In tradysje fan ‘It kin sa wol’
De ynfloed fan digitaliteit fan literêre tydskriften op de Fryske literatuer
1. Kânsen
Gee, that must be fun
maybe we should do an article on that in the magazine
but they’ll just tell me I’m stupid and it won’t sell
but I’ll just hold my ground this time, I mean
it’s my magazine, isn’t it?Reed/Cale, Songs for Drella: Dream, 1987
De oanlieding foar dit tydskriftûndersyk is in searje fan trije foarfallen. Yn de hjerst fan 2014 krige ik in útnoeging fan it Skriuwersboun foar in skriuwerswykein mei it tema ‘Digitale kânsen foar Fryske skriuwers.’ Der wiene doe mar twa tydskriften dy’t Fryske skriuwers kânsen biede koene, ensafh en De Moanne en beide einredakteuren wiene útnoege om te sprekken en dan noch inkelde Fryske manlju mar gjin froulju, dat folge logysk út de kar fan it tema. In sprekker út ‘de wrâld’ lykas Mark Zuckerberg fan Facebook wie ek net útnoege, wat minder ferklearber is want hy jout miljoenen oan filantropyske doelen dêr’t ‘Kânsen foar Fryske skriuwers’ perfekt tusken past hie. Hielendal net te ferklearjen wie it tema ‘Digitale kânsen.’
De term ‘kânsen’ ferwiist nei in foarútsicht, nei in noch net aktualisearre winst—nei de takomst. Mar der is al tweintich jier kommersjeel ynternet. Ek Fryslân hat op syn minst tsien jier in tige algemien ynternet dêr’t hast elkenien op oansletten wurde kin. Dus wêrom it ynternet foarstelle as in takomstich ferskynsel? Wêrom keas it Skriuwersboun net foar it tema fan de rispinge fan withoefolle jier digitaliteit?
Opmerklik is ek dat it tema him rjochte op skriuwers. As soene de profesjonele skriuwers nea publisearje op in blog, foarum of sosjaal medium lykas Facebook. As soe in fluch waaksende groep—fan jongeren fansels; de usual suspects—gjin Frysk mear lêze en as soe de trochsneed Frysk-lêzer net fertroud wêze mei it ynternet om’t er fan de babyboomgeneraasje is of noch heger op jierren, sadat der gjin merke is foar Fryske e-tydskriften. Mar sels nestor fan de Fryske literatuer Josse de Haan, berne yn 1941, hat him al lang oanpast oan de hieltyd tanimmende technologyske mooglikheden en publisearret al jierren digitaal op alderhanne elektroanyske media. It Skriuwersboun sammelet de websides en weblogs fan al syn leden; soe it se net opfallen wêze dat der gjin lid is sûnder dy digitale publikaasjemooglikheden? Yndie kent de webside fan Tresoar nei de lêste modernisearring noch mear doalhôfdesign as earst, de webside fan de Fryske Akademy is sa’n bytsje ynformatyf dat hermetysk in myld oardiel is en de sykfunskje fan de digitale ensafh is al jierrenlang ûntmoedigjend min. Mar dat docht earder tinken dat it fjild om de skriuwer hinne foar digitaliteit omkriemt en net de skriuwer sels.
It nuverst is dit: Fryslân hat yn it ferline twa frij súksesfolle e-tydskriften hân. Dat wiene gjin tydskriften dy’t, lykas ensafh en De Moanne, neist papier ek in digitale útjefte kenden, mar echte e-tydskriften mei primêr in online publikaasje, te witten Kistwurk en Farsk. De reden dat it Skriuwersboun de oprjochters fan dy twa e-tydkskriften, Eeltsje Hettinga en Abe de Vries net útnoege hie is riedseleftich. Hettinga en De Vries binne ommers de iennichsten yn Fryslân dy’t net oer digitaliteit prate as in cyberspace fariant yn in mooglike takomst, mar as reality en wilens yngeand evaluearre eigen ûnderfinings.
Boppedat komme Hettinga en De Vries beiden út it sjoernalistike fak. De sjoernalistyk—net yn de smelle betsjutting fan nijsferslachjouwing mar yn de oarspronklike brede fan it produsearjen fan in journal, in tydskrift—is fan syn ûntstean yn de njoggentjinde ieu ôf in sektor dy’t tige demokratisearjend op de literatuer ynwurke. Just de sjoernalistyk, dy’t mear jild en lieding jaan koe oan nijkommers en minder risiko rûn troch de publikaasje fan lytse, seriële stikjes, koe oan skriuwers mei in swakke startposysje, dus benammen froulju en minsken út de arbeidersklasse, nije en gelikense kânsen jaan en docht dat no noch. Al mei al binne Hettinga en De Vries dus de minsken dy’t wat te sizzen hawwe, én oer tydskriften én oer digitaliteit én oer kânsen.
Ik frege it Skriuwersboun oft ik thús in live stream ûntfange kinne soe fan de belangrykste dielen fan it skriuwerswykein. Sa’n bûtenierdske fraach hiene se noch net earder hân. It like my dêrom net handich om troch te freegjen nei de redenen fan de kar fan tema en sprekkers en ek net om tagelyk te wizen op de foardielen fan foar-útsjoerings fan podcasts op de Skriuwersbounwebside om oandacht te winnen foar it tema, it sammeljen fan âld materiaal foar on demand viewing om de live streams fan de sprekbeurten hinne of foar letter mei it each op in globalisearjend publyk, en fan it meitsjen fan fideo’s as tsjinstferliening foar de leden en as reklame foar sponsors. Mar ek op myn simpele fraach om in pear oere live stream kaam gjin antwurd. In pear wike letter waard bekend dat it skriuwerswykein net trochgie. Der wie te min belangstelling. Tsja. Hie Zuckerberg dan ek útnoege: belangstelling moat men kweekje. Dat wie it twadde foarfal.
It tredde foarfal wie dat ik op ferskate blogs de ferslaggen lies oer it Twitterfiction Festival 2014 yn New York. Immen skriuwt oer de belangstelling foar it festival: “Stimmen fan protest komme gewoanlik fan de westerske wrâld—sy dy’t ôfstimd binne op in beskate kanon en regels oangeande wat ‘echte literatuer’ wêze soe.” In pear moanne earder, skriuwt se, hie it Taj Literary Festival yn Agra, India, dy wjerstân en ek de ynfloed fan sosjale media en digitale technology yn it algemien op de persepsje fan literatuer en de demokratisearring dêrfan ûndersocht.
Ergo, dêr yn India, dêr’t troch it weifallen fan in ûnôfhinklike sjoernalistyk en wetjouwing elts kritysk debat oer kultuer en belied bedrige wurdt, praat men wol oer digitaliteit en literatuer? Hawwe Fryske skriuwers dan just fiersten tefolle kânsen en ha se gjin ferlet fan sprekbeurten oer digitaliteit? Of ha se, troch de ynfloed fan de kanon- en regelfoarfjochters, noch folle minder kânsen as yn India?
De fraach wat de ynformaasje- en kommunikaasjetechnology fan it world wide web de literatuer opsmiten hat is faak steld, mar ûnbeantwurdber. De fariabelen ‘ynternet’ en ‘de literatuer’ binne net te definiearjen en dêrneist binne de withoefolle faktoaren dy’t mei-inoar op in libbene literatuer ynwurkje net te kontrolearjen, wat makket dat in effekt net mjitber is. De smellere fraachstelling nei ‘de ynfloed fan digitaliteit fan Fryske literêre tydskriften op de Fryske literatuer yn de lêste 15 jier’ kin mooglik wol ynsjoggen opleverje dêr’t de Fryske literêre praktyk en it Fryske tydskriftûndersyk wat oan hawwe. Mar ek sa’n ûndersyk slagget inkeld salang’t as ‘feit’ oannommen wurdt dat de digitaliteit fan de Fryske literêre tydskriften net ynfierd mar organysk groeid is en dat it private, net-ynstitusjonalisearre inisjativen wiene dy’t dy groei mooglik makken. De literatuersosjology op it mêd fan digitaliteit rekket dêrtroch sa no en dan oan de single case study fan de linguistyske antropology.
De kasus is Eeltsje Hettinga. It plak is de Gysbert Japicxstrjitte yn Ljouwert. De tiid is maaie 2000. Fan de Nederlânske befolking hat 44 persint de mooglikheid om fan it eigen hûs út op it ynternet te kommen. Hellen yn 1998 de measte minsken har ynformaasje noch fan it ynternet om dêrnei it ‘echte’ produkt yn de winkel te keapjen, in jier letter is de online ferkeap ferdûbele en stiicht fierder mei deselde faasje. Wilens is dúdlik dat ynternetgebrûk net ta it útinoar fallen fan de mienskip, sosjaal isolemint en sedeferwyldering liedt, likemin as earder de radio en tv dat dien ha. Wol seit yn 2000 fjirtjin persint fan de ynternetbrûkers dat se troch it ynternet minder tiid oan it lêzen fan boeken besteegje, al is der noch net in soad te dwaan op it ynternet. Relatieplanet komt der krekt yn 2002, MySpace yn 2003, Facebook op de fisueel oantreklike datum fan (mm-dd) 02-04-2004, YouTube yn febrewaris 2005, Wordpress2 mei in reedlike gebrûksfreonlikens ein 2005 en de weblog fan Huub Mous yn 2006. Der binne yn 2000 gjin e-zines yn Fryslân—no ek net—wat opmerklik is om’t Fryslân wol inkelde wurdearre literêre zines, dus yn eigen behear útjûne tydskriften, hân hat lykas De Teannewâdder fan Anne Wadman en De Kul fan Trinus Riemersma.
Boppe-op de karakteristike doelen fan in zine kin in online zine tsjinje as advys- en netwurkplak en minsken dy’t net tichtby wenje of om oare redenen net maklik te berikken in kâns jaan om har oan te sluten. Neist dy strategyske of demokratyske doelen is it deagewoan oantreklik om in eigen online tydskrift op te rjochtsjen; it is goedkeap en maklik, men kin syn kreativiteit kwyt en men krijt oandacht. Mar de literêre tydskriften Hjir, Trotwaer en De Strikel tinke yn 2000 noch lang net serieus oer online gean. Dat is de eftergrûn fan de urginsje dêr’t Hettinga, krekt werom fan syn korrespondintefunksje yn Amearika en fertroud mei de nije ynternetmooglikheden likegoed as mei populistyske tillefysjeretoryk as ‘What this country needs is…’, syn e-tydskrift Kistwurk mei oprjochte.
