twataligens image

Twataligens op ’e planken

Toaniel en taalbalans yn Fryslan, 1870-1900

Abe de Vries - Fers2 4.17, 4 novimber 2018

Wie it publyk sa min wend oan toaniel, wie it sa dom, hie it sa’n bytsje krityske smaek?Jan Piebenga

Yn de Fryske diglosse taalsitewaasje fan de jierren om 1880 hinne waarden de minderheids- en de steatstaal neistinoar op ’e toanieljûnen brûkt. Toanielselskippen, resitearferieningen en rederikerkeamers yn Fryslân wienen yn ’e regel twatalich en wend om sawol Frysk- as Nederlânsktalige stikken te bringen. Allinnich de pear ferieningen (‘kriten’) dy’t oansletten wiene by it Selskip foar Fryske Taal en Skriftekennisse of dêr mei ferbûn wiene, en nei alle gedachten in oantal lytsere doarpsferieningen, brochten inkeld Frysktalich toaniel. De measten kamen op har jûnen gauris mei in Nederlânsk- en in Frysktalich stik, mar brochten dêrneist ek wol folslein Frysktalige en folslein Nederlânsktalige programma’s, mei beide stikken yn it Frysk of yn it Nederlânsk.

Toanieltaal as fraachstik

De taalbalâns yn de toanielprogrammearring op de doarpen oan it ein fan de njoggentjinde ieu is in kulturele barometer, dêr’t ek wat oer de maatskiplike en talige ferhâldingen oan ôf te lêzen falt. Mar in protte belangstelling hat de toanielpraktyk fan de kant fan de literatuerwittenskip net krigen. Wy witte sa likernôch watfoar stikken der yn Fryslân spile waarden, mar histoarisearring, periodisearring en kontekstualisearring fan de opfieringspraktyk hawwe noch net plakfûn. De sykwurden ‘Frysk toaniel’ smite 1.061 hits op worldcat.org op; de kombinaasje fan ‘twatalicheid’, ‘twataligens’, ‘meartalichheid’ en ‘meartaligens’ mei ‘toaniel’ net ien. Piter Sipma hat yn 1917 yn De Vrije Fries foaral de earste ieuwen fan it toaniel yn Fryslân beskreaun, en Ype Poortinga joech yn syn dissertaasje fan 1940 in ynhâldlike typology fan stikken.P. Sipma, ‘De oorsprong van het Friesch tooneel’, De Vrije Fries 25 (1917) 134-183; Y. Poortinga, It Fryske folkstoaniel (1860-1930) (Van Gorcum, Assen 1940).

De reden liket him te iepenbierjen yn de wenstige litanyen fan hânboekskriuwers oer it lege nivo fan de Fryske toanielskriuwerij. ‘Tiid, warberens, liberale sfear, falsk sentiment, moasten by dizze skriuwer goedmeitsje hwat der oan talint ûntbriek’, wit Piebenga te melden oer Tsjeard Velstra, de súksesfolste en faakst opfierde Fryske toanielskriuwer fan de lêste twa desennia fan de njoggentjinde ieu. Mar ferklearret in foarleafde foar ‘falsk-romantysk’ toaniel wêrom’t al dy bestjoeren en lêskommisjes sa faak en sa folle by syn stikken útkamen? Of wêrom’t al dat publyk him der nei ôfrin de hannen blau om klapte?

Tsjintwurdich krijt hjir en dêr wat (belieds)ûndersyk nei it ‘community building’-effekt fan – artifisjeel – twatalich toaniel syn beslach, mar wrâldwiid is der amper wittenskiplike literatuer oer twataligens op it toaniel, lit stean oer toaniel yn diglossyske taalsituaasjes. Dat makket dit ûndersyk tentatyf en benammen ynventarisearjend fan aard. De fragen binne:

Wie op it doarpstoaniel it Frysk of it Nederlânsk de dominante taal? Hoe wie de taalferhâlding op it toaniel krekt? Bleau de taalbalâns stabyl, of binne der ferskowingen yn de perioade 1871 oant 1900? Watfoar ûntjouwingen binne der oan te wizen yn it toanielsjenre, lykas komeedzje of trageedzje, en de rol fan ’e toanieltaal? En wat waard der it leafst spile?

