image

Poëzy

Ypie Haitsma-Bakker - Fers2, nû. 4.9, 6 maaie 2018

Heit

’k Soe dy lykas Húsman skild’rje wolle

dyn brune tinne hier plúst’rich op ’e holle.

Houtskoalswart, de barsten en de rânen

fan dyn ylterige hannen.

Dyn djippe tearen lykas Woudwijk ien

foar ien houwe, út rûge grize stien.

It boarstbyld mei de ferware holle

soe ’k op in fuotstik sette wolle.

Ik sil it besykje yn in sonnet

mar kin dy net belove dat ik dy nei ’t sin

yn in fers fan fjouwer strofen byldzje kin.

Ik skets en hou, skras en ferset.

’k Kin dy net yn wurden fange. Rûch opskuorre

hingje ’k dy yn ’t húske oan ’e muorre.

Ypie Haitsma-Bakker - Fers2, nû. 4.15, 7 oktober 2018

image

De tynge

Der’t ea it wetter, ferneamd om blei en iel

it lân begrinzge en ûnwaarsfûgels

kriezjend sweefden op termyk, bewâlden

roeken it leech dongsuchtich greidelân.

Wylst eastewyn it folk opswypke en

in blikken stim ferslach die fan beferzen lidden

op izeren skonken, kraste de tynge, gnjirdzjend

as in flime oer moarmeren glês.

Doe’t de âldroeken yn pronkjend swart

de fearren poetsten, befrearen triennen

by de gimmelearden kachel

yn ’e Mar, efter de polderdyk.

Dagen lingen en dêr’t mannich boer

nei d’ ûngetiid de greiden donge

stuiten hja by it dollen yn ’e skerne,

noch op grouwe bonken iis.

Ypie Haitsma-Bakker - Fers2, nû. 4.17, 4 novimber 2018

image

Fergetten gongen

Se omklammet in tas mei dierbere skatten

bûsdoek, âld kaai - It sulver hat se earne

bedobbe, seit se. Se is ferjitten wêr, ‘t is al lang wei.

De mosgriene jas flabberet om it bonkige liif

op skuon fan keunstlear - want in ko mei net

dea - doarmet se troch fergetten gongen.

Juster wie ‘k noch har bern,

hjoed bin ik mem en moarn

miskien samar in frou.

‘Oant oare kear,’ groetsje ik

en blaas har in tút.

Eagen fan glês rinne my nei.

Se sizze dat it maitiid is, ik fiel it net.

‘k Wol it grien de grûn wol ynwâldzje

en snau tsjin de fûgels fan hâld jim de bek.

Ik bin berne yn 1966 as helte fan in twaling. Op in pleats oan ‘e Slachte te Lollum. As bern doarme ik graach troch de fjilden en ik ferslynde boeken. Nei ús trouwen ferhuzen we nei Achlum en krigen we trije bern. Foar ús bern fantasearre ik ferhaaltsjes en rymkes foar it sliepen gean. Dy ferhalen en gedichten sieten yn myn holle, opskriuwe kaam der net fan. It is pas fan de lêste tiid dat ik koarte ferhaaltsjes en gedichten opskriuw en lêze lit. De reaksjes hjirop binne foar my in stimulâns om troch te gean. Om mysels te ûntwikkeljen folgje ik skriuw- en dichtkursussen en om skriuwmeters te meitsjen hâld ik in bloch by.

Ypie Haitsma-Bakker

Mear fan Ypie Haitsma-Bakker

Gedichten: Fergetten gongen Se omklammet in tas mei dierbere skatten / bûsdoek, âld kaai - It sulver hat se earne …
Gedichten: De tynge Der’t ea it wetter, ferneamd om blei en iel / it lân begrinzge en ûnwaarsfûgels …