image

Sunder te ligen

Miny-eksposee by de iepening fan ’e Skriuwersarke maitiid ’16

Friduwih Riemersma - Fers2 2.8, 17 april 2016

Stel, jo skriuwe in biografy, oer de Fryske beweger Jelle Hindriks Brouwer. Jo ha noch nea in biografy skreaun. Krekt oarsom hat jo biografysk subjekt sels in soad libbensbeskriuwingen produsearre, altyd fêst fundearre yn feiten. Mar de feiten omtrint jo biografysk subjekt binne, om de saak fierder te komplisearjen, in griis gronologysk braaklân. Dus wêr begjinne jo?

Jo begjinne by professor Tony Feitsma. Jo kenne har; se wie net de persoan foar lange of medium of sels beheinde biografyen. Se hold it by in ultrakoarte biografy fan Brouwer. Dy wie:

Ferrieder fan it Frysk.Tony Feitsma, W. Hiddema en H. Kenning, ‘Oan de Friezen: oer de fiertael fan it Frysk Wurdboek’, pamflet, Harns, 24 augustus 1959.

Ea betsjutte ferrie net mear as in die dêr’t de kening it net mei iens wie. No is in net-sprekker fan syn minderheidstaal in ferrieder te neamen pragmatysk;Valerie Kinloch, ‘“Not to be a traitor of Black English”: Youth perceptions of language rights in an urban context’, Teachers College Record 112:1 (2010) 103-141 <http://faculty.washington.edu/cwj/edci469a/tonotbeatraitor.pdf> [krigen 25 maart 2016]. it misledigjen fan de Fryske kroan seit net folle. De folgjende stap op wei nei de full bio moast mar in 3-minutebiografy wêze. Dy kaam fan Brouwer sels:

Der binne minsken mei sa’n opsluting, dat hja alle stappen op har libbenspaad sûnt de widzetiid datearje en lokalisearje kinne. Ik bin net fan dat soarte. Dat hat wat foar: net ien hoecht bang te wêzen, dat ik yn myn bernskens noch tinkskriften skriuwe sil. It hat ek wat tsjin: ik soe de warbere (...) redaksje graach te wille wêze wolle, mar kin dat sûnder te ligen? Kontakt mei de Fryske beweging haw ik leau ’k krigen op ’e H.B.S. yn Snits, dêr’t learlingen fan gymnasium (lit ús dat foaropsette – it gymnasium lûkt ommers sa’n swiere sile) en middel­skoalle in Frykse klup oprjochten. Of kaam it troch myn broer dy’t lid fan ’e Jongfryske Mienskip wie of troch „Frisia”, dat foar ús skoallejonges in iepenbiering wie? Jo sjogge, ik sit mar sa fêst.J.H. Brouwer, ‘Hoe kamen jo derby...?’, De Strikel 2:11 (1959) 167.

Dat is net autobiografysk—it is anty-autobiografysk. Brouwer is syn eigen libben fergetten, ballet mei syn ‘gjin panyk: niks autobiografy!’ in ûnheil út dêr’t gjin minske by stilstien hie, of hy soe it sels wêze moatte, hy tinkt dat as men oer himsels fertelt ligen ûnûntkomber is. Wat de datearring en lokalisearring oanbelanget, Brouwer seit dat er neat oer himsels sizze kin krekt twaenheale moanne nei’t Feitsma him yn it iepenbier foar Ferrieder fan it Frysk útmakke hat, en hy seit it ek yn it iepenbier.

It kaam oan op it fatsoenlik ûnderbringen fan dizze sa’t it liket kontroversjele man—ferrieder, skeptysk oer de mooglikheid fan wierheid yn de (auto)biografy—yn de Fryske heldegalerij. In held wie er wol.

Want in held is in man of frou waans libben en wurk in bliuwend gewicht hawwe foar harren lân. Helden jouwe in tydleas boadskip en binne meastal ryk skakearre persoanlikheden: wittenskipper, dichter, sjoernalist, frijheidsstrider en regearlieder, faak mei bjusterbaarlike kommunikative feardichheden, tûke linguïsten dy’t in soad talen sprekke kinne. Dat giet op foar Brouwer. Hy is sels in nasjonale of kulturele held. Dat is in mytologyske of histoaryske figuer dy’t de stichter fan de stêd of naasje is en it fûnemint lein hat foar de identeit fan it folk.