De betingsten foar in opfiering fan in stik yn in beskate taal binne dat der stikken skreaun binne yn dy taal, om krekt te wêzen stikken dy’t opfierber binne – gjin dreech of kontroversjeel aktearwurk, gjin kloften akteurs easkjend ensafuorthinne – troch de besteande toanielselskippen, toanielspilers dy’t de taal behearskje en in publyk dat de taal ferstiet. Wat de kar foar de toanieltaal oangiet is oannimlik – mar sa’t ik sei mist ûnderstypjende literatuer op dit mêd – dat taalpersepsje en -ferwachting in wichtige rol spylje. Bygelyks is sawat oeral op ierde yn de popmuzyk de Ingelske taal folle populêrder as de eigen taal, ek al begrypt it publyk de wurden net goed. By teater spilet taalwurdearring faaks in lytsere rol, mar, wy meie oannimme, in ferlykbere.

Spyllisten fan njoggentjinde-ieuske doarpstoanielselskippen binne net foarhannen. Dêrom is oan de hân fan toaniel­oankundigingen en oare meldingen yn de Leeuwarder Courant yn kaart brocht watfoar stikken opfierd waarden, yn watfoar taal en wannear en oft dat stik as earste stik op it programma stie. Dêrnei binne mei-inoar 37 ferieningen selektearre om har meartalige karakter – al is de ien aardich ‘Frysker’ as de oar. Mei-inoar jouwe se in aardich represintatyf byld fan it toanieloanbod op it Fryske plattelân yn de lêste tritich jier fan de njoggentjinde ieu.

Dit ûndersyk beheint him ta it doarpstoaniel. Yn de Fryske stêden waard histoarysk Nederlânsk en stedsfrysk praat, wat logyskerwiis de taalbalâns op it toaniel oan de Nederlânske kant lei; mar de op doarpen waard oan de betingsten foar Fryske opfieringen foldien. In ûnferwachte befining is dat ek ferieningen út de Wâlden, it suden fan Fryslân en de noardeasthoeke net fertsjintwurdige binne. Yn de Wâlden waard faaks net minder toanielspile, mar wol minder en oer in langere perioade troch ferieningen adfertearre. Yn it noardeasten en súdeasten fan de provinsje waard wol minder toanielspile, om religieuze redenen.

De perioade 1870-1899 is keazen om dy rint fan it jier ôf dat it Frysk toaniel yn ’e berneskuon stiet oant de feroaring fan programmearjen fan twa of trije toanielstikken nei in ferskaat fan koarte sketsjes, lieten en dûns. De earste jierren wurdt der amper Frysk spile, mar mei troch it sindingswurk fan it Winterjounenocht en de publikaasje fan hieltyd mear Frysktalige toanielstikken wurdt der yn ’e rin fan de santiger jierren hieltyd mear Frysk op ’e planken brocht. Nei 1900 feroaret it toaniellânskip wer. It Twadde Winterjounenocht fan Rozenga en Molenaar, in kombinaasje fan toaniel, sang en kabaret, krijgt dan brede neifolging. Ek ferskine der nije, sielkundiger en psychologysker wurkjende toanielskriuwers oan it firmamint lykas Yme Schuijtmaker en Rudolf Canne.

It tiidrek ’70-’99 is yn trije desennia knipt en foar elk is in sa represintatyf mooglike rige toanielferieningen selektearre. De reden om net de opfieringen fan deselde toanielferieningen yn it hiele tiidrek te besjen is dat guon ferieningen yn de earste of twadde of tredde perioade te min neamd wurde yn de Leeuwarder Courant. Klimop bygelyks spilet nei 1889 inkeld noch Nederlânsktalich en falt dan bûten de twatalige doelgroep. Guon ferieningen bestiene yn de iene perioade noch net, en yn de oare net mear. By oare ferieningen sitte der wer tefolle ‘gatten’ yn de publisearre programmearring. Yn de earste perioade is foar in grutter oantal ferieningen keazen as yn de twa dêrnei om’t yn dizze tiid faak mar in pear programma’s yn ’e krante oantroffen wurde kinne.

