image philippus breuker obe postma

Obe Postma oer de jonge hushalding fan syn alden

Philippus Breuker - Fers2 nû. 5.10, 19 maaie 2019

Postma skriuwt in soad oer belibjen út syn bernetiid, mar selden giet it om wjerfarrens dy’t er dielt mei oaren. As er in – sublime – sensaasje hat, is er altyd allinne. As er wat belibbet as ien fan in kollektyf, dan is it gjin sensaasje, mar in oantinken. Dat jildt ek foar de meast yntime oantinkens, dat dy oan har as bern út ien en deselde húshâlding wol hjitte meie. Allinnich as dichter, net as bern, is dat oars. Mar dêroer daliks.

Hast altyd is it by dy oantinkens út bernetiid wat ôfstanlik ‘de bern’ of sokssawat en mar inkeldris ‘wy’ of ‘ús’. It is krekt of sjocht er it oan wat der bart. It giet ek mar om in pear taferieltsjes. In grutte rol hat de ienheid dy’t yn letter belibjen in húshâlding wol west hat, by de folwoeksen Postma dus net spile, ek al beskriuwt er it oantinken wol mei oandwaning.

De iennichste foarbylden binne it harkjen nei Auk, de faam, dy’t fertelt of sjongt, de sankjes fan de mem yn skimerjûn, it boartsjen op de bûthússtâl, it dûnsjen fan de bern om de parrebeam, en it oantinken oan in kear dat se troch it wiete lân út fraachlearen smoarch en ûngedien thús kamen en oan in oare kear, doe’t se skûlen foar in bui nei’t se apels by Oetske kocht hienen. Folle binne it dus net, de oantinkens oan Auk en de boartersstâl wurde dan boppedat ek noch herhelle, en wat ek wat seit, dy foarbylden binne sa goed as beheind ta de iere fersen fan 1900 oant 1903. Ut de fersen blykt dan ek net wat er yn reaksje op in gedicht oer iensumheit fan Boutens skriuwt:

My wie wol ljochte freugd beskern

Yn hûs en fjild-gemien.

Dat fjildgemien hat der fansels wol west, hiel faak sels, dat binne dy persoanlike sensaasjes fan it sublime, mar dy hie Boutens ek.

Mar oars leit it mei it belibjen fan de eardere húshâlding by de dichter, oars dus as by it bern, dat yn it foargeande dy bernetiid belibbet. Dat hat er twa kear ta it tema fan in gedicht makke, ien kear yn 1927 en ien kear yn 1930. Dy jierren passe yn de ûntwikkeling fan syn dichterskip, want ienheidsbelibjen wie doe it ek filosofysk fundearre skaaimerk fan syn poëzy wurden. It giet om de gedichten ‘Jûn’ en ‘In hûs’. De húshâlding bestiet yn beide gefallen út de man, de frou en de bern. Yn ‘Jûn’ hjitte se ek sa, yn ‘In hûs’ binne it de mem, de heit en de bern. Har eigen húshâlding is it dus net, ‘ ’t Is net myn eigen, ‘t is al-Fryslâns erf’ hjit it dan ek, mar dat dy eigen húshâlding ek bedoeld wurdt, is net oars te ferwachtsjen en kin ek besletten wurde út wol hiel spesifike bymotiven, dy’t earne oars op de eigen sitewaasje slaan. Yn ‘Jûn’ komt it motyf fan

De bern dream’ oer har bûnte print,

ek foar yn de gedichten ‘De âlde dingen’ fan 1929 en ‘Iepen-wrâld dichters’ út 1946, en yn ‘In hûs’ dat fan it kammenet

’t Each giet de keamer rûn, by ’t bedskut lâns,

It kammenet, de glêde reade flier.

ek yn ‘Sinneskyn’ út 1911 en datselde ‘De âlde dingen’.

Sa hat de dichter yn dizze beide gedichten dy jonge húshâlding fan syn âlden dan dochs noch ferivige. Mear as yn it echt hat dy foar him yn dichtersdream bestien.

Mear fan Philippus Breuker

Brekizer fan de foaurútgong Yn Boazum hat fan 1863 oant ca. 1917 in lêsselskip bestien, dat de namme droech fan Vriendenkring
It bestean fan in Frysk folk foargoed ynpipere De doarpskultuer wie oan de ein fan de njoggentjinde ieu wakker frysknasjonalistysk wurden. Frysksinnichheid wie net langer …
It lêsselskip te Boazum Frysksinnichheid wie om 1900 hinne algemien, mar lêzen waard Frysk noch net folle.
Reaksjes op Fers2 In debat is nedich as der in probleem is en dat sjoch ik hjir net.
Europa Wy hawwe op ús âlde dei nei Trier west en alhiel deselde bin ik net bleaun.
Nasjonalisme: alheidkeamers en V.V.V. … al sil it noch even duorje ear’t ek de arbeiders gjin heger binend ideaal mear hawwe as it Fryslân boppe!
Oer taak en mooglikheden fan de Fryske Akademy… … yn it ûndersyk fan de Fryske literatuer
De Fryske doarpswrald der’t de Jongfriezen as earsten yn grut waarden … no wienen sels lytse doarpen frysksinnich wurden …
‘Leuk foar letter’: bûtensteanders en Bûtensteanders Eins hienen wy ússels útnoege, want wy wisten fan it bestean fan it oerlis allinnich út de krante.
1 2