image Fers2

Fers2 nû. 7.5, 31 oktober 2021

Undergrûnkeunst

of, In literêre priis foar de psychobabble

Op de ein-fan-’t-jierútstalling fan de keninklike keunst­akademy gean bizarre objekten mank mei in middenklasse salon-loftsich sosjaalpsychologysk promoasjekomposyt. It is it soart eksegeze dat jo sjogge as reklame foar alle mooglike hjoeddeiske keunst, oan ’e muorre neile fan elke eigentiidske gallery. It is de esotearyske taal dy’t alle keunstners paraat ha: “Lykas in programmeartaal feroaret it ramt fan myn praktyk ôfhinklik fan ’e applikaasje; by definysje, lykwols, hâldt it wurk him dwaande mei ferbiningen en interfaces.” De keunstner organisearre in yogales oer de Large Hadron Collider, by wize fan keunstwurk.

Ja dat is djip. Like ferhoalen as benul fan de Higgs boson is ynformaasje—‘boadskip’ is in flokwurd yn ’e moderne keunst—út/oer dat wurk fan dy keunstner. Op himsels jout dat neat. De ayurveda dy’t de ynderlike kosmos opnij ferbynt mei it fysike universum, de sinnegroet as dieltsjes-aksellerator fan it bewustwêzen: dat is grappich. Gjinien seit fierder dat keunst—of de kwantummeganika—ien ûndûbelsinnige, hapkleare útkomst hawwe moat. It giet krekt mis as de taskôger earst in A4’ke yn ’e hannen drukt krijt en tink derom, dat is de betsjutting.

Ferfolch

Oantins oan Jaap Veenstra

image Jaap Veenstra

In jier lyn op 31 oktober ferstoar ús leave freon en kollega-dichter Jaap Veenstra. Hy skreau by de tafel, net samar earne op ’e tablet of sa, en aloan; altyd stof salang’t homo homini lupus—mar altyd waarm en tadien. Ut syn steapels kladblokken hat Jaap Fers2 eins amper wat stjoerd: Twa gedichten, Tút fan Judas, Alde blauwe reenjas: fersen, en In kantate foar de dea.

“fyzje wat in kutwurd”, dichte er yn syn bondel Gatten yn it tek, dus wat soe er kringele hawwe njonken it begryp ‘reflection-in-action’. Dochs is dat krekt wêr’t Jaap groulik goed yn wie. Kin immen dan likegoed ûnwis fan himsels wêze? By wat treflike strofen: “Wolst se wol kritysk tsjin de lampe hâlde eardatst se publisearrest?”

Hy woe de redaksjonele opmerkingen graach skriftlik ha. Oarsom redigearre Jaap myn fersrigels net mei e-mail, mar steefêst oer de tillefoan, ins Blaue hinein (kutdiktum), himsels ferbetterjend, opnij sykjend, rinnend troch de keuken doe’t rinnen noch goed gie, de hûn derefteroan fansels, en dan faak ynienen in ôfslutende bullet-point (kutkoeterwaalsk) en “Do rêdst it wol no?”

Wiene wy bliid dat de museumgids weibesunige is en ferfongen troch koptillefoans. De útlis fan hoe’t wy it keunstwurk besjen meie waard stikken minder yntrusyf. Likegoed kin de keunstner noch altyd sels lûd syn betsjutting ferkundigje. Mar hallo menear, in keunstwurk is dochs bedoeld om romte te skeppen? Mei de taskôger asjeblyft sels in bân mei it wurk oangean, mei er it bewûnderje om wat er sels wichtich achtet: it liket op myn omke Sytse, ik keapje it foar boppe it bankstel? No nee. Omke Sytse is de ferkearde reden om keunst te wurdearjen. Dat it spyt my frou, wy moatte jo út dit etablissemint sette.

Keunst moat him net misbrûke litte as in gouden kou foar de minsklike ferbyldingskrêft. Keunst soe him net definiearje litte moatte troch syn mentale konseptualiteit. Mar it is noch slimmer as dat. Us freon Noah frege koartlyn oan in befreone kurator yn Eastenryk oft hjoeddedei ûnbegryplike lichtgewicht keunst massa krije moat troch it ferkeap­ferhaal, om krekt te wêzen: oft de psychobabble yndrukwekkend en yntimidearjend foaropkomt, mei it keunstwurk inkeld en allinne as yllustraasje fan dat ferkeappraat. De kurator joech it droechwei ta: dàt is de ynternasjonale modus operandi yn ’e keunst. Dìt is no de keunst.

Foar’t jo jo reis begjinne,

Asjeblyft, lês alles wat jo kinne

Oer ús genen en ús rol. En stappe

Jo alsa oan board fan ’t skip dan klapt ús

Heechoplate crew de hakken tsjininoar &

In baaimaster ta jins foldwaan tsjut oan jo

Us wetter út—jo fine it hjir allegear!

“And look at these blankets—100% wool,

They cover my feet no matter how much I pull.”

“The matrass is thick, and the springs softly padded,

Plus the softest goose feather-down pillows!” he added.

It sjueryrapport fan de Gysbert Japicxpriis 2021 seit net dat ‘jo alles fine’ yn de 27 opdrachtwurken fan de âld-Dichter fan Fryslân. De priiswinnende kolleksje mist spitigernôch de Audenjaanske wynwizer fan it filigranen delikate nei it lugubere, sensuële, walchlike, swiet­mûlkjende, fizich-obsene en oerdreaun-gemoedlike. It haadmotyf is monotony. Yn in soad fan de poëzy sit in ferfeelsume werhelling fan byld, lykas it mei geweld stikken gean. De fariaasje yn sinsboustrategy is ûngewoan—mar net ‘fernijend’—smel. De wurdskat is wat beheind. In ientoanige A-list fan wurden is: himel, hert, dream en klok. In B-list is: nacht, haat, paad. Klisjee, deade taal, is net út de wei gien. It repetitive klibbet oan it yndustriële proses dat blykt út de ‘eigen’ utering fan it wurk: standerdisearring ynstee fan stim. Just ûntbrekken fan werhelling fan details is in dúdlike karakteristyk fan in ûntwikkele keunst. Smelheid fan tema en toan typearret yn alle tiden en kultueren de minor poet, mar okee.

It primêre obstakel is de neidruklike en wiidweidige babble: net allinne ûnder it gedicht mar ek derboppe, net yn fuotnoatfont mar yn deselde lettergrutte en boppedat kursyf. It gedicht ‘Swij do, swij’ hat 127 wurden wylst de útlis 86 hat, hast trijefearn fan it fers. Gjin fan de 27 DfF-gedichten komt sûnder tsjutting: wat makke de dichter djip fan binnen mei dat makke dat er syn pin yn ’e inket stipte? En gjin fan de oare kandidearre gedichtekolleksjes lit alle gedichten mank gean mei lapen lêswizer. Dêrom is it wier gjin útwrydske, gjin synyske, hielendal gjin ûnûnderboubere hypoteze dat de priis jûn is oan de psychobabble: dy snapte de a-literêre Gysbert Japicxsjuery wol.

Fernijing is gjin kritearium foar keunst. Rekkenje mar dat neat mear nij is no’t minsken—mar safier tinkt it provinsjehûs net werom—al fyftichtûzen oant tritichtûzen jier lang keunst skeppe. It is trouwens net dúdlik oft de sjuery ferwiist nei de bibelske skepping fan de nije man en de fernijing—de dichter—nei de god syn aard, of nei it ideaal fan de superieure uomo nuovo: “Dat maakt ‘Dichter fan Fryslân’ tot het beste dat de Friese poëzie de afgelopen jaren heeft opgeleverd.” Opgeleverd. Now we’re talking business: produktynnovaasje is in opjefte likefolle yn hokker yndustry. “Deze dichter vindt zichzelf bijna bij alle gedichten opnieuw uit.” ‘Jinsels opnij útfine’ is bedriuwsjargon. Facebook fynt himsels opnij út ta Meta; âlde wyn in nije sekken.

Kwaliteit wit net ien wat it is. It is ek net wichtich. Want dy net goed te definiearjen en dochs dalik te fernimmen literêre of artistike kwaliteit hawwe alle teksten op literêre prizenivo echt wol, of soene him alteast ha moatte. Op dat nivo ferlykje sjuerys wrâldwiid apels mei parren en prate dat efterôf rjocht en wy fine dat bêst. It heart allegear by it spul—salang’t se teminsten dit yn acht nimme: de skriuwer-lêzerrelaasje is hurde betingst is foar in (echte: saak­kundich tawiisde) literêre priis.

Wy witte, de bân dy’t de lêzer mei de (ymplisite) skriuwer hat, moat karakterisearre wurde troch in identiteit fan stim & gesach. Oars sein, de lêzer moat syn skriuwer werkenne oan dy syn stim: syn manier om de dingen te bringen dy’t er bringt. Ek moat de lêzer witte fan dit is de skriuwer dy’t wy leauwe om’t er it nea oars sein hat as sa. As de tekst sa’n bân, mei watfoar lêzer ek kweekje kin, dan is dat feitlik in garânsje foar ‘keunstsinnige kwaliteit’ fan dy tekst.

Dat spoar no hat de provinsje Fryslân sa’n fyftjin, tweintich jier lyn ferlitten, benammen troch in oare kar fan de sjueryleden. Dy hoege net mear saakkundich. Dy binne lang net mear belêzen genôch om it unike hãnskrift fan de skriuwer te werkennen, lit stean om te werkennen wat dat hânskrift unyk en sadwaande gesachfol meitsje kin yn ’e eagen fan de lêzer. Om’t alles nij en oars liket as jo as nijkommer de literêre keunst ynstappe, soene de nije-styl sjueryleden in bysûndere stim net ûnderskiede en opmerke, às it wurk ûnder hannen in unike stim hàt.