Wrâldwiid waarden de iere online tydskriften troch de lege kosten—skriuwers en redaksje waarden gewoanlik net betelle en papier, inket en de post wiene net nedich—en troch in alternative doelgroep sjoen as in bedriging foar de mainstream tydskriften. Dat wie by Kistwurk net oars. De haadredakteur fan Hjir liet witte dat er Kistwurk mar neat fûn. Mar it wie as hie Kistwurk op dy status wachte; it wie nij, lyts, dynamysk, oars as al it oare en it spile mei leafde de underdog. Twaenheal jier lang soe it alderearste Fryske digitale literêre tydskrift it wurd ferspriede nei wa’t him net ta it establishment rekkene. Kânsen—foar Fryske skriuwers yn dit gefal—binne saken fol risiko fan falen; men gokt op wat falikant ferkeard ôfrinne kin. Kistwurk joech gjin kânsen mar gelegenheden oan Fryske skriuwers: mominten dy’t men pakt om dat te dwaan wat in sitewaasje ferbetterje kin. Of sels foargoed feroarje.
2. Kistwurk
Fluxus concerts, publications, etc—are at best transitional (a few years) & temporary until such a time when fine art can be totally eliminated (or at least its institutional forms) and artists find other employment.George Maciunas, Fluxus Codex, 1964
Yn maaie 2000 rjochte Eeltsje Hettinga Kistwurk op, it alderearste digitale Fryske literêre tydskrift. It motyf foar it oprjochtsjen wie yn it foarste plak ûnfrede mei besteande papieren tydskriften. Hjir soe in sammeljend, blomlêzend, net-kritysk karakter ha en Hjir en Trotwaer soene jonge auteurs befoardielje, likefolle wat de kwaliteit fan har wurk wie. It beswier fan Hettinga tsjin de digitale oansetten dy’t der bestiene—bûten Fryslân trouwens; yn Grins—wie it ûntbrekken fan maatskiplik engaazjemint. De Blauwe Fedde ûnder redaksje fan Meindert Talma en Nyk de Vries, dat fan oarsprong in papieren tydskrift wie, wie behalven apolityk ek net alhiel Frysk. Twad hie Hettinga oan syn persoanlike ûnderfining yn Amearika in fassinaasje foar de funksje en it effekt fan it ynternet oerholden. Kistwurk woe it ynternet útbaatsje en fia it ynternet in oar publyk berikke as dêr’t de besteande Fryske media har op rjochten, mei in alternatyf medium, in alternative ynhâld en in alternative foarm en Kistwurk woe oeral tsjinoan skoppe, mei literêre én maatskippijkrityk; in tredde doel hong der wat los by, nammentlik in ynterregionaal literêr tydskrift mei Bremen te foarmjen.Hettinga, Eeltsje. “Foaropwurd.” Kistwurk. Kistwurk, 6 april 2001. Web. 11 oktober 2014. <https://web.archive.org/>, <http://www.kistwurk.nl/>.
Der kaam in redaksje fan trije leden met Hettinga as haad, dy’t skriuwers aktyf beneiere en in lytse krite fan fêste meidoggers byinoar sammele. Al hie Hettinga it privileezje fan fiat en veto en al joech er wiidweidich kommintaar—in skriuwer krige op ien fers fan inkelde strofen ris njoggen kantsjes feedback—publikaasjes waarden sa folle mooglik yn oerlis foarmjûn. De fiedingsboaiem foar it tydskrift bestie út trochgeande petearen tusken redaksje en meidoggers; der waard in soad skille en emaild en der wiene hast alle jûnen Kistwurk-gearkomsten. Sine quod non foar it ûntwerp en de produksje fan Kistwurk wiene wille, fjoer en humor: “Der moat in klimaat om in tydskrift hingje; dat klimaat toant him yn de produksje.”Hettinga, Eeltsje. Persoanlike kommunikaasje, 7 oktober 2014. It fjoer, dat wol sizze de “fûlens en fellens”Hettinga, Eeltsje. Persoanlike kommunikaasje, 7 oktober 2014. dy’t Hettinga yn syn tydskrift brocht, kaam it bêst ta syn rjocht yn de polemiken en kritiken. Dy stikken bestiene foar in grut part út sinnige, hjitte en op de persoan en de ynstitúsjes rjochte wurden, lykas: “Wol dizze nei dionysyske dronkenskip langjende dichter dan dochs noch in eintsje fierder mei it gedoch fan de Fryske skriuwerij?”Hettinga, Eeltsje. In hedonistyske God yn grifformearde foarm. Kistwurk. Kistwurk, 20 april 2001. Web. 9 desimber 2014. <https://web.archive.org/>, <http://www.kistwurk.nl/>
Al waarden de alderearste online literary magazines dy’t fan 1996 ôf ferskynden troch de printe tydskriften ôfwiisd as net serieus, en ek al wie Kistwurk in hiel ier en dus jierrenlang it iennichste digitale tydskrift yn Nederlân, in underground-blêd wie it net. Kanonisearre skriuwers lykas Trinus Riemersma en Josse de Haan stjoerden stikken yn en in generaasjekleau bestie net; kwaliteit wie it útgongspunt. Yn de jierren 2000 krigen online tydskriften noch faak in printe ferzje om de ynternetferzje oan te foljen. Ek by Kistwurk hoegde digitaal papier net út te sluten. Mids 2000 kaam Kistwurk online en mei yngong fan it boekefeest yn febrewaris 2001 ferskynde Kistwurk ek as fearnsjiersblêd dat gjin nij materiaal befette en om de 110 siden telde. Yn de missy fan Kistwurk wie opnommen dat it net rjochte wie op produkten mar op prosessen lykas it begelieden fan debutanten mei talint en ambysje. It ûnderskied produkt- fersus proses-sjoernalistyk is no noch aktueel en wurdt benammen troch kranten brûkt om bloggers, de bedriigjende konkurrinten, te beskuldigjen fan rioelsjoernalistyk en breklike berjochtjouwing. Ut projekten lykas ‘Wrâld, Finster, Gedicht’, dêr’t tritich Fryske dichters har favorite gedicht oersetten, blykte lykwols, behalven besieling en fernimstigens, wis wol in stribjen nei perfeksje en nei in moai bondele produkt. Ek wie de foarmjouwing fan Kistwurk wichtich, oars as bygelyks by de Koperative útjouwerij dêr’t neffens Hettinga uterlik net belangryk wie, “om’t ‘it kin sa wol’ dêr de tradysje wie.”Hettinga, Eeltsje. In hedonistyske God yn grifformearde foarm. Kistwurk. Kistwurk, 20 april 2001. Web. 9 desimber 2014. <https://web.archive.org/>, <http://www.kistwurk.nl/>
Lykas de Fryske literêre tydskriften De Tsjerne (1946-1968) en Quatrebras (1954-1966) hie Kistwurk oandacht foar byldzjende keunst. Wiene der amper kollums—yn de sin fan searjes fan persoanlike kommintaren en opinys oer in beskaat gebiet fan algemien belang, mei politike of artistike strekking—yn de reguliere media, Kistwurk hie hast inkeld kollums. Fierder bestie Kistwurk út wat ferhalen, spotprinten en oersettings fan bûtenlânske literatuer út de hiele wrâld oanfolle mei in hiel soad skotskrift, tirade, satire, parody, imitaasje en bedrochlykas kullerij-Sineeske gedichten. It op it earste gesicht puberale mei-inoar gekjeien kent in serieuze ynspiraasje. Georges Bataille sjocht keunst as “in protest tsjin de wrâld dy’t bestiet, mar sûnder datjinge hie it protest sels gjin foarm krije kinnen.”Bataille, Georges. Oeuvres complètes. Parys: Gallimard, 1988. Printe. s. 28. Ek ferwiist Hettinga nei it pleit fan Jos Joosten om de literatuer te befrijen fan de tradisjonele fernijingswize mei syn komplemintêre posysjes fan oarder en oarderfersteuring, mei as betingst dus it bewustwêzen fan dichters fan harren literêr-histoaryske posysje.Joosten, Jos. Onttachtiging. Essays over eigentijdse poëzie en poëziekritiek. Nimwegen: Vantilt, 2003. Printe. It tsjin de oarder oanskoppen liket in ritueel: in manier om yn kontakt te kommen mei de wierheid.
