Poëzy
➰➰
dûmny hat god fongen
en buoarman in hazze
dochs is it gjin hurddraver
klemfêst yn taal in jas
in twadde hûd
de pylger strûpt by
oankomst alle guod út
op ’e nij berne bleat
-it âlde leit er ôf-
baarnt fjoer ta jiske
sykjend nei in fûnemint
doldestû Skrift en letters
teachst neaken en bleat
oer de boaiem fan de opfeart
pinksterblommen bloeiden in
skerpe wyn oer de freding
kikkerts kikkertsjedril oanbegjin
in alles fersplinterjend ljocht santiago
de compestella yn dridzich focht
skûlliif sint-jabikskelp tearde ticht
finisterrae finisterrae finisterrae
➰➰
mielgong ien twa foet leger
heak oan balke ingster heger
gjin ramplesant sels eigen namme
waarme koweliven ritmyk amme
ljocht bruts bestjurre lûd
ûntspande spieren wurge hûd
op wjukslach fan de iere moarn
nôtkerrel fuorge kiemjend koarn
sûze nane poppe kealtsje leit yn ’e groppe
dyn boat stuts ôf koest ús net beroppe
➰➰
myn tonge glied omheech by de skonken
fan in wurd dat leafde hjit de tsjelk rint oer
griene lânsdouwen en fredige wetters o hert
grutter as in minskehert tún hiem hôf
In kantate foar de dea
In paradisum angelicum
Ik skriuw in kantate foar de dea
Lit my gûle oan dyn boarsten
Lit my skûlje yn dyn lea
Swarte soallen kadâns yn’t skylpaad
Skjirje tsjillen kâld in stielen spoar
Strielet strykljocht koper blêden skaad
Slingeret ien twa de klok ’t ôfskied hoar
Lit my stjerre yn de iere hjerst
Yn it skimer fan in lette dei
De winter is my wiswol bêst
Eart de kâlde wyn komt wol ’k hjir wei
In paradisum angelicum
Ik skriuw in kantate foar de dea
Lit my gûle oan dyn boarsten
Lit my skûlje yn dyn lea
Lit my dyn sêfte lippen priuwe
De waarme treast fan liif en lea
Myn fingers dyn fel tekens skriuwe
Patsje myn mûle ’k wol noch net dea
Offarre yn in ljochte moarntiid
Op in moaie kleare maitiidsdei
Fûgelkoaren sjongend ier en bliid
Wjukslach tilt yn wyn my frij
In paradisum angelicum
Ik skriuw in kantate foar de dea
Lit my gûle oan dyn boarsten
Lit my skûlje yn dyn lea
Yn de simmer wol ik hjir bliuwe
De rook fan meand gers en hea en krûd
Yn waarme sinne fersen skriuwe
Fol fan langstme nei dyn leave hûd
In paradisum angelicum
Ik skriuw in kantate foar de dea
Lit my gûle oan dyn boarsten
Lit my skûlje yn dyn lea
Mear fan Jaap Veenstra
Tút fan Judas Politike Haiku II |
Alde blauwe reenjas: fersen Dit brief, giet ‘t wat better, ik haw noch in pear fragen |
Twa gedichten Ut it skift ‘By de iisberch del’ |