Dat is hjir net sa. De 27 DfF-gedichten hiene nea ferlet fan unike stim, om de lêzer te berikken. Oars as alle oare, al of net kandi­dearre gedichten wie it DfF-wurk unyk troch kontekst: printe yn twa kranten tagelyk, yn in komfortabel berneboekfont ensafuorthinne. Kwa tekst soene se op (sis) Rixt samar weifalle.

Dus, it giet Fryslân net langer om hoe’t de teksten eat oerbringe op de lêzer, om dat hoe’t dat de autoriteit foar de lêzer útmakket. As it net giet om it hoe’t, giet it om it wat—27 x meast Fryskich-lilk slachtoffertinken en (kwasy?)populistysk kommentaar mei moreel fingerkewizen—plus om, no’t stim mist, de alsa missende autoriteit. Dat is wêr’t dizze Gysbert Japicxpriis foar tsjinnet: om de autoriteit, dy’t de tekst net hat om’t ommers stim ûntbrekt, efterôf en kontekstueel oan de tekst ta te heakjen. Dat is fansels út provinsjaal eigenbelang, fan sjoch ús DfF-seleksje rûkt echt net nei korrupsje: it wurk bewiist him mei ús treflike GJ! Mar wolle jo in priis takenne om artistike, ynhâldlike, relevante redenen, dan kinne jo de lêzer net bûten beskôging litte. Wâdzje jo oer him hinne: probleem.

Dat ha wy al hiel faak sein. Wy hawwe by de deputearre en in trijetal amtners it beskiedende plak fan de frije lêzer út de doeken dien. Neat fan wat hjir boppe stiet is nij. Wy ha—Abe no al hast 20 jier lang, speaking truth to power—ûndersocht, teoretisearre, paadwiisd. Keunst dijt net by in hieltyd mear harsenspield publyk. Jo wolle as keunstner jo wurk net hieltyd wer útlizze. Keunst moat út himsels besteansrjocht ha: trochdat it him ferhâldt ta it deagewoane libben op ’e dyk. Se witte it; se dogge it net. It is Fryslân dat in oare ôfslach naam nei de kulturele takomst. It is net de Fryske literêre keunstner dy’t it paad bjuster rekke doe’t er yn ’e foarbye jierren skûltsjemakke fan it Skriuwersboun, de provinsjale taal-tool Ensafh opsei, stiltsjes op ‘unfollow’ fan de Fryske heitelânsplicht klikte en lid waard fan guon ynternasjonale keunstnerkriten, koarts, dy’t stadich ûndergrûnsk gien is.

Hâlde jo út, kurators, dat ûndergrûnkeunst, sis graffiti, transformearre fan sinleas fandalisme yn in brûzjende stedske keunstfoarm tròch ynstitúsjonele djipsinnige útlis, dan ha jo in wûnderlik byld fan de ynherint subjektive ôfwizing dy’t de keunstner libbenslang akseptearje moat (gjin trendsetter? neffens wa?) en dan fuorje jo in bosk fol semy-amtners yn de winter by. Mar Tresoar is absolút gjin gleonhite keunsthotspot. Alddirekteur Bert Looper hat dat ek net ambiearre.

As der ien ûntsach hie wie hy it tink’ wol, foar de twivel fan it úttinjend Frysk keunstnerskaai oer de—sjoch ris! wat in—enoarme yndustrykrêft, en dat sels noch yn de pre-yndustriële faze, wat in hannelsposysje; oer it rûzemuozjen, de earbiedich oplutsen wynbrauwen, it glêstinkeljend himmen by ús nasjonalisme syn klik mei de konsepten fan patriargy en rassisme om’t dy—‘grutte pier’—de klam lizze op har mienskiplike oanstriid om de oerhearsking-ûnderdienigensbân te bewarjen en fuort it idee fan hegemony dat, noblesse oblige, tsjinnet om de ûngelikense machtsrelaasjes op grûn fan gender, ‘ras’ en kultuer te ynstitúsjonalisearjen; want de manjefike Europeeske fernijing kaam net pas fan de Europeeske kulturele haadstêd 2018; dy siet al yn it kolonisearjen fan Afrika, en betink ek dat hjoed ús spotgoedkeape ferdivedaasjekonsumpsje wiswol troch immen betelle wurdt: there is no such thing as a free lunch.

Harrekrastes, wat is de keunstner klear mei de 15.000 euro dy’t út de bûse fan de hurd ferearmjende Fryske boarger lutsen wurdt foar ûnbenullige lettereproduksje + sosjale pretinsjes fan in healdeade—woke is de provinsje wis net en skrillet net tebek foar it foarlûken fan in wite, manlike, kristlike, hetero, cisgender—dichter, ek al is dy man mar in symptoom fan in polityk dêr’t er neat oan dwaan kin, en is it wachtsjen op slimmere útwaaksen. Hoe mislikmeitsjend, hjoed al, is it ûnbehagen oer it wite privileezje, de iensidigens en de ûnferdraachsumens fan ‘fiele jo jo frysk?’, de sosjale status fan ‘frysk’ wêzen yn de ‘Fryske’ keunst, de skealike rassiale stereotypen en de passyf-rassistyske ferbylding yn ‘Swij do, swij?’ dat Fryslân no beleanet mei € 15.000/17= € 555,56, net sasear in sigaar út eigen doaze fan de Fryske oerheid, as wol in skot yn eigen doel?

As minske kinne jo net oars as jo skamje foar de ûnsin oer de mûnige boarger; dy is ûnder in desennium Ruttekabinetten fluch djipper it wylde bistereservaat yn treaun. As boarger moatte jo driuwend freegje fan it kuierjende Arcadiawâld fan in miljoen, kinne jo dat ite? Mar as keunstner ha jo gjin kar as: lûk jo werom út de kontramine. Want wa’t it ûniens is, sil himsels fleurich etikettearre as Fryske tsjinstimmer weromfine op Sirkwy/Tresoar syn plankje foar it Fryske ‘ferskaat’. Dêr mei er raze dat Poëzy dochs ferlûde frijheid is! en elkenien glimket om dy dissidint dy’t, as part fan it systeem, dat moai bestindiget. Soks twingt de keunstner om sêftkes fuort út it kontinue spammen fan reklame foar syn keunstsinnige objektsjes, de barbaarske amputaasjes fanwegen it Frysk anty-yntellektualisme en it ferlykjend wareûndersyk fan kultureel keapmansguod, en wer gewoan oan it wurk: mei keunst.

Wilens is it noflik en ha wy kollektive kofje ûndergrûnsk.

Fers2 nû. 7.4, 29 juny 2021

Keunst en populisme en it kreative-stedbelied

of, Ferset en banaliteit en meidwaan

image Fers2

Wêr’t jo ek sjogge yn ekonomysk fersutere kriten dêr hat de belofte fan in stedske renêssânse de wannabbe kreative stêden in nije makro-aktor útfine litten: de kreative klasse. Ek Ljouwert/Frys­lân lit him liede troch de profesije fan wurding. Syn City of Litera­ture-titel is in ûnderdiel fan ’e Unesco Creative Cities-stimulâns. It kreative stêdbelied hat keunstners konseptualisearre as de beskiedende kreative ploech. Tagelyk hinkelet de keunstner op twa tsjinstelde plakken yn syn betrekking mei de kreative stêd en de kreative urbane planning.

Keunstners binne òf in ûnkritysk pleitbesoarger fan it kreative stêdbelied, want dat skroeft it kreative profyl fan ’e stêd op en dêrmei har eigen kânsen, subsydzje en ferkeapmerk, òf se lykje der radikaal tsjin yn ferset, om’t se as inkelingen en kollektiven in opposysjepolityk omearmkje tsjin hoe’t kultuer taeigene wurdt yn ’e neoliberalisearring fan stedsbelied. Mar beide, of lit wy sizze, op syn minst it lêste stilearre portret fan de keunstner strykt net mei de striid dy’t dy fiert om stedsfoarmjouwing en sosjaal wolwêzen. Keunstners as politike spilers binne wiswol selsbewuster, kritysker en aktivistysker as dat de werjefte as neesizzer suggerearret.

Tydskrift Fers2 sei net nee; it lei opnij oan it provinsjale lettere­ynstiút Tresoar út dat Fers2 gjin reklame meitsje mei. Keunst hellet oer, reklame manipulearret: in hiel ferskil. “Dan,” andere Tresoar, “geane wy der earst fan út dat Fers2 gjin rol hat yn de [Gysbert Japicxpriis-]aktiviteiten.” Wêr’t dat útgongspunt wei komt en oft de direksje wit fan it útsluten fan Fers2, kin Tresoar net, of net mei e-mail, fertelle. Sil de Tresoar-drokte om ’e ferlidere Gysbert hinne folslein út marketing bestean, dy’t de Frysk(eftig)e blêden lûke moatte? Dit blêd sei ja: om keunstferslach­jouwing en keunstkrityk! Wy kenne de sjoernalistike techniken. It sjoernalje is ûnmisber foar in wurkjende maatskippij, reporters har rol is beskiedend yn it tsjut­ten fan ’e publike opiny en it op it matsje roppen fan ’e macht. Wy ferstean it fak. Wy kinne ynspylje op spesifike keunstwurken, de betsjutting sykje, krityske oardielen jaan, it publyk helpe om keunst waar te nimmen, fetsjen en wurdearjen. Want keunstners hawwe wiswol doel oer dingen.

Dat is it him miskien just.

Al in hiel skoft groeit by de oerheid en merkpartijen de ynstru­mintele fisy op kultuer, keunst en kreativiteit yn it sok fan it hieltyd mear neoliberalisearre stedsbelied. Ald-kultuerdeputearre Jannewietske de Vries lei de klam hielendal op meiinoar oparbeid­zjen yn it hjoeddeiske proses fan stedswerberte. Se ferwaarleazge de klassike doelen fan romtlike rjochtfeardichheid. De earlike en gelikense ferdieling ûnder alle boargers fan de romte fan sosjaal wurdearre middels en kânsen koe har werklik niks skele; se klapte har eigen kreativiteit wol op ’e iepenbiere dyk. Fryslân, stie yn har kultuernota Finsters Iepen, moast ‘brûze’ fan nije ideeën en dynamyske inisjativen. De ‘brûsplakken’ fregen om in nije manier fan beoardieljen, dus net de âlderwetske fan kwaliteit hifkjen. Keunstners moasten no, lykas reklamejonges, in pitch hâlde foar in plakje ûnder de brûs.