De Fryske literatuerskiednis tsjinne teminsten oant de twadde wrâldkriich in nasjonalistysk doel, warskôget Joke Corporaal,Joke Corporaal, Grimmig eerlijk: Anne Wadman en het probleem van de Friese literatuur (Fryske Akademy 2008) 19. biograaf fan Anne Wadman. Dat is in foarsichtige skatting. Hjoed is it doel noch altyd it delsetten fan in kultuernasjonale held, ommers it sjenre fan de Fryske biografy negearret de bewegingsmarzjinale figueren. Obe Postma focht net yn de bewegersarena mei de Hollânske liuw en Brouwer, de pasifist, gie ek de yntragroeps-konfrontasjonele strategyen út de wei; beide krigen oan no ta gjin biografy. Biografy yn Fryslân is it setten fan it libbensferhaal fan in wichtige, leafst spektakulêre Fries yn in ynterpretatyf ramt, fan in teleologysk gesichtspunt út. Dus fan de widzetiid ôf rûn it libbenspaad needsaaklikerwize nei de Fryske beweging, makket net út wat de rol fan de hbs of it tydskrift Frisia krekt wie. Fryske biografyen binne hagiografyen en kanonsearring fan kulturele ikoanen. Kontroversiële figueren kinne dêrom feitlik net.

Mar, wat is kontroversjeel? De biografy hat faak in romantyske oanpak troch syn behanneling fan it subjekt as in grutte man, ien mei in oanberne útsûnderlike kwaliteit, in autonoom sjeny, koartsein in isolearre figuer. Oan de oare kant binne de minskwittenskippen der net oer út oft de yndividu as in frije agent hannelet of diktearre troch de sosjale struktuer. De fraach is dêrom oft it kontroversjeel wêzen, dus dat der in debat mei in beskate duer oer immen giet, wol djip yn himsels leit, of yn de oaren. Dat is net in saak dy’t de biograaf neist him dellizze kin, mei in Sartriaansk: ‘De hel, dat binne de oaren.’ Want ien fan de tige akseptearre opfettingen oer de funksje fan biografyen is dat de biograaf net sasear as in kronikeur as wol as in redakteur te sjen is. Ynstee fan in mannichte details foar jo fuotten te stoarten, destillearret er dêr it wêzentlike fan it subjekt út. Leit dat wêzen net yn de persoan?

Te kommen fan it libben nei it ferhaal is it beanderjen fan de fraach nei de realiteit: wat wie der? De ‘watheid’, ‘quidditas’, is de essinsjele karakteristyk, dat wat it ding it ding makket. Wy brûke de ‘quidditas’ as wy witte wolle wat it wêzen yn it foarste plak ís. Dat is hielendal net sa simpel, seit de filosoof Heidegger, troch de manier sa’t wy ynformaasje garje. Tafallige eigenskippen oan de bûtenkant sjogge wy oan foar essinsje en sa definiearje wy it ding. Kollega-hermeneutikus Gadamer wiist op de kompleetheid fan de minske. Dy kompleetheid bestiet net allinne út in sûn oerienstimmen fan liif en geast, mar omfettet ek in breder oanpassen oan de natuerlike en kulturele kontekst, ynklusyf de sosjale en politike diminsjes. Jo kinne de pasjint net beskriuwe sûnder de medikus mei te beskriuwen, seit Gadamer. Wat de ‘minske’ is, of it ‘sels’, is de resultante fan opfieding, skiednis en sosjale kategoryen.

Dy assimilaasje en akkomodaasje is in learproses. It ûnthâld is in nau mei learen ferbûn konsept; it is de ekspresje fan wat leard is. Werom no nei Brouwer syn 3-minute-autobiografy—men giet der fan út dat autobiografyske oantinkens trije basisfunksjes tsjinje, nammentlik sosjale ferbining en it stjoeren fan takomstich gedrach, wat perfekt oanslút by Gadamers teze, en selsdefinysje. Unbewuste en bewuste selsdefinysje: ynienen liken de problemen mei de biografy ûneinich folle grutter te wêzen as inkeld de fraach hoe Brouwers essinsje te determinearjen en dat oan te foljen mei smoute bewegersanekdoates en nostalgyske couleur locale.

Foar in part is it probleem bekend: dat it gedicht de dichter yn al syn suverens sjen lit is in romantyske dwaling. Coleridge wist dat de suggestje fan in ien op ien relaasje fan ûnderfining en fers syn beslach krijt troch yntime taal te brûken, dêr’t dichters goed binne, en dat de kombinaasje mei eigennammen gjin spoarke fan werklikheid bewiist, mar de lêzer it as sadanich nimt op face value. Wordsworth hat nea de identiteit fan Lucy bekendmakke. Mar it punt is, biografyske fuotnoaten soene de poëzij yn it paad stean, dat moat Coleridge ek witten hawwe. Dochs skreau er, nei’t er ien fan Wordsworth syn Lucy-gedichten lêzen hie:

In pear moanne lyn stjoerde Wordsworth my in hiel sublime Epitaaf / oft it wat werklikheid hie kin ik net sizze.—Heechstwierskynlik hat er him op in nearziger tiid it stuit ferbylde dat syn Suster deagean soe.Ut brief fan Samuel Taylor Coleridge oan Thomas Poole, 6 april 1799. Under mear sitearre yn William Wordsworth en Samuel Taylor Coleridge, yn: R.L. Brett en A.R. Jones (red.), Lyrical ballads: Wordsworth & Coleridge (Londen/New York 1991) 292. Myn oersetting.

