name

folgje ús

Facebook Twitter Google

 

Poezij

Abe de Vries Fers2 nû. 5.13, 8 septimber 2019

 

image abe de vries

 

Oan Sulpicia
weromreizgjend út Gallië nei har ûngemak

 

    Foar Antsje

 

 

Sulpicia, kom nei dy ûnheilsnacht

    Wer feilich nei dyn haven ta,
Dêr’t hjerst de stagen tsjin de mêsten slacht,
    Dêr’t farrensgasten wille ha,
Net inkeld om elkoar, mar mear noch om
    De grappen fan ’e âlderdom.
Ik lit de sinne om ’e hoeke kipe
    Oftsto al komst, ik stjoer myn boaden
Foar ’t frije paad – ik haw dyn golle stipe
    Foar seine naam fan stille goaden;
Do rûnst mei my, yn libbenstiid te lien,
    Troch greiden, griener wer as grien.
Lit dan dyn grime oare paden rinne;
    In roas op ’e heup, Sulpicia,
En kom, no’t tûken ’t rûgeljen begjinne
    In media barbaria,
Werom. In dochter sil der foar dy wêze,
    In soan - in boek net út te lêzen.
En op ’e hoeke by it kalkfabryk
    Ta in touristysk spearpunt tocht,
Set al de nouveau riche himsels te kyk.
    De sinne set in aak yn ’t ljocht
Fan koperhout, in famke smyt in line
      Om yours truly’s hertepine.
Faaks kinne wy sa’n ein net rinne mear.
      Doe ploege ’k tûzen bunders lân,
En liet de wielde groeie – it ljocht docht sear,
      As hie gjin letter kânsen hân.
Wat maal ik? Sels fersmiten, eigen skuld.
      Der bliuwt neat oer as ûngeduld.
Sulpicia, goedgeunst’ge winen wake
      En jeie dy de miggen fuort,
Ut loften klear, as hie God om dy lake,
      In tel gelokkich mei syn guod.
Wat moais giet mei op dyn behâlden reis,
      Wa wit nei wat noch ûnderweis.