Keunstners lieten sjen dat se de neoliberale lúm wol yn ’e gaten hiene en se it net iens wiene mei de eksploitaasje fan kultuer yn dat ramt. Dat der noch gjin inkelde stúdzje dien is nei de posysjes dy’t Fryske keunstners ynnommen ha njonken de mondiale kreative stêdpolityk en de útwurking dêrfan yn Fryslân yn ’t bysûnder, is gek. Keunstners meitsje al jierrenlang dúdlik wat kreativiteit eins is, wat jo fan wurkers yn ’e kreative sektor ferwachtsje meie en benammen: wêrom’t de Richard Florida-oanpak fan quick-fixes en in simpele kreative stêd-tool kit net wurket. Of ja, de hieren gean omheech yn ’e stêd, de gentrifikaasje glûpt Ljouwert hânsum yn, de dekadinsje derefteroan mei ‘dichters’ dy’t yn opdracht fan ’e oerheid ‘dichtsje’ op húskes yn Ljouwerter kroegen—it plattelân docht nea mei kwa kreatyf—mar/dus de stedsbewenner is net better ôf mei it kreative stêdbelied.

It pleit om in elemintêr petear te fieren oer hoe’t kultuer/keunst wòl konstruktyf bydrage kin oan it wolwêzen fan minsken is konse­kwint beflapt ûnder de doelen fan neoliberale stedsplanning: frij­heid, ûndernimmerskip & de idée fixe fan kontinue fernijing. Neffens it provinsjaal ynstitút foar kultueredukaasje—de update fan it âlde nifelûnderwiis op skoalle—en dekorearjen fan de iepenbiere romte binne keunstners yn Fryslân kultuermakkers: “In dit overzicht vind je cultuurmakers uit verschillende kunstdisciplines. Ben je een kunstenaar en wil je ook in het overzicht? Klik hier!” “Wat vet. Zeven kunstenaars maken met vijfenzeventig meter aan graffiti de Marshallweg een heel stuk mooier.”

Kultuer tsjinnet it fêst guodbehear: “Mooi om te zien hoe de creatieve geest Leeuwarden kleur geeft en dat CareX hier in kan bijdragen met werk/atelier ruimtes. Ben je als kunstenaar ook op zoek naar een werkruimte? Neem dan contact met ons op.” City of Literature Ljouwert stjoert ien BCC it fearnsjier nei Fers2, oer wêr’t wy ús kaartsjes ferkeapje: “Bij het aanleveren van activiteiten is het handig om te ontvangen: datum/data, tijden, naam event, uitvoeren­den, (online) locatieadres, taal (NL, Frysk, Engels, meertalig, language no problem) en info over kaartverkoop/aanmelden.”

Dat is in benearjende banalisearring fan it kulturele libben. As it folk him mar net ferfeelt, en freegje jo nei ferfeling as it kollektive en net-katartyske hanneljen fan it plebs, njonken de ferheven, yndividualisearre en transendinte ûnderfining fan ennui fan de skriuwers lykas Baudelaire, dan binne jo elitêr. En jo krije gjin antwurd. Op it kantsje wie in fraach fan allround-keunstner Gerrit Breteler oan keunstpopularisearder Henk van Os. Hoe kin it dat jo oer de kwaliteit fan in Rembrandt, neist in Dou of sa, diskusearje kinne, mar net oer de kwaliteit fan in Marlene Dumas, yn ferhâlding ta de merkpriis?

Dat komt foar in part toch it loslitten fan tradisjonele keunst­sinnige techniken en foar in part troch it mei opsetsin opnimmen fan ordinêre dingen, om te ferbyldzjen likegoed as objekten út it deistige bestean, yn ’e keunstpraktyk. Marcel Duchamp hat dat miskien foar it earst dien mei in pisbak út de winkel sinjearre mei R. Mutt. Mei wissens rekken doe de mjitstêven technyk en estetyk wei om keunstwurken mei te beoardieljen. Wy giene it tiidrek yn fan folsleine relativiteit ûnder oerheden en amtners. Feilingpriis beskaat no it aura fan de deade keunstner en in knappe lobby de wearde fan ’e lbbene. Wat oan ’e burokraat syn tafallige smaak foldocht is hege keunst. Dêr falt net oer te tsieren.

Dus wy krôlje yn banaliteit. Mar slimmer is, de skildereftige figuraasje, estetyske styl en fisuele taktiken dêr’t byldzjende ekspresje en populêre kultuer mei stribje om ‘fan us allegearre’ te wêzen, rint út op in ‘alleman’ dy’t ‘ús allegearre’ is, mar tagelyk de ‘nije frou’ en ‘nije man’ dy’t brûze wolle. It is mar de fraach foar hoefier’t oft oer de popularisaasje en de kommunikaasje—dy’t populistyske foarmen oannimme kin: tsjin rede, wittenskip en echte demokrasy—te diskussearjen is, lit stean te warskôgjen dat, sa kommunisearre, kreative skeppingen leafde en haat útlokje kinne. As poëzybesprekker Arjan Hut yn it iepenbier seit ‘in debút is in debút’ skriuwt er demagogy, en gjin fisy op keunst: dat soe in faai teken wêze moatte fan de bek binen.

De keunstner dy’t ynbringe wol dat keunst it sykjen is fan nije foarmen fan demokrasy, ferfrissele as dat is mei kwestjes fan werjefte, eat dat just de ‘produsinten’ fan keunst, kultuer en kennis útdaget, en dy’t freget nei de lekken en brekken fan dy werjefte, wêr hear’t men dy? Wis is wol dat populisme allinne mar beart te praten út namme fan it folk. Dêrneist lûkt stedsbreed it kreative klassebelied de lokale politisy en har meast tichtbye ynstitúsjonele partners foar op de sosjale efterstânswyk. It belied is súksesfol yn in oantreklikere binnenstêd, in Blokhúsplein dêr’t de hieren it dak út brûze nei’t de oerheid syn eigen kreative ynstituten der fêstige. Mar it slagget lang net yn sosjale ynklusy of in kulturele ûnderfining dy’t it libben feroaret—bibleteken foar de bern.

It Skriuwersboun sil aanst by Tresoar in jûntsje hâlde oer lobbyen—‘belangebehertiging’—mar de keunstner wit it al. Elke ‘pitch’ befêstiget it neoliberale karakter fan it kreative klasse­inisjatyf, hoewol’t dat no doelberet komt yn ’e ferliedlike ‘progres­sive’ moade fan de kultuerpolityk dêr’t it ynstitúsjonele foar­skrift fan netwurkjen en oparbeidzjen alle omtinken liedt nei meidogger wêzen fan in ‘kreative mienskip’, halleluja, en bemantelet wêr’t it om giet yn ’t keunst: emansipaasje fan en rjochtfeardichheid foar alle bewenners fan de hoeddeiske kapitalistyske stêden.

Gjin jûntsje komt der om oer alternativen te tinken foar de banaliteit fan ús boerekoalkultuer. Gjin jûntsje om kanttekeningen te pleatsen by ús rasjonele top-down kultuerplanning en -belied. Gjin jûntsje om te sykjen nei fruchtberder konseptuele romtes of oare ramten fan bestjoeren as ien dêr’t de keunstner op syn bêst in lêstpost is en op syn slimst gjin kaartsjes ferkeapet.

Fers2 nû. 7.3, 30 maaie 2021

Taalstagnaasje

en de Fryske dichters drage de skuld fan swijen

image Fers2

Hypnotisearjende fersen dy’t ripe fruchten heapje op bleate liven, kletterjende pandeksels, farske blommen yn alle kleuren, yn ’e kantline krabbele boadskippen, Afrikaanske talen, plakken op Google Earth, in steapel romans en likeur—wêr bliuwe se? Wannear draacht no ien sa syn sestina foar yn Café de la Tour Eiffel dat de kelners opdrave mei in keamerskerm tsjin de sintúchlike twirrewyn, de libbensgjalp, it grinsleaze, ûnbekende dat nea utere wurdt om’t it deagewoan noch net bestiet, oftewol de poëzy dy’t kontinu probearret?

Dy komt net yn it Frysk. Wierskynlik hielendal net mear.

Net dat alle poëzy yn de Fryske taal sliepjaand bourgeois is. Gerrit de Vries syn fers is rekalsitrant en ûnbesnien. Mar keunst easket kultureel kapitaal. Dat slinkt dêr’t wy by stean. Earmoed, brain drain en min ûnderwiis dogge har wurk. Ek is der simpelwei hieltyd minder poëzy yn it Frysk troch de taalferskowing nei Omropfryslânsks en troch it ynstitúsjonele slot op it skriuwen learen yn it Frysk. Binne fan âlds dichters de eksperts fan de libbene taal—net fan ’e Fryske. Ik sjoch in kleau yn it oanbod taalûnderstypjen tusken mavo-nivo en wittenskiplik, sei ik tsjin in dokter op de Fryske Akademy, en ik bin net de iennischste. Wis, Henk Wolf klapt alles dat er wit op it ynternet. Mar hoesa moat kennisûntsluting ôfhingje fan ’e inkeling?

Wite kontrôle oer it alfabetisme fan marzjinalisearre minsken hat altyd in taktyk foar oermacht west. Healwei de njoggentjinde ieu hjitte in Frânske argeolooch de direksje fan it Louvre om Egyptyske toeristen fral gjin notysjes meitsje te litten fan de hiërogliven op ’e rôve keunstskatten út de Nyldelta, want se soene dy nochris sels lêzen leare. In lytse 200 jier letter binne de Friezen it analfabete kloatsjefolk: kolonisearre troch har eigen haadman.