Subsydzje foar in ynternettydskrift bestie noch net. It pleatsen fan advertinsjes gou as fertocht yn de hege literatuer en sa smiet it ’oeral tsjinoan skoppen’ fan Kistwurk tagelyk wat middelen op. Neist de reklame-ynkomsten koe Kistwurk âld literêr-manifestaasjejild fan de al seis jier lang beëinige Operaesje FersEfterôf like it gau tefreden stellen fan de Kistwurk-makkers it ynstellen fan in subsydzje spesjaal foar literêre ynternetinisjativen yn it paad te stean. Foar Operaesje Fers, de Fryske dichterstillefoan dy’t bestie fan 1968 oant 1994 kaam de subsydzje net daliks by it begjin op 16 febrewaris 1968. Krekt yn it neijier kaam der 2000 gûne fan de gemeente Ljouwert en yn 1969 kaam der subsydzje fan de it Ministearje fan Kultuer. Yn 1969 advisearre de advyskommisje fan de Gysbert-Japicxpriis oan Deputearre Steaten om de priis ta te kennen oan Stifting Operaesje Fers. DS namen dat advys net oer want de priis koe op reglemintêre grûnen net takend wurde oan in Stifting. De redaksje fan it literêre tydskrift Trotwaer besleat dêrom om sels de GJ-priis út te rikken oan Operaesje Fers, ynklusyf it jildbedrach fan f.1500,-. Ek yn 1969 joech de Fryske Kultuerried de ynterdepartemintale Kommisje Fryske-Taalpolityk (Kommisje-Van Ommen) it advys om Operaesje Fers te subsidiearjen, om’t it fan it begjin ôf tige populêr wie en: “De vrees dat het een eendagsvlieg zou worden is niet bewaarheid.” Sjoch Steaten Generaal. Dokumint 3A 1969-1970. Bylage 7. s. 43. Web. 20 desimber 2014. <http://www.statengeneraaldigitaal.nl/> Dy advizen wiene al ynhelle troch de persoanlike lobby fan de Operaesje Fers-minsken by it Ministearje; de rykssubsydzje waard letter struktureel. Doe’t Ljouwert en it Ryk subsydzje joegen koe de provinsje Fryslân net efterbliuwe. krije. Yn 2002 kende dan it Letterefûns oan Kistwurk syn alderearste stimulearringssubsydzje foar digitale publikaasjes ta. Dat moast ek want by it heldere tydskriftprofyl fan Kistwurk hearden heldere prinsipes. Skriuwers en oersetters moasten in honorarium ûntfange. It Fryske bewegingsprinsipe hat altyd west: foar de goede saak. Dat makke it beteljen fan ’meidoggers’ net-nedich of sels yn striid mei it bewegingsideaal—wat de facto it profitearjen fan skriuwers is. Mar de provinsje Fryslân wie noch net sa fier as it Letterefûns en de profesjonalisearring fan Kistwurk troch strukturele subsidiearring fan Provinsjale Steaten slagge net. It gefolch dêrfan wie dat Hettinga Kistwurk ein 2002 beëinige; neffens him koe oan it non-profit-prinsipe net yn werklikheid foldien wurde.Hettinga, Eeltsje. Persoanlike kommunikaasje, 7 oktober 2014. It Letterefûns kontinuearre de stimulearringssubsydzje foar ynternettydskriften
It histoarysk en letterkundich sintrum Tresoar fertelde my dat hast alle content fan Kistwurk ferlern gien wie om’t yn de Kistwurk-jierren, mear as tsien jier lyn, digitaal konservearjen sa goed as ûnmooglik like. Tafallich kom ik út ien fan de earste gesinnen yn Nederlân dat in IBM personal computer hie, noch fier foar’t se foar yndividueel gebrûk yn ’e hannel kamen. Der waard doe, twadde helte fan de jierren ’70, al praat oer in common internet protocol en hoe’t dat it libben bemaklikje soe. Mar doe’t tweintich jier letter dat ynternet der wie en auteurs, útjouwers, bibletekarissen en wa dan ek mei grutte faasje ynformaasje begûnen te fersprieden foar de koarte termyn, sûnder each foar it bewarjen dêrfan op de lange termyn, doe stiene der ynienen nije barbaren foar de ôfslútdyk. Wy soene ús yn de donkere midsieuwen fan it elektroanysk tiidrek befine, wy hiene gjin idee wat digitale objekten feitlik wiene of diene en alles wat it world wide web opstjoerd waard soe dus foar ivich ferlern gean. Koartsein: as jo yn Fryslân in literêr tydskrift meitsje wolle dat wearde hat, kin dat, sa’t it noch altyd sirkulearjen fan de printe fearnsjierferzje fan Kistwurk bewiist, net oars as op papier. It bredere idee dêr’t dy tradisjonele literatueropfetting yn woartelet is dat keunst ivich is en dat Fryske keunst foar it Fryske folk is. It meast resinte hânboek fan de Fryske literatuer, út 2006, omskriuwt Fryske literatuer as Frysktalige literatuer, dus de taal fan de Friezen is it kritearium. Ek stelt dat hânboek wol dat de Fryske literatuer him in plak wûn hat op it ynternet, mar jout dan dit foarbyld fan de sinjalearre populariteit fan de Fryske literatuer: “De momenteel gangbare oplage van duizend voor een Friestalige roman zou naar Nederlandstalige verhoudingen omgerekend zo’n vijftigduizend betekenen, onmiddellijk goed voor een plaats bij de vijftig best verkochte titels die de CPNB elk jaar publiceert.”Oppewal, Teake. “Het perk uitgezet.” Zolang de wind van de wolken waait. Geschiedenis van de Friese literatuur. Red. Teake Oppewal et al. Amsterdam: Bert Bakker, 2006. Printe. s. 13-4. Sa’n fisy op literatuer—as fêst objekt mei mjitbere, mei Nederlân konkurrearjende status—ferhâldt him min ta it ynternet mei syn diffuse, diskontinue tekstualiteit, anonimiteit en potinsjeel foar wiid fersprate, net kontrolearbere brûker-ynteraktiviteit—en op it ynternet kin elkenien him wol in oprjochte Fries neame.
Archive.org, in gigantyske digitale bibleteek, hat gelokkich wat Kistwurk-siden bewarre. Dêrfan falt daliks it romantisisme op: it belang fan ferbylding en sentiminten lykas ritigens en animositeit neist de rede, de neidruk op subjektive ûnderfining en persoanlikheid—de spesifike foarm, ynhâld en organisaasje fan Kistwurk waard beskôge as folgjend út de persoanlikheid fan de redaksjeledenHettinga, Eeltsje. Persoanlike kommunikaasje, 7 oktober 2014.—iepenheid foar mooglikheden yn de takomst en in Fiktoriaansk oandwaande sjocht nei opoffering en selsdestruksje: “[D]e literêre wurken foarmje de heuvels yn XS4ALL grafysk berchlânskip, mei in sekuere statistyske werjefte, ék fan Hettinga’s buien; nea hawwe der safolle besikers west as doe’t Kistwurk der yn it foarjier mei ophold.”Schotanus, Elske. “Binn’ jo wol lekker: It hege RTL-4 gehalte fan Frysk literêre salonhelden.” Kistwurk. Kistwurk, 18 desimber 2002. Web. 10 desimber 2014. <https://web.archive.org/ >, <http://www.kistwurk.nl/> Unferwachts is de oerienkomst mei Fluxus, de anty-kommersjele-keunstbeweging ûnder it liederskip fan George Maciunas fan de iere jierren sechstich oant ein jierren santich. De betsjutting fan de ynformele ynternasjonale groep avantgarde keunstners dy’t him mei Fluxus assosjearre kin hast net oerskat wurde om’t se yn alle mooglike media wurken, in stream fan fernijende antologyen ferspraten—ynbegrepen fan elektroanyske partituren—en konserten en performances organisearren dêr’t de deistige yndividuele ûnderfining sintraal stie. Fluxus omfette in grut part fan de konsepten en praktiken fan de nei-oarlochse avantgarde, lykas de kreative filosofy fan it Lettrisme, concrete poetry, musique concrète en eksperimintele random music, Happenings en konseptuele keunst. Skriuwer/
De meast opmerklike parallel is dat Maciunas Fluxusuteringen “at best transitional (a few years) & temporary” neamtMaciunas, George. “George Maciunas to Tomas Schmit, January 1964.” Fluxus codex, Red. Jon Hendricks. New York: Abrams, 1988. 37. Printe. en, al binne de Kistwurk-makkers har net bewust fan har (neo)fluxiaanske attitude fan ûnsinnigens en ynkongruinsje, foar Kistwurk liket itselde te jilden. Mids 2001 skriuwt Hettinga dat it útbaatsjen fan it ynternet slagget mei Kistwurk: “Ien fan de fruchten fan digitalisearring is aktualisearring en ynteraksje. Mei dêrtroch wurdt de diskusje, û.m. polemyk, oanpoene.”Hettinga, Eeltsje. “Foaropwurd.” Kistwurk III. Ljouwert: Stifting NiMM, 2001. Printe. s. 7. Mar yn desimber 2001 slacht de frustraasje al ta: “De mooglikheden en ek it belang fan de ’nije media’ foar it literêre bedriuw yn Fryslân lykje har te beheinen ta in gjalp (sj. de Kultuer-nota 2001!).”Hettinga, Eeltsje. “Foaropwurd.” Kistwurk IV. Ljouwert: Stifting NiMM, 2001. Printe. s. 7. Bedoeld wurdt de provinsjale beliedsnota 2001-2004 ’Kultuer yn Fryslân 20.01/04 : kultuernotysje Provinsje Fryslân’. Doel fan it belied wie om de Fryske literatuer better foar it fuotljocht te bringen; de ynset fan nije media yn de literatuer is ‘oankundige’ en literêr tydskriftbelied is net fêststeld. En ein 2002 is Kistwurk útsprutsen: “Fryslâns literêre salonhelden hâlde fan alles behalven fan literatuer. Roddel en achterklap (…) mar foar it werklik lêzen fan oarmans wurk, it opsetten fan in fûnemintele diskusje, bygelyks oer ‘De frjemdling’ fan Camus of it ynhâldlik reagearen op stikken oer it Skriuwersboun, Hjir of de Moanne is gjin belangstelling. Hoe’t ik dêr by kom? Kinst op de tellers sjen (…) fan ynfloed is absolút gjin sprake.It oantal besikers fan Kistwurk is yn augustus 2002 20.000 unike besikers. Kistwurk kaam ein maaie 2000 online, dus dat is it sifer nei 27 moannen. Dat leit net oan Kistwurk, kopij genôch op it Net, mar oan it lêzerspublyk dat in heech RTL-4 gehalte hat. En dat falt ôf, want bekend is ek dat it de skriuwers séls binne dy’t it grutste part fan de besikers op ‘e site útmeitsje.”Sjoch noat 13: Schotanus, Elske. “Binn’ jo wol lekker: It hege RTL-4 gehalte fan Frysk literêre salonhelden.” Kistwurk. Kistwurk, 18 desimber 2002. Web. 10 desimber 2014. <https://web.archive.org/ >, <http://www.kistwurk.nl/>
De útspraken meitsje dúdlik dat it just oan aktualiteit mankearre. Besikersoantallen telle op de web page is in typysk fersin fan it ynternet 1.0 dus fan ’e begjinjierren njoggentich. De frjemdling wie sechstich jier âld en Houellebecq hie krekt syn Plateforme publisearre mei in folle aktuelere en gefaarlikere etyk as dy fan Camus’ protagonist Meursault. It ûntbrekken fan in blik op de werklikheid fan it no tsjinne him al oan yn Kistwurk I, yn 2000. In (kullerij) etyske pro & con-list giet: “Apparaten binne nutteleas. De TV kin de doar út, dat jout jo gelegenheid om ris nei de blommen yn jo tún te sjen, of nei jo eigen frou. GTST? It libben jout jo jo eigen goede en minne tiden wol! De waskmesine hawwe we yn Rigel I al mei ôfweefd. Ynternet? Flauwekul, it jiskefet fan de kultuer. Jo hawwe dochs al in jiskefet? Krekt! Wêrom in twadde?”Veenbaas, Jabik & Hoekstra, Eric. “Lyts hânorakel foar in ienfâldich libben & Grutsk hânboek foar in mannichfâldich libben.” Kistwurk. Kistwurk, 2000 (n.d). Web. 11 desimber 2014. <https://web.archive.org/>, <http://www.kistwurk.nl/> Mar dy list, hoewol’t dy 5500 wurden nimt, neamt nearne de esseebondel Radicale middelmatigheid fan Henk Oosterling, dy’t útkaam yn 2000 en just hannele oer mediamike ferskynsels lykas Kistwurk en in protte stof opwaaie liet. Oosterling is oansletten by V2_Institute for the Unstable Media, in ynterdissiplinêr sintrum foar keunst en mediatechnology en oars as op Camus hie it in direkt belang om op Oosterling te reagearjen. Dat de kontekst mist makket ek dat de boekbesprekken yn Kistwurk no al ferâldere, eksoatysk en ûnbelangryk oandogge. Dy yndruk is slimmer om’t de persoanlike toan fan de besprekken de lêzer ta in bûtensteander makket: “Doele is in skriuwer, in echten. / Mar no de oare kant: wêrom komt Doele sa let mei dizze ferhalen?”Riemersma, Trinus. “De glâns fan weemoed.” Kistwurk. Kistwurk, 2000 (n.d). Web. 11 desimber 2014. <https://web.archive.org/>, <http://www.kistwurk.nl/> Polemyk hat datselde effekt; it doel dêrfan is ommers just net diskusje mar winne, dus it is rjochte op de opponint en minachtet de frijheid fan de lêzer. Dêrneist wie fan ynteraktiviteit feitlik gjin sprake om alle bydragen op Kistwurk fia de redaksje giene, wat in swierdere buffer is as in webmoderator tusken digitale kommentators, en der gjin foarum noch in comment-balke foar consumer communication wie.
