image

Hybride

In blomke plukke

Aforismen en oare oantekens I

Josse de Haan - Fers2 nû. 6.3, 10 maaie 2020

In blomke plukke yn in parkje en dat dêrnei oan de earste de bêste frou jaan – de ferbazing op it gesicht.

In stoel op in terras sykje mei in sinnebril op ’e holle. De lju bliuwe nijsgjirrich wa’t achter dy sinnebril ferskûle sit. Sûnder sinnebril sitten gean ynteressearret nimmen.

Fan Hanny Michaelis is it twadde grutte sammelboek ferskynd fan har deiboeken. Dit spilet fan ’42 oant ’45, de tiid dat se ûnderdûke moast. Se is 20 yn ’42. Ik sjoch der nei út – it earste fûn ik manjefyk.

Har naïveteit, har earlikens, har boartsjende styl, mar benammen har froulike wize fan skriuwen en belangstelling foelen my op yn it earste diel, sûnder swiet en mjitsk te wurden.

Ik moast tinke oan 1969 doe’t Operaesje Fers in poëzyjûn organisearre yn meubelsaak De Jong op de Nijstêd yn Ljouwert. Sij en Fleur Bourgonje liezen foar. Ik haw in heel skoft mei har praten oer de poëzy, oer har libben, oer it ûnderdûken.

In âlde resinsje oer in boek fan my yn it ûnthâld krije (Omskotten fan leafde, 1981) oer in learares en har leafde dy’t se yn de klasse hat – wer fiele hoe smoarch en réaksjonêr dat besprek wie.

Heel wat jonge Frânske memmen sjoen achter de bernewein, net âlder as 17, miskyn 18. Soms rint in man achter de wein, ûnwennigens útstrielend, of…sjoch my ris.

Jins eigen boek fan in 36 jier lyn wer lêze – de sfear is daalk werkenber, de tinzen fan de frou Sarah ek. In resinsint skreau oer Sarah en har luvver – ‘se moetsje elkoar yn de geslachtsorganen’ as er it hat oer it frijen (de resinsint wie 28 op dat stuit).

De beide froulju dy’t hjir ôf en ta skjinmeitsje sjogge der prachtich út – se klaaie har as soene se nei in feest. Foar my binne se in feest.

Ik fûn op myn 14-de Anne Frank geweldich doe’t ik har deiboek lêzen hie. De haadpersoan yn Sil de strandjutter, Lobke, wie de twadde dy’t my oanspruts. Audrey Hepburn hat my dêrnei fassinearre – in skriuwster, in haadpersoan yn in boek en in filmstjer. Se ha allegearre te krijen mei skriuwen en de skriuwer dy’t ik wurden bin.

It twadde deiboek fan Hanny Michaelis jout presys oan hoe’t in frommeske fan 19 op ’e doele rekket as se in oprop krijt om nei Poalen te gean – se dûkt ûnder yn in miljeu dat se net ken.

In foto op ynternet – in jonge fan in jier of sechtjin, blond en mei bleate bast, wurdt omskreaun as folslein arysk en germaansk. Ik sjoch mysels doe’t ik 16 wie, mar ik haw nea it gefoel hân sa typysk germaansk te wêzen.

Ik sjoch nei dyn boarsten, leave, want dyn mûle stiet sa ûntefreden en grimmitich.

De kjeld fan de iensumheid makket in mins hongerich nei kontakt mei konkrete en abstrakte minsken en ideeën – it liket op it koartsige nôt dat op de slachfjilden groeit.

In hân hinget oan de bûtenkant fan in auto – jo freegje jo ôf wa’t der oan fêstsit.

Jonkje mei fantasy – ‘ast ien in trachter op ’e mûle setst en wurden yn de keel jitst, kin er faaks aansens ek gedichten en ferhalen skriuwe.’

Ik kam mei myn fingers dyn lange hier yn dwerse streken, lit de krollen oer dyn skouders falle, sko mei twa fingers dyn eagen ticht – dan tútsje ik de nippels fan dyn boarsten. Do rydboskest…

It byld fan in âlde leafde kin tiden yn dyn holle omspane – de profyltekening, it stal, de bewegings, it ritme fan de heupen, de trilling fan in boarst.

Yn de keamer dêr’t ik libje sammelje ik alle lânskippen dêr’t ik west haw, projektearje se om my hinne – boppe my haw ik de loft skilderje litten mei alle kleuren fan de reinbôge.

De grabbeltonne jout syn geheimen oan de stadige grabbelaar.

Blêdzjend troch it boek fan Yoko Ono springe har gedichten omheech, en tagelyk sjoch ik har en John Lennon yn Amsterdam yn it Hilton doe’t se foar Peace demonstrearren.

Fannacht kuiere ik mei Françoise Sagan troch Amsterdam – se kaam juster yn de rin fan de middei. We praten Ingelsk, Frânsk en in mingfoarm. Se rikte oan myn skouder ta. Har eagen wiene noch moaier as wat ik my heugde fan Deauville.

Doe’t Françoise sjoen hie wêr’t Albert Camus in jier lang skreaun hie (La Chute/de Val), mei oan syn side Sem Dresden fan wa’t ik les hân hie, waard se heel bliid. Se dûnse oer de strjitte, sadat de lju ferheard nei har seagen. It wie 1985.

*Foar ús pake haw ik as jonge fan tsien en alve boeken helle út Frjentsjer – de Iepenbiere bibleteek, en doe’t er dy allegearre lêzen hie, gong ik nei de priveebibleteken fan Wagner en Van der Veen.

      As jonge krige ik op myn jierdeis in boek, fan de âldelju en fan de suster fan ús mem. Sij joech de bern fan har suster in boek. Sa wiene se opgroeid.

      Myn pakesizzers lêze net sa’t ek har mem noch nea in boek lêzen hat. Jo hâlde it net foar mooglik. Myn berneboek fan 1973 (It geheim fan de 7 Moskeflappers) hoegde ik dan ek net oer te setten yn it Nederlânsk.

Hendaye/France, 2017/’18 – oantekens.

Mear fan Josse de Haan

Werom yn ’e tiid Aforismen en oare oantekens III
Telefoannumer achterstefoaren Aforismen en oare oantekens II
Tút fan Judas Politike Haiku I
Wearde en belang fan literer Frysk proaza Ik bin opgroeid mei de kleurige en fleurige skilderijen fan de Cobra-generaasje …
Poëzij-Kollaazjes, Nû. 2 golven teare rôljend dûbel/ jeie elkoar ta grutte hichten/ de see twingend ta in sinister liet
Poëzij-Kollaazjes do dûnser stiest as beferzen metalen byld/ yn Urepel - djip tusken de Baskyske bergen
Pratende Postsegels yn in Poesyalbum It wie yn ’55 of ’56, hy wie fjirtjin of krekt fyftjin en A. hie him frege om in ferske yn har poesyalbum te skriuwen.
Coca Cola foar de dokes #1
Coca Cola foar de dokes #2 Alles wie hjir gers, alles wie kij en molke, dat easke hege pipen en fabriken. Molke, tsiis en bûter wiene hjir de saken dêr’t it om draaide.