Yn syn bêste Google Translate Frysk—“Op it kongres koene de dielnimmers troch ferskillende wurkwinkels ynspiraasje opdwaan om dêr foarm oan te jaan”—leit It Nijs de finger op it seare plak. In webgearkomst, ien dy’t by jo thús op ’e bank komt, oer de takomst fan it ûnderwiis Frysk luts 110 meidoggers. Fryslân hat 420 basis­skoallen en 74 fuortset ûnderwiis-ûnderbouplakken. Dus op syn heechst 1 persint fan de ûnderwiisminsken wie ynlogd. Wêrom—ik kom der aansen op—soene se ek.

It Taalplan Frysk 2030 waard oankundige. Fryslân hat 21 basisskoallen frege wat dy yn ’e takomme fjouwer jier oan Frysk op skoalle dwaan wolle. Alve fan dy 21 kieze opnij it heechste profyl, dus alles dêr’t de ûnderwiiswet ta ferplichtet kwa Frysk: ferstean, prate, lêze en skriuwe. Fjouwer skoallen kieze ek itselde, mar legere profyl, lykas gjin lêzen of skriuwen of inkeld Frysktalige fideo’s besjen. Fjouwer skoallen kieze in heger profyl, mar om’t de provinsje der net by seit fan hoe leech nei hoe heech, hys jo pompeblêden noch net yn top. Twa skoallen kieze in leger profyl. Per saldo buorket 20 persint fan dy skoallen nei it troch de wet ferplichte ûnderwiis Frysk ta. Nei dit skift fan fjouwer jier komt der noch ien sa’n skift. Dan moatte alle skoallen hjir har oan de ûnderwiiswet hâlde en goed Frysk ûnderwiis jaan.

Sels as bliken docht dat de 21 net represintatyf binne foar de 420, dit. Earst hat de provinsje Fryslân út himsels hiel hurd ivere foar it opnimmen fan it fak Frysk yn de ûnderwiiswet, as part fan de erkenning fan de minderheidstaal as offisjele taal. It regear wie dêr dan ek ryklik let mei, 2014, nei de op ’t nipke strâne ien-lân-ien-taalideology fan Rita Verdonk. Underwiis Frysk is hielendal net fan hegerhân oplein oan it skoudere gea en stridich mei it Fryske begearen.

Twad, goed de helte fan de wrâldbefolking is twatalich en in hiel soad minsken binne meartalich. Se leare in stikmannich talen om’t se dêr ferlet fan hawwe yn it deistige meiinoar omgean. Alle multy-etnyske en meartalige lannen op ierde hawwe te krijen mei twataligens. De Fryske situaasje is lang net unyk. Der is in allemachtich soad ûndersyk nei twataligens dien, benammen om’t twa­taligens wiidweidige en yngeande gefolgen hat foar it beskermjen fan minderheidsrjochten en it behâld fan de minderheidskultuer. Wy witte fan de hoed en de râne. Dat de provinsje de taal fan syn eigen minsken net better beskermet is ymmoreel, slim beledigjend, en in oerdúdlik skeinen fan de minskerjochten.

Op plakken dêr’t se taal as in belangryk symboal fan minder­heidsidentiteit sjogge, is de kâns grutter dat se de taal langer behâlde kinne. Want it binne de minderheidsboargers dy’t de taal prate en sa oerdrage moatte (wolle). Mar ekonomyske en steats­nasjonalistyske druk liede hast altyd ta taalferskowing: Frysk wurdt Nederlânsk. Dus sûnder ynstitúsjonele stipe kin minderheidstaal­behâld net. De wrâld ken trije probatums. Brûk de minderheidstaal yn it ûnderwiis, troch twatalige lesprogramma’s, mei it learen en brûken fan de minderheidstaal op skoalle. Understypje de taal troch wet en bestjoer, dus garandearje it rjocht om de taal te praten yn de rjochtsseal, by de folksfertsjintwurdiging en mei oerheidslju ensafuorthinne. Brûk de taal yn gebedsromtes, op teefee en radio en yn mainstreamkranten en -tydskriften. Gjín probatum is: dichtsje yn ’e minderheidstaal.

Om it taalferskaat op ierde te hâlden, sizze eksperts, kin elkenien trije oant fiif talen leare. Mar net elkenien hat dêrta de taalgrutskens—it ynternalisearre oardiel dat syn lân oer syn taal hat, lykas dat it Frysk moai is—en de oanlis om taal te learen en de learomstannichheden; de omstannichheid fan in Henk Wolf is stikken geunstiger as de omstannichheid fan in Fryske Akademy. Dêrom, sizze eksperts, is taalbelied hiel wichtich.

Taalbelied is net allinne uterst wichtich foar de status en de beskerming fan de minderheidskultuer en -taal, mar ek foar it opbouwen fan in freedsume maatskippij mei minsken fan alle nasjonaliteiten. Merk op hoe’t de taalbehâldseksperts weistjoere fan mienskip, in ploech minsken dy’t op in beskaat plak libbet, en reedzje fan maatskippij: in stelsel fan sosjale bannen of in netwurk fan meiinoar omgean. Yn ’t algemien tinke se dat in lân belied meitsje moat dat foaropstelt dat alle talen yn de naasje lykweardich binne en dat de sosjale weardefolheid fan al dy talen oannimt. It lân heart alle etnyske minderheden te helpen om har eigen taal te bestudearjen en ûntjaan. Ut ûnderfining fan in soad lannen blykt de bêste manier om dat te dwaan: ynstimme mei twataligens en gjin belied goedkarre dat liedt ta taaldiskriminaasje of taalassimilaasje—it deagean litten fan de minderheidstaal.

It provinsjale belied, Taalplan Frysk 2030, liedt wiswol ta taaldiskriminaasje. Want nei 2030 sil, sis, de helte fan de skoallen goed Frysk jaan oant en mei de ûnderbou, en guon skoallen it fak Frysk yn de boppebou oanbiede, mar: skoalbern kinne har skoalle net frij kieze, om de fysike ôfstân. Jo litte in bern fan 8 gjin 30 kilometer fytse nei in skoalle dy’t Frysk docht. Dan is de kâns om Frysk te learen ûngelyk ferdield oer de Fryske skoalbern. Dy diskriminaasje is stridich mei de wet.

Mar no it ûnderwiis. Trije knyppunten. De Nederlânske oerheid hat de plicht om te soargjen foar goed ûnderwiis foar alle bern, mar wy hawwe hjir ûnderwiisfrijheid. De oerheid stelt beëage ûnderwiis­risseltaten, lykas einbepalingen, en hat in ynspeksje foar ûnderwiis­kwaliteitstafersjoch. De skoallieder mei syn tiim bepaalt hoe’t se lesjouwe en hokker karren oft se meitsje. Al goed tweintich jier gean de Nederlânske prestaasjes yn taal en rekkenjen omdel en skoallen segregearje. De ynspeksje sjocht ek dat skoallen har yndividuele belang boppe it kollektive belang fan ûnderwiis foar de maatskippij stelle. Mar der is gjin macht dy’t ta bettere karren ordonnearje kin.

Fierder hat doelrjocht learen plakmakke foar hifkingsrjochte learen: maklik mear as 15 persint fan de ûnderwiistiid giet op oan hifkjen en beoardieljen. Fan eksamens leare jo net. Effektyf ynfoljen fan ûnderwijstiid is beskiedend foar learrisseltaten, litte stúdzjes sjen. Dochs besteegje Nederlânske leararen, njonken Europeeske kollega’s, in soad tiid oan administraasje, ek ûnder de les. Dat helpt net. It ‘pseudoskoft’ is net ûngewoan: basisskoallebern krije les ûnder it middeisitenskoft, om’t juf oars it lesroaster net ôf krijt. Us ûnderwiis liket “in zekere mate immuun” foar yngrepen om de regeldruk fan learkrêften te ferlichtsjen, seit it CAOP, en dat ropt fragen op oer de oanstjoering troch it Nederlânske ûnderwiis­systeem en de needsaak fan alle administraasje. Dus, alhoe’t de provinsje syn ynstituten ek leskes Frysk ûntwerpe lit, skoallen dy sille amper ynsette kinne en it Fryske taalwinnen sil opdroegje as drippen op in gleone plaat, salang’t net earst de hiele ûnderwiis­struktuer oanpakt wurdt.

As lêste, de ‘eigen’ oerheid hat in belangrike modelfunksje. En skoallieders leare fluch. Nimt de oerheid it ûnderwiis yn syn eigen taal net earnst, dan kin dy taal min weardefol wêze. In learkrêft fertelde, der hie in gefoelich agindapunt op ’e leararegearkomste stien: in juf hie feitlik net in foech foar Ingelsk en koe se dat dan wol jaan? Gean wy, frege de learkrêft, ek sa mei it Frysk om? Nee. Dat hoegde net. Frysk koe elkenien jaan. Op dy manier sille de wetlike einbepalingen Frysk nea helle wurde. En gjin bewâld dat dêr wat oan feroaret.

Neist kritykmacht hat de dichter tradisjoneel in rol en taak yn it ûntjaan fan syn taal—skriuw ris oer it Fryske dichtsjen en wat der bart yn ’e wrâld, sei dichter Elmar Kuiper, want dêr sjocht er nea wat fan. Foar Kuiper it gedicht/iepeningsalinea↑, mar mei dizze warskôging. De Fryske oerheid ûntkent kategoarysk de dichter as taalûntjouwer. Begjin 2015 fierde de provinsje in taalferoaring yn. Net allinne koe gjin petysje fan 200 skriuwers de provinsje wer mei beide skonken op ’e grûn sette, ek kin ik as profesjonele kreative taalbrûker de opbringst net weromkeppelje. Der is gjin postbus, gjin baly, gjin knop. Taalûntjouwing is in ynterne oangelegenheid dêr’t se dichters mei klam bûtenhâlde.