Ut de perioade 1870-1879 binne sechstjin ferieningen, dy’t harsels dan noch faak resitear-selskip, sjongselskip of rederikerskeamer neame, besjoen: Uitspanning door Inspanning (Bitgum), Demosthenes (De Ryp), Nut en Genoegen (Easterlittens), Nooit Gedacht (Friens), Thalia (Grou), Door Oefening Volmaakter (Holwert), Vriendenkring (Idaard), Vriendenkring (Jelsum/Koarnjum), Uitspanning door Inspanning (Raard), Aurora (Reduzum), Ons Genoegen (Seisbierrum), Halbertsma (Stiens), Goede Voornemens (Winsum), Vriendenkring (Wirdum), Ontwikkeling (Wergea) en Halbertsma (Wergea).

Ut perioade 1880-1889 binne alve toanielferieningen selektearre: Harmonie (Boazum), Onderling Genoegen (De Ryp), Demosthenes (De Ryp), De Vriendenkring (Idaard), De Vriendenkring (Jelsum/Koarnjum), Nut en Genoegen (Easterlittens), De Vriendschap (Menaam), Klimop (Penjum), Halbertsma (Stiens), Halbertsma (Wergea) en Advendo (Winsum).

Ut it tiidrek 1890-1899 binne tsien ferieningen nommen: Harmonie (Boazum), Onderling Genoegen (De Ryp), Demosthenes (De Ryp), De Vriendenkring (Idaard), De Vriendenkring (Jelsum/Koarnjum), Friso (Mantgum), De Vriendschap (Menaam), Halbertsma (Stiens), Halbertsma (Wergea) en Advendo (Winsum).

Spitigernôch is net fan elke feriening alle jierren in opjefte yn ’e krante te finen. Dat is benammen yn it desennium nei 1870 sa, mar ek letter adfertearret net elke feriening of boppeseal-eksploitant alle kearen like trou mei de eveneminten. Bytiden wurdt mei de oankundiging fan in opfiering folstien en moat it folk moat mar op ’e oanplakbiljetten sjen wat der krekt opfierd wurde sil. Fansels witte wy net oft der yn in jier sûnder adfertinsjes ek yndie net toanielspile is. Der is, oan de oare kant, gjin reden om oan te nimmen dat just folslein Nederlânske of folslein Fryske jûnen net oankundige waarden.

Der is allemachtich folle op ’e planken brocht, troch in heleboel minsken, dêr’t noch folle mear minsken alle jierren wer foar nei de kastleins boppeseal tôgen. Men hie nocht om in moai of grappich, troch eigen folk spile stik te sjen, en fansels oan dûnsjen nei. De ferieningen yn dit ûndersyk hawwe yn tritich jier tiid mei-inoar op syn minst 517 yn de krante werom te finen Fryske en Nederlânske opfieringen spile, dus in toanielstik dat fermeld stiet op in jûnsprogramma (dat dan gauris twa kear op toaniel brocht waard, de earste kear foar leden, de twadde kear foar it algemien publyk, of foar ‘arbeiders’). Foar taalferskowingen is it fan belang oft it om in ‘foarstik’, it earst stik op it programma, faak in drama of grutter blijspul, of in ‘neistik’ giet, it twadde of tredde stik op it programma, faak in klucht of in lyts blijspul. Fansels litte ek de programma’s dêr’t de stikken op fermeld stiene mooglike ferskowingen sjen: wiene dat folslein Nederlânsktalige, folslein Frysktalige, of meartalige programma’s?