Dat hie allegearre net slim west, want Kistwurk is sa fleurich en komysk dat men mar mei muoite ophâlde kin mei lêzen, as Kistwurk gjin in-crowd medium west hie. Mar it hege tal fan Kistwurk-meidoggers ûnder besikers fan de Kistwurk-side wiist der op dat it dat doelberet wol wie. Literêre tydskriften binne gjin kommersjele tydskriften mar funksjonearje as fakblêden en dêrom sirkulearje Fryske literêre tydskriften altyd yn de lytse krite fan Fryske literators. Mar oars as Farsk en ensafh definiearre Kistwurk syn publyk troch, ex ante en ex negativo, de ‘massa’ út te sluten, bygelyks troch namedropping dy’t inkeld foar neiste kollega’s betsjutting hatYn de earste 467 wurden fan in ’blyn oanwiisd’ boekbesprek wurde njoggen nammen neamd mar net yntrodusearre; it hiele artikel fan 1355 wurden befettet (eksklusyf de namme ’God’) 22 net yntrodusearre nammen. Sjoch Franke, Rimmer. “In lekke opblaaspop en tsien fersen foar Douwe Tamminga.” Kistwurk, Kistwurk, 20 april 2001. Web. 19 desimber 2014. <https://web.archive.org/>, <http://www.kistwurk.nl/> of troch in typysk in-crowd-gebrûk fan ‘wy fersus sy’ yn kombinaasje mei in ôfsetten tsjin de noarm: “(…) waarden wy wat wurch fan al it gekanker dat men mar al te faak yn ‘e Fryske rûnten tsjinkomt.”Franke, Rimmer, Halewijn, Margriet, & Hettinga, Eeltsje. “Foaropwurd.” Kistwurk I. Ljouwert: Stifting NiMM, 2001. Printe. s. 7. Sa’n in-crowd is in groep minsken dy’t har eigen, ôfwikende sosjale noarm hawwe dy’t meastal diel útmakket fan har identiteit. Faak hâldt ien persoan de in-crowd byinoar, stjoert de noarm en beslist wa’t meidwaan kin en wa’t útsletten wurdt om’t syn gedachteguod ûngelyk is oan dat fan de in-crowd. It mei nije ideeën ôfwiken fan de kulturele noarm makket dat der sosjale foarútgong is, mar de ôfwikendheid sil altyd op in stuit sels de sosjale noarm wurde troch it proses fan normalisaasje. In maatskippij went oan alles—ek oan Kistwurk.
De subsidiearring fan Kistwurk troch it Letterefûns betsjutte, neist de mooglikheid om oan de eigen prinsipes te foldwaan en de skriuwers te beteljen, ek erkenning. De oare twa subsidiearre tydskriften wiene Hjir en Moanne/Trotwaer en sa hearde Kistwurk ynienen by it literêre establishment. De ynternasjonale skiednis fan literêre ynternettydskriften lit sjen dat dy folle minder stabyl binne as algemiene tydskriften; se komme en gean. Finansiën spylje dêrby in rol en de oare faktoaren binne kompleks.Thad McIlroy, “The Future of Publishing.” The Future of Magazines. Thad McIlroy, 10 july 2013. Web. 12 novimber 2014. <http://thefutureofpublishing.com/> In oannimlike reden foar it ferdwinen fan Kistwurk is lykwols dat mei de status as erkend Frysk literêr tydskrift de in-crowd-identiteit fuort foel sadat Kistwurk foargoed ophold te wêzen wat it wie en wêze woe. Hoe dan ek, dat Kistwurk stopte wie net allinne in ûn-Bataillaansk beslút, it wie ek strategysk riskant. It Letterefûns begrutte foar it twadde jier de stimulearringssubsydzje foar in Frysk ynternettydskrift, mar hold dat jild oer om’t it iennichste Fryske ynternettydskrift einige wie. No’t grutte spilers as Omrop Fryslân en Tryater online gien wiene koe de Provinsje net langer efterbliuwe mei keunst en kultuer te ûnderstypjen en in e-tydskrift-
3. De Golle
Hey Sally, why work at that silly claims adjusting job—didn’t you used to sing? Sing, Sally, sing! We feel sure that we speak for others, that we speak for millions. If only we can get the word out, spread the word, with this, this magazine…Dave Eggers, A heartbreaking work of staggering genius, 2000
Yn de simmer fan 2014 wize de leden fan de World Economic Forum de slimste kwestjes oan dêr’t de wrâld himsels foar steld seach. Neist de tanimmende spannings yn it Midden-Easten en fansels de klimaatferoaring neame hja de flugge fersprieding fan mis-ynformaasje op it ynternet. In ûndersyk út 2013 lit sjen dat yn de lêste tsien jier it fertrouwen fan Britske ynternetbrûkers yn de krektens fan online ynformaasje gelyk bleaun is. Dy útkomst is uteraard relatyf. De Britten sille útfûn ha dat radio, tv, kranten en boeken ek faak dingen sizze dy’t net klopje. Op papyrus en perkamint waard al ûnopsetlik ferkearde ynformaasje ferspraat troch teksten net korrekt te kopiearjen, mar de oarsaken fan online mis-ynformaasje binne net slitaazje en ûnlêsberens fan de boarne, min ljocht, beroerde arbeidsomstannichheden en beheinde mooglikheden om flaters te korrisjearjen. De mis-ynformaasje fan no ûntstiet om’t der gjin tiid is om de ynformaasje te kontrolearjen. Yn de tradisjonele media is it fan belang om as earste breakin’ news te bringen. It ûntbrekken fan in redaksjoneel proses jout bloggers in flinke tiidwinst op de tradisjonele krante, mar de ûnderlinge konkurrinsje fan bloggers ferheget ek foar harren de tiidsdruk. Boppedat komme printe media meastal noch yn kontakt mei it sûne ferstân fan in redaksjoneel tiim, printer of útjouwer, mar by online publikaasje is dat gewoanlik net it gefal. De fersprieding op it ynternet giet boppedat sa hurd dat as de mis-ynformaasje ûntdutsen wurdt dy al sa faak copy&past-ed is dat rjochtsetten gjin begjinnen oan is.
Sa kin it kommen wêze dat op Wikipedia stiet: “De Golle wie in blêd oer Fryske literatuer. It waard oprjochte troch in tal yn Amsterdam studearjende Fryske jongeren. Dy seagen tydskrift De Tsjerne as in ferkalke blêd fan de fêstige oarder, fan “minsken dy’t arrivé wiene”. It nivo wie harren te leech en út ûnfrede oer de mentaliteit fan De Tsjerne-redaksje rjochten se yn 1953 it blêd De Golle op, dat nei trije nûmers fierder gie ûnder de namme Quatrebras (fjouwersprong).”“De Golle.” Wikipedia: The Free Encyclopedia. Wikimedia Foundation Inc., 9 jannewaris 2013. Web. 22 oktober 2014. Dat klinkt like oanloklik as oannimlik en mist miskien om dy reden fact check en boarnen. Mar it tagonklike, digitalisearre Lyts hânboek fan de Fryske literatuer stimt oerien mei de Wiki-tekst: “Jeuchlik (en eksperiminteel) tsjinwicht levere ‘De Golle’ (1953-’54), dat in fuortsetting fûn yn ‘Quatrebras’ (1954-’68).”Dykstra, Klaas, en Bouke Oldenhof. Lyts hânboek fan de Fryske literatuer. Ljouwert: Afûk, 1997. Printe. s. 186. Parallel oan Jos Joosten syn sinjalearjen fan in fêst ôfwikseljen fan oarder-oarderfersteuringJoosten, Jos. Onttachtiging. Essays over eigentijdse poëzie en poëziekritiek. Nimwegen: Vantilt, 2003. Printe. ferwiist it ‘jeuchlike eksperimint’ nei it út de romantyk stamjende generaasjekonsept dêr’t tiid in doel hie, Zeitgeist, en dêr’t de jeugd as gefolch fan har mannichte nije ûnderfinings net inkeld in persoanlike identiteitskrisis trochmakket, mar ek in kulturele identiteitskrisis beävensearje kin en dus fernijing bringe. It tinken yn tydskrift-tsjintydskrift-fúzje-tsjintydskrift tsjin dy fúzje-ensafuorthinne, woartelet yn de Hegeliaanske dialektyk dy’t lyksa in heger doel foar ús iepenet. It wiene dy ideeën oer hegere doelen en de essinsjele funksje fan jeugd dy’t Kistwurk fia it ynternet ridikulisearje woe.