Fryske dichters petearje net oer de taal. Lit stean dat se—útsûndere Abe de Vries

Lykwols, sûnt binne de lannen langer rjochter

snijd, yn lippetsjinst oan ’e earste sneed.

Sabeare rintmasters telle it tebekgeand tal aaien

skries en ljip en se lûke prizen yn

foar spikkels - se drukke fiersichten út

yn GPS-berekkene millimeters foar Friezen.

—taalstriid leverje oer har taal en se fernimme net iens dat se net om dy tafel sitte meie mei de macht, sa drok ha se it mei ûnder­inoar petearjen yn har taal. Op It Nijs stiet in swartwyt plaatsje fan fjouwer duldsum eagjende middelbere manlju, gjin seis foet ôfstân, gjin gesichtsmaskers. “Yn alle regio’s,” seit de oare deis Omrop Fryslân, “gong it syktefersom by soarchmeiwurkers omleech, behalve yn it Noarden. It is net dúdlik hoe’t dat kin.” Freegje it de buorlju. Hawar, de fjouwer fielden har by kollegadichters yn Aarhus ⟨our who’s⟩ as kamen hja thús “op in oar plak” en hawwe dêroer dichte en dat oerset yn in taal dy’t nimmen lêst en nei in oerheids­stipe útjouwer brocht.

De ieuwenâlde trúk hat noch neat fan syn magy ferlern. Kenin­gen hellen sjongers nei it hof. Yn it foarútsjoch fan in lauwerkrânse & in plakje by de iepen hurd besongen dy de gastfrijheid en de roazetún. Harisena swei oer de smoarge oarloggen fan syn keizer Samudragupta. Doe kamen de ferskaatfanaten, Unesco en de Rie fan Europa, mei in nij keunstke foar de nasjonale minderheden. Poen jo dichters net nei Tirade en Het Liegend Konijn; “wy hawwe hjir gjin profesjonele skriuwers” is in histoarysk sechje fan de âld-behearder fan literêre priis de Rely. Lit jo dichters jo minderheidstalige ‘litera­tuer’ better oer de buorren bringe, it belang fan ferskaat beklamje, ljocht smite op it ‘kreatyf proses’, ferbyldzje hoe’t mienskippen bûn binne oan har eigen kultuer en mear oparbeidzje mei oare minder­heidstalige skriuwers. Lit har útfanhúzje, dinkjes meitsje, oersette en op websiden pronkje.

Dichters dogge mei oan dy reality show om wêrom’t minsken meidogge oan Big Brother: om de hollen fan ûnbekenden omdraaien te sjen en de slipkes fan ’e dames delfallen te hearren. Rom sil net komme fia Tirade en sa, want faak giet it om wannabees waans hert net iens leit by keunst. Guon wolle yndie de minderheidskultuer fuortsterkje, ommers erkenning en behâld derfan is in minskerjocht.

Likegoed (hoe faak ha wy it al net sein), ferskaat is nea in doel an sich: ferskaat is it logysk gefolch fan minsken echt frij te litten yn hoe’t se har libben meiinoar libje wolle.

De Fryske dichter mei opdrave as ekskús-fryskprater. Sy binne de útferkeazen boargers dy’t de earnstich bedrige minder­heidstaal rêde sille sadat de oerheid dat net hoecht te dwaan. Har taal is har identiteit as it de oerheid útkomt en gjin identiteit as it ynternasjo­nale rjocht easket om identiteiten te beskermjen. Want skoallen binne priveeûndernimmingen en de oerheid kin dy amper eat ferplichtsje yn ús liberaal bestel. Twongen as de Fryske keunstner is ta it amateurisme fan mienskipstaalpromoasje yn Aarhus, wurdt dy like maklik as oppikt wer loslitten. Komt der in djoere marketing-event mei mondiale parse, kh2018, dan hellet dyselde oerheid keunstners út it útlân. Dan lit dyselde oerheid rêstich it NRC de Fryske keunstner útgnize om dy syn jammerdearlik provinsjalisme. Dan stelt syn oerheidsynstitút foar de heechste literêre priis fan Fryslân in sjuery yn dy’t niks wit fan literatuer. Dan is in amtner grutsk op ynstitúsjonele skriuwkursussen fan lju dy’t nea serieus publisearre ha en nea ferantwurdlike skriuwmetoaden úbrocht. Dan falle jo út de provinsjale toan wannear’t jo freegje om echte keunst en om te stribjen nei sifer 9 ynstee fan 5,5.

De reden foar minderheidskultuerpromoasje, útsein toerisme, festivals en oar oanboazjen fan lokale ynkomsten yn ekonomysk efterbliuwende kriten, is dit. De spil fan rjochten fan minderheden is it fuortsterkjen en beskermjen fan har identiteit. In sterke identiteit keart twongen assimilaasje en it ferlies fan kultuer en spiritualiteit en talen: dat wat de wrâld syn rykdom jout en dêrom part is fan syn erfskip. Mar dat stik erfskip lit de provinsje no just ferlern gean. En de Fryske dichters drage de skuld fan it swijen. Dêrom komt yn ’e Fryske poëzy alles ta in ho. Net piipjend en gnjirdzjend mar mei in suchtsje is it út.

Fers2 nû. 7.2, 11 april 2021

Hieltyd minder poëzylêzers? Kranten, doch wat!

image Fers2

Wa lêst poëzy? In goeie fraach om jo te stellen op de 200-ste bertedei fan Baudelaire, mei in nije fracht oersettingen dy’t útkomt. Wa lêst dy? The usual suspects: heechoplate wite froulju? Plato hie yn syn ideale Steat gjin studearre dames, dat wêr makke er him drok om. Hy mistroude de jongfeinten, dat wol sizze de studinten, de lúksejonkjes, want pubers dogge alles nei en poëzy is imitaasje fan it libben. As neimaksels “hieltyd oefene wurde fan jongs ôf,” leit Plato Sokrates yn ’e mûle, “boargerje dy yn as gewoanten en aard, yn liif en lûden en tinken”. Poëzy is in spesjaal psychysk gefaar, om’t de taharker it karakter fan de literêre persona oannimme kin en ferjit dat dy optocht is. Sokrates tocht dat de jonges wol fersen lêze koene dy’t inkeld de moaie kanten fan de werklikheid neidogge: minne poëzy.

Mar dat dogge ús jongerein net. Dy lêze hast hielendal gjin poëzy. Op de Dei fan de Literatuer yn 2009 sieten der 5000 middelbere skoalbern yn De Doelen yn Rotterdam. “Wa lêst wol ris gedichten?” waard der frege. Net ien stuts syn hân op. Om de literêre bedreaunens fan skoalbern te ûntwikkeljen—om har lêzende te krijen—jouwe skoallen har boeken yn hannen dy’t oanslute by har lêsnivo: Lêze foar de List. Nivo 6, akademysk lêze, hat poëzy. De legere nivo’s ha gjin poëzy. Op it ein fan ’e sechsde klasse moatte vwo-skoalbern op syn minst nivo 5 helje: nivo 6 heart net ta de einnoarmen.

Stichting Lezen konkludearre yn 2019 dat “poëzie een marginale positie inneemt op de leeslijsten in de bovenbouw havo/vwo”. Betink dêrby dat se by it fêststellen fan sjenres útgiene fan de nur-koade, sadat histoaryske epykse teksten op rym op de ferplichte lêslist, lykas Karel ende Elegast of Van den Vos Reynaerde, de koade ‘poëzy’ krigen. Skoalbern wurdearje fertellend proaza sinjifikant heger as poëzy. Om’t Nederlânske jongerein hieltyd minder faak lêze en mei hieltyd minder aardichheid deryn, lansearre de Underwiisried in lêsoffinsyf. Bern lêze wol in bulte koarte tekstsjes lykas berjochten op har tillefoan en gearfetsjende stikjes yn skoalboeken. Reden foar alaarm—oer de bern har lêsfeardichheid en prestearjen op skoalle en yn ’e maatskippij en fan gefolgen oer it draaien fan de maat­skippij yn syn gehiel—is dit. ‘Djip lêze’, dus konsintrearre langere stikken en boeken lêze, dêr besteegje bern gjin tiid oan.

De manier fan lêzen is ek wêr’t Piet Gerbrandy it oer hat yn ‘Wie leest er nog echt?’ yn 2016. “Poëzie lezen, hoe doe je dat?” De measten stelle har iepen en ûndergean it al lêzende of harkjende, seit Gerbrandy. Poëzy wie histoarysk net eat dat jo allinnich diene, mar in kollektive ûnderfining. Dochs ha der altyd lju west, ek yn ’e âldheid, dy’t it fers graach ris rêstich oerliezen. Hokker metoade docht dan fertuten? Dat is in hiel sinnige fraach, just om’t wy de aldermeaste westerske poëzy yndividueel lêze en om’t tiid bestege oan poëzy yndividuele lêstiid, of harktiid, is. Close reading is in goeie kandidaat, seit Gerbrandy. It sekuere omtinken foar losse wurden en har oarder tsjinnet net om it wûnder fan it fers út te klaaien, mar om alle aspekten goed foar it ljocht te bringen, en om de tekst sintraal te setten ynstee fan wat oaren oer de tekst sizze.

[Hans Ulrich Jessurun d]’Oliveira laat zien dat zijn close reading inderdaad rijke interpretaties oplevert. Daarom is het treurig om te zien hoe weinig critici heden ten dage nog de tijd nemen om zich dit ambacht eigen te maken, hetgeen samenhangt met de onwil van de meeste tijdschriften en uitgevers om dit soort exercities, die noodzakelijkerwijs veel ruimte opeisen, in druk te laten verschijnen. Ook aan de universiteiten is het interpreteren van afzonderlijke gedichten en oeuvres, puur als universa van taal, goeddeels verdwenen. Wie analyseert nu eens een complete bundel van Gerrit Kouwenaar, Hans Faverey of Nachoem M. Wijnberg?