Dat is in riedselige autobiografyske utering. Wy witte no dat Lucy in konstruksje wie. Wy witte ek dat Wordsworth net syn suster Dorothy miste, dy’t mei him meireizge wie, mar syn hertsfreon Coleridge, dy’t net meigien wie—Coleridge skrast syn eigen rol út dizze libbensepisoade. Allyksa binne alle libbensnarrativen konstruearre, guon in bytsje, oaren útwurke en ferfine. Elk minske presintearret himsels yn de bûtenwrâld mei in soarte fan masker op, om in beskate yndruk te meitsjen, mar ek om syn wiere aard beside te bergjen. Dat sosjale gesicht fan de persoan beynfloedet syn sosjale ynteraksjes, troch identifikaasje—‘do bist in beweger, do bist ien fan ús’—en troch it masker oan te passen oan de eigen libbensidealen—‘sa’n beweger bin ik net’. Jung neamt dy sosjale presintaasje de ‘persona’ en sa sette wy de stap nei de medium (auto)biografy, fan in 82-jierrige Jung:

In professor moat him altyd op in beskate manier gedrage, sadat it mooglik is dat er in professor is. (...) It is in kompromis mei wat ien graach wêze wol, hoe’t er lykje wol. Dus de persona is in yngewikkeld gedrachssysteem dat foar in part diktearre is troch de maatskippij en foar in part diktearre troch de ferwachtingen en winsken fan ien sels. It is net de persoanlikheid, nettsjinsteande it feit dat minsken it sjogge as echt. (...) [S]a’n opfieren fan de persona is poerbêst, salang’t jo witte dat jo net identyk binne mei de manier sa’t jo ferskine. (...) [I]t kin nammentlik net oars dat minsken fernimme dat jo thús hiel oars binne as wa’t jo yn it iepenbier binne. (...) [E]n jo witte net wa’t de echte man is. (...) It is in kwestje fan Jekyll en Hyde.Carl Jung, De Huston Interviews fan Carl Jung 8-9 augustus 1957, Zurich, Switserlân, mei Dr. Richard Evans <https://www.youtube.com/watch?v=oWFWrKXAEPk> [krigen 24 maart 2016]. Myn oersetting.

Om der efter te kommen oft der by Brouwer in mear as ‘normale’ selspresintaasje is, moat men de plakken sykje dêr’t jo de konstruksje fan de persona sjogge. De dekonstruksje, in teory fan lêzen, mei it doel om de logika fan de tsjinstellingen oan te wizen, kin, like maklik as op machtsteksten, tapast wurde op de eigen libbensnarrative. Want, oan de kant fan de taskôger/biograaf, is wat ‘echt’ is as sadanich erkend fan ús bining oan in beskaat paradigmatysk gesichtspunt út, mei oare wurden, ‘echt’ is nea mear as in searje represintaasjes. Oan de kant fan it biografyske subjekt ûnstean konflikten tusken persona en persoanlikheid net yn in machtsfakuüm mar just yn in kulturele en politike dynamyk.

Gjin sprake fan. Hoe koe ik tinke dat it sa ienfâldich wie. Want, makket net út oft jo in wittenskiplike kronyk, yntellektuele biografy, libbensskiednis, memoirebiografy of narrative biogra­fy skriuwe, wat de skandaal, rabberij & fiksjebiograaf Suetonius—dy’t jo kenne fan de sabeare-autobiografy I, Claudius—út de earste ieu al wist is dit. De biograaf is altyd ôfhinklik fan wat syn biografysk subjekt sjen lit en fan wat de oaren oannimlik fine wolle.Tomas Hägg, The art of biography in antiquity (New York 2012) 217.

Myn lêste stap wie de lange biografy fan Juvenalis. Fan it libben fan Juvenalis is hast neat bekend. Wat wy miene te witten komt fan analyse fan syn Satires:

No, ik haw ek myn hân ûnder de stôkslaggen weiskuord, ik haw ek goerie oan SullaSulla is in Romeinske generaal en pleitbesoarger fan de Senaat; Juvenalis hat op skoalle oefene op taspraken lykas ‘Goerie oan Sulla’ en sitearret út de earste rigel fan dy taspraak dy’t Sulla oantrúnt om mei pinsjoen te gean: “Lit de despoat him weromlûke.” jûn om út it iepenbiere libben te stappen en djip te sliepen. It is in falske genede, as jo oer de dichters stroffelje, om it papier te sparjen dat sy dochs fergrieme sille.Juvenalis, Satire 1.15-18, ‘D. IVNI IVVENALIS SATVRAI’, The Latin Libary <http://www.thelatinlibrary.com/juvenal/1.shtml> [krigen 25 maart 2016]. Myn oersetting.