En mei De Golle sit it sa: yn 1951 naam Hindrik Brouwer it inisjatyf om in ploech jonge dichters byinoar te roppen, De Mieren, dy’t yn har gearkomste besletten om har wurk rûn te stjoeren. De Golle wie ien reële map dy’t mei snail mail fan de iene meidogger nei de oare gie, yn of bûten Fryslân. De meidogger helle nei ûntfangst fan De Golle har of syn rûn stjoerde literêre bydrage út de map, stopte der nij wurk yn, lies it wurk fan de oaren troch, liet it al of net oan ynteressearden bûten De Mieren sjen en die de map wer op de post. Neist de wikseljende ynhâld siet yn de map in adreslist dy’t de meidoggers de mooglikheid joech om bûten de map om op inoar te reagearjen, yndividueel of yn groepsferbân of op hokker mear of minder organisearre wize dan ek en sûnder dat der in redaksje tusken siet. Oars as dat Wikipedia seit is De Golle dus net oprjochte troch in ploechje Fryske studinten en ek net as tydskrift. It wie de útjouwer en Golle-meidogger Teije Brattinga dy’t nei oardel oant twa jier fan map rûn stjoeren betocht: Wêrom meitsje wy der net in printe tydskrift fan? Hiel oars as Wikipedia suggerearret wie it Brouwer net te dwaan om ferset tsjin De TsjerneBrouwer, Hindrik. Persoanlike kommunikaasje, 24 oktober 2014. en noch minder fansels om in foarrinder te foarmjen ta it tydskrift Quatrebras dat no sjoen wurdt as ynstigator fan in literêre revolúsje mar doe net. Dichter Hessel Miedema fan Quatrebras sei dat er, oars as Hindrik Brouweren syn broer Marten, net út in gesin mei literatuer kaam dus hy hoegde neat my it tydskrift; hy hoegde der net in beskate kant mei op.Miedema, Hessel. Persoanlike kommunikaasje, 29 septimber 2014. Hindrik Brouwer woe minsken mei dielde ynteresses byinoar bringe, in heger doel wie der net.Brouwer, Hindrik. Persoanlike kommunikaasje, 24 oktober 2014. It gie net om it resultaat per se mar om kommunikaasje.
Foar dy kommunikaasje bestie yn de begjinjierren ’00 in fêst plak. By útjouwerij Bornmeer op de Haniahôf, middenyn Ljouwert, troffen skriuwers inoar geregeld foar libbene literêre disputen, lykas oer in esseebondel fan Jabik Veenbaas dy’t de hegemony fan de Koperative Utjowerij-skriuwers, oan de kaak stelde.Meer, Gerbrich van der. “Essaybondel ‘De lêzer is in duvel’ fan Jabik Veenbaas: Kontroversjeel en ferhelderjend.” Friesch Dagblad 2 juli 2003, Cultuur, n.p. Web. 14 desimber 2014. <http://www.frieschdagblad.nl/> Bornmeer wie it Forum Romanum minus de bordelen, mar foar de skriuwers lei altyd de papieren delslach fan Farsk klear om mei te nimmen. Farsk, in online literêr tydskrift mei in printe karkolleksje, it Jierboek, en ynsidintele temanûmers op papier, Farskskriften, wie yn 2003 yn it fakuüm dûkele dat Kistwurk nei in ferskiningsperioade fan twaenheal jier efterlitten hie. Tusken 1998 en 2003 wie it oantal minsken dat thús in ynternetoansluting hie tanommen fan 16 nei 68 prosint, dus mear as fjouwer kear safolle. Kistwurk, dat begûn yn 2000, hie sjen litten dat in digitaal tydskrift yn Fryslân mooglik wie, mar Kistwurk woe skoppe tsjin de wrâld en har besteansrjocht hong dêrmei ôf fan dy wrâld. Dat dy wrâld foar it grutste part ûnferskillich tsjinoer Kistwurk stie, want it waard bûten de lytse kring fan eigen meidoggers hast net lêzen en der kaam gjin fêste subsydzje, betsjutte de ûndergong. Yn ús eardere seekearing skoarre in kistwurk, 1 jelne breed, 70 sintimeter, fol stiennen, it pealskerm lâns de kust. Mar ek rymt kistwurk op kristus en betsjut it kisting: de iere dea fan de rêder siet der altyd yn—Hettinga wie nea fiis fan in dramatysk gebeart.
Sa reaktyf as Kistwurk west hie sa selsbewust fan foarm, ynhâld en toan wie Farsk. Myn literêre rûtinekuier oer it web rûn yn 2012 fan McSweeney’s en The Paris Review, eventueel fia de my wat te kommersjele Poetry Foundation, nei it UbuWeb en by tafal surfte ik somtiden by in Farsk-artikel lâns. Fan Farsk stie doe, mear as trije jier nei’t it yn 2009 mei de papieren Hjir opgie yn it twaslachtige literêre blêd ensafh, al net mear in soad online en de as portable document file te downloaden artikels dy’t ik fûn ferwiisden net nei in tydskrift. Likegoed wie it op goed gelok bookmarks pleatsen de muoite wurdich, want Farsk foel op yn syn bedêstens. De lêste desennia is de wurk-frijetiiddichotomy dy’t ûntstie healwei de njoggentjinde ieu hast folslein weifallen. Wy witte bêst wat kultuerpessimisten ús al jierren lang foarkôgje, nammentlik dat in oerstelpjende stream fan ynformaasje wat oars as in boarne fan wiisheid en dat de technologyske fernijing fan it ûnbegrinzge ynternet yn gjin gefal gelyk is oan foarútgong op yndividueel nivo. Mar dochs leare wy yn de maatskippij net om om te gean mei de digitale revolúsje, sadat wy ús isolearje fan reële, betsjuttingsfolle kontakten en ús drok meitsje om digitale comments te fersprieden en ek wer flugge opinys retoer ferwachtsje. Yn dy hieltyd fluggere mediakultuer rinne kontekst en betsjutting skea op en lêzers hawwe gjin tiid en fiele ek gjin needsaak ta rêstich beprakkesearjen; de ynformaasje dy’t him oer harren hinne stoart befettet ek hast gjin te oertinken saken mear. Dêrfoaroer manifestearre Farsk him as in kalme ferkenning fan kreatyf skriuwen, in mei ferdrach analysearjen fan estetyk, in eksplorearjend beljochtsjen fan de literêre aktualiteit en dêrtroch in sekuer ferbinen fan de mienskip dy’t de Fryske letteren drage moat. De grûngedachte dêrfoar like my de minsklike kontemplaasje dy’t karakteristyk is foar de slow movements op it ynternet, wêrûnder de slow news movement, dêr’t yn 2007 ta oproppen is as in “form of reader rebellion.”Shapiro, Walter. “After Breitbart and Shirley Sherrod, we need a slow-news movement.” Politics Daily. AOL Inc., 27 july 2010. Web. 12 desimber 2014. <http://www.politicsdaily.com/> Mar dan wie Farsk slow avant la lettre want ek de slow communication en slow conversation bewegingen bestiene net earder as 2007. En miskien wiene myn superlativen foar Farsk ek wol wat subjektyf.
Alle Farsk-siden hawwe in gouden fykyndieling mei lofts in iepen flak dat ferrint fan donkergrien boppe nei jachtgrien ûnder en rjochts de tekst yn in simpele swarte skreefleaze op off-white. Dy foarm drukt ienfâld en kontinuïteit út, mar om de fraach te beänderjen oft dat him foar de digitale trochsneedlêzer trochset yn de ynhâld of dat der just in kontrast is, moat men witte wa’t dy lêzer is en dat is lestich. Sels de target-lêzer is net bekend want de earste Farsk-foaropwurden binne ferlern gien—hoewol’t der al kommersjele digital archiving software en tsjinsten beskikber wiene foar 2004 is de Keninklike Bibleteek krekt yn 2006 grutskalich begûn mei de harvesting en it bewarjen fan online literêre tydskriften en it is oan de digitale bibleteek Archive.org mar benammen oan it foarútsjen fan histoarysk en letterkundich sintrum Tresoar te tankjen dat der noch genôch Farsk-siden bewarre binne foar ûndersykArchive.org bewarret 68 snapshots fan www.farsk.nl; dy snapshots befetsje faak, mar net altyd, links nei ien of mear htm-bestannen. Tresoar besit Farsk digitaal oant en mei nûmer 48, dat is yn 2005. Foar it bewarjen is gjin algemien belied yn ferbân mei auteursrjochten. Sûnder de tastimming fan de útjouwer fan in tydskrift kinne de websiden dus wol bewarre wurde mar net op in oar plak iepenbier makke. De technyske mooglikheden foar bewarjen—mar net foar iepenbierjen om’t de metatalen evoluearje—binne grut. Om slitaazje oan de data tefoaren te kommen wurde geregeld grutte datapakketten migrearre en ferfarske oer in netwurk fan servers; de technyk bestiet sels al om de waarmte fan dy servers fergees werbrûke te litten foar ferwaarming fan wenten en kantoaren. Yn 2003 die UNESCO de ynternasjonale oprop foar de start en ûntjouwing fan webargivearring. Yn Nederlân is de Keninklike Bibleteek (KB) yn De Haach yn 2006 begûn mei webargivearring en al gau is Tresoar by de KB oan heakke. De KB bewarret no de belangrykste Fryske websiden, fan tydskriften, skriuwers, ferieningen, stiftingen, weblogs ensafh., as dêr tastimming foar jûn is. Dat fan Farsk ek printe útjeften bestiene, it Jierboek en de Farskskriften, kin de reden west ha dat der by Tresoar minder omtinken jûn is oan it opslaan fan de digitale Farsk fan 2005 oant en mei 2008. De symboalyske wearde fan papier is heger as dy fan bits en bites.—mar in eksplisyt Farsk-profyl bestiet net mear. De slotrigel fan it Farsk jierboek 2003, “Sysa. Farsk 2003. Lekker lêze”Redaksje Farsk. Farsk 2003. It jierboek. Ljouwert: Bornmeer, 2004. Printe. s. 5., jout de yndruk dat it tydskrift mikt op elke Fryske binge reader, in online foaropwurd fan begjin 2004 freget fan de lêzer kennis en ynteresse op it mêd fan literêr belied sa’t men dat fan Fryske skriuwers ferwachtsje meiRedaksje Farsk. “Foaropwurd 22.” Farsk. Stichting Farsk, 2004 (n.d.; nû. 22). Web. Htm-bestân krigen by Tresoar, Ljouwert. <http://www.farsk.nl/> en nei dat foaropwurd komt der dochs gjin beropsynformaasje mar breed literêr nijs. Miskien makket Farsk net echt ûnderskied tusken lêzers en skriuwers, as soe elke lêzer elk momint as skriuwer út de kast komme kinne.