In stik of wat befiningen en ynterpretaasjes

Yn de earste tsien jier, 1870-1879, haw ik fan sechstjin ferieningen 154 opfieringen teld op 77 programma’s.

Fan dy opfieringen wiene 51 Frysktalich en 103 Nederlânsktalich.

Itearste stik wie 19 kear Frysktalich en 58 kear Nederlânsktalich

.

Der wiene 34 twatalige programma’s, 8 folslein Frysktalige programma’s en 35 folslein Nederlânsktaligeprogramma’s.

As regel bestiene toanielprogramma’s út in grutter foarstik en in koarter neistik, of twa stikjes. It earste hie dan mear de pretinsje om it publyk oan tinken te setten en yn it moed te taasten, it twadde en tredde om it laitsje te litten. Ien en oar wie neffens it boargerlik-liberale kredo fan ‘nut en nocht’, dat boadskip, moraal en humor kombinearre. It kin dêrom nijsgjirrich wêze om te sjen nei de taalferhâlding yn de twatalige programma’s, dy’t sa likernôch de helte útmeitsje fan alle programma’s.

Yn watfoar taal wie it twadde stik yn twatalige progamma’s?

Yn de twadde tsien jier, 1880-1889, haw ik fan alve ferieningen 203 opfieringen fermeld sjoen op 94 programma’s. Fan de opfieringen wiene 113 Frysktalich en 90 Nederlânsktalich.

It earste stik wie 55 kear Frysktalich en 40 kear Nederlânsktalich;

it twadde en tredde stik waarden yn dit tiidrek hieltyd faker Frysktalich.

Der wiene 51 twatalige programma’s, 26 folslein Frysktalige programma’s en 17 folslein Nederlânsktalige programma’s.

Yn de tredde perioade, 1890-1899, haw ik 161 opfieringen teld op 78 programma’s.

Fan de opfieringen wiene 97 Frysktalich en 64 Nederlânsktalich.

It earste stik wie 51 kear Frysktalich en 28 kear Nederlânsktalich.

It twadde en tredde stik wiene faker Frysk as Nederlânsk, mar minder faak as yn it eardere desennium.

Der wienen 38 twatalige programma’s, 29 folslein Frysktalige programma’s en 11 folslein Nederlânsktalige programma’s.

As wy nei dy sifers sjogge meie wy foarsichtich oannimme dat yn de rin fan it besjoene tiidrek de dominânsje fan it Nederlânsk as toanieltaal stadichoan ferdwynt en plakmakket foar in dominânsje fan it Frysk as toanieltaal. It persintaazje Nederlânsktalige opfieringen rint tebek fan 67 persint yn de santiger jierren, nei 44 persint yn de tachtiger en 40 yn de njoggentiger jierren. It persintaazje Fryske opfieringen giet navenant omheech fan 33 persint yn de santiger jierren nei 56 en 60 persint. Yn deselde perioade nimt it persintaazje twatalige programma’s ta fan 44 persint yn de santiger jierren nei 54 en 49 persint, mar it persintaazje folslein Frykstalige programma’s boazet hurder oan fan 10 persint nei 28 en 37 persint. Der is mei oare wurden dúdlik in algemiene ‘ferfrysking’ fan it twatalige toaniel te sjen.

Yn de perioade 1870-1879 is it Nederlânsk noch de dominante toanieltaal, mar fan 1874-1875 ôf begjint it Frysk by te lûken. Dat komt hast folslein op it konto fan Waling Dykstra. Fan de 51 Fryske opfieringen yn de santiger jierren binne 37 fan de hân fan Dykstra. Yn 1874 giet it oantal meartalige programma’s mei Fryske neistikjes al belangryk omheech, mar in jier letter giet it Frysk ynienen eksplosyf foarút mei 7 earste opfieringen. Foar it earst komme der dat jier ek folslein Frysktalige programma’s. Yn 1875 wurde likefolle Fryske stikken opfierd as yn de fjouwer jier dêrfoar en mei-elkoar. It mei foarsprong meast súksesfolle stik is Oebele Glûper fan Waling Dykstra. Ek yn 1878 en 1879 wurde der dúdlik mear Fryske stikken spile.

