Gedichten om mar better dalik te lêzen
Brief oan Jennifer Allora
Miskien wiene wy der beide, Jennifer, mei de holle
net by, miskien wie ik by Simen Styl
of by Tsjerk Hiddes fan Seisbierrum,
of wie ik yn ’e trekker fan Troje
ivich op ’en paad nei de Frede fan Brussel,
doe’t ik yn ’e iene of oare enklave
hearde fan de oansteande ferskining
fan dyn potfisk yn ’e Willemshaven.
Mar wêr wiesto, Jennifer Allora, BA,
Master of Science! Op ’e Dokumenta?
It krong earst net ta my troch. Do!
Fergruttest politike spanningen
yn ’e publike sfear. Wiist ús
op hierskuorren yn sosjale systemen
fan nasjonalisme, miljeu-aktivisme,
op oarlochs- en fersetsproblemen.
Dat klonk net gek.
Mar hâldsto it mei Walt Disney,
dan kinst net achte wurde om each te hawwen
foar de symboalyske diminsje
(sjoen alle assosjaasjes dy’t op
skiednis, kultuer en polityk ta drave),
fan Bolta’s Stiennen Ulebuorden
op ’e boaiem fan ’e Nije Yndustryhaven.
Kenst ús toanielstikken ûnder wetter?
Yn ’e opkeamer: boer Bolta wisket
him it swit fan ’e begreppele foarholle.
Hy woe it skriuwe – ferrek, hy hat it opret:
syn selsdichte ‘Spotfers op potfisk’.
Jennifer! De duvel hat mei Achab troaike,
mei it harpoeneardershânboek fan Hoekstra;
boer Bolta bliuwt yn ’t koaike.
De mobile marketing is oeral itselde
en Keunst ferdwynt út ’e publike romte.
Alve stêden krije alve fonteinen werom;
trekpleisters op ’e swolm fan Troje.
Alve stêden woene klassike gloarje,
mondiale skyn, Bambi, Candy, toverring,
wylst de ûleboerdfiskjes inkeld swimme
yn ’e regionale ferbylding.
Unbidich objekt
In rige foar in dei komt fan ’e kant fan ’e stêd,
se trêdzje nei de yntimidearjende dame
fan molkegers en modder, dea op it dyksbêd.
Unbidich objekt fan wield’rige reklame,
neongriene dream fan ’t kûze heitelân;
kitsj yn bochten op ’e gouden bân.
De dyk, dy’t polder mei kwelder ferbynt
ta in fantasij foar Si- en oare nezen
(de ynteressearre slinger, dy’t efterdyks ferdwynt
om aanst wer oer it waad te sjezen),
sjocht yuan, euro en Dark Sky Park hân yn hân –
Sense of Place, wêr is ús strân?
Wykeinskarrels saaiden del op ’e dyk.
De jonges mei in krat, de losse fammen
op neillakke fuotten tripkjend yn it râneryk.
In jûn as in krânse oan ’e muorre kramme,
mar de fûgels boppe ’t simmerkoarn
fleagen op mei ’t lûdzjen fan ’e hoarn:
teken foar it wiks’ljen fan ’e wacht.
Sûnt hoechst om in seehûn mar te sms’en;
in oerstreaming kostet breedbyldpracht,
yn ’e hoeke seebaby’s schnappsflessen.
En foar wat wrakhout skillest gewoan
mei de Wrakhout-Tillefoan.
Wol men no yn ’e nacht de stjerren sjen,
men lit it flikkerjen troch in sichtgat drippe
fan in krappe kabine, dêr’t in tagongspriis op kin.
Mar it observatoarium, dêr’t ík it Al bedjippe,
de dykskrún, kin sûnder kloan.
It lit de grutte romte ûnbedoarn.
Folle heger as de dyk is de ekonomy;
de wyldste plannen kinne net mislearje.
Tourism must have scale, sizze dy-en-dy
en in wid’re krite mient derfan te profitearjen.
Hoewol, seit it sjoernaal fan ’e Polygoan,
Koehoal is al hot sûnt it Karboan.
Wat sân dus, mear hie net hoegd. In winterstil plak
om blaaskes fan wier te knappen.
Niis woe in ferheljende núnder syn gerak –
ik ha skulpen fûn, en farske fuotstappen.
Noartsker en batsk komme no de seeën oan.
De tiid, in rûzjen út ’e toan,
bout in dûbel byld fan reuzeminsk:
platen foar de kop, dy’t foar gjin floed ferblikke.
Sok digitaal folk hat in hegedikewinsk
en monuminten wol it derop, net te rikken.
It Grutte belibje, boppe mjitte en ferbân,
dat mega kostet de dyk syn kroan
fan âlde foarst. Hâld fêst. Goeie sûch. Fierste grins.
Op basaltblokken sille bernestimmen
wol neame wat him net fange lit. Of by it yntins
en mei permisje yn ’e pinne klimmen.
Folkloare bringe de kranten moarn;
De seedyk! De seedyk is stoarn!
Mear fan Abe de Vries
Atsee Nee, de boarnen binne net ienriedich oer / Hoe’t it teneate gong en wa’t net woe |
Foar Rink, no’t er in stien krije sil Trêdzje skulpebrekkend fierder nei it easten/ oer de âld spoardyk, de ûngediene achterkant |
Omkearing fan fabels Dit binn’ de dagen net fan ’e doarpen yn ’e omkriten./ Fierder as it stoart wankt, op ’e hast bouripe blabze, |
Minder minsken foar mear literatuer Demokratisearring en Fryske literatuer, 1960-1975 |
Wachtsje op de lêste debutant? Untjouwingen yn it útjaan fan Frysktalige poëzij, 2005-2016 |
Wolkom yn Fryslan! Noch leit de oprôle fûst fan ’e buorren/ driigjend tsjin harren sûnder hûs en hiem. |
De gek mei Prokrustes: Literatuer en identiteit yn de 19e ieu Vooraanstaande Friesche schrijvers zijn haast alle uit het midden van het (boeren = plattelands-)volk voortgekomen… |
Unsichtberheid troch utsluting Dat Joke Corporaal har dissertaasje út 2009 oer Anne Wadman yn it Nederlânsk publisearre, liket in opmerklik feit … |
Fan Europeeske oriïntaasje nei streekkultuer? Het rode tasje van Salverda fan Goffe Jensma is it sa njonkelytsen hast klassyk te neamen essay oer de konstruksje fan Fryske identiteiten… |