Digitale literêre tydskriften ferskille noch mear fan ynhâld as har printe foargongers. Farsk brocht in eklektyske mjuks fan essees, fiksje, poëzy, oersettings, kollums, boekbesprekken en literatuerkritiken, literêr nijs en aktualiteit, ynterviews, auteursfotografy, wat byldmateriaal en in inkeld audiobestân; alles dus behalven reisferhalen en epyk. Ferhalen fariearje yn lingte fan minder as 300 wurden oant mear as 7000 en gedichten fan fjirtjin wurden‘Fjirtjin wurden // Wurge beamtoppen bûgje / Foar in froastige wyn / En ik wit it / Hy bliuwt dea’ SjochKuiper, Remco. “Fjirtjin wurden.” Farsk. Stichting Farsk, 2004 (n.d.; nû. 29). Web. Htm-bestân krigen by Tresoar, Ljouwert. <http://www.farsk.nl/> oant mear as 500. Al is de ynhâld hast folslein tekstueel, dy is dochs hiel heterogeen en it binne de transparante lay-out en site map en de fêste rubriken dy’t soargje foar de opmerklike rêst, sadat de ynhâld troch de jierren hinne boeiend bliuwt. Romte foar krityske skôging liket te ûntstean troch de kar fan proaza en benammen poëzy, mei in styl dy’t faak in frij platte, pop cultural ferbylding brûkt, kollaazjes makket fan fragminten, elitêre taal mijt en beslist net rjochte is op ien definitive betsjutting.‘Hoe âld bin no Dostojevski en Tolstoi tegearre? / Utgeande fan it feit dat de hearen / Twa kear op in dei / Tee mei sitroen en sûker / Ut deselde Samovar nimme.’ út Feddema, Anne. “Dostojevski en Tolstoi, In Russyske rekkenmetoade foar Daniil Charms.” Farsk. Stichting Farsk, 2005 (n.d.; nû. 45). Web. Htm-bestân krigen by Tresoar, Ljouwert. <http://www.farsk.nl/> Datselde mijen fan ien ynterpretaasje is karakteristyk foar de boekbesprekken, om’t dy de subjektiviteit fan de lêzer net út it each ferlieze: “Wol miste ik in beskate ynhâldlike djipgong, mar poëzy mei om my wier wol ferbaal fjoerwurk en oars neat wêze. (…) Tige teloarsteld wie ik dan ek (…).”Hoekstra, Eric. “Fleis noch fisk.” Farsk. Stichting Farsk, 2005 (n.d.; nû. 43). Web. Htm-bestân krigen by Tresoar, Ljouwert. <http://www.farsk.nl/>
Wat ynhâld oanbelanget oriïntearre Farsk him op in lêzer dy’t op syn eigen kennis en ûnderfining fertrouwe moat en ferdjipping winsket, dus op in frij heech lêsnivo—beslist heger as de eardere Kistwurk en de lettere foar in part digitale tydskriften De Moanne en ensafh. Neist de ynhâld spilet de digitaliteit fan in tydskrift in rol. Argivearje, sykje en navigearje wie goed mooglik op de Farsk-side, mar foar online tydskriften binne de grutste problemen mei digitaliteit it monetarisearjen, it effektyf brûken fan ynteraktive content en it type fan de digitale oplossing. Farsk pleatste gjin advertinsjes, de fersprieding wie ek te lyts om marketing mei reklameberjochten nijsgjirrich te meitsjen, en liet besikers net betelje foar digitale produkten; dat makke Farsk ôfhinklik fan subsydzjes. Fierder liket it tydskriftútjouwers altyd prachtich om ynteraktive, brede media content, lykas audio- en fideo-ynterviews, te mingen mei tekst, mar it resultaat is faak in grôtfolle, rommelige side dy’t net mear goed te laden is. Farsk dêrfoaroer hat amper grafysk, audio- en fideomateriaal. De digitale oplossing ferwiist nei it mear of minder apart hâlden fan de digitale en de printe edysje en it meitsjen fan apps foar tablet en tillefoan neist de HTML foar kompjûter. Yn de Farsk-tiid bestiene tablet en smart phone noch net en Farsk makke in dúdlike kar foar in jierlikse karkolleksje fan eardere online publikaasjes en aparte, printe temanûmers. De ferhâlding online/print fan Farsk wie gelyk oan dy fan Kistwurk, mar Farsk’s online oandiel wie folle grutter as by De Moanne en ensafh en Farsk waard goed lêzen.Neffens Farsk wiene der yn 2004 sirka 100 besikers op in dei; it rekord wie 250 op in dei. Sjoch Bruinsma, Ernst. “ “‘Net Powered by Bertus’.” De Moanne Okt 2004: 50-52. PDF-bestân.
Mar yn 2006 ferdwûn it senuwknooppunt foar skriuwers út Ljouwert. Utjouwerij Bornmeer fusearre mei Steven Sterk en ferfarre nei De Gerdyk. Krekt doe die bliken dat in online produkt net sasear in reëel objekt nedich hat—want konsuminten tochten yn 2006 al lang net mear ’earst sjen dan leauwe’ en toanden just in oerdreaun betrouwen yn it firtuele oanbod—mar wol reality kontakt mei en kommunikaasje tusken de lêzers en meidoggers. Facebook, dat no by steat blykt om plak te bieden oan in libbene, effektive kommunikaasje tusken Fryske keunstners en de ‘freonen’ om harren hinne, bestie doe noch mar twa jier en hie lang net de mooglikheden fan no. De taak fan de Farsk-redaksje om elke twa wiken in kwaliteitseleksje oan nijferskynd wurk op it ynternet te krijen waard (ek om oare redenen) swierder. Hie Kistwurk bewiisd dat in online literêr medium yn Fryslân libbensfetber wie, út de Farsk-side blykt dat de opdracht dy’t Farsk fielde folle fierder gie as inkeld as nonkonformist eksistearje; ek al is it effekt op de Fryske literatuer net te mjitten, de befrijende, fernijende en aktualisearjende tendins is evidint. Hoe dan ek waard it beslút nommen om mei de papieren Hjir op te gean yn ensafh, dêr’t inkelde Farsk-redaksjeleden dan mei yngong fan 2009 de online ferzje fan fersoargje soene. Farsk hold it dus seis jier fol, wat foar in ûnôfhinklik keunsttydskrift hiel lang is as men ynternasjonaal ferliket.Sjoch bygelyks “Online journals.” Litline. A website for the independent literary community. Illinois State University Normal, n.d. Web. 14 desimber 2014. <http://litline.org/> Yn Fryslân binne dêrby de sterke bannen tusken útjouwer, tydskrift en selskip oftewol meidoggers histoarysk.Sjoch bygelyks Sijens, Doeke. Sa’n tûzen blauwe skriften. Boalsert: Koperative Utjowerij, 2001. Printe. s. 174. Breed kultureel tydskrift De Moanne, dat fan mids 2002 ôf foarm krige fan it der yn opnommen Trotwaer út, hat altyd it húsorgaan fan útjouwerij Afûk west; ensafh waard fêst ferbûn oan de útjouwerij fan syn haadredakteur, útjouwerij Hispel.
In kommersjeel ynternet foar bedriuwen en partikulieren bestiet yn Nederlân sûnt 1993, yn de praktyk kin elkenien dêrop oansletten wurde sûnt 1995, dus al tweintich jier en ensafh is der ek al wer seis jier. Digitaliteit is in feroarjend ferskynsel; doe’t ensafh yn 2009 begûn wiene 72 prosint fan de Nederlanners ynternetbrûker, yn 2013 hie 94 prosint fan de húshâldens tagong ta it ynternet en healwei 2008 kaam it mobile ynternet yn Jeropa. Tsjin de eftergrûn fan it hieltyd drokkere dataferkear falt alderearst op dat ensafh it Farsk-profyl fan humane kontemplaasje net trochset hat. De homepage fan ensafh docht yn lûdroftigens en ûnoersichtlikens sterk tinken oan it sensasjonele nijsblog Huffington Post en liket dêrmei earder op Kistwurk werom te gripen, dat syn sensasjonalisme lykwols—mis-ynformaasje ferspriedt him fluch op it ynternet—net inkeld as stylboek mar ek as postmoderne parody brûkte. Wat it tsjingean fan plagiaat en copyright infringement oangiet docht Kistwurk it trouwens folle better as ensafh en ek better as Farsk, mooglik om’t Kistwurk yn it foarste plak rjochte wie op beskerming fan de literêre produsint ynstee fan it Fryske produkt, en troch konsekwint nammen en datums op de siden te fermelden.Kistwurk-makker Hettinga rûn en rint yn it helder sitearjen foarop. Ek op syn weblog eeltsjehettinga.nl is altyd dúdlik wa’t hokker útspraak docht—bygelyks troch in opfallend kleure kopke yn te foegjen: Skriuwer-dichter Elmar Kuiper oer Ikader:—en wêr’t it copyright leit, dus by de skriuwer of útjouwer of ynternetpublisist. Sitearjen út ynternetartikels sûnder de boarne te neamen is it skeinen fan yntellektueel eigendom, wat wol strafber is mar op it ynternet min oant ûnmooglik te bewizen; boppedat bart it op grutte skaal om’t troch it tige algemiene fersin dat it ynternet folslein frij fan regels is. Mar werom nei ensafh. Sûnder fierder op de ynhâld fan ensafh yn te gean—in alvekoppige redaksje hat grif genôch kapasiteit yn hûs om de eigen prestaasje te evaluearjen—is it nijsgjirrich om te besjen wat de digitaliteit mei ensafh docht en wat de digitale ensafh mei de Fryske literatuer docht. In goed ynternettydskrift is sykber, draachber, gearhingjend, universeel en periodyk.Sjoch ûnder oare Sturk, Chris. “‘Extremely important’ characteristics of a digital magazine.” Mequoda. Multiplatform strategy for publishers. Mequoda Group, 4 augustus 2011. Web. 14 desimber 2014. <http://www.mequoda.com/> Mar de sykfunksje fan ensafh is beroerd en dat goede syksoftware seldsum is mei net jilde as ekskús; myn Google android-tillefoan jout de ensafh-side al net goed wer dus de Apple iOS, dy’t folle minder iepen stiet foar tredde partij-ûntwerpers, sil noch mear problemen jaan, sadat ensafh syn draachberheid beheind is; de bêste online tydskriften litte sa no en dan in gastredakteur in ôflevering meitsje oer ien ûnderwerp om’t