Yn de perioade 1880-1889 nimt it Frysk as toanieltaal de liedende rol fan it Nederlânsk oer. Krúsjaal is it hjir it jier 1883. Foar it earst wurde der dan mear Fryske as Nederlânske stikken spile en dat sil yn it oare fan de tachtiger jierren ek sa bliuwe. It oantal Fryske iepeningsstikken nimt yn 1882 al belangryk ta, fermeeldt moat wurde Oebele Stellingwerf syn Giet it sa?, en it oantal Fryske opfieringen ferdûbelet fan 1883-1885, foaral troch Tsjeard Velstra syn Sjouke de Fries. Yn dy jierren nimt tagelyk it oantal twatalige programma’s drastysk ôf, mei in korrespondearjend tanimmen fan it oantal folslein Frysktalige programma’s. De taal fan it iepeningsnûmer fan twatalige programma’s is yn de tachtiger jierren like faak Frysk as Nederlânsk, mei in sterke Frysktalige groei yn 1882.

Yn de perioade 1890-1899 is de ferhâlding fan it oantal Frysktalige en Nederlânsktalige en opfieringen op de programma’s 60:40. Yn de tsien jier derfoar wie dat 56:44. Foaroer dy delgong stiet dat njonken de tachtiger jierren no faker in Frysk stik it iepeningsstik fan de jûn is, 65 persint tsjin yn it dessennium derfoar 58 persint. Ek it oandiel folslein Frysktalige programma’s nimt ta, fan 28 persint nei 37 persint. It oandiel folslein Nederlânsktalige programma’s nimt korrespondearjend ôf fan 18 persint nei 14 persint, it oandiel twatalige programma’s fan 54 nei 49 persint. Dy befiningen ûnderstypje de algemiene tendins ta ‘ferfrysking’ fan it bettere doarpstoaniel.

Mar dêrbinnen is in opfallend skerpe tebekgong fan it Frysk toaniel te merkbiten yn de jierren 1894-1895. Der ferskine dan ynienen minder Frysktalige opfieringen as yn de twa jier derfoar en de twa jier dêrnei. It oantal Frysktalige opfieringen dûkelt fan 16 yn 1892 en 15 yn 1893 nei 11 yn 1894 en 7 yn 1895 en dat komt yn de jierren dernei ek net wer goed. It oantal folslein Frysktalige programma’s nimt skerp ôf yn 1895, nei in bloeitiid yn it begjin fan it desennium dy’t dêrnei net mear werhelle wurdt. Ek it tal twatalige programma’s nimt yn it lêste tiidrek ôf, fan 54 persint yn it tiidrek derfoar nei 49 persint. De posysje fan it Frysk op it toaniel is beslist in stik ferbettere, mar sa te sjen dochs net sterk genôch om it kultureel oerhearskjende Nederlânsk bliuwend te bekonkurrearjen.

Wat der spile wurdt, is foaral boargerlik-sentiminteel of kluchtich toaniel, dat jildt foar de stikken yn beide talen. Ut in ferliking fan publikaasjejierren docht bliken dat de Nederlânske stikken oer de hiele liny âlder binne as de Fryske. Nederlânsktalige stikken wurde útkeazen om’t se bekend binne en in lange steat fan tsjinst hawwe. De tsien meast súksesfolle Nederlânsktalige stikken datearje troch de bank naam út 1873, de 25 meast súksesfolle Fryske stikken út 1877. Fan de gruttere Nederlânsktalige súksesstikken wienen inkeld Pakketten voor dames fan de Amsterdamse sigarekeapman Justus van Maurik jr. (1846-1904), Janus Tulp fan deselde en Daar is mijnheer fan de Haachse boekhannelmeiwurker Martinus Jacobus Gillissen nij te neamen.