Gjinien. Us nestor-dichter Eppie Dam en ús bêste Fryske poëzy­útjouwer Hille Faber konstatearje dat de kranten te min poëzybon­dels besprekke. Ynienen, ôfrûne freed, klapte de Ljouwerter krante goed 1000 wurden oer in dichter yn ’e kultuerbylage. Mar net-resinsearre dichters ha echt gjin reden foar oergeunst en wol foar teloarstelling. Want it stik portrettearet de dichter as in blasé, bedoarn sektelid, ûnderwurdearre troch de oaren en no love bombed yn de kultus: “ik wol de tinzen befrije.” Duh. Hoefolle kultlieders ha wol net leard Hoe de Geast te Ferlossen? Inkeld 70 wurden gean oer de nije dichtbondel, op de ûndjipst mooglike manier: de dichter mei sizze wat deryn stiet en neamt in ferwizing nei popsjonger Bruce Springsteen, twa útspraken fan fuotballer Cruijff en wat oer syn bern. De dichter sa ûnskealik etalearje foar it grutte publyk is sûnder mis beroerd foar de poëzy.

Ek is it min foar it publyk. It ynformaasjepeil is ferskuorrend leech. Kom net oan mei it ferwar dat de krantlêzer leechdrompelich lêze wol. Dat is de populistyske fariant op minne-poëzy-is-just-goed-yn-’e-ideale-Steat. Undersyk lit sjen dat krantlêzers ôfheakje by non-sjoernalisme lykas net trochfreegje wat de dichter bedoelt mei “de hiphop”. Hiphopsjenres rinne fier utinoar, ‘de’ bestiet net. Mar in fraachpetearke nimt amper tiid, dat is wier.

In goed bondelbesprek kostet dagen. Jo moatte alle gedichten twa oant trije kear lêze en alle rigels útplúzje op de dichterlike eleminten. Dochs betellet in besprek mar in pear tientsjes. Fan gefolgen slagje kranten net oan beropslju foar it boekbesprekken. Dy moatte derfan ite en binne twongen om better betelle opdrachten te kiezen, as se har frije jûn & wykein net opofferje wolle. In grutter probleem is dat der te min ‘lêsprofesjonals’—lju dy’t har berops­mjittich alle dagen mei it trochljochtsjen fan teksten dwaande hâlde—binne dy’t de Fryske taal behearskje.

Besprekker, redakteur en literatuerhistoarysk ûndersiker Abe de Vries konkludearre fiif jier lyn al dat de delgong net sasear te sjen is yn it tal dichtbondels dat yn de Fryske taal ferskynt mar yn de refleksje derop, oftewol it analisearjen. Miskien/wierskynlik hawwe minsken har dat oanlutsen en wolle graach besprekke. Mar dat hellet net garandearre wat út. Want De Vries hat it beprekken foar in part leard ûnder de wjukken fan de poëzygigant Chrétien Breukers, mar benammen op eigen krêft. In oplieding foar boek­besprekken bestiet ommers net, ek yn it bûtenlân net. Elkenien siket it besprekken sa’n bytsje sels út en de kwaliteit fan resinsjes ferskilt osa.

Boppedat, warskôget Virginia Jackson yn 2008 yn ‘Who reads poetry?’, ferdwynt poëzy út de universiteiten. Dat is hjir ek sa. Yn Grins op ’e ôfdieling Frysk studearje minsken ôf op literatuer­histoaryske ûnderwerpen. Se bestudearje gjin fersen. Dochs wurde berjochten dat de poëzy ferlern giet yn ’e regel net earnst nommen. Dat praat is der sûnt minskeheugenis, tink oan Chaucer. Mar Jackson fertelt dat de grutte kritikus Marjorie Perloff har publyk ris gerêststelde mei: “Out in the world beyond the academy, individual poets are warmly celebrated.” Dàt is reden foar noed. Want bûten de universiteit wòl, betsjut dat al dy kritisy binnen de universiteit net sa’n waarm wolkom fiele, om’t se of net langer poëzy lêze, of net op de goeie manier lêze.

Bûten yn ’e wrâld, ûnderwilens, lêze ek de Nederlânske folwoeksenen hieltyd minder. Oannimlik is dat se, oars as de skoalbern, wol poëzy lêze út aardichheid, mar wa’t poëzy lêze witte wy net. Dat is net ûndersocht. Wat wy witte is dat de Nederlânske fiksjelêzer frou is, heechoplaat en 50+. It oantal lêzers rint tusken 2013 en 2015 werom fan 50 nei 46 persint. Lêzers besteegje net minder tiid oan lêzen, op in trochsneeddei 37 minuten, fan papier en skerm meiinoar. It oanpart, ûnder de lêzers, fan literêre boeken/romans en poëzy is 11 persint. Oft dat ien of twa op ’e 100 binne dy’t no en dan poëzy lêze en ien op 10.000 dy’t konstant poëzy lêst witte wy net. Mar, al misse sifers, wêr’t wy wis fan binne is dat it tal poëzylêzers omdel giet.

Yn 2012 sei Benno Barnard dat der tritich jier lyn fan in debút trochinoar tûzen eksimplaren printe waarden, en no mar de helte want de útjouwer kin it net slite. Boppedat kaam ek hjir in twivel­eftige gerêststelling: “Poëzie is springlevend, zolang we ook buiten de dichtbundels durven te kijken.” De literatuerûndersiker, Kila van der Starre, rûne yn febrewaris in promoasjeûndersyk ôf, Poëzie buiten het boek, dêr’t se yn pleitet foar in oare opfetting fan poëzy, nammentlik ien dy’t Instagram Poetry, strjitpoëzy en “Amanda Gorman” ek serieus nimt. Dat is oan ’e iene kant net revolúsjonêr. Eric Weiskott wiist der yn ‘Is poetry obsolete?’ op dat yn earder ieuwen poëzy foar folle mear minsken betsjutting as hjoed hie, troch it ferskaat oan stilen. Dus, seit er, ûnderwiis dan hjoed ek nije poëzy en âlde poëzy op nije manieren. Jackson seit dat jo poëzy net ynsnuorje moatte ta lyryk, dy’t ommers mar ien fan de dichtsjenres is.

[O]ur idealization of poetry is at least partly why we seem to think we are in danger of losing access to the ideal. Our own abstract idea of the lyric makes it possible for us to imagine that we could liberate reading from it or that we are losing our academic discipline, culture or minds if people aren’t reading it.

Yn sa’n definysje is noch plak foar de beswieren fan dichters, dy’t, sa’t Frank Hellemans seit,

waarschuwen (…) voor het kwaliteitsverschil tussen hun printpoëzie waar lang aan geschaafd werd voor het tot een definitieve publicatie kwam en de digitale instantproducten van rijmelaars en hobbyisten zonder enige zelfkritiek. Paul Claes [zegt] (…) ‘Om wat tegenwoordig poëzie heet, kun je lachen zoals Democritus of huilen zoals Heraclitus. Mij laat ze vooral koud.’

Van der Starre har opfetting bestimpelet, oan ’e oare kant, dichters dy’t derop wize dat de lêzer goeie poëzy fertsjinnet en gjin minne, ta neandertalers. Want: “De meeste mensen ervaren vooral of enkel poëzie buiten het boek.” Lêzers wurde brûkers fan poëzy, seit se, troch bygelyks in fersrigel op it liif tatoeëarje te litten. “Ik denk dat poëzie buiten het boek meer leerlingen zou kunnen enthousiasmeren voor literatuur.” Dat klinkt—al sjoch ik gjin skimp fan it gelikense kânsenargumint—allegearre fleurich ynklusyf. Want yndie, net allinne wite heechoplate middelbere froulju hearre tagong te hawwen ta dichtkeunst, mar elkenien. It punt is allinne: Van der Starre hat it oerjûn. Se lûkt de doar no hielendal ticht foar de net-poëzy—yn ’e akademyske betsjutting—lêzers. Har ‘oplossing’ nimt it tekoart oan yngeand lêzen beslist net wei!

Om it djip lêzen, close reading, it wûnder fan alle losse wurden en it omtinken foar alle lytse skakearringen, nei it grutte publyk te bringen, binne de kranten ûnmisber. Kranten hawwe de taak om ynformearre lêzers te kweekjen. Kranten moatte poëzy frekwinter en better nei foaren bringe. It wurk moat sintraal stean net de dichter. De krante moat it materiaal, de nije bondels én de nije ynternet­poëzy én de strjitpoëzy, beneierje mei fisy. Ynsjoch mist no folslein. De kranten binne alhiel net op ’e hichte fan trends en kwaliteit, se ha gjin flau benul fan fiksje. Ferbettering hoecht neat te kostjen, dat is gjin beletsel. Bygelyks kin tocht wurde oan bondelbesprekken as ynstjoerd stik. De redaksje praat himsels automatysk by troch dy stikken nei te sjen foar it pleatsen.

Yn alle gefallen helpt it averjochts om it nivo fan de lêzers­ynformaasje omdel te bringen foar de massa’s. Dat is koartetermyn­populisme. Want jo ferlieze de keunst en jo twinge de dichters en poëzyleafhawwers de reaksjonêre hoeke yn om de dichtkeunst te beskermjen. It is heech tiid om elkenien by keunst te belûken, om fan elkenien in ynformearre en tawijde lêzer te meitsjen: tiid foar echte sosjale rjochtfeardichheid.

Fers2 nû. 7.1, 24 jannewaris 2021

FNP winkt memmetaalpatriotten werom

Mar foar it Frysk moatte jo net mear by de FNP weze

image Fers2

Sa’t in bussjauffeur tusken Lauwerseach en Ljouwert lêsten sei: “As it Frysk de taal fan Fryslân is, bestiet it hiele probleem net.” Dan kinne de minsken prate sa’t se prate wolle yn ’e iepenbiere romte. De bern op it skoalplein hoege net te wachtsjen mei Frysk praten oant it buordsje op pompeblêden hinget—dat nea komt. Se wachtsje oant se in ûns weage. Wilens hat de Fryske Nasjonale Partij al jierren in Nederlânsktalige landing page en se ha de Nederlânske ferzje fan it partijprogram better sichtber as de Fryske.