dat ferfrissend wurket en benammen om de kohesy fan de artikels en rubriken te bewarjen of werom te bringen, mar ensafh hat it stjoer noch nea út hannen jûn; content moat op elk platfoarm beskikber wêze, wat betsjut dat der aparte siden makke wurde moatte foar desk/laptop, tablet en tillefoan, mar dat slagget ensafh net; en in online tydskrift kin it bêst periodyk ferskine yn in skema dat oanslút by de lêzers—dus net op moandeitemoarn—en tefredenheidsûndersyk dêrnei en nei oare lêzerswinsken moat liedend wêze, mar ensafh folget de renommearre sjoernalistyk en sjocht webtools yn it foarste plak as in ekstra manier om reklame te meitsjen foar syn eigen prachtige teksten.Sels it (útlekte) ynnovaasje rapport 2014 fan de New York Times makket dúdlik dat, wat de krante oanbelanget, de web- en de sosjale mediatools benammen handich binne om’t se nije manieren binne om alle prachtige stikken dy’t harren sjoernalisten produsearje te fersprieden en promoten, en net om’t se wat dan ek mar feroarje oan de sjoernalist-lêzerdynamyk of talitte dat sjoernalisme op in nije wize bart. Sjoch Benton, Joshua. “The leaked New York Times innovation report is one of the key documents of this media age.” Nieman Lab. Cambridge, MA: Nieman Foundation for Journalism at Harvard, 05/15/2014. Web. 15 desimber 2014. <http://www.niemanlab.org/>
Al mei al makket ensafh dus gjin effektyf gebrûk fan de digitaliteit, mei oersichtlikens (ynklusyf de sykfunksje) en kohesy as swakste punten, krekt dêr’t Kistwurk en Farsk wol sterk wiene. In oarsaak is maklik oan te wizen: Kistwurk en Farsk wiene online tydskriften en ensafh is dat mar foar in part en rjochtet syn oandacht op de printe útjefte. It literatuerbelied en de algemiene net-keunstminnende polityk spylje in rol. In literêre tydskriftútjouwer dy’t gjin op behâld fan subsydzje rjochte redaksjebestjoer fiert is ûngewoan en dat ensafh it iennichste hielendal Frysktalige tydskrift is, dat himsels ynienen allinnich oerbleaun fynt op it kulturele slachfjild, jout mooglik wat panykbelied. Sa besjoen soe it bestean fan mear Fryske literêre tydskriften de redaksjonele prestaasjes fan ensafh just ferbetterje, mar blykber is gjinien oant no ta op dat idee kommen. De efterlizzende oarsaken fan de stûkjende digitaliteit binne histoarysk, yn it foarste plak de keunst-tech kontroverze dy’t oeral foarkomt en de minne technyk fan de ensafh-side mei-ferklearje kin. Wat de Fryske skiednis oangiet fûn Douwe Kalma it ienheidstydskrift goed en it groepstydskrift ferkeard,Korrespondinsje fan Douwe Kalma mei Rintsje Pieter Sybesma en Jelle Hindriks Brouwer, 1927. Argyf Jelle Hindriks Brouwer, Tresoar, Ljouwert. dêr’t er mei bedoelde dat alle publikaasjes lykskeakele wêze moasten oan ien macht en ien doel. Mar de net te kontrolearjen ynteraktiviteit fan online tydskriften makket se altyd ‘groepstydskriften’ dus yn de Fryske bewegerskultuer is de kar foar it better te behearskjen papier gau makke. Dêrneist sette Kalma (boek)skôgings yn as hermeneutyk, dus as ‘hoe moat it literêre wurk begrepen wurde?’ Dat wie in hermeneutyk fan tradysje, kontinuïteit en Frysk-eigen.Korrespondinsje fan Douwe Kalma mei Rintsje Pieter Sybesma en Jelle Hindriks Brouwer, 1927. Argyf Jelle Hindriks Brouwer, Tresoar, Ljouwert. Fernijing en universaliteit passe net. Dy kultuer dêr’t papier it primaat hat en de online ferzje fan in literêr tydskrift bysaak is wurdt troch ensafh en ek—mar minder, om’t de foarmjouwing eleganter is, de seleksje serieuzer en de argivearring better—troch De Moanne befêstige.
It gefaar dêrfan is like maklik oan te wizen: in autokratyske literatuer. It ferbân tusken de nije media en demokrasy is al lang ûnderwerp fan yngeand ûndersyk en oan it demokratisearjende potinsjeel fan de ynformaasje- en kommunikaasjetechnology hoege wy net langer te twiveljen. Digitaliteit liedt idealiter ta in nije, mear egalitêre ferhâlding tusken (tydskrift)útjouwer, skriuwer en lêzer en dus nei in lêzer dy’t sa’t Farsk suggerearre op elk momint skriuwer wurde kin, óf útjouwer, want it ynternet makket dat maklik mooglik. It effekt fan Kistwurk en Farsk op de Fryske literatuer is it bekrêftigjen fan meisizzenskip yn de literêre wrâld, troch online skriuwers te beleanjen mei de romte en oandacht dy’t tradisjoneel inkeld foar skriuwers op papier reservearre wie. Alle skriuwers publisearje no digitaal, al is dat foar it grutste part bûten de twa tydskriften, op eigen platfoarmen. Dêr leit dan ek de kâns foar digitaliteit yn de Fryske literatuer, by de skriuwers sels: nim foarbyld oan De Golle en kommunisearje fia firtuele, net-formalisearre mapkes mei multymedia. Want dat, yn al syn ienfâld, is it hiele prinsipe fan in ideaal online tydskrift.
Noaten
- Hettinga, Eeltsje. “Foaropwurd.” Kistwurk. Kistwurk, 6 april 2001. Web. 11 oktober 2014. <https://web.archive.org/>, <http://www.kistwurk.nl/>.
- Hettinga, Eeltsje. Persoanlike kommunikaasje, 7 oktober 2014.
- Ibid.
- Hettinga, Eeltsje. In hedonistyske God yn grifformearde foarm. Kistwurk. Kistwurk, 20 april 2001. Web. 9 desimber 2014. <https://web.archive.org/>, <http://www.kistwurk.nl/>
- Ibid.
- Bataille, Georges. Oeuvres complètes. Parys: Gallimard, 1988. Printe. s. 28.
- Joosten, Jos. Onttachtiging. Essays over eigentijdse poëzie en poëziekritiek. Nimwegen: Vantilt, 2003. Printe.
- Efterôf like it gau tefreden stellen fan de Kistwurk-makkers it ynstellen fan in subsydzje spesjaal foar literêre ynternetinisjativen yn it paad te stean. Foar Operaesje Fers, de Fryske dichterstillefoan dy’t bestie fan 1968 oant 1994 kaam de subsydzje net daliks by it begjin op 16 febrewaris 1968. Krekt yn it neijier kaam der 2000 gûne fan de gemeente Ljouwert en yn 1969 kaam der subsydzje fan de it Ministearje fan Kultuer. Yn 1969 advisearre de advyskommisje fan de Gysbert-Japicxpriis oan Deputearre Steaten om de priis ta te kennen oan Stifting Operaesje Fers. DS namen dat advys net oer want de priis koe op reglemintêre grûnen net takend wurde oan in Stifting. De redaksje fan it literêre tydskrift Trotwaer besleat dêrom om sels de GJ-priis út te rikken oan Operaesje Fers, ynklusyf it jildbedrach fan f.1500,-. Ek yn 1969 joech de Fryske Kultuerried de ynterdepartemintale Kommisje Fryske-Taalpolityk (Kommisje-Van Ommen) it advys om Operaesje Fers te subsidiearjen, om’t it fan it begjin ôf tige populêr wie en: “De vrees dat het een eendagsvlieg zou worden is niet bewaarheid.” Sjoch Steaten Generaal. Dokumint 3A 1969-1970. Bylage 7. s. 43. Web. 20 desimber 2014. <http://www.statengeneraaldigitaal.nl/> Dy advizen wiene al ynhelle troch de persoanlike lobby fan de Operaesje Fers-minsken by it Ministearje; de rykssubsydzje waard letter struktureel. Doe’t Ljouwert en it Ryk subsydzje joegen koe de provinsje Fryslân net efterbliuwe.
- Hettinga, Eeltsje. Persoanlike kommunikaasje, 7 oktober 2014.
- Het Nederlands Literair Productie- en Vertalingenfonds. Jaarverslag 2003. Amsterdam: NLPVF, 2003. PDF-bestân. s.8.
- Oppewal, Teake. “Het perk uitgezet.” Zolang de wind van de wolken waait. Geschiedenis van de Friese literatuur. Red. Teake Oppewal et al. Amsterdam: Bert Bakker, 2006. Printe. s. 13-4.
- Hettinga, Eeltsje. Persoanlike kommunikaasje, 7 oktober 2014.
- Schotanus, Elske. “Binn’ jo wol lekker: It hege RTL-4 gehalte fan Frysk literêre salonhelden.” Kistwurk. Kistwurk, 18 desimber 2002. Web. 10 desimber 2014. <https://web.archive.org/ >, <http://www.kistwurk.nl/>
- Maciunas, George. Fluxus Manifesto, 1963. “Purge the world of bourgeois sickness, “intellectual”, professional & commercialized culture, PURGE the world of dead art, imitation, artificial art, abstract art, illusionistic art, mathematical art, — PURGE THE WORLD OF “EUROPANISM”! PROMOTE A REVOLUTIONARY FLOOD AND TIDE IN ART, Promote living art, anti-art, promote NON ART REALITY to be f̶u̶l̶l̶y̶ grasped by all peoples, not only critics, dilettantes and professionals. FUSE the cadres of cultural, social & political revolutionaries into united front & action.”
- Seo Yeon-joo. “Paik Nam-june.” The Keimyung Gazette. Keimyung Universiteit, Daegu, Súd Korea, 2007-08-21. Web. 10 desimber 2014. <http://gazette.gokmu.com/>
- Maciunas, George. “George Maciunas to Tomas Schmit, January 1964.” Fluxus codex, Red. Jon Hendricks. New York: Abrams, 1988. 37. Printe.
- Hettinga, Eeltsje. “Foaropwurd.” Kistwurk III. Ljouwert: Stifting NiMM, 2001. Printe. s. 7.
- Hettinga, Eeltsje. “Foaropwurd.” Kistwurk IV. Ljouwert: Stifting NiMM, 2001. Printe. s. 7. Bedoeld wurdt de provinsjale beliedsnota 2001-2004 ’Kultuer yn Fryslân 20.01/04 : kultuernotysje Provinsje Fryslân’. Doel fan it belied wie om de Fryske literatuer better foar it fuotljocht te bringen; de ynset fan nije media yn de literatuer is ‘oankundige’ en literêr tydskriftbelied is net fêststeld.
