image

Hybride

Werom yn ’e tiid

Aforismen en oare oantekens III

Josse de Haan - Fers2 nû. 6.4, 21 juny 2020

Werom gean yn ’e tiid betsjut de bylden oproppe dy’t kwaliteit hiene, petearen op ’e nij konstruearje dy’t nijsgjirrich wiene, en foaral minsken foarbykomme litte dêr’tst wat mei hiest – de djipste emoasjes fan doe jouwe de skerpste bylden, de fûlste lûden. Dy kin in skriuwer brûke.

Ik heuch my it labyrint dêr’t no yn ’e buert in museum stiet – de spanning as bern oftsto der ea wer út komme koest, de eangst ek datst foar altiten yn de smelle paden omdoarmje moast, ferfoarme troch de laitsspegels.

Dat seach ik doe’t ik yn dat museum omrûn – it dage út en tagelyk krigest de ridels oer de rêch. Fan argewaasje, fan net begripen – hoe koe men sokke sjit tentoanstelle dêr’t ôf te lêzen wie dat de keunstner der in slach nei slein hie. Keunst soe jin net werombringe moatte nei it labyrint fan jins jeugd.

It ferskil tusken twa presidinten: de iene grabbelet, de oare boartet.

De biografy oer Tony Feitsma moat €171.200 kostje, en sil skreaun wurde troch in oersetter fan Tolkien – The Lord of the Rings.

Feitsma – û.o. taalkundige, literatuerkenner, beweger Frysk, KU-bestjoerder wie it tsjinoerstelde fan in Tolkien.

Tony Feitsma wie as Menniste bewust lid fan D’66, mei Geart van der Zwaag en syn frou Koby pylders fan de Koperative Utjowerij.

Op in stuit stiene se mei in grut D’66-boerd op in auto foar de skoalle fan Hjerbeam. Foar it finster fan it skoalhûs hie ik de neaken pooster fan in ko mei frou fan de PSP ophongen. By de KU koe alles.

Op de VU dêr’t ik Nederlânsk studearre op sneon kaam ik Tony gauris tsjin – se joech dêre Frysk. Elke kear sei se: ‘Josse, we ha studinten Frysk nedich, Nederlânsk rêdt himsels wol’.

Doe’t de strjitten folslein ferlitten wiene yn Hendaye – en ik dêre rûn mei in Attestation de Macron – fielde it oft ik yn in dekôr fan in film rûn. Bûlevaar, strân, see en huzen helendal ferlitten, sels gjin fûgels en boatsjes. Ik wachte oant der wat barre soe, mar ik hearde allinne myn eigen gedachten.

Doe’t yn 1972 in Fryske kommisje wegere stipe te jaan foar myn roman Forneukte stêd (‘in ferskriklik boek, allinne de titel al’) gong Tony Feitsma nei Den Haach en wist subsydzje te krijen foar de KU.

Maijos Baita, Hendaye-sur-Mer, 11 juny ’20

Mear fan Josse de Haan

Telefoannumer achterstefoaren Aforismen en oare oantekens II
In blomke plukke Aforismen en oare oantekens I
Tút fan Judas Politike Haiku I
Wearde en belang fan literer Frysk proaza Ik bin opgroeid mei de kleurige en fleurige skilderijen fan de Cobra-generaasje …
Poëzij-Kollaazjes, Nû. 2 golven teare rôljend dûbel/ jeie elkoar ta grutte hichten/ de see twingend ta in sinister liet
Poëzij-Kollaazjes do dûnser stiest as beferzen metalen byld/ yn Urepel - djip tusken de Baskyske bergen
Pratende Postsegels yn in Poesyalbum It wie yn ’55 of ’56, hy wie fjirtjin of krekt fyftjin en A. hie him frege om in ferske yn har poesyalbum te skriuwen.
Coca Cola foar de dokes #1
Coca Cola foar de dokes #2 Alles wie hjir gers, alles wie kij en molke, dat easke hege pipen en fabriken. Molke, tsiis en bûter wiene hjir de saken dêr’t it om draaide.