De ferteller fan in Romeinske satire is in dramatyske persona. De “ik” is net de skriuwer. It sil wol wier wêze dat Juvenalis yn Rome nei de retoarikaskoalle west hat, mar leaver as dat er streekrjocht seit wat er op ’e lever hat, yn dit gefal de antike klacht dat der neat nijs bart yn de poëzij, brûkt de satirist syn masker om kulturele krityk te uterjen. Just dat jout him de kâns ek syn eigen attitude te kritisearjen. De lilkens yn it fragmint is dus net fan Juvenalis,Susanna Morton Braund (red.), Juvenal: Satires Book 1 (Cambridge 1996); Susanna Morton Braund, The Roman satirists and their masks (Bristol 1996). mar hy set in angry young man del, wat in retoryske strategy is dy’t by útstek effektyf is yn de konstruksje fan identiteit. De parallellen tusken Juvenalis en Brouwer binne opmerklik, de skoalle, de klup fan fernijers, de tinkskriften dy’t skande fan it papier wêze soene, de ûngeduldige toan. Mar just dy eleminten foarmje it libben sels. Sûnder te ligen.

Noaten

  1. Tony Feitsma, W. Hiddema en H. Kenning, ‘Oan de Friezen: oer de fiertael fan it Frysk Wurdboek’, pamflet, Harns, 24 augustus 1959.
  2. Valerie Kinloch, ‘“Not to be a traitor of Black English”: Youth perceptions of language rights in an urban context’, Teachers College Record 112:1 (2010) 103-141 <http://faculty.washington.edu/cwj/edci469a/tonotbeatraitor.pdf> [krigen 25 maart 2016].
  3. J.H. Brouwer, ‘Hoe kamen jo derby...?’, De Strikel 2:11 (1959) 167.
  4. Joke Corporaal, Grimmig eerlijk: Anne Wadman en het probleem van de Friese literatuur (Fryske Akademy 2008) 19.
  5. Ut brief fan Samuel Taylor Coleridge oan Thomas Poole, 6 april 1799. Under mear sitearre yn William Wordsworth en Samuel Taylor Coleridge, yn: R.L. Brett en A.R. Jones (red.), Lyrical ballads: Wordsworth & Coleridge (Londen/New York 1991) 292. Myn oersetting.
  6. Carl Jung, De Huston Interviews fan Carl Jung 8-9 augustus 1957, Zurich, Switserlân, mei Dr. Richard Evans <https://www.youtube.com/watch?v=oWFWrKXAEPk> [krigen 24 maart 2016]. Myn oersetting.
  7. Tomas Hägg, The art of biography in antiquity (New York 2012) 217.
  8. Sulla is in Romeinske generaal en pleitbesoarger fan de Senaat; Juvenalis hat op skoalle oefene op taspraken lykas ‘Goerie oan Sulla’ en sitearret út de earste rigel fan dy taspraak dy’t Sulla oantrúnt om mei pinsjoen te gean: “Lit de despoat him weromlûke.”
  9. Juvenalis, Satire 1.15-18, ‘D. IVNI IVVENALIS SATVRAI’, The Latin Libary <http://www.thelatinlibrary.com/juvenal/1.shtml> [krigen 25 maart 2016]. Myn oersetting.
  10. Susanna Morton Braund (red.), Juvenal: Satires Book 1 (Cambridge 1996); Susanna Morton Braund, The Roman satirists and their masks (Bristol 1996).

Mear fan Friduwih Riemersma

De priis op ’e nij besjoen Takenning en útrikking fan de Gysbert Japicxpriis 2021
‘Al te persoanlik’ feit de Gysbert-manko’s moai yn ’e dôfpot
Gjin sjueryrapport foar de Gysbert Japicxpriis 2021
Kultuerkontrole De nije macht fan ús kultuer­ynstitúsjes berikt mêden dy’t earder bûten it bestjoersfoech leine
Stimleas yn it auditoarium Palimpsest, in sterk dichtdebút fan Erik Betten
Kalamiteit by de leveransier Noas tsjin ’t glês fan Edwin de Groot
By besunigingsweach: gean fan ’e terp ôf En panykje net, of, Hoe’t De Rouwe syn analogy kopke-ûnder giet
In Ried foar de Keunst (podcast) Gerrit Breteler: de wearde fan keunst is net ‘men betellet der fet foar’
Wol keunst wier ferskaat? (podcast) Systematysk harkje (@Amanda Gorman @Zaïre Krieger) nei de útranzjearre minderheden sit net yn ús ynstituten
Dit bart der as jo McGonagall oersette of, de mof fan Thiadmer Riemersma
1 2 3 4 5 6 7 8 9 10 11 12 13 14 15