- It oantal besikers fan Kistwurk is yn augustus 2002 20.000 unike besikers. Kistwurk kaam ein maaie 2000 online, dus dat is it sifer nei 27 moannen.
- Sjoch noat 13.
- Veenbaas, Jabik & Hoekstra, Eric. “Lyts hânorakel foar in ienfâldich libben & Grutsk hânboek foar in mannichfâldich libben.” Kistwurk. Kistwurk, 2000 (n.d). Web. 11 desimber 2014. <https://web.archive.org/>, <http://www.kistwurk.nl/>
- Riemersma, Trinus. “De glâns fan weemoed.” Kistwurk. Kistwurk, 2000 (n.d). Web. 11 desimber 2014. <https://web.archive.org/>, <http://www.kistwurk.nl/>
- Yn de earste 467 wurden fan in ’blyn oanwiisd’ boekbesprek wurde njoggen nammen neamd mar net yntrodusearre; it hiele artikel fan 1355 wurden befettet (eksklusyf de namme ’God’) 22 net yntrodusearre nammen. Sjoch Franke, Rimmer. “In lekke opblaaspop en tsien fersen foar Douwe Tamminga.” Kistwurk, Kistwurk, 20 april 2001. Web. 19 desimber 2014. <https://web.archive.org/>, <http://www.kistwurk.nl/>
- Franke, Rimmer, Halewijn, Margriet, & Hettinga, Eeltsje. “Foaropwurd.” Kistwurk I. Ljouwert: Stifting NiMM, 2001. Printe. s. 7.
- Thad McIlroy, “The Future of Publishing.” The Future of Magazines. Thad McIlroy, 10 july 2013. Web. 12 novimber 2014. <http://thefutureofpublishing.com/>
- “De Golle.” Wikipedia: The Free Encyclopedia. Wikimedia Foundation Inc., 9 jannewaris 2013. Web. 22 oktober 2014.
- Dykstra, Klaas, en Bouke Oldenhof. Lyts hânboek fan de Fryske literatuer. Ljouwert: Afûk, 1997. Printe. s. 186.
- Joosten, Jos. Onttachtiging. Essays over eigentijdse poëzie en poëziekritiek. Nimwegen: Vantilt, 2003. Printe.
- Brouwer, Hindrik. Persoanlike kommunikaasje, 24 oktober 2014.
- Miedema, Hessel. Persoanlike kommunikaasje, 29 septimber 2014.
- Brouwer, Hindrik. Persoanlike kommunikaasje, 24 oktober 2014.
- Meer, Gerbrich van der. “Essaybondel ‘De lêzer is in duvel’ fan Jabik Veenbaas: Kontroversjeel en ferhelderjend.” Friesch Dagblad 2 juli 2003, Cultuur, n.p. Web. 14 desimber 2014. <http://www.frieschdagblad.nl/>
- Shapiro, Walter. “After Breitbart and Shirley Sherrod, we need a slow-news movement.” Politics Daily. AOL Inc., 27 july 2010. Web. 12 desimber 2014. <http://www.politicsdaily.com/>
- Archive.org bewarret 68 snapshots fan www.farsk.nl; dy snapshots befetsje faak, mar net altyd, links nei ien of mear htm-bestannen. Tresoar besit Farsk digitaal oant en mei nûmer 48, dat is yn 2005. Foar it bewarjen is gjin algemien belied yn ferbân mei auteursrjochten. Sûnder de tastimming fan de útjouwer fan in tydskrift kinne de websiden dus wol bewarre wurde mar net op in oar plak iepenbier makke. De technyske mooglikheden foar bewarjen—mar net foar iepenbierjen om’t de metatalen evoluearje—binne grut. Om slitaazje oan de data tefoaren te kommen wurde geregeld grutte datapakketten migrearre en ferfarske oer in netwurk fan servers; de technyk bestiet sels al om de waarmte fan dy servers fergees werbrûke te litten foar ferwaarming fan wenten en kantoaren. Yn 2003 die UNESCO de ynternasjonale oprop foar de start en ûntjouwing fan webargivearring. Yn Nederlân is de Keninklike Bibleteek (KB) yn De Haach yn 2006 begûn mei webargivearring en al gau is Tresoar by de KB oan heakke. De KB bewarret no de belangrykste Fryske websiden, fan tydskriften, skriuwers, ferieningen, stiftingen, weblogs ensafh., as dêr tastimming foar jûn is. Dat fan Farsk ek printe útjeften bestiene, it Jierboek en de Farskskriften, kin de reden west ha dat der by Tresoar minder omtinken jûn is oan it opslaan fan de digitale Farsk fan 2005 oant en mei 2008. De symboalyske wearde fan papier is heger as dy fan bits en bites.
- Redaksje Farsk. Farsk 2003. It jierboek. Ljouwert: Bornmeer, 2004. Printe. s. 5.
- Redaksje Farsk. “Foaropwurd 22.” Farsk. Stichting Farsk, 2004 (n.d.; nû. 22). Web. Htm-bestân krigen by Tresoar, Ljouwert. <http://www.farsk.nl/>
- ‘Fjirtjin wurden // Wurge beamtoppen bûgje / Foar in froastige wyn / En ik wit it / Hy bliuwt dea’ SjochKuiper, Remco. “Fjirtjin wurden.” Farsk. Stichting Farsk, 2004 (n.d.; nû. 29). Web. Htm-bestân krigen by Tresoar, Ljouwert. <http://www.farsk.nl/>
- ‘Hoe âld bin no Dostojevski en Tolstoi tegearre? / Utgeande fan it feit dat de hearen / Twa kear op in dei / Tee mei sitroen en sûker / Ut deselde Samovar nimme.’ út Feddema, Anne. “Dostojevski en Tolstoi, In Russyske rekkenmetoade foar Daniil Charms.” Farsk. Stichting Farsk, 2005 (n.d.; nû. 45). Web. Htm-bestân krigen by Tresoar, Ljouwert. <http://www.farsk.nl/>
- Hoekstra, Eric. “Fleis noch fisk.” Farsk. Stichting Farsk, 2005 (n.d.; nû. 43). Web. Htm-bestân krigen by Tresoar, Ljouwert. <http://www.farsk.nl/>
- Neffens Farsk wiene der yn 2004 sirka 100 besikers op in dei; it rekord wie 250 op in dei. Sjoch Bruinsma, Ernst. “ “‘Net Powered by Bertus’.” De Moanne Okt 2004: 50-52. PDF-bestân.
- Sjoch bygelyks “Online journals.” Litline. A website for the independent literary community. Illinois State University Normal, n.d. Web. 14 desimber 2014. <http://litline.org/>
- Sjoch bygelyks Sijens, Doeke. Sa’n tûzen blauwe skriften. Boalsert: Koperative Utjowerij, 2001. Printe. s. 174.
- Kistwurk-makker Hettinga rûn en rint yn it helder sitearjen foarop. Ek op syn weblog eeltsjehettinga.nl is altyd dúdlik wa’t hokker útspraak docht—bygelyks troch in opfallend kleure kopke yn te foegjen: Skriuwer-dichter Elmar Kuiper oer Ikader:—en wêr’t it copyright leit, dus by de skriuwer of útjouwer of ynternetpublisist. Sitearjen út ynternetartikels sûnder de boarne te neamen is it skeinen fan yntellektueel eigendom, wat wol strafber is mar op it ynternet min oant ûnmooglik te bewizen; boppedat bart it op grutte skaal om’t troch it tige algemiene fersin dat it ynternet folslein frij fan regels is.
- Sjoch ûnder oare Sturk, Chris. “‘Extremely important’ characteristics of a digital magazine.” Mequoda. Multiplatform strategy for publishers. Mequoda Group, 4 augustus 2011. Web. 14 desimber 2014. <http://www.mequoda.com/>
- Sels it (útlekte) ynnovaasje rapport 2014 fan de New York Times makket dúdlik dat, wat de krante oanbelanget, de web- en de sosjale mediatools benammen handich binne om’t se nije manieren binne om alle prachtige stikken dy’t harren sjoernalisten produsearje te fersprieden en promoten, en net om’t se wat dan ek mar feroarje oan de sjoernalist-lêzerdynamyk of talitte dat sjoernalisme op in nije wize bart. Sjoch Benton, Joshua. “The leaked New York Times innovation report is one of the key documents of this media age.” Nieman Lab. Cambridge, MA: Nieman Foundation for Journalism at Harvard, 05/15/2014. Web. 15 desimber 2014. <http://www.niemanlab.org/>
- Korrespondinsje fan Douwe Kalma mei Rintsje Pieter Sybesma en Jelle Hindriks Brouwer, 1927. Argyf Jelle Hindriks Brouwer, Tresoar, Ljouwert.
- Ibid.
Mear fan Friduwih Riemersma
Sekssênes út Bist al hast klear? By de ljedder op. Hy boppe, ik ûnder. It glêzen plafon soe ek yn it tsjerkje fan Mullum net trochbrutsen … |
Ensafh mei net omfalle, da’s alles It is in frije wrâld. Literêre krantsjemakkers meie literêre krantsjes útjaan dêr’t hja har eigen smaak … |
In synyske wikiHow foar leafde en gelok Gedichten fan Tine Bethlehem fan 1955 oant 1995 |
De haadredakteur is in frou Sjoch no noch ris better, Joke Corporaal! |
Foarkar of gjin kar Provinsje Fryslân keart minsken fan syn Frysktalige websiden |
Cornelis van der Wal hie in betterenien west De earste fiif gedichten fan ’e Dichter fan Fryslân |
Reislotterij 2018 In reiske winne: it kin oeral, by reisburo’s en winkelkeatlingen en… ek by LF2018! |
Oars sjen: Meidwaan oan ’e Obe Postmamiddei Griist in bewurking fan lânskipspoëzy my oan? nee. Falt dêr oer te sjongen? ja (oeral is oer te sjongen, sjoch mar nei de heavy metal lyrics … |
Tsjinwynkronyk 2018 #1 It earste fearnsjier fan it kulturele haadstêdbarren sit derop! Fers2 hat mar in bytsje lêst fan hân fan dat fearnspart. Mar LF2018 nammerstemear |
Kosmysk Doe’t skodzjend fan de oerknal noch / de loft rûnom de skyl … |