Fryske stikken wurdrfolle faker as Nederlânske stikken fjouwer kear of mear spile. Yn it kaai- of kanteljier 1883 ferskine fjouwer toanielstikken dy’t yn de jierren dêrnei in protte spile wurde sille: Yn de frouljue fortiisd fan Ate Struiksma, Sjouke de Fries fan Tsjeard Velstra, Keapman Rouke fan Jan van der Steegh en De hele boel bitsjoend fan Waling Dykstra. Opfallend is wol dat mar ien stik út de njoggentiger jierren datearret. De ferieningen gripe foar in Frysk stik yn de njoggentiger jierren folle leaver nei in stik út de tachtiger jierren as út har eigen tiid; in yn it each rinnend ferskil mei de foargeande twa desennia.

Oer de hiele perioade naam, binne fan Waling Dykstra fierrewei de measte stikken spile, sechstjin titels, mei Oebele Glûper en In útfenhûser by de bakker as langstrinnende toppers yn in rige fan hieltyd opnij opfierde stikken. Jierrrenlang opnij opfierd binne ek Sokke mar mear, Skearbaes dokter, De hele boel bitsjoend, De útdragerswinkel, Keapman Kortsicht, Yn ’t fergulden bûterfet en Sabeare dronken, en dêrneist binne opfierd In faem en in arbeidster by keapman Watse, Fryheid, lîkheid en broerskip, Solke mei de baergefoetsjes, Omke Wîbren en sîn erfgenamen, Lubbert of de mislokte moart, De gearjeft fen Jabik en Beitske en De wiersizzer fen Nergenshusen. Dykstra is al mei al ferantwurdlik foar 70 opfieringen fan de mei-inoar 517 opfieringen dy’t de foar dit ûndersyk selektearre ferieningen spile hawwe.

Dykstra stie net allinne. Fan Tsjeard Velstra stiene 10 stikken mei-inoar 43 kear op de programma’s: de langrinnende toppers hearre Sjouke de Fries, It kistje mei geheimen, De twa ringen, It gouden kroantsje, Ate jierdei en De foksejacht en dêrneist Trou en ûntrou, Alde Baeije, It pikelfleisfet, De âlde baron. Velstra is yn de tachtiger en it begjin fan de njoggentiger jierren de meast spile auteur.

Beslút

Op 5 septimber 1894 fierde it Selskip foar Fryske Taal en Skriftekennisse yn de Harmonie yn Ljouwert syn fyftichjierrich bestean. In soad reden foar optimisme wie der ûnder de krewearders foar it Frysk net. Fryske kriten wiene der inkeld noch mar yn Ljouwert, Frjentsjer, Grou en op ’e Jouwer. It oantal leden fan it Selskip wie nei in sterke groei yn it begjin fan de de tachtiger jierren oan it ôfnimmen (en soe krekt nei 1900 wer groeie).

Bestjoerslid Waling Dykstra wie, as de meast foaroansteande skriuwer en eminence grise (hy wie 73 jier), frege om de ‘feestrede’ te hâlden. Syn rede gie oer it besteansrjocht fan it Frysk, oer Fryske skriuwers en de skiednis fan it Selskip en duorre leafst oardel oere. De krante neamde it ‘monument voor het heden gevierd wordende gouden feest’, mar makke gjin wurd smoarch oan de alaarmbellen dy’t Dykstra oars net mis te ferstean let hie oer de takomst fan de taal: ‘Ik sil stride salang’t ik stride kin…’

De âld man út Holwert wie noch net útpraat, om sa mar te sizzen, of de Fryske toanielpraktyk, dy’t nei 1883 yn in twatalige kontekst de fuotten better ûnder it gat krigen hie, krige yn 1894 en 1895 foarse klappen te ferwurkjen.

