre wiene. Hedzer hat neist my stien, soms letterlik, doe’t ik dwaande wie mei it essee foar it Sirkwy Sympoasium, foar my in paad mei falkûlen om’t ik de Fryske gefoelichheden net koe. Hedzer hat elke fuortgong yn myn roman-yn-wurding redigearre en bekommentariearre en my yn kontakt brocht mei skriuwers dy’t wichtich foar my wêze koene. Hedzer stie oan de widze fan myn earste gedichten, soarge dat syn freon derby wie doe’t ik foar it earst foarlêze moast en hat mei skreaun oan myn Gesamtkunst-feuilleton Olymp. Trochgeans wie syn goerie: let it go let it flow & skriuw net te yntellektueel.

Foar sa’n goeie lêzer en belutsen literêre coach is it opmerklik dat it skreaune oeuvre sa lyts bleaun is. Nei yn 1999 Jou my dyn leafde en freegje net nei mear oer Douwe Kalma en yn 2007 Leaten fan gers ferskynde yn 2008 de Nederlânsktalige roman Een geur van gier as feuilleton op de eigen webside, en dêrneist kamen der wat artikeltsjes yn it Mokumer Mjitte Nijs en op oare plakken, mar dat is it; it Rûch Frsyk wurdboek is net ôfkommen. Oan de iene kant fûn Hedzer it spitich dat der gjin útjouwer fûn wurde koe foar de trije grutte wurken, oan de oare kant hat dat him net ûntmoedige. It gie om it proses, om dat wat him samar yn de hannen foel om’t it him ta foel. Op in moarnskoft wie út in lyts oanwaaid stik túch, dat Hedzer net de muoite fûn om út de tún te lûken, ynienen in blombegjinsel sketten, in fallysk gehiel mei in lange stam en in rûne, glêde knop. De buorman hie der ferstân fan en sei dat it úthiemsk wie. Uthiemsk. By Hedzer. Sa foel de wrâld perfekt yn inoar: it libben wie goed.

Mear fan Abe de Vries en Friduwih Riemersma

0 results