Ferfolch

Agit-prop foar Kening fan ’e Greide

image fers2

Hy stiet meast stil, de fersfilm / it filmfers dat Elmar Kuiper makke foar de bioferskaat-aksjeploech Kening fan ’e Greide. “Ik grûn” is as in oantinken oan in beskaat momint, in krúspunt, dêr’t jo it ferline en en de takomst fan dat stikje boaiem fiele kinne.

De oarspronklike filmferspioniers, fan ein jierren santich ôf, brûkten it medium ek foar manifesten. Keunstaktivisme krige yn Fryslân nea foet oan ’e wâl. Kuiper syn agit-prop is in unikum. It ûnderstipet in stúdzjemiddei fan ’e Kening, oer it ophelpen fan it bioferskaat yn Fryslân. Sa pregnant as de hertegjalp fan de stúdzjemiddei is—stiet foarearst noch op har side, sjoch dernei!—sa ferstille is Kuiper syn byld en lûd. De stiltme skoot stadich fan lyrysk nei ûnkomfortabel.

De 11 miljard dy’t de oerheid sûnt 1990 útjoech om de Nederlânske greiden en natuer op te meitsjen hat net of amper holpen: dêr’t ‘natuer’ makke waard wie it lânskip sa fersnipele dat soarten net oerlibben. 70 persint fan de planten en 40 persint fan de fûgels sille ferdwine út ús lân, sei Universiteit Wageningen ferline jier. It Wrâldnatuerfûns sei dat fan ’e Nederlânske floara en fauna yn de lêste 30 jier de helte ôfgie, troch stikstofútstjit. Dy stikstof komt út de lânbou.

It provinsjale budzjet greidefûgelbehâld is € 0,00.

Hieltyd minder minsken kinne Frysk ferstean. Fryske taal­behearsking nimt ôf. De huiljende quick scan 2015, dy’t sjen lit dat mear Friezen as ea it Frysk “hiel goed” lêze en skiuwe, wie in klucht. Op in FNP-listlûkersdebat yn 2015, yn in Ljouwerter hegeskoalle, waard in Nederlânskpratende studint lilk om’t de FNP-deputearre Frysk prate. It FNP-elektoraat komt histoarysk út de gebieten dêr’t Frysk praat wurdt, net út Ljouwert. Dus de partijtaal, it Frysk, wie in obstakel foar nije sympatisanten, besleat FNP-foarsitter Ultsje Hosper begjin 2016. Woe de FNP groeie dan moasten se ôf fan stânpunten dy’t op kiezers as “benepen” oerkomme. “Taal mei om my mear nei de eftergrûn. It Frysk mear op de foargrûn krije wolle fyn ik in achterhoedegevecht. Mar fansels­sprekkend komme wy wol foar it Frysk op.”

Mei it ferlitten fan it taalaktivisme riskearre de FNP it ferfrjemdzjen fan syn natuerlike efterban, de nasjonalisten. Soene se dy net wer werom ha wolle? Yn de gemeenteriedsferkiezingen fan 2018 die de FNP it min. By de Provinsjale Steateferkie­zingen yn 2019 soe it Forum voor Democratie himsels presintearje as elkenien syn grutste konkurrint. De FNP soe itselde sittetal helje, mar minder stimmen. Yn har partijprogram hiene se yn de ‘7 kearnwearden fan de FNP’ noch hastich knipt + plakt. ‘Ynternasjonalisme’ boppe ‘Taal en kultuer’: “Minskerjochten en respekt foar oare kultueren   en libbensoertsjûgingen steane dêrby 10 sintraal.” It fenyn sit him fansels yn it wurd ‘oare’. Hie der stien ‘foar alle kultueren’ dan hiene jo de útspraak faaks it foardiel fan de twivel jûn. No net.

It oarjen fan oaren typearret it populisme. Foar de Steateferkiezingen fan 2019 is de FNP, dat altyd al op asylsikers yn Fryslân tsjin wie, fierder ôfbûgd nei it populisme: “De FNP is een echte gemeenschapspartij.” Patriottysk populistyske bewegingen, sjoch nei Ingelân, pompe har politike krêft út befolkingsskiften dy’t ekonomykse ellinde trochmeitsje, echt of optocht. De FNP kleit dat “leafst 70% fan de ynwenners fan Fryslân (…) gjin betrouwen mear hat yn it kabinet. Boppedat docht dat [kabinet] ûnderstek oan de wurkgelegenheid en de ekonomyske fearkrêft fan Fryslân. Wy wolle dy skaalfergrutting omkeare en de ynfloed fan de gewoane minsken op hoe’t der mei fitale oerheidstsjinsten omgien wurdt fergrutsje.”

It mistrouwen hie wierskynlik te krijen mei gaswinning. Mar fan de ekonomyske eangst dy’t se siedzje profitearje populisten, troch de skuld fan ’e sosjaalekonomyske kleau wei te lieden fan de oerheid of de merkpartijen. By bestjoersflaters foarmje migranten, foarút­gongstinkers, rânestêd en ‘oaren’ nuttige kweadebisten. De lilkens fan it gewoane folk op dy lju te rjochtsjen soe, yn populistyske teory, it lân suverje fan syn krupsjes. Yn syn partijprogram lofsjongt de FNP it kulturele haadstêdfestival yn 2018. De FNP siet yn it provinsje­bestjoer en hie it Mienskipsfûns yn ’e portefeuille. Dat festival koste de provinsje Fryslân in grouwélich fermogen, 104 miljoen euro, en fan de taseine ekonomyske prikel fan 230 oant 320 miljoen liet it noch gjin sint sjen. Oft it festival de talige kultuer, bygelyks taal­oerdracht, fersterke hat, seit de FNP neat oer. Wol tsjinje se in moasje yn om’t it ryk te min kultuerjild oan Fryslân jaan soe.

Skoalle blykt gjin “fitale” oerheidstsjinst: mei it ôfskoatteljen fan ús lân gie de skoalle ticht lykas alle net-needsaaklike brânzjes. Bern dy’t thús Frysk prate ha no ûnderwiis yn it Frysk. De FNP nimt der gjin stânpunt oer yn. Yn syn partijprogram werhellet de FNP op it punt fan formeel Fryske taalûnderwiis yn ’e passive foarm syn eardere noarm: “Yn it foarste plak moat de Fryske taal yn it ûnderwiis ‘spegele’ wurde oan it Nederlânsk. It provinsjale ûntheffingsbelied moat der op rjochte wêze dat de Fryske en Nederlânske taal gelykweardich binne mei deselde kearndoelen.” Mar de FNP seit—dêr haw ik al ris foar warskôge—út noch yn net konkreet wat it deroan dwaan sil. Tink oan premier Rutte dy’t nei’t er fallen is taseit dat syn oerheid tenei transparanter wurkje sil, mar net seit hoe. De goed tsien jier Rutte binne tekene troch syn passy foar, yn FNP-koeterwaalsk: “efter de skerms”.

Sûnder goed formeel ûnderwiis yn de memmetaal sil dy him net hanthavenje neist de dominante mearderheidstaal. Dêroer is de hiele ynternasjonale wittenskip it iens. Logysk: in taal draacht himsels net thús oer as elkenien de hiele wike bûtendoar is, op wurk, skoalle, berneopfang, it ynternet of oare plakken dêr’t in hegestatustaal praat wurdt. It Frysk giet dus dea. De provinsje Fryslân ûntkent dat stoïsynsk, mar syn ruostfrijstielen optimisme oer it Frysk krige in jier lyn de earste dûk. Blokkearfries Jenny Douwes koe, neffens harsels, har ferhaal yn de Ljouwerter rjochtbank net goed nei foaren bringe. Want sels yn Ljouwert prate net mear alle rjochters en belutsenen by de saak Frysk, en de iennichste tolk wie op fakânsje. Provinsje Fryslân tinkt no dat beëdige tolken yn Ingelsk, Frânsk of Dútsk maklik it tolkjen yn it Frysk derby leare kinne en hat 5000 euro útlutsen foar de stúdzje fan seis kandidaten.

De FNP sit yn it provinsjebestjoer, mar jout gjin sjoege. Jo freegje jo ôf oft de taal echt wol yn goeie hannen is by de FNP. Apart is dat twa losse FNP-fraksjeleden, Sybren Posthumus en Sijbe Knol—net de FNP-Steatefraksje as sadanich—in opinystik yn it Friesch Dagblad setten. Dêryn hâlde se út dat se osa skrept ha foar it ûnderwiis Frysk, “mei moasjes”, mar “efter de skerms”, foar de bekostiging derfan. Ek fierder ha se war dien foar it ûnderwiis Frysk sizze se, allyksa “efter de skerms”: “Sietske Poepjes as deputearre en de taalamtners witte der alles fan.” Mar de list amendeminten en -moasjes op de provinsjebegrutting 2021 hat gjin taalmoasjes fan de FNP. De moasje foar sichtberens fan it Frysk op ’e dyk en yn winkels kaam doe’t de begrutting al klear wie; it gie om âld, net útfierd belied dêr’t it jild foar klearlei. De bekostiging fan de stúdzje Frysk foar tolken is in blamaazje: € 833,33 de man.

Mar opmerklik yn it definsive opinystik is it werheljen fan “efter de skerms” en de klam op bestjoerder en amtners: it net-keazen personiel. Wol de FNP, alteast it duo Posthumus en Knol, bestjoere sûnder de steurende kontrôle op it belied troch boargers? “It soe [de kritikus] siere—en kom ris del op it provinsjehûs (…)—om (…) op grûn fan de realiteit te fernimmen hoe’t it lân derhinne leit.” Dy iepen útnoeging fan boargers op it provinsjehûs is de FNPP grif op in fodskuorring fan kommissaris fan ’e Kening kommen te stean. Wa’t hjir it kontakt mei de fan it koronafirus teheistere werklikheid ferlern ha is wol dúdlik. Oan ’e oare kant, it dalik deaslaan fan betreklik ûnskealike kritisy fan it belied is de nije antyliberalistyske trend. Mei Sijbe “Beste Randstad bewoner, blijf van ons carbid af” Knol helle de FNP-Steatefraksje in patriottyske populist út de ried fan Sint Anne/Frjentsjer.