De Grutte Agraryske Krisis, mei yn Fryslân in massale emigraasje yn de jierren nei 1880, hat de opfallende opflecht fan it Fryske toaniel yn de tachtiger jierren net yn it paad stien, yn alle gefallen net opkeard. Wol litte 1883 en 1884 in sterke delgong fan it oantal opfieringen mei-inoar sjen, mar yn deselde jierren komt it Fryske toaniel yn in relative opflecht telâne, en nei 1884 komt ek it oantal opfieringen mei-inoar wer op it nivo fan foar 1883. In twadde ‘dip’ litte de jierren 1889 en 1890 sjen. Lei dat oantal earder stabyl boppe de 20 it jier, no binne it der respektivelik 16 en 10. Diskear fynt in relative fersterking fan it Frysk toaniel lykwols net plak; dy opmars sjogge wy krekt wer yn 1891-1893.

De jieren 1894 en 1895 pakke hiel min út foar it Frysk toaniel. It tal Frysktalige opfierde opfieringen sakket yn 1892-1899 fan 16 nei 8. Der is wol reden om oan te nimmen dat de tebekgong benammen te krijen hat mei de ‘sosjale kwesty’ en de ûnderlinge ferdieldheid by de sosjalisten. Yn 1894 wurdt de SDAP oprjochte en skiede de wegen fan de parlemintêre en de revolúsjonêre sosjalisten definityf. Tagelyk begjint it Nederlânske nasjonalisme mear en mear op te spyljen. Yn 1893 wurdt in portret fan de 12-jierrige prinses Wilhelmina ferspraat wêrop’t se posearret yn tradisjonele Fryske klaaiing; yn 1898 wurdt se ynstallearre as keninginne.

It toaniel, dat yn de santiger en tachtiger jierren noch foaral in saak fan de middenstân west hie, de lytse boargerij, berikt yn de njoggentiger jierren ek ‘it folk’, de arbeiders. Yn 1894 sizze de ‘arbeiders fan Menaam’ yn ’e krante tank foar de opfiering, troch toanielferiening De Vriendschap, fan Marie Jeanne, vrouw uit de volksklasse. Yn itselde jier wurdt yn Menaam de anargistyske ûnderwizer Andries R. Dykstra troch de gemeente ûntslein om’t er syn politike oertsjûging publisearre hie yn in arbeidersbledsje.‘Us forlosser’ Domela Nieuwenhuis skrepte him nei Ljouwert om foar de skoalmaster (en de frijheid fan mieningsutering) te pleitsjen, mar sûnder effekt. Dykstra waard ferfolgens oannaam as skoalmaster yn it reade Sigerswâld, mar kaam dêr al in jier letter, 22 jier âld, te ferstjerren oan de gefolgen fan longûntstekking.

Nei 1894 wurde der op ’e Ryp gjin folslein Frysktalige programma’s mear spile. Ons Genoegen hâldt dêr yn 1895 foar de earste kear in alhiel Nederlânsktalige jûn, wylst Friso yn Mantgum dat jier syn iennichste Nederlânsktalich programma opfiert. Halbertsma yn Wergea prestearret itselde unikum. Yn Stiens komt Halbertsma yn 1894 nei trije jier ynienen mei in Nederlânsk iepeningsstik, mei de passende titel De duivel op ’t dorp. It poerfryske Advendo fan Winsum hat yn 1895 en 1896 samar twa Nederlânsktalige iepeningsstikken. Harmonie yn Boazum liket suver in útsûndering; dat presintearret yn dizze jierren krekt inkeld mar folslein Frysktalige programma’s. Mar by Klimop yn Penjum, in doarp mei in grutte oanhing fan de revolúsjonêr sosjalist Domela Nieuwenhuis, dêr’t men al nei 1889 inkeld noch mar Nederlânsktalich toaniel spile, leit presys yn 1894 en 1895 de saak op syn kont en is der neat spile. Dat men net op it foarste plak foar sosjalisten programmearre, blykt ek út it feit dat de ‘linksere’ stikken fan dy tiid, lykas Ut frije leafde (1897) fan Sybren Valkena of Dy godloazen (1897) fan Klaas Stienstra, net ien kear op de programma’s fan de ûndersochte doarpsferieningen foarkomme.