Dêr woe er boargerspionnen ynsette om har—bûtenlânske—buorlju te ferklikken. Hy stokele in doarp op tsjin abslút legale Poalske arbeiders “yn in gesinswyk”. Hy wol it âlde hâlde en werom nei de swide lanlike tiid, “verstedelijkt Nederland (…), zij lopen daar wat achter”, hy is autoritêr, ultranasjonalistysk: “Er zijn mensen die door straten lopen en huizen kopen voor migranten.” Syn nasjona­lisme en anty-urbanisme is flink militant: “Het is wachten op de eerste deksel die op oudjaarsavond over het Leidseplein wordt gejaagd.” Syn polityk wrikt minsken los fan ’e werklikheid. Oer it Statút foar it Keninkryk dêr’t de FNP it Frysk yn ha wol sei Knol: “Het Statuut is niet zo bekend, maar het is de allerhoogste wettelijke regeling van ons Koninkrijk en staat als norm boven de Grondwet.” Unsin, it Statút regelet de ferhâlding tusken Nederlân, Aruba, Kurasao en Sint Maarten. En it wetsútstel fan 2010 wie net om it Frysk, mar om lânstalen an sich yn ’e Grûnwet fêst te lizzen.

De FNP ferbiedt Knol net om Jenny Douwes te retweeten. Gean der mar fan út dat er minachting hat foar kiesdemokrasy en polityk en kultureel liberalisme en stribbet nei it skeppen fan in folks­mienskip—“De FNP is in Fryske demokratyske partij, dy’t har ynset foar de Fryske mienskip”— dêr’t yndividuele belangen der minder ta dogge as it heil fan de naasje. Mar ideologysk ferskaat is moai. It stiet de FNP beslist frij om syn eardere sosjaalprogressive fraksjefoarsitter, Corlienke de Jong, dy’t harke nei de efterban, te ferruiljen foar in oerkonservative, mar krekt-en-gelyk earlik ferkeazen demagooch dy’t it folk syn beliedskar fan boppeôf opleit.

Ferfolch

Narsisme beknypt yn ’e spegel

image fers2

52.000 euro út de keunstpot, nota bene! mienskipsjild ornearre foar keunst, bestege oan it helpen fan de sletten kroegen: de facto oan it narsisme fan guon rimelders—en fansels oan ’e ûn­gelikens yn ’e mienskip. De opposysje stelt gjin fragen.

Wat bedoele se mei ‘keunst’, as se tinke dat wy wol sûnder kinne? ‘Keunst’ is simpelwei in namme foar wat hannelingen dy’t elke maatskippij tekenje boppe it nivo fan de bistetún. As in lân net langer sterk genôch is om himsels—of oare demokrasyen—te beskermjen, sûnder ta te litten dat ús wêzentlik minklik hanneljen ferfalt, dan hat it ’m al oerjûn oan de primitive mach­ten fan ’e tiid. It hat it al oerjûn, sels as har frontlju klearstean om it te bestriden mei de selfie yn de oanslach.

No’t de tastân fertutearzet wint ús beslút oan krêft om troch te biten mei poëzy. It bringt ús de rigels fan Sjoerd Spanninga yn ’t sin, dan al in âld man:

it waard wól saak

en helje alles del

de muorren fan stjonkende stiennen

om wer fan nijs oan te begjinnen –

Och! de sensors soene him hjoeddedei net iens tastean om sok moreel protest op de spegel te skriuwen.

It is tiid om ûnwrikber te stean, resolút te wêzen, net yn te binen, foar ús stypjen fan keunst en literatuer. Wylst it narsisme syn ferrin krijt sille wy ferlet ha fan poëzy en neat oars om de saaie en inoar opfolgjende rampen te oerlibjen. Utsein foar wêr’t de poëzy foar stiet soe der gjin needsaak wêze om it te oerlibjen.

Wat jo witte moatte is: wat bart der no mei taal? Want de FNP sit yn ’e koalysje. Knol hat taal, kultuer & ûnderwiis yn ’e portefeuille. Fan him hinget it Fryske taalbelied ôf. Hy is meiferantwurdlik foar de treurige kultuerbeliedsnoata Nij Poadium 2021-2024—“In de Friese letteren zien we de afgelopen jaren onvoldoende vernieuwing. Wat willen wij bereiken? (…) Het Fries en de streektalen zijn zichtbaar via verhalen: kunst en letteren.” Mar Knol praat oer karbid, wolvestek en lelyline: hy praat nea yn ’t iepen fjild oer taal. Noch gjin tweet.

Al wat de parse oan Knol syn taalfisy ûntbleate hat is dit. Hoewol’t de FNP in pear jier lyn tsjin de Volkskrant sei, want dan wie mar dúdlik wat de nije partijline wie, dat de Fryske taalstriid besljochte is, foar Knol bliuwt taal striid. Dêr heart flouwen oer in lang deade taalstrider by: “Wy meie wol stelle dat in protte taalrjochten, lykas it brûken fan ús eigen taal yn de rjochtseal, fuortkommen binne út de taalstriid fan begjin fyftiger jierren dêr’t Kneppelfreed it absolute hichtepunt fan wie.” Nederlânske rjochters jouwe al ieuwen elkenien it rjocht om de taal te praten dy’t him it meast eigen is. Want as ien syn saak net sekeur útlizze kin, is rjochtspraak ûnmooglik. De rjochter wurket, kin elke jurist jo fertelle, fan âlds mei tolken. De echte kwestje mei it tolkjen is dat Justysje tinkt dat de diplomearre rjochtbanktolk foar asylsikerssaken te djoer is en kommersjele oersetbedriuwen brûke wol, ta skea fan ’e kwaliteit. Mar dêr giet it om ferbining troch taal, net oer striid.

Ultrarjochts hat lang in taalpolityk kend, dus in polityk fan oersetten. It memmetaalpatriottisme stelde immen syn naasje lyk oan syn taal, feardige ientalich belied út en fierde puristyske fjildtochten om lienwurden út te rûgjen. Mar hjoed sjogge populisten fan allerhanne slach dat it memmetaalpatriottisme net triomfearje sil, om’t syn benyptens it folle minder mobyl makket as de úttinende ynternasjonalistyske wite macht-ideology. Trouwens ek Hitler en Mussolini karden meartalichheid goed, want dat liet lobbyen foar it folk syn minderheidsrjochten yn oare lannen ta en it beheljen fan mear minsken yn ’e striid. Oersetten wie it middel om yn nije kultueren, merken en hollen troch te kringen, lykas no op it ynternet. Dêrom is in trijetalige foarman as Knol just hiel handich. Bliken docht dat, ek as de naasje dúdlik it objekt fan identifikaasje is, etnysk-populisten strange taalnoarmen dochs ôfwize kinne. It hinget der mar krekt fan ôf wa’t se mei taal winne wolle.

En dat is nijsgjirrich: it FNP-partijprogram, nifele út eardere stikken, is yn strjit-Frysk. Mar it opinystik fan de FNP-taal­portefeuillehâlder en syn kollega wjerspegelet de ideology fan ientaligens en standerdisearring dy’t lykop giet mei it âlde Europeeske nasjonalisme en it hjoeddeiske populisme. De plannearre en keunstmjittige standerdisaasje begûn mei de skepping fan syn eigen Akademy yn 1938, de mylpeal fan in grut Frysk wurdboek yn 2011 en fan in ko-offisjele taal op Frysk grûngebiet sûnt 2013. It soarge grif foar de taalûnwissens fan in protte twataligen, eat dat altyd opkomt yn bot ientalige ideologyen, nativespeakerism en essinsjalistyske taalopfettingen. Dêr hearre gauris de problematyske puristyske en standerttaalideologyen by, dy’t jo weromsjogge yn it opinystik fan Posthumus en Knol, “ûnderhannelings”, “efter de skerms”, “tellings”, “Steatewurk”: it is as ha se de foarkarswurdlist fan de Fryske Akademy ynslokt. De FNP winkt syn memmetaalpatriotten werom!

Lykwols, se dogge dat net mei—publyk—Fryske taalbelied. Want sis no sels, it beliedsútstel om de Fryske taal te fersterkjen troch ris berneboeken nei it Frysk oer te setten, is planút mislieding, de provinsje ûnderstipet sok oersetten al in skoft mei súkses, en de hast Steatebrede moasje foar it EU minderheidstaleboargerinisjatyf wie loft want in grutte mearderheid soe al foar it inisjatyf stimme: op taalpolityk hat de FNP it fet ferlern. Dus besykje se no sosjaal te stjoeren, mei rolmodellen. De Fryske Akademisy bestudearje deade midsieutongfallen. It praat giet dat de foarkarswurdlist stalkrige troch it Fryske wurdboek flink op ôfstân fan ’e Nederlânske te setten. Mar krekt oarsom fine jo in massale ynfier fan Nederlânske wurden mei Nederlânske skriuwwize, lykas adagio, dat elkenien, garaazje folgjend, skriuwt as adaazjo. Dat skept de Fryske ‘pannenkoek’: in publike taal makke om yn en út te sluten. Dy’t de pankoek-n net skriuwt sakket troch de koer. Hoe boeketalich oft ien praat identifisearret him as wy of sy.

“Steatewurk” is nijpraat. Politike bemuoienis mei minsketaal yn ’e priveesfear, seit George Orwell, makket de taal lilk en ûnkrekt: se kieze wurden mei sa min mooglik betsjutting om it publyk debat te beheinen. Dat wurdt iensum efter de skerms, FNP: ik soe mar hurd omkeare.