Hat in breed fielde red scare it Fryske toaniel syn tebeksetter oan ’e ein fan ’e ieu besoarge? Mear of mear spesifike ynformaasje, bygelyks oer de hâlding fan toanielbestjoeren foar de arbeidersbeweging en syn relaasje mei it Frysk oer, sil krigen wurde kinne troch notuleboeken fan ferieningen te besjen, foar safier’t dy bewarre bleaun binne.

Hoewol’t de earste Fryske toanielstikken al datearje út 1859 en 1860, hat it twatalige toaniellânskip him yn Fryslân krekt goed foarme fan it midden fan de santiger jierren ôf. Foar dy tiid wie it in kwestje fan inkeld ris in opfiering. It toanielpublyk op ’e doarpen rint benammen waarm foar de Nederlânsktalige blijspullen en drama’s fan de Sieuske wynhanneler Arie Ruijsch, de Amsterdamse amtner Johannes Hubertus Janssen en fan H. de Saan. Yn de tachtiger en njoggentiger jierren is Ruijsch noch altyd populêr, no neist de Amsterdamse sigearekeapman J. van Maurik en de Haachse boekhannelmeiwurker M.J. Gillissen.

As Frysk ‘brekizer’ liket Oebele Glûper fan Dykstra fungearre te hawwen, hoewol’t dat stik syn opflecht krige op in ‘tapyt’ fan ytlike eardere fan syn stikken. It Fryske toaniel yn de santiger jierren ís Waling Dykstra. Mar in inkelde kear komt men in oare Fryske auteur oan, lykas Tsjibbe Gearts van der Meuelen en Hessel van der Zee. Begjin tachtiger jierren komme der dan mear súksesfolle Fryske auteurs: Jan van der Steegh, Oebele Stellingwerf, Ate Struiksma, Tsjeard Velstra en Cornelis van der Weg. Yn de njoggentiger jierren stûket it lykwols: nije stikken wurde wol skreaun en publisearre, mar se wurde oer ’t generaal lang safolle net spile as de eardere.

Hjir is in oersjoch fan de meast spile toanielstikken te finen.

Noaten

  1. P. Sipma, ‘De oorsprong van het Friesch tooneel’, De Vrije Fries 25 (1917) 134-183; Y. Poortinga, It Fryske folkstoaniel (1860-1930) (Van Gorcum, Assen 1940).
  2. ‘Us forlosser’ Domela Nieuwenhuis skrepte him nei Ljouwert om foar de skoalmaster (en de frijheid fan mieningsutering) te pleitsjen, mar sûnder effekt. Dykstra waard ferfolgens oannaam as skoalmaster yn it reade Sigerswâld, mar kaam dêr al in jier letter, 22 jier âld, te ferstjerren oan de gefolgen fan longûntstekking.

Mear fan Abe de Vries

‘Krysttiid 1899’ of it stjonkbedriuw fan de grutten
In Ried foar de Keunst (podcast) Gerrit Breteler: de wearde fan keunst is net ‘men betellet der fet foar’
Wol keunst wier ferskaat? (podcast) Systematysk harkje (@Amanda Gorman @Zaïre Krieger) nei de útranzjearre minderheden sit net yn ús ynstituten
Keunst is altyd polityk (podcast) Gerrit Breteler oer synergy mei it publyk
It sweverige wurd ‘spiritualiteit’ (podcast) Marty Poorter wol net útlizze
Mimesis (podcast) Keunst is gjin keunstsjes, seit Elmar Kuiper
Keukenstafelpetearen de alderearste fryske keunstpodcast
De Hylkje Goinga Priis foar Frysktalige Literatuer In trochstart fan de fallite Gysbert!
De treastpoezen fan it Frysk (it frysk is sa hoopfol en de minsken snappe it net)
De sosjale kosten fan fergriemen It neoliberalisme lit jo foar alles opdraaie
1 2 3 4 5 6 7 8 9